Springe nei ynhâld

Islamityske Steat

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 okt 2023 om 10.07 troch CommonsDelinker (oerlis | bydragen) ("Gathering_of_militants_on_Mali-Niger_border.png" is op Commons fuorthelle The Squirrel Conspiracy om't: per c:Commons:Deletion requests/Files in Category:Islamic State in the Greater Sahara.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
دولة الإسلامية في العراق والشام
ad-Dawlah al-Islāmiyah fī 'l-ʿIrāq wa-sh-Shām
Islamityske Steat fan Irak en de Levant namme = Islamityske Steat
Flagge fan Islamityske Steat
Flagge
Lokaasje fan Islamityske Steat
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Raqqa
Steatsfoarm Kalifaat (net erkend)
Gebiet wikseljend km²
Ynwenners ûnbekend
Munt Gouden dinar [1]
Tiidsône UTC +3

De saneamde Islamityske Steat [2] (ôfkoarte "IS"), ek bekend as de Islamityske Steat yn Irak en de Levant (ISIL) of Islamityske Steat yn Irak en Syrje (ISIS), is in militante soennityske beweging, dy't foar islamitysk kalifaat yn it Midden-Easten fjochtet. Islamityske Steat ûntstie nei de ynvaazje fan Feriene Steaten en Grut-Brittanje yn Irak fan 2003 út ferskillende rebellegroepen fan Soennityske moslims. Yn it Arabysk is ISIS bekend as ad-Dawlah al-Islāmiyah fī 'l-ʿIrāq wa-sh-Shām, ôfkoarte ta Da'ish, Da' eesh of Daesh.

Foar de Amerikaanske ynvaazje waard Irak bestjoerd troch Saddam Hoessein en de Ba'ath-partij, dy't fundamentalistyske islamistyske groepen ûnderdrukte. Nei de Irakoarloch en de fal fan Saddam Hoessein krige al-Qaeda troch swak bestjoer fan it lân in poat oan de grûn yn Irak. Nei't Abû Bakr al-Bagdadi de lieding fan al-Qaeda yn Irak oernaam, ûntstienen der jimmeroan mear mieningsferskillen mei de lieder fan al-Qaeda, Ayman al-Zawahiri, dy't de organisaasje út syn skûlplak wei yn it grinsgebiet fan Pakistan en Afganistan oanstjoerde. De al-Qaeda-lieding fûn bygelyks dat al-Baghdadi ekstreem geweld neistribbe en yn febrewaris 2014 liet al-Qaeda offisjeel witte dat it alle bannen mei de organisaasje yn Irak trochsnien hie. Dêrnei feroare al-Baghdadi de namme fan syn organisaasje yn "Islamityske Steat yn Irak en de Levant". [3][4]

Gebieten dy't Islamityske Steat opeaske yn 2014

De beweging dy't yn Irak begûn, krige ek foet oan de grûn yn it oanbuorjende Syrje, dêr't in opstân it lân ferskuorde yn in striid tusken it sekuliere regear fan Bashar al-Assad en ferskillende islamityske en oare fersetgroepen, dy't inoar ek wer befochten. Yn de simmer fan 2014 wist IS ek in grut diel fan Syrje yn hannen te krijen en op 29 juny 2014 rôp al-Baghdadi oer syn oermastere gebiet it nije kalifaat út, in steat dy't troch in kalyf, dat wol sizze troch de opfolger fan de profeet Mohammed, regearre wurdt. Al-Baghdadi beneamde himsels as de nije kalyf en feroare de namme fan syn beweging yn Islamityske Steat, dy't ynternasjonaal fierder gjin erkenning krige.[5]

Islamitsyke Steat besiet yn syn wiidste omfieming likernôch 40% fan Irak en 30% fan Syrje. Yn desimber 2017 hie IS al 95% fan it eardere besettingsgebiet ferlern. Dêrûnder ek de twa stêden Mosul yn Irak en Raqqa yn Syrje. [6]

Yn de troch IS kontrolearre gebieten feardige Islamityske Steat sjaria-wetten út, dy't resultearren yn ûnderdrukking, ferfolging en it útrûpeljen fan minsken mei in oare godstsjinst en massa-eksekúsjes.

Demonstraasje tsjin IS yn Parys (2014)

IS wurdt yn ferbân brocht mei eksekúsjes fan Syryske regearingssoldaten, boargers en opstannelingen en ek oan it ûntfieren fan Westerske helpferlieners, sjoernalisten en aktivisten of minsken mei in oare religy. De Minskerjochteried fan de Feriene Naasjes dokumintearret dat Islamityske Steat him skuldich makke hat oan meardere massa-eksekúsjes, it ûntfieren fan froulju en it ynsetten fan bernesoldaten. By in IS-offensyf en de oermastering fan it distrikt Sinjar op 3 augustus 2014 sette IS útein mei de genoside op de Jezidy's, dêr't allinne al 5.000 manlju eksekútearre en yn massagrêven begroeven waarden. Tûzenen froulju en bern waarden troch de oanhingers fan IS as seksslaven finzen nommen. De misdieden late ta de massale flecht fan de jezidyske befolking, dy't mei help fan Koerden en Amerikanen troch de bergen nei feiliger gebieten brocht waarden.[7] Op 19 augustus 2014 brocht IS in fideo út fan de ûnthalzing fan de Amerikaanske sjoernalist James Foley, dy't op 22 novimber 2012 ûntfierd waard troch ûnbekende wapene manlju yn it noardwesten fan Syrje. De video waard ûnder de title "A Message to America" op ferskillende sosjale media-sites set.[8]

Yn 2015 wreide it netwurk fan Islamityske Steat him út nei teminsten acht oare lannen, sadat oanslaggen bûten it kalifaat mooglik waarden. De ûnthalzing fan 21 koptyske fiskers yn Lybje yn febrewaris 2015 soarge foar ôfgriis oer de hiele wrâld. Yn de ûnthalzingsfideo drige ien fan de lieders Rome oan te fallen en yn te nimmen. Egyptyske IS-oanhingers lieten yn oktober 2015 in Russysk fleantúch eksplodearje, wêrby't 227 minsken omkamen. De IS easke ek de ferantwurdlikens op foar in searje oanslaggen op 13 novimber 2015 yn Parys, werby't 130 minsken ferstoaren en mear as 300 ferwûne rekken.[9] By in troch in IS-oanhinger útfierde sjitpartij yn juny 2016 yn in homoklub yn Orlando, Florida, foelen teminsten fyftich deaden en minstens safolle ferwûnen.[10]

De terreur fan de IS beheinde him net allinne ta de befolking. Ek in soad kultureel erfgoed lykas tsjerken, moskeeën en histoaryske monuminten waarden troch IS met opsetsin ferneatige.[11]

Lannen dy't fertsjintwurdige wiene yn de Ynternasjonale Koälysje tsjin Islamityske Steat yn Irak en Syrje (2016)
De oermastering fan Fallujah troch it Iraakske leger op IS

Sûnt 2014 waard der yn Irak en Syrje op ferskillende fronten mei help fan bûtenlânske striidkrêften tsjin Islamityske Steat fochten. Ruslân en Iraan fochten mei Bashar al-Assad en it offisjele Syryske rezjym tsjin IS en oare rebellen. De Feriene Steaten foelen IS sûnt 8 augustus 2014 mei bombardeminten yn Irak oan en sûnt 22 septimber ek yn Syrje.

Op 17 oktober 2017 kundigen waarnimmers oan dat IS út Raqqa ferdreaun wiene, dat sûnt 2014 as haadstêd fan IS yn Syrje tsjinne. Yn july 2017 ferlear Islamityske Steat ek de kontrôle op ien fan de grutste stêden, Mosul, dat ynnommen waard troch it Iraakske leger. Nei dat ferlies ferlear IS jimmeroan mear gebiet oan de tsjinstanners oant yn it begjin fan desimber 2017 IS fierder gjin gebiet fan betsjutting mear yn hannen hie. Mei de fal fan Baghouz kaam in ein oan de hast fiifjierrige striid tsjin IS yn Irak en Syrje. De striid feroarsake in spoar fan fernielings yn de Iraakske en Syryske stêden, tsientûzenen deaden en hûnderttûzenen flechtlingen.[12]. By de oermastering fan Mosul troch IS yn juny 2014 waarden de soennityske finzenen befrijd en de likernôch 600 sjiïtyske finzenen allegear fermoarde.[13]

Islamityske Steat is net ferslein en bliuwt hoopjen op it wer ynnimmen fan harren eardere posysjes yn Irak en Syrje. Neffens de Feriene Naasjes is de organisaasje dwaande mei it fergrutsjen fan syn ynfloed yn Afrika. De saneamde "Islamityske Steat yn de Gruttere Sahara" hat sunt 2021 hûnderten minsken fermoarde yn Maly, Bûrkina Faso en Niger. "Islamityske Steat yn de Gruttere Sahara" profitearret fan de ferswakking fan Boko Haram en kriget stipe fan terroristen en bûtenlânske striders út Lybje. In tanimmende ynfloed fan Islamityske Steat yn Sintraal-Afrika en dan benammen it noarden fan Mozambyk soe foar de hiele regio grutte gefolgen hawwe foar de frede.[14][15]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: