Lytse Wolf
Lytse Wolf (Sjajinsk: Ó’kôhómôxháahketa, útspr.: [oʔkohomoxha:hkɪta]; tradisjonele Ingelske oersetting: Little Wolf; Montana, ±1820 – yn it Noardlike Sjajinne Reservaat (Montana), 1904) wie in opperhaad fan 'e Noardlike Sjajinnen, (Northern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Syn namme soe eins krekter oerset wurde kinne as Lytse Coyote (Ingelsk: Little Coyote). Hy stie bekend as in grut militêr taktikus, en joech yn 1878 mei Stomp Mês lieding oan 'e saneamde Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen, in dramatysk besykjen fan syn folk om te ûntsnappen út it reservaat dat harren tawiisd wie.
Lytse Wolf | ||
Lytse Wolf yn 1868 Fotograaf: Alexander Gardner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ó’kôhómôxháahketa | |
oare namme | Little Wolf, Little Coyote | |
berne | ±1820 | |
berteplak | ? (Montana) | |
stoarn | 1904 | |
stjerplak | yn it Noardlike Sjajinne Reservaat (Montana) | |
etnisiteit | Noardlik Sjajinsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Noardlike Sjajinnen | |
jierren aktyf | ±1845 – 1904 |
Libben
bewurkje seksjeIer libben
bewurkje seksjeLytse Wolf moat berne wêze yn wat letter de steat Montana wurde soe, om 1820 hinne. Tsjin 1860 wied er in foaroansteand lieder fan 'e Noardlike Sjajinnen wurden. Yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen mei de Amerikanen late er in Sjajinske krigerstroep dy't harsels de "Wapitygeweiskrabers" neamden. Hy focht mei yn 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868), wêrby't de Sjajinnen en harren bûnsgenoaten, de Sû (Sioux) en de Arapaho, de Amerikanen tebekdreaune. Yn 1866 wied er belutsen by it saneamde Fetterman-bloedbad of Fetterman-gefjocht, wêrby't de Yndianen in Amerikaansk kavalerydetasjemint fan 81 man ûnder lieding fan kaptein William J. Fetterman oan 'e lêste man ta útrûgen. By it ûndertekenjen fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, yn 1868, wied er ien fan 'e opperhaden dy't de Noardlike Sjajinnen fertsjintwurdigen.
Yn dyselde snuorje waard Lytse Wolf keazen as ien fan 'e stamâldsten dy't in sit hiene yn 'e Sjajinske Rie fan Fjouwerenfjirtich, wat in grutte ear wie. Teffens waard er útroppen ta it Swiet-Medisynopperhaad, útkard om 'e drager te wêzen fan 'e spirituële ynkarnaasje fan Swiet Medisyn, in foaroansteande kultuerheld en spirituële foarfaar fan 'e Sjajinnen. Fanwegen dy earetitel waard der fan him ferwachte dat er boppe sokke leech-by-de-grûnske emoasjes as lulkens stean soe, en inkeld dwaan soe wat it bêste wie foar syn folk ynstee fan foar himsels.
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
bewurkje seksjeYn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 loeken de Noardlike Sjajinnen wer mienskiplik op mei harren tradisjonele bûnsgenoaten, de Sû en de Arapaho. Lytse Wolf focht ek wer mei, sij it net yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, op 25 juny 1876, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrochten. It wiene feitliken ferkenners út it kamp fan Lytse Wolf dy't foarôfgeande oan 'e slach in opsleine itensfoarrie fan 'e Amerikaanske troepen fûnen. Custer naam dêrtroch oan dat de posysje fan syn rezjimint ûntdutsen wie troch de Yndianen, en hoewol't er dêr mis mei wie, makke dat dat er halje-trawalje oanfoel. Nei de slach waard Lytse Wolf in hoartsje fêstholden en hast deadien troch de poerlulke Sû, dy't mienden dat er Custer nei harren ta laat hie. Inkeld syn eigen stiiffêst ûntkennen en it meifjochtsjen fan 'e oare Noardlike Sjajinnen yn 'e slach rêde him by dy gelegenheid it libben. Letter wie Lytse Wolf op 17 july belutsen by de Slach by Warbonnet Creek, in skermutseling dy't net folle om 'e hakken hie.
Oerjefte en deportaasje
bewurkje seksjeDe Amerikanen, dy't harren foar de fernedering oan 'e Little Bighorn wreekje woene, brochten yn it neijier fan 1876 de Noardlike Sjajinnen slim yn 'e benearing. Ein novimber ferneatigen se 153 Sjajinske tipys en makken se 500 hynders bút yn it foar de Yndianen rampsillich ferrûne Gefjocht fan Stomp Mês. Sadwaande wie Lytse Wolf twongen om him begjin 1877, yn 'e mande mei de measte oare leden fan syn folk, oer te jaan.
De Noardlike Sjajinnen ferwachten dat se, no't se de striid opjûn hiene, neffens de ôfspraken fan it Ferdrach fan Fort Laramie nei it Grutte Sû Reservaat yn 'e Black Hills stjoerd wurde soene, mar ynstee waarden se nei it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma) deportearre om har yn it reservaat fan 'e Súdlike Sjajinnen nei wenjen te setten. De libbensomstannichheden dêre wiene poermin, der wie net genôch iten en der hearske malaria.
De Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen
bewurkje seksjeSadwaande laten Lytse Wolf en in oar opperhaad, Stomp Mês, op 9 septimber 1878 in grutte troep Noardlike Sjajinnen werom nei it noarden, in barren dat bekend stiet as de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen. Se wisten de Amerikaanske troepen, dy't har hjitfolgen, te ûntwiken en yn in rige skermutelings op in ôfstân te hâlden, mar nei't se útinoar gien wiene, waard de groep fan Stomp Mês ein septimber besingele en finzen nommen by Fort Robinson, yn 'e steat Nebraska, wat úteinlik útrûn op it saneamde Bloedbad fan Fort Robinson. De groep fan Lytse Wolf wist lykwols nei in lange tocht Montana te berikken, dêr't se úteinlings tastimming krigen om te bliuwen. Yn 1884 krigen se yn súdeastlik Montana it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat tawiisd.
Letter libben
bewurkje seksjeLetter naam Lytse Wolf, lykas in protte Noardlike Sjajinnen, as ferkenner tsjinst by it Amerikaanske Leger, ûnder generaal Nelson A. Miles. Ek wied er behelle yn in deilisskip dy't draaide om ien fan syn dochters, en resultearre yn 'e dea fan in kriger dy't fan Ferhongerjende Wapity hiet. Nei't der sein waard, wie Lytse Wolf dronken doe't er de man op 12 desimber 1880 by de hannelspost fan Eugene Lamphere deaskeat. Ut skamte foar syn die gied er dêrnei jierrenlang frijwillich yn ballingskip. Uteinlings kaam er lykwols werom, en fêstige er him yn it Noardlike Sjajinne Reservaat, dêr't er yn 1904 ferstoar. Hy waard te hôf brocht yn Lame Deer, it haadplak fan it reservaat. George Bird Grinnell, in blanke soölooch en etnograaf dy't it libben fan Lytse Wolf dokumintearre hie en dêrby goed mei it opperhaad befreone rekke wie, neamde him "de grutste Yndiaan dy't ik ea kend haw."
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side. |