Papoea Nij-Guineä

Independent State of
Papua New Guinea
Flagge fan Papoea Nij-Guineä Wapen fan Papoea Nij-Guineä
Flagge Wapen
Lokaasje fan Papoea Nij-Guineä
Offisjele taal Ingelsk, Hiry Motu, Tok Pisin
Haadstêd Port Moresby
Steatsfoarm Parlemintêre monargy
Ynwenners (2009) 6.057.263
Munt kina (PGK)
Tiidsône UTC +10
Nasjonale feestdei 16 septimber
Lânkoade PNG
Ynternet .pg
Tillefoan 675

Papoea Nij-Guineä (of Papoea-Nij-Guinea of in fariant fan beide skriuwfoarmen) is in lân yn Oseaanje dat it eastlike part fan it eilân Nij-Guineä beslaat. De haadstêd is Port Moresby.

It lân wurdt begrinzge troch:

 
Mount Tavurvur op Papoea-Nij-Guineä.

Papoea-Nij-Guineä is foar it grutste part bercheftich, en bedekt mei reinwâld. Allinnich by de kust lâns lizze inkele lytse flakten. It lân leit oan in tektoanyske breukline, ierdskoddings en tsûnamy's komme dan ek frekwint foar.

It grutste part fan it lân bestiet út it eastlike diel fan Nij-Guineä, dêr't ek de haadstêd Port-Moresby op leit, de Bismarck-arsjipel en alderlei eilângroepen yn Melaneezje.

Ek al leit Papoea Nij-Guineä tichteby de evener, der lizze wol berchpiken dêr't geregeldwei snie falt. De heechste berch is Mount Wilhelm op 4.509 meter hichte. It lân wurdt trochsnien troch de rivier de Sepik.

It eilân Nij-Guineä wurdt al mear as 40.000 jier bewenne. Yn de 16e iuw waard it troch Portegeeske seelju ûntdekt en troch de Nederlanners waard it westlike part fan it eilân in Nederlânske koloanje makke. It easten fan it eilân, it tsjintwurdige Papoea Nij-Guineä soe pas op de ein fan de 19e iuw besit wurde fan Dútslân en it Feriene Keninkryk. Begjin 20e iuw waard it hiele eastlike diel Australysk. Yn 1975 waard it selsstannich as Papoea Nij-Guineä.

 
In man fan de Huly-stam (Tary Heechlannen)

Neffens de folkstelling fan 2009 hie Papoea Nij-Guineä 6.057.263 ynwenners. It alfabetiseringspersintaazje is 64,6% en de libbensferwachting leit op 64,56 jier.

Etnyske kloften en talen

bewurkje seksje

De befolking bestiet foar it meastepart út Papoeas en Melaneezjers. De wichtige talen dy't sprutsen wurde, binne it Hiry Motu, Tok Pisin en it Ingelsk.

Yn Papoea Nij-Guineä jildt frijheid fan leauwen. Yn 2000 wie 96% fan de befolking kristlik, in protte kristenen hawwe dit leauwen fermong mei âldere tradisjonele eleminten. De katolike tsjerke is de grutste kloft (27% fan de befolking), de Luteranen omfiemje 19,5%, de "United Church" 11,5%, 10% is adventist, 8,6% heart by de pinkstergemeente, 5,2% ta de evangelyske alliânsje, 3,2% is anglikaans , 2% baptist en 8,9% heart by in oare protestantske groepearring.

De grutste net-kristlike godstsjinst is it bahaïsme (3,3%). Fierders binne oer it lân noch ferspraat foarkommende tradisjonele godstsjinsten, meastentiids natoerreligyen, dy't ûnder oare oan foarâlden ferearjen dogge.