United Country and Western Dance Council
United Country and Western Dance Council | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | UCWDC | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type org. | sportbûn | |
wurkmêd | country- en westerndûns | |
haadkertier | Camp Hill (Pennsylvania) | |
oprjochte | 1989 | |
offisjele webside | ||
www.ucwdc.com |
De United Country and Western Dance Council ("Feriene Country en Western Dûns Kommisje"), yn 'e regel koartwei de UCWDC neamd, is in Amerikaansk sportbûn dat wrâldwiid country- en westerndûns promoatet as in poadiumkeunst en as wedstrydsport. It bûn waard yn 1989 oprjochte yn Grantville en liet him yn 1990 registrearje as in non-profitorganisaasje. It haadkertier is fêstige yn Camp Hill, ûnder de reek fan 'e stêd Harrisburg, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania.
Wurkmêd
De UCWDC organisearret en promoatet dûnskompetysjes en -workshops, ûnderhâldt in wedstrydreglemint en sjocht ta op 'e neilibbing dêrfan, en stelt sjueryleden oan. Yn 2006 wie it bûn belutsen by mear as 50 wedstrydeveneminten yn 10 ûnderskate lannen, en dêrnjonken organisearret it op jierlikse basis eigen wrâldkampioenskippen. De UCWDC hat ferskate kommisjes dy't foech op in spesifyk mêd hawwe, lykas it sertifisearjen fan sjueryleden, it opstellen fan regels, it tasjen op it neilibjen fan dy regels en etyk yn it algemien, en sponsoring.
Wedstryddûnsen
- peardûnsen
- country-western two-step
- East Coast swing
- nachtklubdûns
- polka
- triple two
- tsjatsjatsja
- wals
- West Coast swing
- Cuban
- funky
- lilt
- novelty
- rise & fall
- smooth
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |