Maria van Everdingen

Maria Johanna van Everdingen (De Bilt, 22 desimber 1913 - Skearnegoutum, 30 juny 1985) wie in Nederlânsk byldhouwer.[1]

Maria van Everdingen
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maria Johanna van Everdingen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 desimber 1913
berteplak De Bilt
stoarn 30 juny 1985
stjerplak Skearnegoutum
wurkpaad
wurksum as Byldhouwer
streaming Figurative keunst

Van Everdingen krige har oplieding oan de Ryksakademy foar Byldzjende keunsten yn Amsterdam. Se hat tenearsten keazen foar de grafyske rjochting, pas letter begûn se mei byldhouwen. Se gie nei Wenen om fierder te learen oan de Akademie Bildende Künste, mar stoppe doe't Adolf Hitler yn 1938 Eastenryk yn foel. Teffens studearre se oan de Konstfackskolan yn Stockholm en makke stúdzjereizen nei Italië, Hongarije en Roemenië. Sy eksposearre en krige opdrachten yn binnen- en bûtenlân. [2]

Yn 1958 gie Van Everdingen werom nei Nederlân, dêr't se sûnt 1965 yn Fryslân wenne hat.
Har figurative skulptueren hat se makke yn brûns en stien. Sy wie lid fan it Boun fan Fryske Keunstners en de Nederlânske Beropsferiening fan Byldzjende Keunstners.

Blauhûs

  • Fôle fan Frysk Hynder (1970)

Haulerwyk

  • Feanarbeidershúshâlding (1978)

De Jouwer

  • Fôle fan Frysk Hynder (1970)

Ljouwert

  • Jonge mei fûgeltsje (1965)
  • Bern bouwe troch (1971)

Noardwâlde

  • De Fluitsjende Reidflechter (1973)

Nijewier

Snits

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje