Afrikaanske oaljefant
De Afrikaanske oaljefant (Loxodonta africana) wie in soarte yn it skaai fan de Afrikaanske oaljefanten.
Yn 2001 die bliken dat de boskoaljefant, dy't oant doe beskôge waard as de ûndersoarte Loxodonta africana cyclotis, genetysk net neier besibbe wie oan oare oaljefanten yn Afrika as in tiger besibbe is oan in liuw. De soarte Afrikaanske oaljefant waard doe opdield yn de twa soarten de savanne-oaljefant (Loxodonta africana) en boskoaljefant (Loxodonta cyclotis).