Springe nei ynhâld

Fee

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Melkfee)
In ko mei in keppel skiep.
Dizze side giet oer fee yn 'e sin fan domestisearre bisten. Foar it mytyske wêzen, sjoch: fee (mytysk wêzen).

Fee is in oantsjutting dy't brûkt wurdt foar troch de minske domestisearre bisten yn 'e feehâlderijsektor fan 'e lânbou. Sokke bisten wurde holden en fokt om ekonomyske redens, bygelyks:

Lytsere bisten dy't yn 'e hûs holden wurde, foar selskip, bewekking of bestriding fan ûngedierte (lykas hûnen, katten, fretten, hamsters, kavia's, parkiten ensfh.) wurde ornaris net oantsjut as 'fee', mar as húsdieren yn 'e ingere sin.

De meast holden soarten fee binne de ko (foar molke en/of fleis), de baarch (foar it fleis) en de geit en it skiep (foar de wol en/of it fleis). Geiten en skiep wurde ek wol oantsjut lytsfee. Dêrnjonken binne der ferskate soarten plomfee, oftewol domestisearre fûgelt, mei as wichtichsten de hin, de kalkoen, de nuete goes en de nuete ein. Dy wurde benammen holden foar de aaien en/of it fleis, hoewol't guozzen ek tigen bewekkers wêze kinne. Fierders binne ek nuete kninen, ynsafier't dy holden wurde foar it fleis, in foarm fan fee.

Oare soarten fee, lykas hynders, ezels en oksen, dy't foarhinne in soad as lêst-, lûk- of ryddier ynset waarden, komme yn 'e Westerske wrâld amper mear foar sûnt de meganisaasje healwei de tweintichste iuw syn yntree yn 'e lânbou makke. Soms wurde ek bijen, dy't foar de hunichproduksje holden wurde, ûnder de term 'fee' beflapt, hoewol't dat beslist net it earste is dêr't men oan tinkt by it hearren fan it wurd. Ek it hâlden en kweken fan fisksoarten lykas salm (de saneamde akwakultuer) rekkenet men ta de feehâlderij.

Fierders binne der noch eksoatyske feesoarten, lykas kamielen en dromedarissen, dy't benammen yn Sintraal-Aazje, resp. it Midden-Easten as ryd- of lêstdieren holden wurde, en lama's dy't foar dyselde doelen in protte yn 'e Andes fan Súd-Amearika holden wurde. Yn West-Jeropa is (relatyf) resint úteinset men it hâlden fan en fokken mei ferskate eksoatyske feesoarten, lykas harten, strúsfûgels, emoes en kangoeroes foar it fleis, alpaka's foar de wol en Amerikaanske nertsen en tsjintsjilla's foar de pels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.