Oslo
Oslo (earder Christiania en Kristiania) is de haadstêd en de grutste stêd fan Noarwegen. It is ek de namme fan in gemeente en in provinsje, dy't beide eksakt itselde gebiet beslaan. Oslo is it ekonomysk en polityk sintrum fan Noarwegen en wurdt benammen yn de maritime yndustry as tige wichtich beskôge.
Oslo | ||
Oslo | ||
Wapen | ||
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Oslo | |
Sifers | ||
Oerflak | 454,09 km² | |
dêrfan lân | 427,01 km² | |
dêrfan wetter | 27,08 km² | |
Ynwennertal | 672.061 (01-07-2017) | |
Befolkingstichtens | 1.468 ynwenners/km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
https://www.oslo.kommune.no/ | ||
Kaart | ||
De gemeente Oslo hie op 1 july 2017 in ynwennertal fan 672.061 en wie oan it begjin fan de 21ste iuw de fluchst groeiende grutte stêd yn Jeropa.
Skiednis
bewurkje seksjeNeffens guon Noarske sêgen waard Oslo om 1048 hinne troch kening Harald Hardråde stifte. By resinte archeologyske opgravings binne kristlike begraafplakken fan foar 1000 ûntdutsen, wat as bewiis beskôge wurde kin foar de teory dat it gebiet rûnom Oslo al earder bewenne waard.
Oer de oarsprong fan de namme Oslo wurdt noch in protte debatearre. It komt út it Aldnoarsk en wie nei alle wierskynlikens de namme fan in grutte pleats by Bjørvika, mar fan de betsjutting fan de namme is men noch net wis. Oer it algemien geane taalkundigen derfan út dat it orizjinele Óslo of Áslo oerset wurde kin as "greide oan de foet fan in heuvel" of "greide oan God wijd".
Yn 1624 brânde de stêd foar in grut part ôf, wêrnei't de Deensk-Noarske kening Kristiaan IV de stêd wat fierder nei it westen ta, tichter by it kastiel Akershus, weropbouwe liet. Hy neamde de stêd om nei himsels: Christiania. De namme waard yn 1877, doe't der in nije stavering kaam, feroare yn Kristiania. Yn 1925 krige de stêd syn oarspronklike namme Oslo wer werom.
Op 22 july 2011 waard Oslo troffen troch in bomoanslach dêr't acht minsken by om it libben kamen. Inkelde oeren letter waarden 40 kilometer fierderop, op it eilantsje Utøya, 69 minsken fermoarde. De dieder fan beide terreuraksjes is de ekstremistyske Noar Anders Breivik.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeOslo leit yn it súdeasten fan Noarwegen en oan it noardlikste útein fan de Oslofjord. Yn alle rjochtingen, mei útsûndering fan it suden, wurdt de stêd omklamme troch bebeamme heuvels. Oslo bestiet út 40 eilannen, dêr't Malmøya (0,56 km²) it grutste fan is, en 343 marren. Alhoewol't der ferskate rivieren troch Østlandet streame, mûnet dêr net ien fan út by Oslo. Kjerkeberget is mei in hichte fan 629 meter it heechste punt yn de gemeente.
Klimaat
bewurkje seksjeOslo hat in fochtich lânklimaat (Köppen: Dfb) mei mylde winters en it hiele jier troch delslach. De simmers binne frij waarm mei in gemiddelde maksimumtemperatuer fan 22,3 °C yn july. It waarmterekôr is fan 21 july 1901, doe't yn Oslo in temperatuer fan 35 °C mjitten waard. De kâldste moanne fan it jier is jannewaris mei in gemiddelde maksimumtemperatuer fan -0,4 °C. De leechste temperatuer ea waard mjitten op 21 jannewaris 1841, doe't it -29,6 °C wie.
Bestjoer
bewurkje seksjeOslo is in provinsje (Fylke) dy't bestjoerd wurdt troch in stedsried. De boargemaster hat benammen in seremoanjele rol. It bestjoersmodel is unyk yn Noarwegen.
Ekonomy en ferkear
bewurkje seksjeOslo is it finansjele sintrum fan Noarwegen en in wichtich knooppunt foar hannel, bankwêzen, en yndustry. De stêd is ek it sintrum fan de Noarske oalje- en gasyndustry, mei it haadkertier fan in protte grutte bedriuwen yn dy sektor. Toerisme is in oare wichtige ekonomyske sektor, mei in protte besikers dy't komme foar de kulturele en histoaryske besjenswurdichheden. De haven fan Oslo spilet sawol foar it toerisme as yndustry in wichtige rol.
Oslo hat in effisjint en modern iepenbier ferfier systeem mei treinen, metro, trams en bussen dy't de stêd en de omlizzende gebieten ferbine. De stêd hat ek in grutte ynternasjonale lofthaven, Oslo Gardermoen Airport, dy't ferbiningen biedt nei bestimmingen oer de hiele wrâld.
Oslo hat ek in netwurk fan lienfytsen. Foar in lyts bedrach hiert men in paske by de lokale toeristeferiening wêrmei't men op in soad plakken in fyts út de stalling nimme kin. Der binne in soad stallingen yn de stêd, dêr't fytsen útnommen of efterlitten wurde kinne. Faak binne se by toeristyske lokaasjes. De pas hat in jildichheidsdoer fan 24 oeren.
Kultuer en besjenswurdichheden
bewurkje seksjeOslo hat in ryk kultureel erfskip en in ferskaat oan musea, galeryen en teäters. Guon fan de bekendste besjenswurdichheden binne:
- It Akershus, in fort wêrfan't de bou yn 1299 op befel fan Haakon V begûn
- De Opera fan Oslo, in bysûnder bouwurk oan it wetter
- It Vigeland Park, mei mear as 200 bylden fan de keunstner Gustav Vigeland
- It Munch Museum, dat in grutte kolleksje fan wurken fan Edvard Munch hat
- It Keninklik Paleis, de residinsje fan de Noarske keninklike famylje
- Gamlebyen is in lytse oerbliuwsel fan de midsiuwske binnenstêd
Provinsjes fan Noarwegen | ||
---|---|---|
Agder • Akershus • Buskerud • Finnmark • Innlandet • Møre og Romsdal • Nordland • Oslo • Rogaland • Telemark • Troms • Trøndelag • Vestfold • Vestland • Østfold | ||
Eardere provinsjes | ||
Aust-Agder • Bergen • Hedmark • Hordaland • Nord-Trøndelag • Oppland • Sogn og Fjordane • Sør-Trøndelag • Troms og Finnmark • Vest-Agder • Vestfold og Telemark • Viken | ||
· · |