Springe nei ynhâld

Atletyk

Ut Wikipedy
Hindernisrinnen

Atletyk is in sammelnamme foar ferskillende sporten. It begryp komt út de klassike âldheid. Doe waard út ein set mei kompetive lichemssport, lykas hurdrinne, smite en springe.

By it hurdrinnen binne der farianten lykas de estafette, hindernisrinnen en hurdkuierjen. By de mearkamp komme ferskate atletykûnderdielen op it aljemint, dyjinge dy't de measte punten by de ferskate ûnderdielen hellet is dêr de winner. Dêrneist binne der noch smytûnderdielen lykas it diskussmiten, spearsmiten en kûgelstjitten. By de springûnderdielen giet it ûnder oare om fierspringen, heechspringen en heechspringe mei pols(stôk).

De wichtichste ynternasjonale atletykorganisaasje is de International Association of Athletics Federations.

Wheelen

In protte atletykwedstriden binne op in atletykbaan; yn de winter wurdt ek op binnenbanen atletyk beöefene. Njonken de wedstriden op de baan binne der wedstriden op de iepenbiere dyk en yn it frije fjild.
Der binne 24 Olympyske atletykdissiplines. Dy wurde ferdield yn rindissiplines, springdissiplines, smytdissiplines en mearkampen. By de rindissiplines is der in ferskil tusken de gewoane rindissiplines, de hindernisdisiplines, de estafettes en it hurdkuierjen.

Baan en Dyk Fjild Kombinaasje
Hurdrinnen Hindernisrinnen Estafettes Hurdkuierjen Wheelen Springdissiplines Smytdissiplines Mearkampen
60 m 60 m horden 4 x 100 m 3000 m 100 m Heechspringen Balsmitte (allinne by de jeugd) fiifkamp
100 m 100 m horden 4 x 200 m 5000 m 200 m Heechljeppen Kegelsmite (allinne by it oanpast atletyk) Sânkamp
200 m 110 m horden 4 x 400 m 10.000 m 400 m Fierspringen Kûgelstjitte Tsienkamp
400 m 200 m horden 4 x 800 m 20.000 m (baan) 800 m Hink-stap-springen Diskussmite Fjirtjinkamp
800 m 400 m horden 4 x 1500 m 20 km (dyk) 1500 m Spearsmite Tweintichkamp
1500 m 3000 m steeplechase Ekiden In maraton yn estafettefoarm 30.000 m (baan) 5000m gewichtsmite
3000 m Sweedske estafette 30 km (dyk) 10.000 m Kûgelslingerje
5000 m 50.000 m (baan) Heale maraton
10.000 m 50 km (dyk) maraton (42,195 km)
Heale maraton
maraton (42,195 km)
Ultrarin

Hurdrinnen

Hurdrinnen is it draven beoefene as sport.

60 meter

De 60 meter is yn de atletyk de koartste offisjele sprintôfstân foar folwoeksenen. It nûmer is traditisjoneel ûnderdiel fan it winterseizoen, at de wedstriden yn saneamde yndoarhallen binne.

100 meter

De 100 meter is de koartse sprintôfstân dy't troch folwoeksenen op in bûtenbaan rûn wurdt.

200 meter

De 200 meter is tegearre mei de 100 meter de ienigste ôfstân, wêrby't hja op maksimale snelhyd rinne kinne.

400 meter

De 400 meter is de langste sprintôfstân en is in oergong tusken de sprint en de middellange ôfstannen.

800 meter

De 800 meter is de koartste middellange ôfstân.

1500 meter

De 1500 meter is in middellange ôfstân.

3.000 meter

De 3.000 meter is de langste middellange ôfstân.

5.000 meter

De 5.000 meter is de koarstste fan de lange ôfstannen op de baan.

10.000 meter

De 10.000 meter is de langste fan de lange ôfstannen op de baan.

Heale maraton

In heale maraton is in atletykwedstriid op de dyk oer 21,1 km, ûngefear de helte fan de gewoane maraton fan 42,195 km.

Maraton

In heale maraton is in atletykwedstriid op de dyk oer 42,195 km.

Ultrarin

Fan in ultrarin wurdt sprutsen as hja in ôfstân hurdrinne dy't grutter is as de maraton. Faak binne it wedtriden fan 50 km, 50 Myl, 100 km, 100 Myl, 1000 km, 1000 Myl.

Fjildrinne

Fjildrinne, ek wol crosscountry as cross neamd, is in net-olympyske langeôfstânsrin oer ûnferhurde terrein.

Hindernisrinnen

60 m horden

De 60 meter horden is in hinderniswedstriid oer 60 meter, dy't gewoanwei allinne indoor rûn wurdt.

100 m horden

De 100 meter horden is in hinderniswedstriid dy't alline troch froulju rûn wurdt.

110 m horden

De 110 meter horden is in hinderniswedstriid dy't alline troch manlju rûn wurdt.

200 m horden

De 200 m horden is in eardere hinderniswedstriid yn it atletyk. De ôfstân wurdt hjoed de dei net mear offisjeel ferrûn.

400 m horden

De 400 m horden is in hinderniswedstriid mei tsien hindernissen ferdield oer 400 meter.

3000 m steeplechase

De 3000 meter steeplechase is in hinderniswedstriid wêrby't 28 kear oer in horde sprongen wurde moat en 7 kear troch in wetterbak rûn wurde moat.


Estafettes

Estafette

Estafette (ek wol ôflossingen neamd) is in snelheidswedstriid wêrby't dielnimmers fan in team efterienfolgens in part fan de totaalôfstân ôflizze.

4 x 100 m

By de 4 x 100 m estafette bringt in team fan fjouwer atleten, dy't opinoarfolgjend elts 100 meter rinne, sa fluch as kin in stok fan start oant finis. Net de atleet, mar de stok wurdt klokt.

4 x 200 m

De 4 x 200 meter estafette is in estafette wêrby fjouwer rinners nei elkaar elts 200 meter ôflizze yn in sa rap mooglike tiid.

4 x 400 m

De 4 x 400 m estafette is in atletykûnderdiel wêrby elts team, besteande út fjouwer rinners, elts 400 meter rinne moatte. De rinners hawwe in wikselfak fan 20 meter, wêryn it estafettestokje oerdroegen wurde moat.

4 x 800 m

De 4 x 800 m estafette is in atletyk ûnderdiel op de baan wêrby elts team, besteande út fjouwer rinners, elts 800 meter rinne moatte..

4 x 1500 m

De 4 x 1500 m estafette is in atletykûnderdiel dat alline troch manlju beoefene wurdt.

Ekiden

De Ekiden is in ûnderdiel fan de dykatletyk. It is in maraton yn estafette-foarm. De totale maraton-ôfstân fan 42,195 km. wurdt troch seis rinners ôflein. De startrinner nimt de earste 5 km. foar syn rekken. De folgjende rinners drave 10 km., 5 km., 10 km., 5 km.en de lêste rint 7,195 km.

Sweedske estafette

De Sweedske estafette bestiet út de folgjende rinûnderdielen 100, 200, 300 en 400 meter dy't troch fjouwer ferskeidene rinners, efter inoar ôflein wurde mei oerdracht fan in estafettestokje.

Hurdkuierjen

Hurdkuierjen

De bedoeling is om sa snel mooglik te kuieren, mar net te hurdrinnen, wêrby it kontakt fan minimaal ien foet mei de grûn hâlden wurde moat.

3.000 m

Oer de 3.000 m is net in soad bekind

5.000 m

Oer de 5.000 m is net in soad bekind

10.000 m

De 10 kilometer hurdkuierjen is een hurdkuierûnderdiel dat fan 1987 oant 1997 it offisjeele nûmmer wie by de froulju op grutte ynternasjonale wedstriden.

