Amy Ried (Frankfurt, 15 april 1985), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoregisseur, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Devin Valencia en wa har namme oft ek wol stavere wurdt as "Amy Reid" of "Amy Reed". Hja stammet ôf fan 'e Yndianen, de Cajuns (de Frânsktalige kolonisten fan 'e Mississippy (rivier)Mississippydelta) en fan Dútske ymmigranten.

Amy Ried
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Amy Reid, Amy Reed,
Devin Valencia
echte namme Amy Ried
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 maart 1985
berteplak Frankfurt (Dútslân)
etnisiteit Cajun
Dútsk
Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
www.amyriedxx.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Ried waard berne yn it Dútske Frankfurt, dêr't har heit doedestiden as Amerikaansk soldaat stasjonearre wie. Doe't se ien jier âld wie, waard har heit oerpleatst nei súdlik Kalifornje en ferfear it gesin dêrhinne. Dat wie wêr't Ried opgroeide en wêr't se letter twa jier lang meganyske boukunde studearre oan 'e Kalifornyske Polytechnyske Steatsuniversiteit Pomona (California State Polytechnic University, Pomona).

Amy Ried makke yn 2005, doe't se tweintich jier wie, har debút yn 'e pornografyske film Young Ripe Mellons 7. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 220 pornofilms spile, wylst se der ek twa sels regisearre hat. Yn oktober 2007 tekene se in kontrakt mei Third Degree Films; yn oktober 2009 stapte se oer nei New Sensations. Se hat net minder as trije AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn, twa yn 2007 en ien yn 2010. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m, mei in gewicht fan 54 kg.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 FAME Award wûn favorite froulike nijynkommeling n.f.t.
AVN Award wûn bêste anale sekssêne Breakin' 'Em In #9
wûn bêste striptiis My Plaything: Amy Ried
2008 Adam Film World Guide Award wûn kontraktstjer fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award wûn bêste sekssêne mei in pearke 30 Rock: A XXX Parody

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.