Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal
De Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal (Ingelsk: Golden Globe Award for Best Foreign Language Film) is in Amerikaanske priis op it mêd fan films. Dizze priis stiet ornaris noch bekend as de Golden Globe foar Bêste Bûtenlânske Film, mar dy beneaming is yn 1986 feroare yn 'e hjoeddeistige namme. De Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal wurdt sûnt 1950 elts jier ein jannewaris útrikt oan 'e as bêste beoardiele bûtenlânske langspylfilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Golden Globes, dy't útrikt wurde troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA) by in útrikkingsseremoanje yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills.
Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | bêste net-Ingelsktalige langspylfilm | |
útrikt troch | HFPA | |
frekwinsje | 1x yn 't jier | |
datum | jannewaris | |
plak | Beverly Hills (Kalifornje) | |
ynsteld | 1949 | |
1e útrikking | 1950 | |
offisjele webside | ||
www.goldenglobes.com |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Golden Globe foar Bêste Bûtenlânske Film (Best Foreign Film) waard yn 1949 ynsteld en foar it earst útrikt by de útrikkingsseremoanje fan jannewaris 1950. Oant 1964 waard der net elts jier in priis yn dizze kategory takend, mar kaam it ek geregeldwei foar dat der yn dizze kategory mear as ien Golden Globe yn 't jier ferjûn waard. Yn 1955 (foar de útrikkingsseremoanje fan 1956) waard de priis yn twaen spjalten, yn 'e Golden Globe foar Bêste Ingelsktalige Bûtenlânske Film (Best English-Language Foreign Film) en de Golden Globe foar Bêste Bûtenlânsktalige Bûtenlânske Film (Best Foreign-Language Foreign Film). Die skieding duorre oant en mei 1972 (oftewol de útrikkingsseremoanje fan 1973). Dêrnei waard de spjalting opheft en kaam der wer ien Golden Globe foar Bêste Bûtenlânske Film. Under dy namme stie de priis bekend oant mids jierren '80.
Mei yngong fan 1986 (de útrikkingsseremoanje fan 1987) kaam er bekend te stean as de Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal (Best Foreign Language Film). Dat betsjutte dat Ingelsktalige films fan bûten de Feriene Steaten (bgl. út it Feriene Keninkryk, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Súd-Afrika en Ierlân) fan dat stuit ôf net mear yn oanmerking kamen foar dizze priis, mar ynstee meitingje moasten nei de Golden Globe foar Bêste Film – Drama of de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje. It betsjutte ek dat Amerikaanske films wêryn't foar it meastepart yn in oare taal as it Ingelsk praten wurdt (lykas it fierhinne Japansktalige oarlochsdrama Letters from Iwo Jima, tenei krekt wól yn oanmerking kamen foar de Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal. Dêrmei binne de betingsten, dêr't gadingmakkers yn dizze kategory oan foldwaan moatte, in stik rommer as foar de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal (dêr't gjin inkele Amerikaanske of Ingelsktalige film ea foar yn oanmerking kommen is).
Betingsten foar gadingmakkers
bewurkje seksjeFilms dy't meitingje wolle om 'e Golden Globe foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal hoege net yn 'e Feriene Steaten yn 'e bioskopen draaid te hawwen. Oars as by de Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal binne der by de Golden Globes yn dizze kategory gjin beheinings oangeande it tal films dat per lân yntsjinne wurde kin. Neffens de offisjele regels moatte se lykwols al oan 'e folgjende betingsten foldwaan:
- De spyldoer moat teminsten 70 minuten wêze.
- Fan 'e dialooch yn 'e film moat teminsten 51% yn in oare taal as it Ingelsk wêze.
- De film moat yn it lân fan oarsprong yn 'e bioskopen te sjen west hawwe yn in perioade fan 14 moannen foarôfgeande oan 'e betreffende útrikkingsseremoanje fan 'e Golden Globes, om persiis te wêzen tusken 1 novimber en 31 desimber. Films dy't yn it lân fan oarspong net útbrocht binne omreden fan sinsuer, kinne har foar de Golden Globe kwalifisearje troch yn 'e neamde perioade teminsten 1 wike lang yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten draaid te hawwen.
Winners
bewurkje seksjeDe Golden Globes wurde útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Golden Globes oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1949", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 1950.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksje- Golden Globe foar Bêste Film – Drama
- Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje
- Oscar foar Bêste Film yn in Bûtenlânske Taal
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |