Christoffel Bisschop

Christoffel Bisschop (Ljouwert, 24 april 1828 - Skeveningen, 5 oktober 1904) wie in Nederlânsk keunstskilder.

Christoffel Bisschop
keunstner
Christoffel Bisschop (1902) troch Hendrik Johannes Haverman
Christoffel Bisschop (1902) troch Hendrik Johannes Haverman
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 24 april 1828
berteplak Ljouwert
stoarn 5 oktober 1904
stjerplak Skeveningen
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
wurksum as keunstskilder

Hy wurke yn Ljouwert by H. Schaaf. Hy ferhuze mei 18 jier nei Delft en wurke dêr by skilder W. H. Schmidt. Dêrnei bedarre er yn De Haach by Huib van Hove mei wa't er ek yn Parys wurke. Yn 1869 boaske er syn ingelske kollega en learlinge Catherine Seaton Forman Swift (Kate Bisschop-Swift, Londen, 1834 - 1928). Sy hiene in filla yn De Haach, 'Villa Frisia' en beide hearden ta de Hollansche Teeken-Maatschappij.

Bisschop wie ek in grut samler. Neffens syn winsk is syn samling 17e iuwske Hollânske folkskeunst yn 1908 oant 1915 oerbrocht nei it Frysk Museum. Der waarden in stikmannich stylkeamers fan ynrjochte, dy't oant de nijbou te sjen wiene.

Hy makke meast portretten, sjenrefoarstellings en skildere âld Hylpener ynterieurs.[1]

Under oare it Steedlik Museum yn Amsterdam en it Haachsk Gemeentemuseum hawwe syn wurk.

  • Liefde-Brakel, Tiny de, Schilderen en wonen op Scheveningen in de Belle Époque, Skeveningen, 2008
  • Boeles, P.C.J.A., Gids door de kunstverzameling Bisschop in het Friesch Museum te Leeuwarden, Ljouwert, 1915

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.simonis-buunk.nl/verkocht/details/Christoffel_Bisschop_10263.aspx