Springe nei ynhâld

Siegfried van Praag

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 feb 2018 om 02.05 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Siegfried van Praag
skriuwer
Siegfried van Praag (1962)
Siegfried van Praag (1962)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Siegfried Emanuel van Praag
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 8 augustus 1899
berteplak Amsterdam
stoarn 16 maart 2002 (102 jier)
stjerplak Brussel
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Roman, essay
offisjele webside
DBNL-profyl

Siegfried Emanuel van Praag (Amsterdam, 8 augustus 1899Brussel, 16 maart 2002) wie in Nederlânsk skriuwer en learaar.

Hy wie in soan fan de joadske diamantêr Herman fan Praag en Grietje de Jongh. Hy stdearre Frânsk oan de Universiteit fan Amsterdam en waard dêrnei learaar Frânsk oan in HBS yn Purmerein. Yn 1925 publisearre er syn earste roman, De Weegschaal, de earste fan sa'n sechtich boeken. Datselde jier troude er mei de sjoernaliste Hilda Sanders. Teffens publisearre er yn dyn tiid artikelen oer Joadske en Frânske literatuer. Yn 1936 festige er him yn Brussel. Doe't de Dútsers Nederlân en België yn maaie 1940 ynfoelen flechte er mei har nei Londen; hy wurke dêr by de Nederlânske en Belgyske radioprogrammes fan de BBCradio.

Nei de oarloch gie er werom nei Nederlân en joech er les op ferskate skoallen. Hy joech ûnder oare Frânske taal en literatuer it Lyseüm yn Overveen en letter oan de MU-opliedingen oan de Nutsakademy te Rotterdam. Yn 1973 ferskynde syn autobiografy De Arend en de Mol. Hy bleau ek romans (mei autobiografyske eleminten) publisearjen, oant yn de jierren tachtich, doe't er dochs al in bytsje fergetten wie.

Van Praag stoar yn de âldens fan 102 jier yn in Brusselsk fersoargingshûs.

In kar:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: