Kether Donohue
Kether Donohue (New York, 22 augustus 1985) is in Amerikaansk film-, tillefyzje- en stimaktrise fan Iersk etnysk komôf. Hja hat ek wol wurke ûnder de artystenammen Annice Moriarty en Kether Fernandez. Donohue is it bekendst fan har ferskate optredens as stimaktrise yn tekenfilms en fan har rol yn 'e komeedzjerige You're the Worst, dy't yn Nederlân útstjoerd wurdt troch Comedy Central.
Kether Donohue | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kether Donohue | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 augustus 1985 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Iersk | |
jierren aktyf | 1998 – no | |
offisjele webside | ||
www.ketherdonohue.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeDonohue is hikke en tein yn New York, dêr't se yn 1985 berne waard. Hja folge in aktearoplieding oan it Anthony Meindl Acting Center.
As tiner wurke se fanôf 1998 al as stimaktrise, wêrby't se it bekendst waard yn 'e rol fan 'e temperamintfolle divaeske Lily yn 'e tekenfilmrige Kappa Mikey, as Angela Rains yn 'e searje Yu-Gi-Oh! 5D's, en as Zoe en Chomp yn Dinosaur King.
Letter spile se yn ferskate films, wêrûnder Boy Wonder (2010), The Bay (2012) en Pitch Perfect (2012). Op 'e tillefyzje wie Donohue û.m. te sjen yn gastrollen yn 'e searjes Hope & Faith en Royal Pains. Fierders wurke hja mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Coder Girl, fan sjonger Dale Chase.
Sûnt 2014 fertolket se de rol fan Lindsay Jillian yn 'e komeedzjesearje You're the Worst (dy't yn Nederlân útstjoerd wurdt troch Comedy Central). Dêrmei krige Donohue foar it earst ek om utens bekendheid.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Kether Donohue
- (in) Folsleine filmografy fan Kether Donohue yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|