Springe nei ynhâld

Komeedzjesearje

Ut Wikipedy

In komeedzjesearje of comedysearje is in sjenre fan tillefyzjesearje dat bedoeld is om 'e sjoggers oan it laitsjen te meitsjen. Soks bart troch it meitsjen fan grappen (lykas wurdboarterij), it pleatsen fan 'e haadpersoanen yn absurde sitewaasjes en oare foarmen fan humor. Faak spylje ek aparte karaktereigenskippen fan 'e haadpersoanen in rol, dy't ta ûnkonvinsjoneel hâlden en dragen liede (kinne), mei as gefolch it ûntstean fan komyske foarfallen. Om't komeedzjesearjes har ôfspylje yn aldendeiske omstannichheden, is werkenberheid ien fan 'e meast oansprekkende punten fan dit soarte fan tillefyzjeprogramma.

In Ingelsk synonym dat tsjintwurdich yn Nederlân ek fluch ynboargere rekket is sitcom, in gearlûking fan situation comedy ("sitewaasjekomeedzje"). Dy oantsjutting ferwiist nei de fêste sitewaasje dêr't de haadpersoanen har yn befine, lykas in thússitewaasje (According to Jim, Flodder, Married... with Children, Oppassen!!!), in freonegroep (The Big Bang Theory, Friends, SamSam, Seinfeld), in wurksitewaasje (’Allo ’Allo!, Are You Being Served?, Cheers, Fawlty Towers, Just Shoot Me!, Spin City) of in skoalle (Saved by the Bell, Victorious). De namme 'sitcom' tsjinnet ek om komeedzjesearjes mei haadpersoanen yn fêste rollen te ûnderskieden fan tillefyzjesearjes dy't opboud binne út losse sketches dêr't de akteurs yn eltse sêne in oare rol fertolkje, of út optredens op it mêd fan stand-up comedy, wêrby't komiken grappen fertelle oan in live-publyk. Yn 'e Nederlânske kontekst wurde sokke programma's lykwols ornaris net sûnder mear as 'komeedzjesearjes' oantsjut.

Komeedzjesearjes ûntstiene oarspronklike as programma's op 'e radio yn 'e Feriene Steaten, mar komme tsjintwurdich hast inkeld noch op 'e tillefyzje foar, dêr't se ien fan 'e dominante fiksjefoarmen binne, tegearre mei dramasearjes. It komt foar dat komeedzjesearjes opnommen wurde mei in live-publyk yn 'e tillefyzjestudio, sadat der op 'e eftergrûn laitsjen te hearren is as der in grap makke wurdt of as in humoristysk foarfal bart. Yn 'e Feriene Steaten rekke it lûd fan dat laitsjen yn 'e rin fan 'e tiid sa ynboargere, dat de sjoggers it begûnen te missen as it der net wie. Sadwaande meitsje de measte Amerikaanske (en ek in soad net-Amerikaanske) komeedzjesearjes dy't net mei in live-publyk yn 'e studio opnommen binne, tsjintwurdich gebrûk fan in laughtrack, in bânopname fan laitsjen dy't letter as in soarte fan soundtrack ûnder de bylden set wurdt. In foarm fan komeedzjesearje wêrby't de laughtrack ûntbrekt is de mockumentary, dy't de foarm fan in nep-dokumintêre oannimt. De sênes wurde dan ôfwiksele mei 'fraachpetearen', wêrby't de haadpersoanen har streekrjocht ta de sjoggers rjochtsje om kommentaar te jaan op wat der krekt bard is. In goed foarbyld dit soarte fan komeedzjesearje is Modern Family.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.