20.0000 m / 20 km

De 20 kilometer snelwandelen is in hurdkuierûnderdiel, dat op i ynternasjonale wedstriden foar manlju en froulju halden wurdt. As de wedstriid op in baan hâlden wurdt, wurdt it de 20.000 m neamd en is de wedstriid op de dyk dat hjit it de 20 km.

30.000 m / 30 km

Oer de 30.000 m is net in soad bekind

50.000 m / 50 km

50 kilometer snelwandelen is in ûnderdiel fan it hurdkuierjen dat op ynternasjonale kampioenskippen foar manlju halden wurdt. De wedstriid hat altyd op de dyk plak en einiget op de baan.


Wheelen

Wheelen is foar minsken mei in rolstoel, wat hurdrinnen is foar minsken sûnder rolstoel, allinne leit de snelhyd fan in wheeler heecher as dy fan in hurdrinner.

100 meter

De 100 meter is de koartse sprintôfstân dy't riden wurdt

200 meter

De 200 meter is in middellange sprintôfstân.

400 meter

De 400 meter is it langste sprintôfstân, en foarmet in oergong tusken de srpint en de middellange ôfstannen.

800 meter

De 800 meter is de koartste middellange ôfstân.

1500 meter

De 1500 meter een middellange ôfstân..

5.000 meter

De 5.000 meter is de koarstste fan de lange ôfstannen op de baan.

10.000 meter

De 10.000 meter is de langste fan de lange ôfstannen op de baan.

Heale maraton

In heale maraton is in atletyk wedstriid op de dyk oer 21,1 km, ûngefear helte fan de gewoane maraton oer 42,195 km.

Maraton

In heale maraton is in atletyk wedstriid op de dyk oer 42,195 km.


Springdissiplines

Heechspringe
Heechspringen

Heechspringen is in ûnderdiel yn de atletyk wêrby it de bedoeling is sûnder helpmiddels oer in tusken twa steanders befestigge latte te springen. Dizze latte wurdt hylt heecher pleatst, en de winner is de atleet dy't oer de heechst leine latte sprongen is.

Heechljeppen

Heechljeppen is in ûnderdiel yn de atletyk wêrby it de bedoeling is dat de atleet mei behelp fan in fleksybele ljepstok sa heech mooglik oer in tusken twa steanders befestigge latte te springen. Dizze latte is 4,5 meter breedt en wurdt hylt heecher pleatst, en de winner is de atleet dy't oer de heechst leine latte sprongen is.

Fierspringen

Fierspringen is in ûnderdiel yn de atletyk wêrby it de bedoeling is om nei in oanrin sa fier mooglik yn in bak mei sân te springen. ien meter foar de sânbak is in houten ôfsetbalke. fanôf dizze ôfsetbalke (as dêrfoar) moat de atleet de sprong begjinne oars is de sprong ûnjildig. Foar atleten mei in fisuele beheining is de ôfsetbalke ferfongen troch wite sône fan 1 by 1.22 meter mei poeier.

Hink-stap-springen

Hink-stap-springen is in ûnderdiel yn de atletyk wêrby it de bedoeling is om nei in hink en in stap sa fier mooglik te springen yn in bak mei sân. De sprong by it hink-stap-springen wurdt ek wol in trijesprong neamd. Nei de oanrin komt de hink wêrby de atleet op deselde foet moat delkomme as wer hy mei hat ôfsetten. By de folgjende stap moat er krekt op de oare foet delkomme en dernei komt de sprong en de lanning yn de sânbak. Foar atleten mei in fisuele beheining is de ôfsetbalke ferfongen troch wite sône fan 1 by 1.22 meter mei poeier.

Smytdissiplines

Spearsmite
Balsmite,

Balsmiten is ûnderdiel yn de atletyk by de jeugd oant en mei 11 jier, om't spearsmiten foar harren te gefaarlik is. Yn Nederlân wurdt smiten mei in softbal fan maksimaal 200 gram,

Kegelsmite,

Kegelsmiten is ûnderdiel yn de atletyk by de atleten mei in lichaamlike beheining en in klasifikaasje fan F31, F32 en F51. Der wurdt smiten mei in houten kegel fan 397 gram.

