Wytmarsum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Op de himrik fan Wytmarsum lizze ek de buorskippen It Fliet, Harkesyl, De Kampen en Kâldehuzum.

Wytmarsum
Arumerdyk
Arumerdyk
Emblemen
               
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 1.795 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 6' NB, 5° 28' EL
Offisjele webside
http://www.witmarsum.net
Kaart
Wytmarsum (Fryslân)
Wytmarsum
Kaart
Arumerdyk
Himrik fan Wytmarsum yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel.

Wytmarsum leit tichteby A7 tusken de Ofslútdyk en Boalsert yn de buert fan Arum, Penjum en Wûns.

It doarp hat 1.795 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Ut argeologyske fynsten hat bliken dien dat it doarp yn 'e iere midsiuwen op in terp ûntstie. Al yn 'e midsiuwen hat it doarp him yn 'e rin fan 'e tiid bûten de terp útwreide.

It plak waard foar it earst yn 1270 as Witmarsum neamd. Oare âlde namme binne Witmerzim (1400), Withmarsum (1456) en Witmaersum (1505). De namme tsjut op it wenplak (hiem/um) fan Witmer.

 
De Koepeltsjerke.

Yn 1496 waard Menno Simons yn Wytmarsum berne. Hy is de ienige tsjerkeherfoarmer fan Nederlânske komôf, dy't in streaming neilitten hat mei mienskippen dy't rûnom op 'e wrâld te finen binne. Geregeldwei komme der mennoniten nei it doarp om mei it berteplak fan Minne Simons yn 'e kunde te kommen. Krekt bûten Wytmarsum stiet in monumint op it plak oan It Fliet dêr't Simons preke hat.

De tsjerke fan no is fan 1633, mar al yn de 10e iuw stie op it plak de oan Martinus wijde tsjerke. Menno Simons wie dêr pastoar, doe't er yn 1535 ôfstân naam fan it katolisisme en foarman waard fan de minnisten.

 
Bongastate.

Yn it doarp stiene eartiids ferskillende states, lykas de Aylvastate. It doarp krige yn 1896 in molkfabryk, 'De Goede Verwachting'. Mei de fúzje fan it molkfabryk yn 1965 mei dy fan Warkum kaam der yn 1966 in ein oan De Goede Verwachting.

Oant 2011 wie Wytmarsum it haadplak fan de doe ophefte gemeente Wûnseradiel.

It doarpsbelang fan Wytmarsum waard yn 1959 oprjochte. De doarpskrante fan Wytmarsum hjit 'De Koepel'. Aktiviteiten wurde organisearre troch it WOK (Wytmarsumer Ferdivedaasje Komitee). Mounewetter is it iepenloft swimbad fan Wytmarsum.

 
Nikolaas fan Tolentyntsjerke.
 
Eardere gemeentehûs Wûnseradiel.

It doarp hat fjouwer buertferienings: Fan Keats oant Harke, De Hikkesluters, It Klompke en De Stoarmhoeke. Doarpskrante is De Koepel.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 1999 2004
Ynwenners 659 1628 1601 1516 1468 1546 1816 1804
Jier 2015 2020
Ynwenners 1733 1758
 
Pim Mulier.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
De Undernimming.

Midden yn it doarp stiet de Koepeltsjerke. Oan de râne fan it doarp stiet sûnt ein 19e iuw de katolike Nikolaas fan Tolentyntsjerke.

East oan 'e doarpsrâne stiet oan de Wytmarsumer Feart de yn 1850 boude nôt- en pelmole De Undernimming. Sa'n 2,5 km eastlik fan Wytmarsum stiet de Pankoekstermûne, in út 1900 datearjende poldermole.

 
Molewei.

Alle strjitten fan Wytmarsum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline

  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·