De Wite See (Russysk: Белое море, Beloje More) is in rânesee fan de Barentssee yn de Noardlike Iissee mei in oerflakte fan 90.000 km², dy't omsletten wurdt troch Ruslân. De tagong nei de Barentssee leit tusken de skiereilannen Kola (dat part fan Laplân is) yn it westen en Kanin yn it easten.

Wite See
geografy
type wetter rânesee, binnensee
lokaasje noardlik Jeropeesk Ruslân
lân Ruslân
ûnderdiel fan Noardlike Iissee
sifers
maks. lingte 160 km
maks. breedte 93 km
oerflak 90.000 km²
djiptegemiddelde 60 m
djipste punt 340 m
wetterfolume 5.400 km³
kaart
Wite See (Jeropeesk Ruslân)
Wite See
Lokaasje yn Jeropeesk Ruslân

De Wite See hat trije grutte baaien: de Kandalaksjabaai, de Onegabaai en de Dvinabaai. Yn it noardeasten leit noch in fjirde baai: de Mezenbaai.

 
Satellytfoto Wite See

De Noardlike Dvina levert it measte wetter oan. Ek de Mezen, dy't yn it uterste noardeasten fan de see útmûnet, is in grutte wetterleveransier. De see leit foar it grutste part besuden de Poalsirkel en is it grutste part fan it jier beferzen.

De foarnaamste haven oan de Wite See is dy fan Archangelsk by de mûning fan de Noardlike Dvina. De stêd Severodvinsk justjes westliker hat in nukleêre-ûnderseeboatbasis. Lytsere stêden oan de see binne Kandalaksja, Kem en Onega. Oan it begjin fan de Onegabaai lizze de Solovetsky-eilannen.

Sûnt 1933 ferbynt in 227 kilometer lang kanaal, it Wite See-Eastseekanaal (Belomorsko-Baltijskij kanal) de see mei it Onegamar en dêrmei ek mei de Eastsee. It is it langste kanaal fan Europa.

De hiele Wite See falt ûnder Russysk bestjoer en wurdt beskôge as binnenwetter fan Ruslân.

It Klima wurdt troch it kontinint bepaald: de winter duorret lang en is strang mei temperatueren oant –30 °C, mar de simmer mei waarn hjitte. De lofttemperatuer wurdt dan regelmjittich oant 30 °C, mar komt meast net boppe de 15-20 °C. De wettertemperatuer is it heechst yn augustus en berikt dan 14-15 °C yn de Kandalakscha-Bocht, 12-13 °C yn it sintrale bekken, 20-24 °C yn de flauwe ynholten. Winterdeis binne dielen fan de see tichtferzen, lykwols friest de see allinne yn tige strange winters hielendal ticht. De temperatuer yn de boppeste wetterlagen lizze yn dit seizoen ticht by it friespunt, 0 oant -1,9 °C; dat hinget mei ôf fan it sâltgehalte op ferskillende plakken. Under in djipte fan likernôch 130 m bliuwt de temperatuer it hiele jier troch konstant (-1,4 °C).

Keppelings om utens

bewurkje seksje