In efternamme, achternamme of ek wol famyljenamme is in namme dy't by minsken tafoege wurdt oan 'e foarnamme en (yn guon kultueren) de middelnamme. Hjirtroch ken men lju werom dy't oaninoar besibbe binne, mei't famyljeleden, alteast yn 'e manlike line, deselde efternamme hawwe. Tradisjoneel jout yn 'e Westerske kultuer nammentlik in heit syn efternamme troch oan syn bern, wylst in breid de efternamme fan har brêgeman oernimt en har eigen efternamme, dy't dan har famkesnamme neamd wurdt, net of selden mear brûkt. Tsjintwurdich is dat lykwols net mear fansels: froulju behâlde no faak, ek yn in houlik, harren eigen efternamme, en bern kinne no ek de efternamme fan 'e mem krije.

It bestean fan efternammen is in relatyf resinte histoaryske ûntwikkeling. Foar de Frânske Tiid hie mar in lytse minderheid fan 'e ynwenners fan Fryslân en Nederlân in efternamme, en dêrby gie it meast om 'e hegerein, dy't in eigen bynamme of de bynamme fan in stamheit of oare foarfaar as efternamme oannommen hie. In foarbyld fan dy praktyk wie Michiel de Ruyter. De measte minsken hiene inkeld in foarnamme, en waarden fan oare persoanen ûnderskaat troch de tafoeging fan in patronym, de namme fan harren heit foarsjoen fan it genityfútgong op -s (lykas Minne Simens, "Minne, soan Simen"), yn it Nederlânsk faak folge troch it tafoechsel -zoon, dat dan wer gauris ôfkoarte waard ta -z. (lykas Willem Beukelszoon of Willem Barentsz.).

Ek lju dy't al wol in efternamme hiene, makken doedestiden noch gebrûk fan sa'n patronym (Michiel Adriaensz. de Ruyter). Yn Fryslân wurde sokke patronimen noch wol, sij it yn hieltyd mindere mjitte, brûkt (Piter Jelles Troelstra, Piter Sjoerds Gerbrandy, Sjirk Frânses van der Burg). Yn Nederlân waard yn 1811 troch de Frânske autoriteiten oplein dat alle minsken in efternamme kieze moasten. In protte lju namen dat earst net serieus, en keazen foar 'humoristyske' nammen, lykas Poepjes, Naaktgeboren en Nooitgedagt, dêr't harren neiteam faak oant yn dizze tiid lêst fan hat. Oare bekende efternammen yn Nederlân en Fryslân binne fan oarsprong patronimen (Jansen, Willems, Pietersma), beroppen (De Boer, Meulenaar, Visser), eigenskippen (De Jong, Zwart) of geografyske oantsjuttings (De Vries, Van Dijk, Van Vleuten, Terpstra).

Famkesnammen

bewurkje seksje

Hoewol't dat tsjintwurdich net mear fansels is, wie it fan âlds yn Nederlân wizânsje dat troude froulju de efternamme fan 'e man oernamen. Harren oarspronklike efternamme, dy't dan oantsjut waard as harren famkesnamme, koe neitiid oan 'e trounamme fêstkeppele wurde mei in keppelstreekje dertusken, lykas by Jant Visser-Bakker of Anny Bosma-Banning. Dêrby is 'Visser', resp. 'Bosma' de trounamme oftewol de efternamme fan 'e man, wylst 'Bakker', resp. 'Banning' de famkesnamme is. Yn 'e Angelsaksyske lannen giet soks krektoarsom en komt de famkesnamme foàr de trounamme te stean, lykas by Meredith Baxter Birney of Lois McMaster Bujold.

Tuskenfoechsels

bewurkje seksje

In protte Nederlânske en Fryske nammen omfiemje saneamde tuskenfoechsels, lykas 'de', 'van' en 'van der' (De Jong, Van Dijk, Van der Schaaf). Dit ferskynsel komt ek yn oare talen foar, lykas it Frânsk (Louis de Funès) en it Dútsk (Richard von Weizsäcker). Sokke tuskenfoechsels wurde yn 'e regel net ta de eigentlike efternamme rekkene, en alfabetisearring fynt dan ek plak op 'e earste letter fan 'e wiere efternamme (J foar De Jong, D foar Van Dijk, S foar Van der Schaaf). Yn Flaanderen wurde tuskenfoechsels faak oan 'e efternamme fêstplakt ('Vandenberg'), en itselde wurdt yn 'e Feriene Steaten dien.

It gebrûk fan haadletters wurdt by efternammen mei tuskenfoechsels faak fout dien. It is 'Jan de Boer' of 'Jan van der Schaaf', mar as de foarnamme fuortfalt, kriget de earste letter fan it tuskenfoechsel in haadletter, en is it 'de hear De Boer' of 'de hear Van der Schaaf', of koartwei 'De Boer' of 'Van der Schaaf'. By troude froulju dy't sawol har trounamme as har famkesnamme brûke, begjint nei it keppelstreekje in nije namme, dus as de famkesnamme tuskenfoechsels omfiemet, begjinne dy ek mei in haadletter. It is dus net 'Jantsje Mulder-van der Schaaf' sa't men faak sjocht, mar 'Jantsje Mulder-Van der Schaaf'.

De term 'efternamme' jout it gebrûk fan dit soarte nammen yn 'e Westerske wrâld wer; yn 'e sinosfear (Sina, Koreä, Japan, Taiwan, Fjetnam en Kambodja), mar ek mank de Sineeske diaspoara en de Samen, op Madagaskar en yn Hongarije, is de 'efternamme' nammentlik it earste diel fan 'e namme, dat foar de 'foarnamme' pleatst wurdt (de ferneamde Hongaarske dichter en revolúsjonêr Sándor Petőfi, om in foarbyld te jaan, hiet dus eins Petőfi Sándor). As lju út Japan, Taiwan en Hongkong harren nammen yn it Latynske alfabet skriuwe, is it wenst dat se dêrby daliks ek de folchoarder omdraaie fan 'efternamme-foarnamme' nei 'foarnamme-efternamme', om misferstannen foar te kommen. Itselde dogge Hongaren as se om utens ferkeare of as se yn in oare taal as it Hongaarsk oer harsels of folksgenoaten skriuwe.

Ofwikende gebrûken

bewurkje seksje

Mear as ien efternamme

bewurkje seksje

Yn guon kultueren (lykas de Spaanske) en maatskiplike klassen (lykas de adel) is of wie it wizânsje om twa efternammen te hawwen. Yn 'e Spaanske nammefoarm nimt men de oarspronklike famkesnamme fan 'e mem as twadde efternamme oan. De namme fan 'e politikus José Luis Rodríguez Zapatero, bygelyks, falt útinoar yn 'e foarnammen 'Juan' en 'Luis', de efternamme 'Rodríguez' (dy't er fan syn heit oernommen hat) en de twadde efternamme 'Zapatero', dat de famkesnamme fan syn mem wie. Dit gebrûk jildt net inkeld foar Spanje, mar ek foar Spaansktalich Súd- en Midden-Amearika. Histoarysk waarden dêrby de beide efternammen skaat troch it wurd y ("en", dus 'Juan Luis Rodríguez y Zapatero'), mar dat sjocht men almar minder. De bern fan Rodríguez Zapatero sille de namme Rodríguez fan harren heit ervje, mar dêr de famkesnamme fan har eigen mem oan tafoegje.

By de Fryske adel kaam foarhinne eat soartgelikens foar, wêrby't men oan 'e namme fan in bern de efternamme fan in besibbe aadlik laach as in soarte fan middelnamme tafoege, lykas yn it gefal fan jhr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga, wêrby't 'Van Eysinga' de wiere efternamme is. Ek komt it foar dat twa efternammen mei-inoar ferraand binne. Men sprekt dan fan in gearstalde efternamme. Dêrby kinne de beide efternammen mei-inoar ferbûn wurde troch in keppelstreekje, lykas by de Skotske útfiner John Shepherd-Barron of de Switserske politika Eveline Widmer-Schlumpf, of los faninoar stean bliuwe, lykas by de Nederlânske akteur Coen van Vrijberghe de Coningh, de Britske premier David Lloyd George of de Ingelske aktrise Helena Bonham Carter. Sawol 'Shepherd-Barron' as 'Van Vrijberghe de Coningh' foarmet ien fêste efternamme, hoewol't 'Shepherd' en 'Barron', resp. 'Van Vrijberghe' en 'De Coningh' fan oarsprong selsstannige efternammen west hawwe.

Hielendal gjin efternamme

bewurkje seksje

Yn tsjinstelling ta dit gebrûk fan mear as ien efternamme komme yn guon kultueren efternammen hielendal net foar. Dat is bygelyks it gefal mank de Javanen, yn Yndoneezje, dêr't men mar ien namme (in mononym) hat. Foarbylden binne Soekarno en Soeharto, eardere presidinten fan Yndoneezje. Fan Soekarno is bekend dat er foar it gemak yn 'e omgong mei Nederlanners de 'foarnamme' Ahmed brûkte, en yn in protte neislachwurken stiet er sadwaande ek as 'Ahmed Soekarno' fermelden, mar dat wie net syn offisjele namme.

Utgongen by efternammen

bewurkje seksje

Yn guon talen hawwe efternammen ferskillende útgongen by manlju en froulju. Dat is bygelyks it gefal yn 'e Eastslavyske talen (Russysk, Wytrussysk, Oekraynsk en Roeteensk), de Westslavyske talen (Poalsk, Tsjechysk, Slowaaksk, Sorbysk en Kasjûbysk), guon Súdslavyske talen (Bulgaarsk en Masedoanysk), it Gryksk en de Baltyske talen (Litousk en Letsk). Russyske nammen krije yn 'e regel de útgong -a as se troch froulju droegen wurde. De dichteresse Marina Tsvetajeva, bygelyks, soe 'Tsvetajev' hjitte as se in man wie. Litouske nammen hawwe ditoangeande sels trije foarmen, ien foar manlju, ien foar ûntroude froulju en ien foar troude froulju en widdowen. Dêrby kriget de manljusefternamme 'Paulauskas' (mei de útgong -as) foar in ûntroude frou de foarm 'Paulauskaitė' (útgong -aitė), wylst in troude frou of in widdo de namme 'Paulauskienė' (útgong -ienė) draacht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References and Further reading, op dizze side.