Katie Kox
Katie Kox, echte namme: Amanda Savini (op Hawaï, 17 desimber 1985), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Italjaansk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol misstavere as Katie Koxxx of Cathy Cox. Hja sette yn 2008 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2011 waard Kox nominearre foar in prestizjeuze AVN Award.
Katie Kox | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
Katie Kox yn 2010. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Katie Koxxx, Cathy Cox | |
echte namme | Amanda Savini | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 17 desimber 1985 | |
berteplak | ûnbekend (Hawaï) | |
etnisiteit | Italjaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2008 – no | |
offisjele webside | ||
www.katiekox.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeKox waard yn 1985 berne yn 'e Amerikaanske steat Hawaï. Nei 2005 sette se yn Las Vegas, yn Nevada, útein mei in karriêre as stripper, wylst se dêrnjonken ek parttime wurke as sekretaresse by in kredytuny en as servearster yn in kafee. Yn Las Vegas kaam Kox yn 'e kunde mei pornoregisseur en -filmprodusint Rick Barcode, dy't har yn 'e Amerikaanske pornoyndustry yntrodusearre en mei wa't se letter trouwe soe. Yn 2008 makke se mei 24 jier har debút yn in pornografyske film.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Kox sûnt yn mear as 130 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Elegant Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Hustler Video, New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Devil's Film, Wicked Pictures, Vivid Entertainment en Adam & Eve. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Third Degree Films, Mile High Media en West Coast Productions. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Blacks on Blondes.
Kox har gearwurking mei Rick Barcode resultearre yn har webside KatieKox.com, dy't talein is op ynterrasiale pornografy en films op it mêd fan oerhoer. Kox waard yn 2011 nominearre foar in prestizjeuze AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld), yn 'e kategory ûnderwurdearre stjer fan it jier. Fierders wie se dat jiers ek nominearre foar in Xbiz Award, wylst se yn 2010 twa Urban X Awards wûn. Njonken har aktearwurk is Kox ek aktyf as neakenmodel en hat se posearre foar fotoreportaazjes yn ferskate neakenblêden. Har karriêre as stripper hat se opjûn om har mear ta te lizzen op it meitsjen fan films.
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeKatie Kox is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.69 m lang, mei in gewicht fan 61 kg, en kupmaat 36DD, dêr't se yn maart 2009 in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven troch har earlellen hat Kox ek piercings troch har beide spiennen, in tongpiercing en in nâlpiercing. Fierders hat se op har ûnderrêch in floral-tatoeaazje en oan 'e rjochterkant fan har bikinyline noch in lytse tatoeaazje.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2010 | Urban X Award | nominearre | bêste webside fan in ynternetstudio (foar Katie Kox' Dirty Hard Drive) | n.f.t. |
wûn | bêste ynterrasiale stjer (dield 1e plak mei Ashli Orion) | n.f.t. | ||
wûn | bêste webside fan in pornostjer (foar www.KatieKox.com) | n.f.t. | ||
2011 | AVN Award | nominearre | ûnderwurdearre stjer fan it jier | n.f.t. |
Xbiz Award | nominearre | bêste webside fan in pornostjer (foar www.KatieKox.com) | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Katie Kox
- (in) Blôch fan Katie Kox
- (in) Katie Kox op Twitter
- (in) Biografy en filmografy fan Katie Kox yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Katie Kox yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Katie Kox op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |