Grease (film)

film út 1978 fan Randal Kleiser

Grease is in Amerikaanske histoaryske filmmusical en romantyske komeedzje út 1978 ûnder rezjy fan Randal Kleiser, mei yn 'e haadrollen John Travolta en Olivia Newton-John. De titel betsjut "Fet", yn dizze kontekst ferwizend nei hierfet (foar it stilearjen fan in fetkúf). De film waard basearre op 'e toanielmusical mei deselde namme út 1971. It ferhaal, dat spilet yn 1958, giet oer de fetkúfdragende noazem Danny Zuko, dy't smoarfereale rekket op it brave skoalfamke Sandy Olsson, mar dat net wêze wol foar syn freonen oer, de T-Birds. Sandy, dy't kwetst is troch Danny syn hâlden en dragen, wurdt ûnderwilens opnommen yn in fammegroep, de Pink Ladies, dy't ûnder lieding stiet fan 'e stoere Betty Rizzo.

Grease
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Randal Kleiser
produsint Robert Stigwood
Allan Carr
senario Bronte Woodard
basearre op de toanielmusical fan
   Jim Jacobs en Warren Casey
kamerarezjy Bill Butler
muzyk Jim Jacobs (lieten)
Warren Casey (lieten)
Michael Gibson (soundtrack)
filmstudio Paramount Pictures
Alan Carr Productions
Robert Stigwood Organization
Polydor Records
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen John Travolta
Olivia Newton-John
byrollen Stockard Channing
Jeff Conaway
Didi Conn
Kelly Ward
Dinah Manoff
Michael Tucci
Jamie Donnelly
Barry Pearl
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 16 juny 1978
foarm lange filmmusical
sjenre hist. romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget $6 miljoen
opbringst $396,2 miljoen
filmsearje
filmsearje Grease
● folgjend diel Grease 2

Grease krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en it wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films fan 1978. Yn 'e bioskopen wie Grease in fenomenaal súkses en groeide it út ta de meast opbringende film fan it jier en teffens ta de (doe) meast opbringende filmmusical aller tiden. De film waard nominearre foar in Oscar en fiif Golden Globes, mar wist gjin wichtige prizen te winnen. It súkses fan 'e film soarge foar it ûntstean fan 'e mediafranchise mei deselde namme, dy't begûn mei de ferfolchfilm Grease 2, út 1982. Yn 2020 waard Grease opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Yn 'e simmerfakânsje fan 1958 moetet de út Los Angeles ôfkomstige Danny Zuko op it strân de Australyske Sandy Olsson. Se reitsje op slach fereale opinoar en bringe de simmer tegearre troch. As de fakânsje op syn ein rint, sit Sandy yn noed dat se Danny nea wer sjen sil, om't se werom moat nei Sydney. Danny seit lykwols dat "dit noch mar it begjin" is.

By it úteinsetten fan it nije skoaljier jout Danny him op 'e Rydell High School by Kenickie, Putzie, Sonny en Doody, mei wa't er de T-Birds foarmet, in freonegroep dêr't er sels de lieder fan is. De jonges ûnderskiede har fan oare learlingen troch har soarchfâldich stilearre fetkuven. Danny skept op oer syn fakânsjeleafde en makket de jonges wiis dat er oan ien wei troch seks hân hat.

Underwilens arrivearret Sandy, nei in hommelse feroaring fan 'e plannen fan har âldelju, ek op Rydell High, dêr't se fuortendaliks befreone rekket mei Frenchie, dy't risselwearret om fan skoalle te gean en in oplieding ta skientmespesjaliste te folgjen. Frenchie yntrodusearret har by de freondinnegroep dêr't se by heart, de Pink Ladies. Dy besteane fierders út 'e wielderige Marty, dy't withoefolle freontsjes tagelyk hat, en de grappige Jan. De groep wurdt oanfierd troch de stoere mar synyske Betty Rizzo. Oan har nije kammeraatskes fertelt Sandy oer har fakânsjeleafde en wat sy en Danny dy simmers wier útfûn hawwe.

