Koper is in skiekundich elemint mei symboal Cu en atoomnûmer 29. It is in read/giel oergongsmetaal dat yn omkearde foarm ek as readkoper bekend stiet.

Opgravings yn it noarden fan wat tsjintwurdich bekend is as Irak, hawwe oantoand dat koper al brûkt waard om 8700 f.Kr. Oare opgravingen wize út dat men yn 5000 f.Kr. koper al raande en isolearre út koperhâldende mineralen as malachyt en azuryt.

Fan de Sumearjers en Egypteners is bekend dat se om 3000 f.Kr. koper raanden en brûkten om brûns te meitsjen. Ek yn Sina wie it brûken fan koper bekend en binne der tige heechweardige brûnzen foarwerpen út 1200 f.Kr. fûn. De yn 1991 yn de Eastenryksk/Italjaanske Alpen fûne mummy Ötzi, dy't grif om 3300 f.Kr. stoarn is, droech ark dat út 99,7% suver koper bestie.

Yn de mytology en algemy waard koper faak assosearre mei de godheid Afrodite om de moaie glâns. Dêrom waard koper eartiids ûnder oare brûkt foar spegels. De namme koper komt fan it Latynske wurd Cuprum. Dit wurd is ôflaat fan "aes cyprium", dat "erts fan Syprus" betsjut. Yn de âldheid waard nammentlik op Syprus koper wûn.

Omdat koper bûchber is, ienfâldich te ferfoarmjen is en in tige grut geliedingsfermogen hat foar elektrisiteit en waarmte, wurdt it op grutte skaal yn de yndustry brûkt. Inkele wichtige tapassings binne:

  • kopertried
  • elektromagneten
  • muntjild
  • keunstwurken en stânbylden (faak fan brûns), bygelyks it Frijheidsbyld befet njoggentichtûzen kilogram koper
  • fakuümbuizen en magnetronovens
  • elektryske sirkwys
  • muzykynstruminten
  • geveldielen fan gebouwen
  • Kuollers foar fideokaarten, prosessors, en oare healgeliederkomponinten.
  • Heatpipes

Foar it suverjen fan wetter wurdt koper yn de foarm fan koper(II)sulfaat brûkt (CuSO4).

Gemyske eigenskippen

bewurkje seksje

Koper nimt yn ionêre foarm hast altiten in oksidaasjetastân fan 2+ oan (Cu2+), koper-ioanen nimme yn in wetterige oplossing in karakteristike blauwe kleur oan. Under ynfloed fan de atmosfear krijt koper in grienige oksidelaach. It elemint komt as sadanich yn de natoer foar, hoewol't it mear yn bûne tastân as sulfide of as okside oantroffen wurdt. Koperhâldende mineralen binne û.o. kovellyt en malachyt. Op it folle djoerdere sulver nei, is koper de bêste gelieder fan elektrisiteit. Dêrom wurdt it in soad brûkt yn elektroanyske komponinten.

Yn de measte gefallen foarmet koper in Cu2+ ion mar soms in Cu+ ion, koper foarmet min ioanen, der is dêrom in sterke oksidator nedich om elemintêr koper yn op te lossen, meastal wurdt salpetersoer of swervelsoer brûkt, soms ek swakkere soeren as jittiksoeroplossing mar dizze reaksje sil tige stadich ferrinne, wol kin in swakke oksidator as wetterstofperokside tafoege wurde oan it soer om de reaksje wat te fersnellen. Der kin ek swervel brûkt wurde of joad as oksidator, om dy reagearje te litten binne lykwols wol temperatueren om ûntbrandingstemperatuer nedich. De elektroanekonfiguraasje fan it elemint is [Ar]3d104s1. De âlde wize om yn de nammejouwing ûnderskied te meitsjen tusken Cu+ en Cu2+ ferrûn fia de kupro~ en kupry~ oantsjutting, tsjintwurdich wurdt koper(I) of koper(II) skreaun.

