Fakulteit
In fakulteit (fan it Latynske facultas, "fermogen" of "feardichheid") is in haadôfdieling fan in universiteit, dêr't in tal oaninoar besibbe opliedings en ûndersyksgroepen yn feriene binne. Ek hegeskoallen begjinne dat begryp hieltyd mear te brûken foar harren ôfdielings dêr't oaninoar besibbe opliedings yn feriene binne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De midsiuwske Universiteit fan Bologna, dy't de earste universiteit wie, en as in foarbyld foar lettere midsiuwske Jeropeeske universiteiten tsjinne, hie fjouwer fakulteiten: fakulteit fan de keunsten, godgeleardens, rjochtgeleardens en genêskunde. Studinten setten harren stúdzje ornaris útein mei de fakulteit fan de keunsten, en wannear't se dêrmei slaggen, setten se harren stúdzje fuort mei de oare fakulteiten. Foar in universiteit om dy fjouwerfakulteiten ta stân te bringen, wie al in grut foarrjocht, want net alle universiteiten koene dat wiermeitsje.
De fakulteit fan de keunsten krige syn namme fan de sân frije keunsten": it trivium (grammatika, logika en retoryk) en it quadrivium (rekkenkunde, mjitkunde, muzyk en astronomy). Yn Dútske, Skandinavyske en Slavyske universiteiten waard dy fakulteit earder de "Fakulteit fan de Wittenskip" neamd.
De hegere fakulteiten fan de rjochtsgeleardens en fan de genêskunde wiene ornearre, lykas hjoed-de-dei, foar spesjaal ûnderrjocht dy't nedich wiene foar bepaalde beroppen. De fakulteit fan de godgeleardens wie in beropsfakulteit foar de geastliken, en wie oant de Ferljochting de heechste fakulteit, en tagelyk ek de meast seldsume, en tsjinne gauris as foarbyld foar oare fakulteiten. De pauzen besochten dy ynearsten dus ek te beynfloedzjen.
It tal fakulteiten is troch de iuwen hinne stadichoan tige útwreide, troch it ûntstean fan subfakulteiten út de fjouwer klassike fakulteiten wei, en trochdat de neidruk nei de Yndustriële Revolúsje letter mear op de kennis yn de yndustry en de maatskippij lein waard, it ûntstean fan spesjalisearre fakulteiten sa as bygelyks de lânbou of de technyske wittenskip.
Organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In fakulteit stiet ûnder de lieding fan in dekaan, dy't bystien wurdt troch in bestjoer. Dêryn sitte gauris in portefúljehâlder "ûnderwiis" en in portefúljehâlder "ûndersyk", njonken in direkteur bedriuwsfiering. It bestjoer en de dekaan oerlizze regelmjittich mei de fakulteitsried, dy't in meisizzenskipsried is, en dy't troch de meiwurkers en de studinten fan de fakulteit keazen wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Notes and References op dizze side. |