Abe Brouwer
Abe Brouwer (Burgumerheide, 18 septimber 1901 - Frjentsjer, 18 maart 1985) wie in Frysk folksskriuwer.
Hy kaam as strjitmakker rûnom yn Fryslân, en krige dêrtroch aardichheid oan de Fryske taal. Hy wurke ek yn in gesticht foar swaksinnigen yn Eindhoven. Letter stjoerde er syn earste gedicht nei De Hepkema. It gie him mear om it ferhaal fan de minsken as om de krekte literêre beskriuwings. As toanielskriuwer skreaun er faak oer it boerelibben. Mei J.P.Wiersma wie er aktyf yn it Nij Frysk Toaniel. It skerp tsjinoer inoar stellen fan karakters, lykas yn De gouden swipe makken syn stikken tige populêr. Doe't er in skoft yn Diever wenne wie Brouwer tige warber mei de iepenloftspullen. Letter ferhuze er nei Snits.
Abe Brouwer | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Abe Brouwer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 septimber 1901 | |
berteplak | Burgumerheide | |
stoarn | 18 maart 1985 | |
stjerplak | Frjentsjer | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | gedichten, romans, toanielstikken | |
bekendste wurk(en) |
De Gouden Swipe | |
jierren aktyf | 1941-1985 |
Bibliografy
bewurkje seksjepoëzij:
- Klinkerts (1941)
proaza
- De Gouden Swipe (1941). Earst as ferfolchferhaal yn it wykblêd 'Sljucht en Rjucht'. Letter is De Gouden Swipe as film útkomd.
- Marijke (1943), spilet him ôf op de earme Burgumer Heide.
- Tusken dea en libben (1946)
- De Nijboer fan Lycklemastate (1947) yn 1943 as toanielstik
- Syn greate kammeraat (1949)
- Trou (1949)
- De sânduvel (1970) Ned.: 'De zandduivel' ( 1974 )
- Springtij I-III (1970) oer de fiskers by Wierum
- Gelok mei de keap, segen mei it jild (1971)
- Fan Juster nei hjoed (1974)
- Fjouwer fan 'e Jouwer (1977)
- It wûnder fan Terherne (1977)
berneboeken
- Siderius de Granaat (1941) bekroand troch Trou yn 1949.
toanielstikken
in lytse kar:
- Bern fan it folk ( 1947 ) nei Antoon Coolen.
- De kening skaak ( 1956 )
- Mem scil trouwe ( 1950 )
- Mefrou de kaptein ( 1947 )
- Fjûr yn 'e myn
- Jehanne
- Slomjende krêften
- De stringen stiif
ferskaat
- Fan juster nei hjoed, mei in soad autobiografyske feiten