Red Sonja (film)

film út 1985 fan Richard Fleischer

Red Sonja is in Amerikaansk-Nederlânsk-Italjaanske fantasy-aventoerefilm út 1985 ûnder rezjy fan Richard Fleischer, mei yn 'e haadrollen Brigitte Nielsen en Arnold Schwarzenegger. De titel betsjut "Reade Sonja", en ferwiist nei de haadpersoan. Dy is foar in diel basearre op Reade Sonja fan Rogatino, in personaazje dat foarkomt yn it koarte ferhaal The Shadow of the Vulture fan Robert E. Howard, en foar in part op (it dêrfan ôflate) stripfiguer Reade Sonja fan Marvel Comics. It ferhaal fynt plak tsjin 'e eftergrûn fan it Hyboarysk Tiidrek en is sadwaande nau besibbe mei de films oer Conan de Barbaar, mar Conan komt yn 'e film net foar (al fertolket Schwarzenegger in rol dy't dêr hiel sterk op liket). De film folget de heldinne Reade Sonja as hja it opnimt tsjin 'e sljochtsinnige keninginne Gedren, dy't út is op oerhearsking fan 'e hiele wrâld. Red Sonja ûntfong oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, en flopte yn 'e bioskopen. Tsjintwurdich wurdt de film lykwols beskôge as in cultklassiker.

Red Sonja
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Richard Fleischer
produsint Christian Ferry
útfierend
   produsint
A. Michael Lieberman
senario Clive Exton
George MacDonald Fraser
basearre op Reade Sonja fan Rogatino
   fan Robert E. Howard
Reade Sonja fan Marvel Comics
kamerarezjy Giuseppe Rotunno
muzyk Ennio Morricone
filmstudio Dino De Laurentiis Cinemato-
   grafica
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer/UA
spilers
haadrollen Brigitte Nielsen
Arnold Schwarzenegger
byrollen Sandahl Bergman
Paul L. Smith
Ernie Reyes jr.
Ronald Lacey
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Nederlân
Itaalje
premiêre 3 july 1985
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 89 minuten
budget en resultaten
budget $17,9 miljoen
opbringst $6,9 miljoen

Reade Sonja is in tsjeppe, readhierrige jonge frou, op wa't it each fan 'e boasaardige keninginne Gedren falt. As hja lykwols de seksuele avânses fan 'e keninginne ôfstegeret, nimt Gedren wraak troch Sonja har âldelju en broer fermoardzje en Sonja sels troch har soldaten ferkrêftsje te litten. Neitiid wurdt Sonja besocht troch in geast dy't har de krêft skinkt om wraak te sykjen. Hja lit har traine yn it swurdfjochtsjen troch in ferneamd swurdmaster.

Underwilens is Gedren út op 'e oerhearsking fan 'e hiele wrâld. Dêrta siket se de Talisman, in foarwerp fan grutte macht dat oarspronklik troch de oppergod brûkt is by de skepping fan 'e wrâld. Trochdat bleatstelling oan ljocht it almar machtiger makket, sil it no lykwols net lang mear duorje foar't de Talisman mei stoarmen en ierdbevings de wrâld ferneatigje sil. It foarwerp is op 'e noed fan 'e hege hear fan Hyrkania, mar om't inkeld froulju it ding oanreitsje kinne sûnder te ferstjerren, hat dy it lang lyn yn bewarring jûn oan in oarder fan preesteressen.

De hegepreesteresse hat no besletten dat, om 'e wrâld te rêden, de Talisman yn ivich tsjuster opsletten wurde moat. Dat wurdt beävensearre mei in plechtige seremoanje, mar wylst it ritueel noch geande is, wurde de preesteressen oanfallen troch de Gedren en har soldaten. Dy wurde de preesteressen oermânsk. De hegepreesteresse en de measten fan har ûnderhearrigen komme om, en dejingen dy't finzen nommen binne, lit Gedren neitiid yn it ivich tsjuster smite, wylst se har de Talisman ta-eigenet.

De iennichste dy't oan it bloedbad ûntkomme kin, is de preesteresse Varna, dy't lykwols op har flecht yn 'e rêch sketten wurdt mei in pylk. Hja wurdt fûn troch Kalidor fan Hyrkania, dy't te let arrivearret foar it ritueel om't Gedren har trewanten in toubrêge trochsnien hiene sadat er omride moast. Hy weeft handich ôf mei Varna har efterfolgers, wêrnei't er de preesteresse op har fersyk by har suster Sonja bringt. Varna jout har de opdracht om de Talisman werom te winnen en te ferneatigjen, om't oars de wrâld mei koarten ferkomme sil. Kalidor, dy't net fertelt dat er de hege hear fan Hyrkania is, biedt Sonja syn help oan, mar Sonja, dy't nei har ferkrêfting erchtinkend wurden is foar alle manlju oer, slacht dat oanbod ôf en set op eigen manneboet útein op har kweeste.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