As de fammen hearre dat it om Danny Zuko giet, binne se stomferheard, mar se fertelle Sandy net dat hy op deselde skoalle sit. Rizzo seit inkeld dat se sa'n foargefoel hat dat Sandy Danny mei koarten weromsjen sil. Dy jûns, by de feestlike iepening fan it nije sportseizoen fan it Amerikaansk fuotbalteam fan 'e skoalle, de Rydell Rangers, beävensearret Rizzo de ferrassingsreüny fan Sandy mei Danny. It is dúdlik dat Danny sa bliid as in bern is om Sandy werom te sjen, mar foar syn maten oer moat er syn imago fan stoere jonge behâlde, dat hy beart as kin it him neat skele. Dêrmei komt er Sandy raar op it sear, sadat se gûlend fuortdraaft.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Frenchy nûget de oare Pink Ladies út om by har thús de nacht oer te bliuwen, mar Sandy rekket beroerd as se har eigen bloed sjocht nei't Frenchy gatsjes yn har earlellen makket. Wylst se yn badkeamer yn it húske sit te koarjen, hat Rizzo de gek mei har. Sandy heart dat en giet nei bûten ta, dêr't se yn 'e tún beprakkesearret hoefolle oft se fan Danny hâldt en hoe slim oft er har sear dien hat. De T-Birds geane nei it hûs fan Frenchy yn it âld wrak fan in auto dat Kenickie op 'e kop tikke hat. It idee om dêrhinne komt út 'e koker fan Danny, dy't him foar syn eardere hâlden en dragen foar Sandy oer ûntskuldigje wol, mar nei't syn maten him dêroer narje, stapt er út en set er lulk geandefoets op hûs oan.

Underwilens beslút Rizzo, dy't har wat skuldich fielt oer hoe't se Sandy behannele hat, dat se wol wat leukers wit as de nacht mei de Pink Ladies troch te bringen. Se klimt nei bûten ta, wêrnei't Kenickie de oare trije jonges út 'e auto bonsjoeret en mei har fuortriidt. As se letter op in stil plakje seksuele omgong hawwe, wol Kenickie gebrûk meitsje fan in kondoom dat er al in pear jier lyn kocht hat. As er it út 'e ferpakking hellet, skuort it ding lykwols. Rizzo beslút om dan mar ûnfeilige seks mei him te hawwen. De toarteldokes wurde dêrby steurd troch Leo Balmudo, de lieder fan 'e Scorpions, in rivalisearjende jeugdbinde, en syn freondinne Cha-Cha diGregorio. Letter daget Leo Kenickie út ta in autorace sadree't Kenickie syn âld wrak opknapt hat. Kenickie akseptearret de útdaging.

Sandy begjint om te gean mei Tom, in lid fan it Amerikaansk fuotbalteam fan Rydell High. Danny hat de gek mei dy sportfanaat, mar Sandy seit dat Danny sels sa ûnsportyf is dat er hielendal gjin sport beoefenje kin. Dat stekt Danny, dat om yndruk op Sandy te meitsjen, meldt er him by coach Calhoun, de haadgymlearaar fan 'e skoalle, om diel te nimmen oan in sport. Calhoun besiket basketbal, wrakseljen en honkbal, mar it docht al rillegau bliken dat Danny omreden fan syn koarte lontsje en agressive opstelling it bêste geskikt is foar in sport dêr't men neat mei oaren te krijen hat, lykas hurddraven. As er by it huorderinnen foar de eagen fan Sandy delknoffelet, lit se Tom op slach stean en draaft se nei Danny ta om har derfan te bewissigjen dat er gjin slimme ferwûnings oprûn hat.

Sa rekket it wer oan tusken Danny en Sandy. Se besykje en gean yn 'e pleatslike kafetaria op in ôfspraakje, mar de T-Birds en de Pink Ladies ferpoffe it om harren gewurde te litten en geane der sûnder pardon by sitten. Kenickie en Rizzo krije spul en Rizzo makket it tusken har beiden út. Alle oaren sette ôf en Frenchie bliuwt allinnich efter. Sy hat ûnderwilens har plan trochset om fan skoalle te gean en foar skientmespesjaliste te learen, mar oan 'e servearster Vi bychtet se op dat har dat raar ôffallen is en dat se de oplieding ôfbrutsen hat nei in flater dy't har sûkerspinrôze hier besoarge. Se freget har ôf wat se no moat en tinkt deroan om servearster te wurden. Hie se mar in beskermingel dy't har fertelle koe wat se dwaan moat. As Vi har allinne lit, kriget Frenchie in fizioen, wêryn't har beskermingel, bystien troch in koar fan froulike ingels, har oantrunet om 'e middelbere skoalle ôf te meitsjen.

