Bas Paauwe
Bastiaan Jacob (Bas) Paauwe (Rotterdam, 4 oktober 1911 - Hoogvliet, 27 febrewaris 1989) wie in Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrainer. Hy spile it meast as middenfjilder.
Bastiaan Jacob Paauwe | ||
Huldiging Bas Paauwe, 11 maaie 1947 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Bastiaan Jacob Paauwe | |
bertedatum | 4 oktober 1911 | |
berteplak | Rotterdam | |
stjerdatum | 27 febrewaris 1989 | |
stjerplak | Hoogvliet | |
klupskiednis | ||
posysje | Middenfjilder | |
jeugdteams | ||
Feyenoord | ||
profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
1929-1947 | Feyenoord | 311 (18) |
nasjonaal team | ||
1932-1946 | Nederlân | 31 (1) |
trainer by | ||
1947–1953 1953–1955 1955–1958 1958–1960 1960–1962 1962–1964 1964–1968 1968–1969 1969–1971 1972–1973 |
Maurits WVC HVC Ede Enschedese Boys HVC Wageningen VVV SC It Hearrenfean HVC |
Karriêre as spiler
bewurkje seksjePaauwe hat tusken 1929 en 1946 fuotballe by Feyenoord. Hy wie ien fan de tolve spilers dy’t op 27 maart 1937 mei in freonskiplike wedstryd tsjin it Belgyske Beerschot it nije stadion De Kuip iepenen. Der wienen 37.825 minsken by de wedstriid, Feyenoord wûn mei 5-2.
De middenfjilder spile 311 kompetysjewedstriden foar Feyenoord, hy sette dêryn 18 doelpunten. Ek kaam hy foar it Nederlânsk alvetal út, yn totaal 31 kear. Syn debút makke hy op 20 maart 1932 tsjin Belgje, it waard 1-4 foar Nederlân.
Earelist as spiler
bewurkje seksje- KNFB Beker
- 1930, 1935
- Lânskampioen
- 1936, 19
Karriêre as trainer
bewurkje seksjeAs trainer hat Paauwe by in grut tal fuotbalklups oan it wurk west. Hy arbeide by Maurits, HVC, Wageningen, WVC, Enschedese Boys, Ede en VVV.
Fan 1969 oant 1971 wie hy de trainer fan SK It Hearrenfean. Hjir waard hy ek wol ‘vadertje Paauwe’ neamd.