Ferhuzing

(Trochferwiisd fan Ferfear)

In ferhuzing, ek it ferhúzjen of it ferfarren, is it proses fan it feroarjen fan wen- of ferbliuwplak, oftewol it wikseljen fan adres. Dêrby kin it gean om ien persoan of in hiele húshâlding dy't fan wente feroaret, of om wat oars, lykas in bist (bgl. by in ferhuzing fan 'e iene dieretún nei de oare) of in bedriuw of organisaasje (bgl. by in ferhuzing nei in nij gebou). By ferhuzings feroaret men meastal fan wenplak, hoewol't it ek mooglik is binnen itselde plak te ferhúzjen. As men fan it iene lân nei it oare ferfart, sprekt men meastal net fan ferhuzing, mar fan emigraasje.

It Ferhúzjen, in 19e-iuwsk skilderij fan Louis-Léopold Boilly.

Ferhúzjen omfiemet ornaris it ynpakken fan al jins besittings, it oerbringen fan dy ynpakte besittings nei it nije adres, en it wer útpakken fan dy besittings om dêr de nije wente mei yn te rjochtsjen. Faak gripe minsken dy gelegenheid oan om in soad âld spul fuort te dwaan en/of om guon nije dingen oan te skaffen. By ferhuzings wurde faak lytsere besittings troch de ferhúzjenden en/of famylje en freonen sels nei de nije wente oerbrocht, mar foar de gruttere ynboel (kasten, tafels, stuollen, ensfh.) nimme de measte minsken in ferhúsbedriuw yn 'e earm, al wie it mar om't sokke dingen faak te grut binne om sels ûnskansearre te ferfieren. Wol is it by guon autoferhierbedriuwen mooglik om sels in bestelbus of in ferhúsbakje foar efter de auto te hieren, dêr't soks eventueel sels mei dien wurde kin.

Behalven it eigentlike ferhúzjen moat men foarôfgeande oan in ferhuzing ek sykje nei in nij ûnderkommen en dat nije ûnderkommen himmelje en gauris ek fervje, behingje en foarsjen fan nije flierbedekking, parket of betegeling. Faak wurdt der ek in hiel nije koken ynstallearre. Dêrnjonken bringt ferhúzjen ek administrative rompslomp mei, lykas it trochjaan fan 'e adresferoaring, net inkeld oan famylje, freonnen en kunde, mar ek oan 'e boargerlike stân (foar it byhâlden fan it befolkingsregister), banken, fersekeringsmaatskippijen, organisaasjes dêr't men by oansletten is en tydskriften en kranten dêr't men op abonnearre is. Fierders moat de âlde fersekering opsein en de nije ôfsletten wurde en moat de ôf- en oansluting fan gas, elektrisiteit, wetterlieding, tillefoan, keabeltillefyzje en ynternet regele wurde. It is dan ek net sa raar dat ferhúzjen sjoen wurdt as ien fan 'e wichtichste oarsaken fan stress en spannings tusken partners.

Der besteane ferskate redens om te ferhúzjen. Sa komt it faak foar dat der ferhuze wurdt as men in baan fûn hat yn in oare stêd of regio. Studinten hiere yn 'e stêd dêr't se studearje faak in studintekeamer, sadat se net eltse dei op en del nei it âlderlik hûs hoege te reizgjen. Oare redens om te ferhúzjen kinne wêze dat men earne wenje wol dêr't mear rêst hearsket, of krekt nei in drokker om-en-by ta wol. Ek komt it foar dat men ferhuzet fanwegen lûdsoerlêst, stankoerlêst, hoarizonfersmoarging, kriminaliteit yn 'e omkriten fan jins wente, skea oan jins wente of buorrelêst.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.