Bygelyks:

Under de koperoksiden (kupraten) sitte de recordhâlders wat betreft hege krityske temperatueren foar supergelieding. Foar inkele fan dy ferbinings leit dizze temperatuer yn it 100-150K berik. Dy klasse fan ferbinings waard yn de tachtiger jierren ûntdekt; it earste foarbyld wie Yttrium-Barium-Koper okside (ek wol YBCO neamd).

 
Chuquicamata yn Sily is de grutste deibou kopermyn
 

De wichtichste boarnen fan koper binne de mineralen chalcopyryt, chalkosyt, kovellyt, azuryt, malagyt en bornyt. Dy wurde op in soad plakken yn de ierdkoarste fûn. Oare grutte fynplakken fan kopererts binne Sily, Perû en de Feriene Steaten. Yn Sily wurt ûngefear ien-tredde fan alle koper mine. Yndoneezje hat in sterke groei fan koperproduksje sjen litten en wie yn 2009 de op trije nei grutste produsint. De grutste brûkers fan koper binne de Sina, Dútslân en de Feriene Steaten.
Wrâldwiid lei yn 2009 de konsumpsje fan koper op 18,4 miljoen ton. De mynproduksje bedroech 15,8 miljoen ton en troch resykling lei it totale oanbod op 18,6 miljoen ton. De fraach groeit hurder as it oanbod dêrtroch minderje de foarrieden. Op 4 febrewaris 2011 berikte de priis fan koper in rekordnivo fan $ 10.000 per ton[1]. Yn itselde Financial Times artikel waard melden dat yn 2011 de fraach it oanbod rom oertreffe sil wêrtroch 't fierdere priisstigings te ferwachtsjen binne. Koper wurdt op ferskate ynternasjonale beurzen ferhannele, lykas yn Londen, New York en Shanghai[2].

Meast stabile isotopen
Iso RO (%) ferfaltiid VV VE (MeV) FP
63Cu 69,17 stabyl mei 34 neutroanen
64Cu syn 12,7 h EF
β
1,675
0,597
64Ni
64Zn
65Cu 30,83 stabyl mei 36 neutroanen
67Cu syn 61,83 h β 3,558 67Zn

Neist de twa stabile isotopen 63Cu en 65Cu is der in grut oantal radioaktive isotopen bekend. De langstlibbene dêrfan is 67Cu mei in ferfaltiid fan rom 61 oere. De oare isotopen hawwe ferfaltiden yn de oarder fan inkele minuten of minder.

Toksikology en feilichheid

bewurkje seksje

It metaal is brânber yn poeierfoarm. Hast alle koperferbinings moatte as fergiftich beskôge wurde. Dochs is koper fan libbensbelang foar bisten en hegere planten. Koper wurket as kofaktor fan in protte enzymen lykas superokside dismutaze, sytogroom C oksidaze, katalaze, lysyl oksidaze, tyrosinaze, Fitamine C oksidaze en dopamine bêta hydroksylaze. In tefolle oan koper yn it lichem komt foar by de sykte fan Wilson. Transport fan de koperioanen yn bloed bart troch bining oan seruloplasmine. Fiedingsmiddels dy't ryk binne oan koper binne û.o. oesters, soyalesitine, nuten en lever.

Yn it bloed fan in soad net-wringedieren komt it koperhâldende hemosyanine foar.

Koper hat antybakteriële eigenskippen. It brûken fan koper in sanitêre ynstallaasjes en liedingen remmet de baktearjegroei, sadat ûnder mear legionella minder maklik foar komt[3].

Koper is ek de namme foar in ljochtbrunige kleur.

Yn de taal wurdt koper ek brûkt as oantsjutting foar "weardefol" en/of "duorsum", lykas:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. (in) Financial Times, Red Hot copper hits $ 10.000 high, 4 febrewaris 2011
  2. "(in) Copperinfo website: Exchanges". Oproppen op 6 febrewaris 2011.
  3. http://www.demorgen.be/dm/nl/993/Gezondheid/article/detail/137329/2008/01/17/Koperen-buizen-verminderen-risico-op-legionella.dhtml