Springe nei ynhâld

Nasjonale Yndiaanske Jeugdried

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Nasjonale Yndiaanske Jeugdried
National Indian Youth Council
algemiene ynformaasje
ôfkoarting NIYC
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. stifting
wurkmêd Yndiaansk aktivisme
haadkertier Gallup (Nij-Meksiko)
off. taal Ingelsk
oprjochte 1961
oprjochter sjoch tekst
orgaan ABC: Americans Before Columbus
tal leden > 15.000
aktyf yn de Feriene Steaten
offisjele webside
www.niyc-alb.org

De Nasjonale Yndiaanske Jeugdried, Ingelsk: National Indian Youth Council (NIYC) is in Amerikaanske jongereinorganisaasje en de op ien nei âldste nasjonale Yndiaanske organisaasje fan 'e Feriene Steaten. De NIYC waard yn 1961 oprjochte troch in groep jonge Yndiaanske minskerjochte-aktivisten, mei as doel om mei û.m. demonstraasjes, sit-ins en publikaasjes te krewearjen foar de rjochten fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten. Hjoed de dei hat dizze organisaasje mear as 15.000 leden

Skiednis

De NIYC begûn op de Nasjonale Yndiaanske Konferinsje fan Yndiaanske foaroanlju dy't yn juny 1961 holden waard yn Chicago. De lieders fan 'e Yndiaanske jongerein wiene it net iens mei de yn har eagen fierstente sloppe opstelling fan 'e oare leden fan 'e konferinsje, en kamen letter dat jiers op 'e nij gear yn Gallup, yn 'e steat Nij-Meksiko, dêr't se as reäksje in eigen organisaasje oprjochten, de Nasjonale Yndiaanske Jeugdried.

De oprjochters fan 'e NIYC wiene: Herb Blatchford (Navaho); Bernadine Eschief (Sjosjoansk-Bannok-Pima); Viola Hatch (Súdlike Arapaho); Della Hopper (Oto); Howard McKinley jr. (Navaho); Joan Noble (Jût); Edison Real Bird (Kriesk); Karen Rickard (Tuskaroara); Mel Thom (Pajût); Clyde Warrior (Ponka); John R. Winchester (Potawatomy); en Shirley Hill Witt (Mohôk).

Yn 1963 sette de NIYC útein mei de útjefte fan in nijsbrief dat ien kear yn 'e moanne útkaam, mei as titel ABC: Americans Before Columbus. Dat wie de earste publikaasje fan 'e Red Power-beweging. Dit nijsbrief wie doedestiden liedend op it mêd fan it radikale Yndiaanske gedachteguod, en waard binnen in pear jier al troch 180 stammen ûnder harren leden ferspraat.

De NIYC wie mids jierren sechstich fierders djip behelle yn 'e striid foar it behâld fan 'e tradisjonele fiskerijrjochten fan 'e stammen fan it Amerikaanske Noardwesten, lykas de Mukkelsjût, de Pûjallup en de Niskwally. Dêrby gie it derom dat de blanke Amerikanen troch harren yndustriële aktiviteiten de Kolumbia en oare rivieren yn Washington en Oregon sa fersmoarge hiene, dat de fiskstân yn gefaar brocht wie. Om 'e fisken te beskermjen waard net de yndustry oanpakt, mar de fiskerij, ynklusyf de Yndiaanske stammen dy't by ferdrach fêstleine fiskrjochten yn 'e oangeande rivieren hiene.

Om tsjin dy gong fan saken te protestearjen organisearre de NIYC mei de pleatslike stammen saneamde 'fish-ins', wêrby't se groepsgewiis demonstratyf oan it fiskjen giene. Ek Yndiaanske aktivisten út oare dielen fan 'e Feriene Steaten kamen oer om dêroan diel te nimmen, krektlyk as filmstjer Marlon Brando dy't op 2 maart 1964 by in fish-in yn 'e rivier de Puyallup arrestearre waard. Nei jierren fan sokke protesten einige de kwestje úteinlik yn 1974, doe't it Amerikaansk Heechgerjochtshôf de útspraak die dat de steat Washington de fiskerijrjochten fan 'e Yndiaanske stammen earbiedigje moast.

Ein sechstiger jierren naam de NIYC fierders mei de swarte Amerikaanske Boargerrjochtebeweging diel oan 'e saneamde Earmeljuskampanje yn Washington, D.C. Dat wie in massale demonstraasje tsjin earmoede yn 'e Feriene Steaten, dêr't ek it gematigder Nasjonaal Kongres fan Amerikaanske Yndianen (NCAI) oan meidie. Ek wie de NYIC belutsen by it saneamde Paad fan Brutsen Ferdraggen (Trail of Broken Treaties), in mars op Washington, D.C. dy't yn 1972 organisearre waard troch de Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM), en dy't einige mei de dagenlange besetting fan it kantoargebou fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.