In ûnnatuerlike stoarm yn 'e fierte, dy't derop wiist dat immen (d.w.s. Gedren) de macht fan 'e Talisman brûkt, liedt Sonja nei de stêdsteat Habloc, dy't se mei de grûn lyk makke oantreft. Hja moetet dêr de tsienjierrige prins Tarn, de arrogante hearsker fan Habloc, en syn trouwe tsjinner en liifwacht Falkon, dy't Gedren op wrede wize efterlitten hat sadat de jonge yn in ûnderierdske lavastream falle sil as Falkon wurch wurdt. Sonja helpt Falkon om 'e prins te rêden, en heart fan harren dat Gedren mei de Talisman de stêd ferwoastge hat. Alle oare bewenners binne omkommen of op 'e flecht slein nei't Tarn wegere syn keninkryk oer te jaan.

Tarn kundiget oan dat er in nij leger gearbringe sil dêr't er Gedren mei ferslaan sil, en biedt Sonja oan om kokkinne yn dat leger te wurden. Dat oanbod slacht se ôf. As se fan Falkon begrypt dat Gedren har machtsbasis Berkubane is, it Keninkryk fan 'e Ivige Nacht, set se ôf dêrhinne. Om dêr te kommen, moat se troch in tolpoarte dy't behearske wurdt troch de rôverhaadman Brytag. Sonja daget him út ta in twakamp, mar as se him ferslein hat, hâlde syn trewanten harren net oan 'e ôfspraak om har gean te litten. Se wurdt rêden troch Kalidor, dy't har temûk folge is. Sa slagget Sonja troch de tolpoarte, wylst Kalidor efterbliuwt om mei de trewanten fan Brytag ôf te weven.

Neitiid moetet Sonja Tarn en de folle pleage Falkon op 'e nij yn in wâld, dêr't strûkrôvers de jonge prins te pakken krigen hawwe en martelje om oan jild te kommen, wylst Falkon fuort is op jacht. Sonja rêdt Tarn fannijs, en neitiid akseptearret se him en Falkon as selskipslju op har reis. Se stekke de grins fan Berkubane oer, dy't foarme wurdt troch in djippe kleau mei in lavastream op 'e boaiem, fia in brêge dy't foarme wurdt troch it skelet fan in reuseftich skepsel út lang ferfleine tiden. Yn har kastiel folgje Gedren en har hofmaster Ikol it neieroankommen fan Sonja, Falkon en Tarn troch de bylden dy't de hoftsjoender foar de keninginne opropt. Hja oarderet dat se troch de macht fan 'e Talisman te brûken nei in grot fol wetter dreaun wurde moatte, dêr't de "ichtyske moardmasine" mei Tarn en Falkon ôfweve kin, hoewol't se Sonja libben yn 'e hannen krije wol.

Troch poermin waar wurde Sonja-en-dy neitiid twongen om beskûl te sykjen yn in grot. Sy is de iennichste dy't it spul net alhiel fertrout. As se djipper de grot yngeane, komme se fêst te sitten yn in fluch fol wetter rinnend diel, dêr't op in stuit in masine opdûkt yn 'e foarm fan in wetterdraak, dy't harren besiket te deadzjen. Op 'e nij dûkt Kalidor op, dy't it fierhinne ûnkwetsbere meganyske meunster mei help fan Sonja wit te ferslaan troch it de eagen út te stekken, sadat it harren net mear sjen kin.

Neitiid akseptearret Sonja Kalidor ek as reismaat, fral as er har einlings fertelt dat er de hege hear fan Hyrkania is en dat de Talisman eins syn ferantwurdlikheid is. Sy beiden hawwe geandewei dúdlik gefoelens foarinoar ûntwikkele, mar Sonja warskôget Kalidor lykwols dat se in eed sward hat dat gjin man har hawwe mei, of it moat wêze dat er har ferslacht yn in swurdgefjocht. Hy nimt dy útdaging oan. Der folget in swurdgefjocht dat enerzjyk begjint, mar neigeraden dat bliken docht dat se folslein oaninoar weage binne, feroaret yn in útputtingsslach. Oeren letter einiget it yn ympasse as se allebeide te wurch binne om it swurd noch op te tillen.

Nei't se Gedren har kastiel berikt hawwe, ynfiltrearje Sonja, Kalidor en Falkon dêre. Om 'e jonge Tarn te beskermjen, manipulearje se him om efter te bliuwen en de tagongspoarte te bewekjen. Underwilens is der ûnienichheid ûntstien tusken Ikol, dy't de Talisman tenei yn it tsjuster bewarje wol om't it ding dúdlik te machtich wurdt, en Gedren, dy't no sljochtsinnigens iepenbieret en seit dat de Talisman noch helte machtiger wurde moat om har oan 'e wrâldhearskippij te helpen. As Ikol mei in sekfol bút fan ruten spilet, treft er Tarn oan 'e poarte, dy't him ferslacht en deadocht as er by fersin de poarte tichtrôlje lit as Ikol der trochgiet, sadat de hofmaster fyndrukt wurdt. Neitiid bejout Tarn him djipper yn it kastiel.

Dêr weve Kalidor en Falkon ôf mei de kastielwachters, wylst Sonja Gedren yn har troanseal oantreft en mei har fjochtet. Har hoftsjoender jout har in ûnearlik foardiel, mar Sonja kriget de man troch en slacht him dea. Dêrnei folget se de flechtsjende Gedren nei de Keamer fan 'e Ljochten, dêr't de keninginne de Talisman middenmank tûzenen baarnende kjersen pleatst hat. Kalidor en Falkon witte tegearre it falstek dat de tagong ta dy romte tichtset, justjes op te tillen, en de flugge Tarn krûpt derûndertroch. De oanhâldende ierdbevings dy't feroarsake wurde troch de te machtich wurden Talisman, soargje lykwols dat Tarn fêst komt te sitten. Dochs spilet er noch in rol fan krúsjaal belang as er Sonja krekt op it juste momint warskôget foar in oanfal fan Gedren yn har rêch. Dêrop wurdt Sonja Gedren oermânsk en deadet har. Mei't de ierdbevings de flier fan 'e keamer midstwa riten hawwe, smyt se de Talisman yn 'e djippe ôfgrûn, dêr't it ding ferswolge wurdt troch de lava.

Sonja helpt Tarn om los te kommen en mei help fan Kalidor en Falkon witte se út 'e Keamer fan 'e Ljochten te kommen. Dêrnei hawwe se der noch klauwen oan om op 'e tiid út it ynstoartende kastiel te ûntsnappen. Earder hie Sonja tsjin Tarn sein dat er nea in echte man wêze soe oant er tankberens en selsopoffering leard hawwe soe, en as se by de poarte fêst komme te sitten, lit Tarn sjen dat er dy eigenskippen yndie oanleard hat, mei't er wer nei binnen dûkt om 'e poarte te iepenjen en syn trije selskipslju te rêden. Uteinlik witte de oaren him lykwols ûnder in delstoart bynt troch te slepen, sadat se fjouweresom ûntkomme kinne. Prins Tarn en Falkon sette ôf om Habloc wer op te bouwen, wylst Sonja en Kalidor inoar op 'e nij mei it swurd te liif geane, foar't harren fjochtsjen oergiet yn tútsjen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Brigitte Nielsen (1985).
 
Arnold Schwarzenegger (1984).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Reade Sonja Brigitte Nielsen
Kalidor fan Hyrkania Arnold Schwarzenegger


byrollen
personaazje akteur/aktrise
keninginne Gedren fan Berkubane Sandahl Bergman
Falkon Paul L. Smith
prins Tarn fan Habloc Ernie Reyes jr.
Ikol Ronald Lacey
Brytag Pat Roach
Djart Terry Richards
Varna, Sonja har suster Janet Agren
hegepreesteresse Kendra Donna Osterbuhr
Gedren har tsjoender Tutte Lemkow
Gedren har mêtresse Lara Naszinsky
de swurdmaster Tad Horino
Sonja har heit Hans Meyer
Sonja har mem Francesca Romana Coluzzi
Barlok, Sonja har broer Stefano Maria Mioni
Kyobo Kiyoshi Yamasaki
liifwacht fan Brytag #1 Sven-Ole Thorsen
liifwacht fan Brytag #2 Erik Holmey

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

De haadpersoan fan Reade Sonja út 'e film wie basearre op Reade Sonja fan Rogatino, in personaazje út it koarte ferhaal The Shadow of the Vulture, út 1934, fan Robert E. Howard. Dat is lykwols in histoarysk koart ferhaal, dat spilet yn 'e iere santjinde iuw. De eftergrûn fan 'e film wurdt foarme troch it Hyboarysk Tiidrek, dat ûntliend is oan Howard syn ferhalen oer de held Conan de Barbaar. (Yn 'e film komt Conan sels net foar, hoewol't Arnold Schwarzenegger in rol spilet dy't sterk op him liket.) De Reade Sonja út 'e film liket sadwaande eins mear op it stripfiguer mei deselde namme út 'e stripalbums fan Roy Thomas en Barry Windsor-Smith, dy't fan 1973 ôf útkamen by útjouwerij Marvel Comics. Thomas en Windsor-Smith basearren harren Reade Sonja ek op it personaazje út The Shadow of the Vulture, mar makken fan har it prototype fan 'e yn maaljenbikiny klaaide barbaarske heldinne.

Red Sonja waard regissearre troch Richard Fleischer, dy't yn 1983 ek de soartgelikense fantasyfilm Conan the Destroyer makke hie. Hy wurke nei in senario fan Clive Exton en George MacDonald Fraser. As produsint wie Christian Ferry by it projekt belutsen foar de filmstudio Dino De Laurentiis Cinematografica fan Dino De Laurentiis. As útfierend produsint hie A. Michael Lieberman it tafersjoch oer it hiele projekt, dêr't in budget foar beskikber wie fan $17,9 miljoen. In diel dêrfan waard finansierd út Nederlân wei, wat Red Sonja ta in Amerikaansk-Nederlânsk-Italjaanske ko-produksje makke. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Giuseppe Rotunno, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de grutte Italjaanske filmkomponist Ennio Morricone.

Dino De Laurentiis hie der klauwen oan om in gaadlike aktrise te finen foar de titelrol fan Red Sonja. Sandahl Bergman, dy't yn Conan the Barbarian (1982), in eardere produksje fan Dino De Laurentiis Cinematografica, de rol fan Valeria spile hie (in dievegge op wa't Conan de Barbaar fereale rekket), waard yn earste ynstânsje de rol fan Reade Sonja oanbean. Hja sloech dat oanbod lykwols ôf en keas derfoar om ynstee de rol fan 'e antagoniste, keninginne Gedren, op har te nimmen. Letter beävensearre De Laurentiis in moeting mei Laurene Landon, en stied er op it punt om har de rol fan Reade Sonja oan te bieden, doe't er ûntdiek dat sy earder yn 'e film Hundra in soartgelikense rol spile hie. Hy besleat doe net troch te setten om't er fûn dat de beide rollen tefolle opinoar lieken.

Neitiid wie De Laurentiis der hast in jier mei besteld om in gaadlike haadrolspylster te finen, mei't er in frou socht mei it "uterlik fan in Amazône". Acht wiken foar't de opnamen begjinne soene, hie syn syktocht noch altyd gjin fertuten dien. Doe seach er in foto fan 'e 21-jierrige Deenske mannekên Brigitte Nielsen op 'e omslach fan in moadeblêd. De Laurentiis socht kontakt mei har en liet har nei Rome fleane foar in audysje, wêrnei't er har yn 'e haadrol fan syn film caste, ek al hie se gjin inkele ûnderfining as aktrise.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Red Sonja waard fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer/United Artists. De film gie op 3 july 1985 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Red Sonja oer it algemien negative resinsjes. Sa lieten de foaroansteande resinsinten Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times en Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune allebeide de film ôfrinne, hoewol't Ebert fan miening wie dat de film noch wol goede punten hie as men it as in parody op it fantasyfilmsjenre beskôge (sa't Red Sonja net bedoeld wie). Arnold Schwarzenegger omskreaun Red Sonja yn 2012 as "de minste film dy't ik ea makke haw".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Red Sonja in leech goedkarringspersintaazje fan 15%, basearre op 27 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er saai, min regissearre en alderraarst miscast is, foarmet [de film] in ûnynspirearre beslút fan Schwarzenegger syn barbaarske trilogy." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Red Sonja in goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 6 resinsjes. Tsjintwurdich hat de film lykwols gâns oanhing as in cultklassiker.

Red Sonja brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $6,9 miljoen op. As men dy opbringst ôfset tsjin it budget fan $17,9 miljoen betsjut dat in ferlies fan $11 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by komme. Brigitte Nielsen 'wûn' foar har rol yn 'e film in Golden Raspberry Award yn 'e kategory minste nije stjer. Hja waard ek nominearre foar de priis foar minste aktrise, en Sandahl Bergman waard nominearre yn 'e kategory minste byrol fan in aktrise.

In ferfolch op of, wierskynliker, remake fan Red Sonja wurdt al jierren oan wurke. Yn 2008 wiene Robert Rodriguez en syn filmstudio Troublemaker Studios dwaande mei in ferzje wêryn't Rose McGowan de titelrol fertolke hawwe soe. Dat projekt waard yn 2009 lykwols skrast. Yn febrewaris 2010 makke studio Nu Image bekend dwaande te wêzen mei de preproduksje fan in oare Red Sonja-film, dy't regissearre wurde soe troch Simon West. Filmprodusint Avi Lerner sei dat er graach Amber Heard, mei wa't er gearwurke hie foar Drive Angry, yn 'e haadrol sjen woe. Yn augustus 2012 makke Lerner lykwols bekend dat it projekt muorrefêst kommen wie te sitten.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

films basearre op 'e wurken fan Robert E. Howard
Conan the Barbarian (1982) • Conan the Destroyer (1984) • Red Sonja (1985) • Kull the Conqueror (1997) • Solomon Kane (2009) • Conan the Barbarian (2011)