Siem Vroom
Simon (Siem) Vroom (Beemster, 22 april 1931 – Amsterdam, 6 juny 1985) wie in Nederlânsk akteur.
Siem Vroom | ||
akteur | ||
Siem Vroom (1980) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Simon Vroom | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 22 april 1931 | |
berteplak | Beemster | |
stoarn | 6 juny 1985 | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1956-1985 | |
prizen | Louis d'Or | |
offisjele webside | ||
Profyl Vroom yn de IMDb |
Karriêre
bewurkje seksjeSiem Vroom helle yn 1956 syn diploma oan de Toanielakademy Maastricht. Hy debuteaare by Theater as Gus Ski Jablonski yn In de laatste minuut. Hy bleau trou oan Theater oant 1970, op in koarte ûnderbrekking nei, wêrnei't er by Globe en it Publiekstheater warber wie. Yn 1974 joech Vroom by it Zuidelijk Toneel Globe yn Equus stal oan de psychiater Martin Dysart.
Op telefyzje wie er ek in protte te sjen, lykas yn De Kris Pusaka en Erik of het klein insectenboek, nei it boek fan Godfried Bomans. Yn "Breaking the Code" (1984) spile er Alan Turing. Syn lêste rol op telefyzje wie dy fan kardinaal Granvelle yn Willem fan Oranje. Yn 1974 en 1985 wûn er de Louis d'Or.
Yn de bioskoop wie er ûnder oare te sjen yn de spylfilms Brandende liefde en De Lift, beide út 1983. Ek hied er in lyts roltsje as Nederlânsk fersetsman yn 'e oarlochsfilm A Bridge Too Far (1977), oer de Slach om Arnhim.
Siem Vroom wie sûnt 1981 oanhelle mei de spiersykte ALS. Hy stoar oan de gefolgen dêrfan yn 1985 mei 54 jier.