Lang om let arrivearret de jûn dat it lêstejiers dûnsfeest fan Rydell High holden wurd. Dit jier sil dat live op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd wurde as ûnderdiel fan 'e dûnswedstryd fan presintator Vince Fontaine. Danny giet mei Sandy nei it feest, en de T-Birds geane mei de Pink Ladies, mar Rizzo besiket Kenickie dwers te sitten troch mei Leo fan 'e Scorpions te gean. Op it feest komt Kenickie, ta argewaasje fan Rizzo, mei Leo syn eks Cha-Cha oansetten. Underwilens flirt Marty mei de folle âldere Fontaine, dy't har wol sitten sjocht. It rint lykwols op neat út as Marty him tsjin 'e ein fan 'e jûn trappearret wannear't er besiket har drankje te drogearjen. De dûnswedstryd begjint gaoatysk mar al rillegau bliuwe der mar in stikmannich dûnspearkes oer. Danny en Sandy binne ien dêrfan, mar krekt foar de ein fan 'e wedstryd lûkt Sonny Sandy fan 'e dûnsflier ôf, wêrnei't Cha-Cha, dy't yn it ferline wat mei Danny hân hat, harsels opsmyt as syn dûnspartner. Danny en Cha-Cha winne de wedstryd, mar Sandy rint lulk fuort.

Danny besiket it goed te meitsjen mei Sandy troch har mei te nimmen nei in drive-inbioskoop, dêr't er har syn ring jout om te dragen. Sandy is earst alhiel yn 'e wolkens troch dat romantyske gebeart, mar as bliken docht dat Danny ferwachtet dat se no seks mei him hawwe sil, rint se op 'e nij lulk fuort en is Danny wer werom by ôf. Underwilens komt oan it ljocht dat it sjegrinige hâlden en dragen fan Rizzo fuortkomt út it feit dat se in kear de regels net krigen hat en dat se bang is dat se swier rekke is fan Kenickie. Se dielt dat Marty yn fertrouwen mei, mar dy kin har net stilhâlde en binnen de koartste kearen giet it nijs as diggelfjoer troch de drive-inbioskoop. As Kenickie it heart, biedt dy oan om syn ferantwurdlikheid te nimmen en mei har te trouwen, mar Rizzo wol him net hawwe as er it út ferplichting docht en beart dat in oare jonge de heit is. Yn 'e folgjende dagen wurdt Rizzo op skoalle berabbe en útlake troch oare famkes, mar Sandy seit tsjin har dat se klearstiet om te helpen wêr't dat mar nedich is, wat Rizzo wurdearret.

Yn 'e tuskentiid hawwe Danny, Kenickie en de T-Birds de âld auto fan Kenickie hielendal opknapt mei de help fan frou Murdock, de eigensinnige leararesse technyk fan Rydell High. De auto is prachtich ferve en hjit de Greased Lightnin’ ("Smearde Bliksem"), in namme dy't betocht is troch Danny. Sadwaande kin it no heve mei de race tusken de T-Birds en de Scorpions. Krekt foar de race rint Kenickie lykwols in harsenskodding op wannear't er wat fan 'e grûn oppakke sil en ien fan 'e oare T-Birds krekt op dat stuit it portier iepensmyt. Dêrom moat er as koereur ferfongen wurde troch Danny. Dyselde en Leo geane frijwol lykop oant Danny in hobbel brûkt om mei de auto oer in grutte plasse hinne te springen, wylst Leo der dwers trochhinne riidt, yn 'e slip rekket en útfalt. Danny wint sadwaande de race, ta grutte blydskip fan 'e T-Birds en de Pink Ladies. Sandy is út 'e fierte wei taskôger. Se beslút dat se, as se serieus fierder wol mei Danny, har behâldende uterlik en brave hâlding feroarje moat. Dêrfoar ropt se de help yn fan Frenchie.

Op 'e lêste skoaldei foar de simmerfakânsje is it merke op it sportfjild fan 'e skoalle. Rizzo ûntdekt dat se dochs net swier is, wêrnei't se it goedmakket mei Kenickie. Danny hat syn stoere learen jek ferwiksele foar in braaf sportjaske om him oan Sandy oan te passen, mar syn mûle falt wiid iepen fan ferheardens as Sandy arrivearret, klaaid as in froulike T-Bird. Se ferklearje inoar de leafde en fermoedsoenje har mei-inoar. De T-Birds, de Pink Ladies en harren klasgenoaten fiere feest op it merketerrein. Danny en Sandy stappe yn 'e Greased Lightnin’ om fuort te riden, mar de auto stiget op, sadat se ynstee fuortfleane.

  1. Grease (titelsong)
  2. Summer Nights (Danny, Sandy, de T-Birds en de Pink Ladies)
  3. Look at Me, I'm Sandra Dee (Rizzo en de Pink Ladies)
  4. Hopelessly Devoted to You (Sandy)
  5. Greased Lightnin’ (Danny en de T-Birds)
  6. Beauty School Dropout (Frenchie har beskermingel en de froulike ingels)
  7. Sandy (Danny)
  8. There Are Worse Things I Could Do (Rizzo)
  9. Look at Me, I'm Sandra Dee (reprize) (Sandy)
  10. You're the One That I Want (Danny, Sandy, de T-Birds en de Pink Ladies)
  11. We Go Together (hiele cast)

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
John Travolta.
 
Olivia Newton-John.
 
Stockard Channing.
 
Jeff Conaway (1998).
haadrollen
personaazje       akteur/aktrise
Danny Zuko John Travolta
Sandy Olsson Olivia Newton-John


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Betty Rizzo Stockard Channing
Kenickie Jeff Conaway
Frenchy Didi Conn
Putzie Kelly Ward
Marty Maraschino Dinah Manoff
Sonny LaTierri Michael Tucci
Jan Jamie Donnelly
Doody Barry Pearl
Leo "Crater-Face" Balmudo Dennis C. Stewart
Cha-Cha DiGregorio Annette Charles
direktrise McGee Eve Arden
sekretaresse Blanche Hodel Dody Goodman
Patty Simcox Susan Buckner
Frenchie har beskermingel Frankie Avalon
Vince Fontaine Edd Byrnes
coach Vince Calhoun Sid Caesar
servearster Vi Joan Blondell
Eugene Felsnic Eddie Deezen
Tom Chisum Lorenzo Lamas
frou Murdock Alice Ghostley
servearster #2 Ellen Travolta
learaar Lynch Darrell Zwerling
learaar Rudie Dick Patterson
skoalferpleechster Wilkins Fannie Flagg
Johnny Casino en de Gamblers Johnny Contardo en de Sha Na Na

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Grease waard regissearre troch Randal Kleiser nei in senario fan Bronte Woodard op basis fan 'e toanielmusical Grease út 1971, fan Jim Jacobs en Warren Casey. As produsinten wiene Robert Stigwood en Allan Carr by it projekt belutsen foar de filmstudio's Paramount Pictures, Alan Carr Productions, de Robert Stigwood Organization en Polydor Records. Foar de film wie in budget beskikber fan $6 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bill Butler. De filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Gibson, mei lieten fan Jacobs en Casey. Kleiser en Woodard feroaren ferskate dingen oan it ferhaal fan 'e toanielmusical, mei as wichtichste foarbyld dat de setting (yn 'e musical de binnenstêd fan Chicago) ferskood waard nei in foarstêd fan Los Angeles.

John Travolta waard troch filmprodusint Robert Stigwood frege foar de rol fan Danny Zuko. De beide mannen hiene earder gearwurke oan 'e film Saturday Night Fever, út 1977. Travolta, dy't letter frijwol útslutend as akteur bekend kaam te stean, wie twadde helte 1970-er jierren ek aktyf as sjonger, en yn 1976 hied er yn 'e Feriene Steaten in top-10 hit mei it nûmer Let Her In. Yn 'e toanielmusical Grease hied er earder de rol fan Doody spile. Hy lei Stigwood ferskate oanrikkemandearrings foar oare leden fan 'e cast en ek foar de gearstalling fan 'e filmcrew foar, dêr't Stigwood úteinlik mei akkoart gie. Op dy manear holpt Travolta Randal Kleiser yn 'e regisseursstoel. Kleiser hie noch net earder in spylfilm makke, mar hy hie Travolta regisearre yn 'e tillefyzjefilm The Boy in the Plastic Bubble út 1976.

