Springe nei ynhâld

Jakobus (apostel)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jakobus de Meardere)
De apostel Jakobus de Aldere (El Greco, tusken 1610 en 1614 )

Jakobus de Meardere (ek: Jakobus de Aldere, Jakobus de Grutte of de apostel Jakobus; Betsaïda, begjin 1e iuwJeruzalim, 44) wie ien fan Jezus' tolve apostels.

Jakobus yn it Nije Testamint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jakobus wie de soan fan de fisker Sebedéus en Salomé en de âldere broer fan de dissipel Jehannes. Jakobus en Jehannes hearden nei Simon en Andréas ta de earste learlingen, dy't Jezus by it Mar fan Galiléa oanwiisde as apostels om der op út te gean te preekjen. Tegearre krigen de beide bruorren de bynamme Boänerges fan Jezus, dat Soannen fan de Tonger betsjut (Markus 3:16-17) en mooglik in ferwizing wie nei harren temperamint en it fjoer wêr't hja mei besiele wiene.

Jakobus hie mei Jehannes en Petrus in spesjale posysje by Jezus. Sa wie it njonken de beide âlders fierders allinnich Jakobus, Jehannes en Petrus tastien om tsjûge te wêzen fan it opwekken fan de dochter fan Jaïrus (Lukas8:41). Jezus naam Jakobus en syn broer Jehannes en Petrus mei op de berch, dêr't Moazes en Elía ferskynden en mei Jezus yn petear wiene (Mattéus 17:1). En Jezus frege ek Jakobus, Petrus en Jehannes om mei Him te weitsjen yn de hôf fan Getsémané, doe't Jezus drôvich en Syn krúsdea oansteande wie (Mattéus 26:37-38).

Jakobus hearde ta de earste apostels dy't as martelder stoar foar it kristlike leauwen. Dat wie doe't kening Herodes Agrippa I in pear leden fan de gemeente finzen hold en mishannele. De kening liet Jakobus mei it swurd ombringe (Hannelingen 12:1-2). It plak dêr't Jakobus fermoarde waard is te finen yn de Armeenske Jakobuskatedraal fan de Armeenske wyk yn Jeruzalim. De Jakobuskapel, oan de lofter kant fan it hilligdom, wurdt tradisjoneel beskôge as it plak dêr't Jakobus ûntholle waard. Syn holle leit begroeven ûnder it alter; it plak wurdt markearrre troch in reade marmeren stien.

Santiago de Compostela, 18e iuwsk byld fan Jakobus de Moarendeader

Yn Spanje, it lân dêr't Jakobus de lânshillige is, ûnstiene tal fan leginden om de apostel Jakobus. It soe Jakobus west ha, dy't nei de Himelfeart fan Jezus op it Ibearysk skiereilân it evangeelje brocht.

Nei't de apostel werom gien wie nei Jeruzalem en dêr de marteldea stoar, soene learlingen it lichem fan de ûntholle Jakobus sûnder bemanning yn in skip lein ha, dat letter oanspielde op it strân fan it noard-westlike diel fan Spanje. It lichem waard in ein it lân meinommen en begroeven en rekke dêrnei yn de ferjitnis. Letter, yn de 9e iuw, waard it grêf op 'e nij ûntdutsen. Oer it grêf hinne waard in earst in kapel boud, dêrnei in tsjerke en wer letter in katedraal. Sa ûntjoech yn de 11e en 12e iuw it pylgersplak Santiago de Compostela, ien fan de wichtigste beafeartsplakken fan it Westerske kristendom. Troch hiel it Jûnslân rûne fêste paden nei Santiago.

Nei't islamityske legers fanôf 711 it Ibearysk skiereilân, op in smelle stikje yn it noarden nei, besetten, krige de hillige fan de kristlike ferdigeners jimmeroan mear militêre kwalifikaasjes. Kening Alfons III fan Astuerje (866-910) brocht de hillige yn ferbining mei de befrijing fan de kristenheid fan de Moaren en skreau in oerwinning oan Jakobus ta. It wjeroverjen fan de stêd Coimbra yn 1064 troch kening Ferdinand I fan Kastylje waard tanke oan "Kristus' soldaat" Jakobus.

Ut de 12e iuw stamt in leginde dat Jakobus yn it jier 844 tidens de Slach by Clavijo op in wyt hynder ferskynde en sa de kristenen oan de oerwinning holp. Soksoarte berjochten binne folle mear te finen yn de kroniken. Sa krige de hillige stadichoan de namme Matamoros (Moarendeader). Yn de lette midsiuwen waard de hillige as in gallopearjende ridder útbylde. De tradisjonele gjalp ta de oanfal fan it Spaanske leger waard tidens de rekonkwista waard ¡Santiago y cierra, España! (Sint-Jakobus en fal oan, Spanje!). Ek letter krige Jakobus by de ferovering fan Amearika en de striid tsjin de Turken de funksje fan helper yn de kriich.

Jakobskrús

It Jakobskrús is in krús yn de foarm fan in swurd, wêrfan't de trije koarte earmen einigje yn de heraldyske leelje. De fjirde, ûnderste earm rint lykas in swurd spits ôf.

Feestdei en ikonografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Fryslân is Jakobus de patroanhillige fan Sint-Jabik. De hillige is de beskermhillige fan û.o. de pylgers, drogisten, ridders, mounders, skippers en wezen. Hy is te wjerkennen oan in skelp, in pylgersstêf, in hoed en pylderstas. Oare attributen binne in skriftrol en in swurd. Ek wurdt Jakobus wol as ridder op in hynder ôfbylde. [1]

  • Roomsk-Katolike Tsjerke: 25 july
  • Luterske Tsjerke: 25 july
  • Anglikaanske Tsjerke: 25 july
  • Otterdokske Tsjerken: 30 april, 15 novimber
  • Armeenske Tsjerke: 21 febrewaris, 30 april, 25 en 29 desimber
  • Koptyske Tsjerke: 12 april, 30 april, 27 septimber
  • Syrysk-Otterdokske Tsjerke: 30 april, 1 maaie, 7 maaie, 8 Maaie, 27 en 29 desimber [2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]

  • Nije Testamint, Bibelboek Hannelingen