Hendrik de Vries (Grins, 17 augustus 1896Haren, 18 novimber 1989) wie in Nederlânsk dichter en skilder.

Hendrik de Vries
skriuwer
Hendrik de Vries, 1976
Hendrik de Vries, 1976
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hendrik de Vries
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 augustus 1896
berteplak Grins
stoarn 18 novimber 1989
stjerplak Haren
wurk
taal Nederlânsk,
Spaansk
sjenre gedichten
streaming Surrealisme
prizen P.C. Hooft-priis (1973)
jierren aktyf 1917-1989
Hendrik de Vries (om 1923)
Stânbyld fan Hendrik de Vries fan Norman Burkett njonken de Martinitsjerke yn Grins
Gedicht Aan hen die nimmer bukten op it Monumint foar it fallen spoarpersoneel yn Utert

De gedichten fan Hendrik de Vries waarden yn het literêre tydskrift Het Getij publisearre. De Vries wie in iere surrealist. Hy wie anty-boargerlik ynsteld en preke fitaliteit. It ûnderbewuste spile in krúsjale rol yn syn poëzy.

De Vries fûn in soad ynspiraasje yn de Spaanske wrâld en kultuer en fielde him dêr sa mei ferbûn, dat er in protte gedichten (benammentlik koplas) yn it Spaansk skreaun hat.

By gelegenheid fan syn fyftichste jierdei waard troch de gemeente Grins de Hendrik de Vriespriis ynsteld, en yn 1986 it Hendrik de Vriesstipendium. De Vries wie de earste dy't de priis krige.

De Vries syn gedicht Een schatrijke tuin waard 2000 (en yn in nije ferzje yn 2006) op in muorre yn de Aloëlaan yn Leien oanbrocht, ien fan de mear as hûndert muorregedichten yn Leien.

  • 1917 - Het gat in Mars en het Milagrat
  • 1920 - De nacht
  • 1922 - Vlamrood
  • 1923 - Lofzangen
  • 1928 - Silenen
  • 1931 - Spaansche volksliederen
  • 1932 - Stormfakkels
  • 1935 - Coplas
  • 1937 - Atlantische balladen
  • 1937 - Geïmproviseerd bouquet
  • 1937 - Nergal
  • 1939 - Romantische rhapsodie
  • 1944 - Robijnen (klandestyn drukt)
  • 1946 - Capricho's en rijmkritieken
  • 1948 - Toovertuin
  • 1951 - Distels en aloë's van de Iberische volkspoëzie
  • 1955 - Gitaarfantasieën
  • 1958 - Groninger symphonie
  • 1964 - Iberia, krans van reisherinneringen
  • 1966 - Diseño jondo
  • 1971 - Cantos extraviados del español groninguense
  • 1971 - Goyescos
  • 1979 - Impulsen
  • 1990 - Sprookjes
  • 1993 - Verzamelde gedichten
  • 2013 - Henri van Booven en Hendrik de Vries, Briefwisseling. Fersoarge en ynlaat fan Sander Bink. [Baarn, 2013].

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hendrik de Vries fan Wikimedia Commons.