In oare oanrikkemandearring fan Travolta wie Olivia Newton-John foar de rol fan Sandy Olsson. Newton-John stie doe hast útslutend bekend as countrysjongster, en hoewol't se ferskate Grammy Awards wûn hie, liek se net in foar de hân lizzende kar foar in haadrol yn Grease. Sels wie se der ek net wis fan, en op har eigen fersyk die se se earst in screentest om te sjen oft sysels en de produsinten har foar de rol gaadlik fûnen. Hoewol't it personaazje fan Sandy oarspronklik gewoan in Amerikaansk fanke wie, waard se feroare yn in Australise om't bliken die dat de yn Ingelân berne en yn Austraalje opgroeide Newton-John gjin oertsjûgjend Amerikaansk-Ingelsk aksint neibeare koe. Se stimde yn mei in leger salaris yn ruil foar in promininter plak fan har namme op 'e filmposter en yn 'e begjin- en eintitels.

 
Venice High School yn 'e Los Angelynske wyk Venice, dêr't de sênes by de skoalle en op it sportfjild fan 'e fiktive Rydell High School filme waarden.

De opnamen foar Grease fûnen yn Súdlik Kalifornje plak yn 'e simmer fan 1977. De iepeningssênes fan 'e fakânsje fan Danny en Sandy op it strân waarden filme op it Steatsstrân Leo Carrillo by Malibu. De bûtendoarsênes om 'e Rydell High School hinne, lykas op it parkearterrein, by it sportfjild en yn it stadion, waarden opnommen by de Venice High School yn Venice, in wyk fan Los Angeles. De binnendoarsênes op skoalle, de sênes fan it dûnsfeest ynbegrepen, waarden filme yn 'e Huntington Park High School yn Huntington Park, in foarstêd fan Los Angeles. It útfanhûzjen by Frenchie waard opnommen yn in priveewente yn 'e Los Angelynske wyk East Hollywood.

De sênes yn 'e drive-inbioskoop waarden filme yn 'e Pickwick Drive-in yn Burbank, dy't yn 1989 tichtgie en sloopt waard. (Op dat plak stiet no in winkelsintrum.) De autorace waard opnommen yn 'e betonnen kanaalgoate fan 'e rivier de Los Angeles, dy't simmerdeis drûchstiet. Op it backlot fan 'e Paramount Studios waarden de sênes yn it kafetaria filme en teffens de musicalnûmers foar Greased Lightnin’ en Beauty School Dropout. De einsêne mei de merke waard opnommen by de John Marshall High School yn 'e Los Angelynske wyk Los Feliz.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Grease waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 16 juny 1978 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 14 april 1978 by platemaatskippij RSO Records. Grease waard op yn 1979 útbrocht as VHS-keapfideo, en nije edysjes ferskynden yn 1982, 1989, 1992, 1994 en 1998. De film kaam op 24 septimber 2002 foar it earst út op dvd en op 5 maaie 2009 foar it earst op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Grease oer it algemien positive resinsjes. Sa neamde Vincent Canby de film yn The New York Times "prachtich moai" en "in hjoeddeistige fantasij oer in teenagemusical út 'e 1950-er jierren; in gruttere, fermaaklikere en humoristyskere film mei mear ynbyldingsfermogen as Hollywood [ornaris sjen lit]". It tydskrift Variety priizge Grease om 'e "pikante goreografy" en de "aldertreflikste nije en werombrochte [âlde] muzyk". Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune joech de film 3 fan 4 stjerren. Neffens him wie Grease "inkeld opwinend as John Travolta yn byld is", mar doch rikkemandearre er de film oan syn lêzers oan, net yn it lêste plak om't "fjouwer fan 'e musicalnûmers wiere showstoppers binne".

 
It Steatspark Leo Carillo, in steatspark oan 'e Kalifornyske kust by Malibu, wie wêr't de iepeningssênes oan it strân filme waarden.

By it útkommen fan Grease wiene der ek guon resinsinten dy't net folle fan 'e film hawwe moasten. Charles Champlin fan 'e Los Angeles Times skreau: "Ik haw [de toanielmusical] Grease net yn 'e skouboarch sjoen, mar neffens it tsjûgenis fan dizze lûdroftige, rommelige, ûnmeislepende en ûnoantreklike film is it in weromspile ferzje fan 'e 1950-er jierren (faaks wol it lêste desennium fan ûnskuld dat ús tastien wie) troch in op groteske wize ferwrongen bewustwêzen fan 'e 1970-er jierren." Yn The Washington Post hie Gary Arnold likemin folle op mei Grease. Hy woe hawwe: "Ik haw noch nea in lilkere grutskalige musical sjoen." En neffens David Ansen fan Newsweek wie Grease "te faak […] ienfâldichwei midsmjittich, fol fan ûnsubtile middelbere-skoalhumor, plat aktearre dramatyske sênes en in traach tempo." It iennichste goede oan 'e film wie neffens him Travolta, want "as hy op it wite doek te sjen is, kin men nearne oars nei sjen."

Troch de jierren hinne krige Grease erkenning as ien fan 'e bêste filmmusicals aller tiden, en tsjintwurdich wurdt it ek rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films fan 1978. Retrospektive resinsjes wiene sadwaande oer it algemien tige loovjend. Sa parte Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian de film yn 2018 5 fan 5 stjerren ta. Neffens him wie it "noch altyd in sûkerroes fan in film". Yn 2020 waard Grease troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Nasjonaal Film Register, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Grease in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 71 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] hat in oansteklik enerzjike John Travolta yn 'e haadrol en tsjinnet in kitscherige ferzje fan 'e 1950-er jierren op yn in hektyske musicaladaptaasje dy't net altyd dejinge is dy't wy wolle". Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Grease in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 15 resinsjes.

Grease brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn 1978 $132,5 miljoen op, en by lettere kearen dat de film op 'e nij yn bioskoop brocht waard nochris $57,5 miljoen. Yn alle oare lannen en territoaria brocht Grease yn 1978 en letter $206,2 miljoen op. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $396,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $6 miljoen betsjut dat in winst fan $390,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

 
De (in grut part fan it jier fierhinne drûch-steande) kanaalgoate fan 'e rivier de Los Angeles wie wêr't de autorace út 'e film opnommen waard.

Dêrmei wie Grease de meast opbringende film fan 1978 en de op ien nei meast opbringende film fan filmstudio Paramount Pictures oant doe ta, nei The Godfather (1972). (Doe't Grease yn 1979 op 'e nij yn bioskopen útbrocht waard, stribbe de film The Godfather sels foarby.) Teffens wie Grease de meast opbringende filmmusical aller tiden, in titel dy't The Sound of Music dêrfoar trettjin jier lang yn besit hân hie. Grease soe dy titel behâlde oant it yn 2012 ynhelle waard troch Les Misérables.

It soundtrackalbum Grease wie yn 'e Feriene Steaten it op ien nei bêst ferkeapjende muzykalbum fan 1978, nei de soundtrack fan in oare film dêr't John Travolta de haadrol yn spile: Saturday Night Fever.

Grease waard yn 1978 nominearre foar fiif Golden Globes, yn 'e kategoryen bêste film (musical of komeedzje), bêste akteur yn in musical of komeedzje (John Travolta), bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Olivia Newton-John) en twaris foar bêste orizjinele liet (Grease en You're the One That I Want). Yn 1979 waard de film by de Oscars nominearre foar de priis foar bêste orizjinele liet foar Hopelessly Devoted to You. Grease wûn trije People's Choice Awards, foar favorite filmmusical, favorite film oer alles en favorite byrol fan aktrise (Stockard Channing).

It súkses fan Grease late ta it ûntstean fan in mediafranchise, dy't ek Grease hjit. Dêrta hearre û.m. it soundtrackalbum, in fideospultsje en in sing-alongferzje fan 'e film. Fierders waard der yn 1982 in ferfolchfilm útbrocht ûnder de titel Grease 2, dy't gjin súkses wie en inkeld opmerklik is troch it debút as haadrolspylster fan 'e letter ta stjerrestatus útgroeide aktrise Michelle Pfeiffer. Yn 2020 waard foar de streamingtsjinst Paramount+ de tillefyzjesearje Grease: Rise of the Pink Ladies produsearre. In prequelfilm, Summer Lovin’, is anno 2024 yn tarieding.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.