Johannes Siderius
Johannes Siderius (Blije, 14 novimber, 1922 - Sleen, 10 desimber 1989 wie in Nederlânske politikus fan de PvdA.
Johannes Siderius | ||
politikus | ||
Johannes Siderius (1974) | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 14 novimber 1922 | |
berteplak | Blije | |
stjerdatum | 10 desimber 1989 | |
stjerplak | Sleen | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | PvdA | |
boargemaster fan It Amelân | ||
amtsperioade | 1962-1973 | |
foargonger | Ferry Huber | |
opfolger | Pieter Zevenbergen | |
boargemaster fan Sleen | ||
amtsperioade | 1973-1987 | |
foargonger | Gerard Kolthoff | |
opfolger | Dick Appeldoorn |
Om 1953 hinne studearre er ôf yn de rjochten oan de Universiteit Utert en gie dêrnei oan't wurk by de griffy fan de provinsje Utert. Yn 1954 gong er werom nei Fryslân dêr't er wurkje soe by de gemeentesikretary fan Achtkarspelen. Yn 1958 makke er de oerstap nei de gemeente Leiden dêr't er wurkje soe by it kabinet fan de boargemaster.
Yn april 1962 waard er beneamd ta de boargemaster fan It Amelân, as opfolger fan F.G.A. Huber, en begjin 1973 folge syn beneaming ta boargemaster fan Sleen. Dêrneist wie er yn 1980 in skoft waarnimmend boargemaster fan Zweeloo.
Yn 1987 gie Siderius mei pensjoen wêrnei 't er beneamd waard ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Twa jier letter ferstoar er yn de âldens fan 67 jier.