Springe nei ynhâld

Calamity Jane

Ut Wikipedy
Calamity Jane
persoanlike bysûnderheden
echte namme Martha Jane Canary
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 maaie 1852
berteplak Princeton (Missoery)
stoarn 1 augustus 1903
stjerplak Terry (Súd-Dakota)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt ferskaat, sjocht tekst
reden
  bekendheid
● konneksje mei Wild Bill Hickok
● eigen eksploaten yn it Wylde
    Westen
Dizze side giet oer de histoaryske persoan Calamity Jane. Foar oare betsjuttings, sjoch: Calamity Jane (betsjuttingsside).

Calamity Jane (Ingelsk foar: "Rampe-Jantsje"; echte namme: Martha Jane Canary; Princeton (Missoery), 1 maaie 1852Terry (Súd-Dakota), 1 augustus 1903) wie in Amerikaanske froulike pionier yn it Wylde Westen. Hja groeide op yn djippe earmoede en waard benammen bekend fanwegen har konneksje mei de bekende revolverman en gokker Wild Bill Hickok, mar ek omreden fan har eigen eksploaten by it befjochtsjen fan Yndianen. Dat die se yn har hoedanichheid as ferkenner foar it Amerikaanske Leger. Calamity Jane wurke dêrnjonken yn in grut tal oare funksjes, wylst se ek freonlikens en begrutsjen toande, benammen foar de siken en de alderearmsten. Tegearre mei Annie Oakley is Calamity Jane de bekendste frou út 'e perioade fan it Wylde Westen.

(In protte fan 'e ynformaasje dy't oer de jonkheid fan Calamity Jane bekend is, komt út in autobiografysk boekje dat se yn 1896 diktearre. Dat wie bedoeld as publisiteitsmateriaal foar in toernee troch de hiele Feriene Steaten, wêrby't se tsjin betelling tagonklike sprekbeurten hold oer har libben en har aventoeren yn it Wylde Westen. Mei't it pamflet dus yn it foarste plak bedoeld wie om publyk te lûken ynstee fan akkurate biografyske ynformaasje te jaan, is it skoan mooglik dat dielen derfan oerdreaun of hielendal ûnwier binne.)

Calamity Jane waard op 1 maaie 1852 berne yn Princeton, yn 'e Amerikaanske steat Missoery, as Martha Jane Canary (of Cannary). Har âlden, Robert W. Canary en syn frou Charlotte, wennen neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 1860 doe 11 km noardeastlik fan Princeton, yn Ravanna. Calamity Jane wie de âldste yn in húshâlding mei seis bern, en se hie twa bruorren en trije susters. Hja genoat amper oant gjin formeel ûnderwiis en wie har libben lang analfabeet.

In boerd eastkant Princeton yn Missoery dat it wierskynlikste plak markearret fan 'e berte fan Calamity Jane, iroanysk genôch oan Wild Bill Hickok Road.

Yn 1865 besleat Robert Canary mei syn hiele gesin te ferfarren nei Virginia City yn Montana. Dy reis, mei in kapwein yn in karafaan fan sokke fiertúgen, naam fiif moannen yn beslach. It omfette (neffens Calamity Jane) ferskate tige nuodlike oerstekken fan berchtmen mei steile of ôfbroazeljende skeanten en rivieren dy't oerstreamd of mei stikken driuwsân oanhelle wiene. Underweis wie Calamity Jane (nei eigen sizzen) almeast by de manlju en jonges te finen en tsjin 'e ein fan 'e reis stie se bekend as in útsûnderlik goed skutter en ruter foar in famke fan har jierren. Calamity Jane har mem Charlotte kaam ûnderweis yn 1866, doe't se hast op 'e bestimming oankommen wiene, te ferstjerren oan eat dat "wasktobbelongûntstekking" neamd waard. Hja waard begroeven op in ûndúdlik plak yn Montana dat Calamity Jane letter oantsjutte as "Black Foot".

Yn 'e maityd fan 1866 setten Robert en syn seis foar it meastepart noch jonge bern har yn Virginia City nei wenjen, mar it befoel him der blykber net, want noch datselde jiers naam er harren mei nei Salt Lake City, yn Utah, dêr't er begûn te buorkjen op 16 ha lân. De húshâlding wie dêr noch net iens in jier, doe't Robert yn 1867 kaam te ferstjerren. Mei't de bern doe wezen wiene, naam Calamity Jane, as âldste, de lieding oer. Se liet it buorkjen foar wat it wie en lade har jongere bruorren en susters wer yn 'e kapwein om nei Fort Bridger te tsjen, yn it Territoarium Wyoming. Dêr arrivearren se yn maaie 1868, wêrnei't se dêrwei mei de Union Pacific Railroad nei Piedmont (Wyoming) reizgen.

Dêre naam Calamity Jane alderhanne wurk oan om 'e kost te fertsjinjen foar har bruorren en susters. Sa wie se ôfwaskster en letter servearster en kokkinne yn in restaurant, dûnseresse yn in dûnshal, ferpleechkundige en fuorman fan in wein dy't troch oksen lutsen waard. Uteinlik waard se begjin 1870-er jierren ferkenner foar de kavalery fan it Amerikaanske Leger yn Fort Russell. Ien fan har sterke staaltsjes yn dy hoedanichheid foel neffens har autobiografysk pamflet yn 1875 foar, doe't Calamity Jane ûnder generaal George Crook yn 'e krite fan 'e rivier de Bighorn yn Montana tsjinne hawwe soe. Hja waard mei in wichtich boadskip fuortstjoerd, swom de rivier de Platte oer, en ried kâld en wiet 145 km mei de grutste faasje dy't har hynder helje koe om Fort Laramie yn Wyoming te berikken.

Yn dyselde snuorje begûn har no-wer-al-dan-wer-net-emploai as prostituee yn in bordeel dat de Fort Laramie Three-Mile Hog Ranch hiet. Tsjûgeferslaggen fan oaren út dy perioade omskriuwe Calamity Jane as "tige oantreklik" en as "in tsjep dûnkereagich fanke".

Hoe't Calamity Jane (Ingelsk foar "Rampe-Jantsje") oan har bynamme kaam, is ûnwis.

Neffens harsels naam se as ferkenner fan 'e kavalery diel oan ferskate fjildtochten tsjin en skermutselings mei de Yndianen yn 'e Flakte-Yndiaanske oarloggen. Yn 1872-1873 tsjinne se oan 'e Little Goose Creek yn Wyoming, yn 'e krite dêr't letter it plak Sheridan stifte waard. Se waard der mei troepen ûnder in kaptein Egan op út stjoerd om rebûlje ûnder de pleatslike Yndianen de kop yn te drukken en yn in stikmannich dagen tiid fochten se in tal skermutselings út dêr't seis soldaten by sneuvelen en ferskate oaren by ferwûne rekken. Underweis werom nei it fort rûnen se op likernôch 21/2 km fan har bestimming yn in mûklaach fan 'e Yndianen. Calamity Jane ried op dat stuit foar de haadmacht út, en doe't se omseach, waard se gewaar dat kaptein Egan rekke wie en út it seal drige te glydzjen. Se kearde om en berikte him foar't er falle koe, wêrnei't se him by harsels yn it seal skuorde en him feilich nei it fort ta brocht. Dêr oankommen, soed er har talake hawwe en sein hawwe: "Ik neam dy Calamity Jane, heldinne fan 'e Flakten."

Calamity Jane mei gewear en hynder yn 1885.

It is ûndúdlik oft dat ferhaal op wierheid berêst. Yn 1904 bewearde John Wallace Crawford, dy't tsjinne hie ûnder de generaals Wesley Merritt en George Crook, by in fraachpetear yn 'e Anaconda Standard (in krante út Montana) fan 19 april dat Calamity Jane "nea op lykfol hokker wize ek tsjinne hat ûnder generaal Crook of generaal Miles. Se wie der nea tsjûge fan dat ien lyncht waard, noch focht se ea tsjin 'e Yndianen. Hja wie ienfâldichwei in opfallend persoan, lossinnich en duvelsk, mar hja hie in goederjouske trek dy't har populêr makke." It is dêrom mooglik dat Calamity Jane har ferklearring foar de oarsprong fan har bynamme út 'e tomme sûgd hat.

In faak hearde ferklearring dy't oaren joegen foar har bynamme, wie dat se dy krige as gefolch fan 'e warskôgings dy't se manlju út en troch joech. Se soe it nammentlik foar de moade hân hawwe om dêrby te sizzen dat se "om problemen fregen" ("court calamity") as se har misledigen of op in oare wize tenei kamen. It liket saakkundigen mooglik ta dat "Jane" eins net diel útmakke fan har oarspronklike doopnamme, oant se dy oannaam omreden fan har bynamme. Yn elts gefal stie se mei wissichheid yn july 1876 al wiid en siid bekend as Calamity Jane, mei't op 15 july fan dat jier de Black Hills Pioneer kopte: "Calamity Jane is oankommen!"

Deadwood en gedoente mei Wild Bill Hickok

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1875 reizge Calamity Jane yn 'e mande mei û.o. dokter Valentine McGillycuddy nei de Black Hills yn it Territoarium Dakota, om dêr in selskip fan goudsikers, de saneamde Newton-Jenney Party, te beselskipjen. Tsjin dy tiid wie har jeugdige skientme fertige; har hûd wie leareftich en brûnzge troch sinne en wyn, en se wie spierd mei in ûnfroulik uterlik, wylst har hier tou allyk wie en mar komselden wosken waard.

Begjin july 1976 sleat Calamity Jane har oan by in karafaan kapweinen dy't út Fort Laramie nei de Black Hills fan Dakota gie. De bekende gokker en revolverman Wild Bill Hickok reizge mei dyselde karafaan, en sa kaam Calamity Jane foar it earst mei him yn 'e kunde (nettsjinsteande wat se dêr letter oer bewearde). It einpunt fan 'e karafaan wie it goudsikerskamp Deadwood, dat earder dat jier yllegaal op Yndiaansk lân ûntstien wie as útwaaks fan 'e Goudkoarts fan 'e Black Hills. Calamity Jane sette har dêr nei wenjen. Yn Deadwood rekke Calamity Jane befreone mei Dora DuFran, de wichtichste hoeremadam fan 'e hiele Black Hills-krite. Se wurke yn dy tiid ek noch út en troch foar DuFran as prostituee. Fierders hie Calamity Jane yn Deadwood kunde oan of rekke se befreone mei Hickok en mei Charlie Utter, dy't ek mei deselde karafaan arrivearre wie. Se bewûndere Hickok tige by tige, sasear dat oaren letter útholden dat se alhiel fan him besleifere wie.

Calamity Jane yn 'e 1890-er jierren by it grêf fan Wild Bill Hickok.

Nei't Hickok op 2 augustus 1876 yn Deadwood ûnder it pokerjen fan efteren deasketten wie troch Jack McCall, bewearde Calamity Jane dat se mei him troud west hie en dat er de heit fan har dochter wie. Neffens har wie it famke berne op 25 septimber 1873 en hie se har letter foar adopsje ôfstien oan in Jim O'Neil en de frou. Histoarisy hawwe yn offisjele stikken gjin inkele ferwizing nei de berte sa'n bern weromfine kind, en in protte fan harren hâlde de hiele românse tusken Calamity Jane en Hickok foar in optinksel. It is bekend dat Calamity Jane yn 'e snuorje doe't har dochter berne wêze soe, as ferkenner foar it leger wurke, wylst Hickok, doe't er stoar, krekt troud wie mei Agnes Lake Thatcher.

Jierren nei de dea fan Calamity Jane bewearde in Jean Hickok Burkhardt McCormick, dy't twaris troud west hie (dêrfandinne de trijedûbele efternamme), dat se de wettige neiteam wie fan Martha Jane Canary (Calamity Jane) en James Butler Hickok (Wild Bill Hickok), dy't troud wêze soene op 25 septimber 1973 te Benson's Landing yn it Territoarium Montana. Dat barren wie (op ûnoffisjele wize) optekene yn in Bibel, mei de hantekenings tafoege fan twa predikanten en ferskate oare tsjûgen. De bewearings fan McCormick binne lykwols fûleindich bestriden troch in protte histoarisy, omreden fan in breed skala oan tsjinstridichheden binnen har ferhaal, en ek ferskillen fan har feraal mei dingen dy't histoarysk fêststeane.

Calamity Jane yn 1885.

Calamity Jane bewearde yn har lettere ferhalen ek dat se nei de moard op Hickok mei in hakmês efter syn moardner Jack McCall oangie, om't se yn alle opwining har revolvers thús lizze litten hie. Dat is beslist in optinksel, of miskien wat se dwaan wóllen hie, want it is bekend dat sy nei de moard previntyf fêstholden waard troch de autoriteiten om it lynchen fan McCall foar te kommen. McCall waard troch in sjuery yn Deadwood frijsprutsen fan moard, mar letter yn Wyoming op 'e nij oppakt. Om't Deadwood in yllegaal stedsje wie dat offisjeel net bestie, erkenden de autoriteiten de frijspraak fan McCall net en waard er op 'e nij foar de rjochter brocht. Diskear waard er skuldich befûn en krige er de deastraf oplein.

Neitiid bleau Calamity Jane noch in skoft yn Deadwood. Op in stuit, by in goed dokumintearre foarfal, rêde se dêr ferskate passazjiers fan in postkoets dy't efterfolge waard troch Lakota-krigers, troch de Yndianen by de koets wei te lieden. Neitiid kearde se werom by de koets, wêrfan't de koetsier, John Slaughter, omkommen wie by de oanfal. Calamity Jane klom op 'e bok, naam de leien oer en ried de postkoets nei Deadwood ta. Ein 1876 wie se dêre ek tige aktyf by it ferpleegjen fan 'e slachtoffers fan in epidemy fan 'e wetterpokken.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1881 kocht Calamity Jane in lytse ranch bewesten Miles City (Montana), oan 'e igge fan 'e rivier de Yellowstone, dêr't se in herberge iepene. Nei't se troud wie mei de Teksaan Clinton Burke, ferhuze se nei Boulder (Montana), dêr't se op 'e nij in herberge begûn. Yn 1887 krige se dêr in dochter, Jane, dy't se ôfstie foar adopsje.

Yn 1893 joech Calamity Jane har by de Wyldwestshow fan William Frederick Cody, better bekend as Buffalo Bill. Se die dêr net oan skerpsjitten of hynsteriden, lykas Annie Oakley, mar fermakke it publyk mei har sterke ferhalen. Yn 1901 naam Calamity Jane ek diel oan 'e Panamerikaanske Tentoanstelling yn Buffalo (New York). Tsjin dy tiid litte se oan klinyske depresjes en wie se oanhelle mei alkoholisme. Wat dat lêste oangiet, hie se der yn har jongere jierren ek nea yn spuid, mar no behearske de dranksucht har libben.

Calamity Jane drinkt in slokje mei Teddy Blue Abbott, om 1887 hinne.

Tsjin 1903 kearde Calamity Jane werom nei de Black Hills, dêr't madam Dora DuFran noch altyd goede saken die. De folgjende moannen ûnderhold Calamity Jane harsels troch te itensieden en de wask te dwaan yn DuFran har bordeel yn Belle Fourche.

Yn july 1903 reizge Calamity Jane nei Terry (Súd-Dakota), dêr't se yn 'e âlderdom fan 51 jier ferstoar yn it Calloway Hotel. Neffens de ferhalen dy't dêr nei har dea giene, hie se flink tadronken op 'e trein en wie se tige siik rekke. De kondukteur soe har nei it hotel ta droegen hawwe, dêr't se koarte tiid letter beswiek oan wat nei alle gedachten longûntstekking west hat.

Calamity Jane waard begroeven op it Mount Moriah Cemetery yn Deadwood, yn in grêf njonken dat fan Wild Bill Hickok. Neffens it ferhaal soe dat har lêste winsk west hawwe. Fjouwer leden fan 'e selsbeneamde kommisje dy't Calamity Jane har begraffenis berêde (Albert Malter, Frank Ankeney, Jim Carson en Anson Higby) ferklearren jierren letter lykwols dat, om't Hickok by syn libben "alhiel neat" fan Jane witte woe, it harren in moaie postume grap talike hie om har njonken him te begraven, sadat se yn 'e dea ûnskiedber wiene.

Nei har dea soe mank de besittings fan Calamity Jane yn har hotelkeamer yn Terry in bondel ûnferstjoerde brieven ûntdutsen wêze fan har oan har ôfstiene dochter Jean. Dy brieven soene neitiid dochs noch besoarge wêze. Se waarden letter publisearre troch Jean McCormick as ûnderdiel fan har bewearing dat se de dochter fan Calamity Jane en Wild Bill Hickok wie. De autentisiteit fan 'e brieven wurdt lykwols troch de measte histoarisy net akseptearre, om't bekend is dat Calamity Jane analfabeet wie en dus gjin brieven skriuwe koe. Dat argumint wurdt fierder ûnderboud troch it feit dat der gjin inkeld dokumint bekend is dat troch Calamity Jane skreaun wêze soe, dat út in oare boarne as fan McCormick komt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.