Tim Lobinger
Tim Lobinger | ||
sporter | ||
Tim Lobinger (2007) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tim Lobinger | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
bertedatum | 3 septimber 1972 | |
berteplak | Rheinbach | |
stjerdatum | 16 febrewaris 2023 | |
stjerplak | München | |
lingte | 1.93 m | |
gewicht | 86 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Atletyk | |
ûnderdiel | Heechljeppen | |
trener | Chauncey Johnson | |
earste titel | Dútske kampioenskippen, 1993 | |
O.S. | Atlanta 1996, Sydney 2000, Atene 2004, Peking 2008 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Wrâldkampioenskippen yndoar 2003 2x goud Europeeske kampioenskippen yndoar 1998, 2002 |
Tim Lobinger (Rheinbach, 3 septimber 1972 – München, 16 febrewaris 2023) wie in Dútsk heechljepper. Hy die fjouwer kear mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 1996, 2000, 2004 en 2008). Hy waard ien kear Wrâldkampioen heechljeppen yndoar en twa kear Europeesk kampioen heechljeppen yndoar.
Karriêre
Lobinger hearde sûnt de jierren njoggentich ta de top yn syn sport en helle syn bêste resultaten yn 1997 en 1999, doe't er yn beide jierren oer 6 meter hinne sprong. De Olympyske Spullen ferrûnen teloarstellend foar Lobinger. Yn Atlanta 1996 waard er sânde, yn Sydney 2000 trettjinde en yn Atene 2004 alfde. Ek de wrâldkampioenskippen fan 2005 ferrûnen teloarstellend, trochdat er mei 5,50 fier ûnder syn mooglikheden bleau.
Lobinger krige nei de wrâldatletykfinale yn Monako yn 2003 in straf, om't er nei it goud ferovere te hawwen út blidens in eareronde mei in ûntbleate boppeliif rûn. De taskôgers en de kamera's seagen syn bleate rêch, dêr't er him letter foar it atletykbûn ferûntskuldigje moast. Dêrfoar waard 5000 dollar prizejild ynhâlden.
Priveelibben
Lobinger had boaske west mei de hast seis jier âldere hink-stap-springster Petra Lobinger, dy't fan 1997 oant 2011 it Dútske yndoarrekôr hie. It pear hat twa bêrn, de soan fan Lobinger is proffuotballer Lex-Tyger Lobinger. Letter hat Lobinger in relaasje hân mei in Dútske sjoernaliste.
Tim Lobinger ferstoar op 16 febrewaris 2023, yn 'e âldens fan 50 jier oan de gefolgen fan kanker.[1][2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|