République de Burkina Faso
Flagge fan Boerkina Faso Wapen fan Boerkina Faso
Flagge Wapen
Lokaasje fan Boerkina Faso
Offisjele taal Frânsk
Haadstêd Ouagadougou
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
274.000 km²
1,5­%
Ynwenners (2004) 13,2 miljoen
Munt CFA-frank (XOF)
Tiidsône UTC +0
Nasjonale feestdei 5 augustus
Lânkoade BFA
Ynternet .bf
Tillefoan 226

Boerkina Faso is in lân yn it westen fan Afrika. De haadstêd is Ouagadougou.

It lân wurdt begrinzge troch:

Fochtige savannes yn it súdwesten fan it lân gean oer yn drûge savannes yn it binnenlân, dêr't it meastepart fan de befolking wennet. Allinnich de Swarte Folta fiert it hiele jier troch wetter oan. De Sahel beskiedet it gea fan Boerkino Faso. De heechste berch is de Tena Kourou (749 m). Boerkino Fao leit net oan see mar de reade, swarte en wite folta rivieren begjinne yn it lân en streame nei de Atlantyske Oseaan. De trije grutste marren binne de Téngrélasee, de Bammar en de Demmar.

 
Drûge savanne yn de omjouwing fan Ouagadougou

It lân beskikt oer in protte natuerskientme, fral yn it suden, bygelyks de wetterfallen fan Banfora, de piken fan Sindou en de mar fan Tengrela.

De grutste stêden fan Boerkino Faso binne:

De skiednis fan Boerkina Faso wurdt oant en mei de 19e iuw dominearre troch de Mossy dy't sûnt de 11e iuw in wichtige rol spilen yn it noardwesten fan Afrika. As de Frânsken yn 1896 arrivearren wurdt it in Frânske koloanje. Op 5 augustus 1960 wurdt it gebiet selsstannich ûnder de namme Boppe-Folta.

Op 4 augustus 1984, krekt in jier neidat de marksist-leninist Thomas Sankara troch in steatsgrip oan de macht kaam, wurdt de namme fan it lân feroare yn "Boerkina Faso". "Boerkina Faso" betsjut sokswat as it 'lân fan de earlike minsken'.

De 13,2 miljoen ynwenners fan Boerkino Faso heare ta de twa grutste West-Afrika kulturele groepen, te witten de Mossi en de Mande. Beide befolkingsgroepen binne om-ende-by even grut.

Nei skatting (1996) is goed 60% fan de befolking Islamitysk, in 24% oanhinger fan in natoerreligy, 17% Katolyk en 3% Protestant.

De offisjele taal fan Boerkino Faso is it Frânsk, ynlânske talen (dy't troch 90% fan de befolking sprutsen wurde) binne: More, Dioula, Gurma, Senufo