Kûgelstjitte,

Kûgelstjiten is in ûnderdiel yn de atletyk wêrby hja, probearje om In kûgel oer in so grut mooglike ôfstan fuort te stjitten. De kûgelstjitter stjit syn/har kûgel fanút in sirkel, dy't yn de stjitrjochting begrinzget wurdt troch in wite stjitbalke. Der wurdt stjitten mei in kûgen fan sa'n 7,257 kg by de manlju en 4 kg by de froulju.

Diskussmite

Diskussmiten is in ûnderdiel yn de atletyk wêrby hja probearje om in diskus sa fier mooglik fuort te slingerjen. De mannen smite mei in diskus mei in massa fan 2 kg en 220 mm trochsnee, wylst de froulju in diskus brûke fan 1 kg en in trochsnee fan 181 mm.

Spearsmite,

Spearsmiten is in ûnderdiel yn it atletyk wêrby hja, nei in oanrin, probearje in spear sa fier mooglik fuort te smiten. De spear moat delkomme yn in frij smelle sector wêrby de punt fan de spear de grûn as earste reitsje moat.

Gewichtsmite,

Gewichtsmiten is in dissipline binnen de atletyk dy't foaral yn Amerika, Skotlân en Ierlân beoefene wurdt. It hat gelykenissen mei it kûgelstjiten en it kûgelslingerjen. It is by it gewichtsmiten de bedoeling om in swiere metalen bol - faaks mei in gewicht fan 25,4 kg sa fier as sa heeg mooglik te smiten. Dizze atletykfoarm sjogge jo faaks ek tidens de Highland Games.

Kûgelslingerje

Kûgelslingerjen is in dissipline yn it atletyk wêrby hja in kûgel dy't bevestige is oan in stielkabel mei in hânfet, so fier moogelik fuortslingere wurde moat. De kûgel is by de manlju 7,26 kg en by de froulju 4 kg.


Mearkampen

Mearkampen binne searjes ûnderling gearhingjende ûnderdielen fan de atletyk, dy't yn in feaststelde folgoarde binnen in bepaalt tiidsbestek ôfwurke wurde moatte. De winner is degjinne dy't it heegste puntentotaal behelle hat.

fiifkamp

De fiifkamp wurdt allinne yndoar beoeffene troch de frouljue bestiet út de ûnderdielen, 60 m horden, 800 m hurdrinnen, Heechspringen, Fierspringen en Kûgelstjitte.

sânkamp

Fan de sânkamp is der in outdoorfesje foar de froulju en in yndoorfersje foar de manlju. Froulju: 100 m horden, Heechspringen, Kûgelstjitte, 200 m hurdrinnen, Fierspringen Spearsmite en 800 m hurdrinnen . Manlju: 60 m hurdrinnen, Fierspringen, Kûgelstjitte, Heechspringen, 60 m horden, Heechljeppen en 1000 m hurdrinnen.

tsienkamp

Is in mearkamp ûnderdiel dat allinne troch manlju beoefene wurdt. en bestiet út de ûnderdielen: 100 m hurdrinnen, Fierspringen, Kûgelstjitte, Heechspringen, 400 m hurdrinnen, 110 m horden, Diskussmite, Heechljeppen, Spearsmite en 1500 m hurdrinnen.

fjirtjinkamp

Dizze mearkamp heart net ta it IAAF-programma, en bestiet út de folgjende ûnderdielen: Yndoor: 60 m hurdrinnen, Fierspringen, 800 m hurdrinnen Kûgelstjitte, 400 m hurdrinnen, Heechspringen, 3000 m hurdrinnen 60 m horden, Heechljeppen, 1500 m hurdrinnen, Gewichtsmite, 200 m hurdrinnen, Hink-Stap-Springe, en 5000 m hurdrinnen. Outdoor 100 m horden, Heechspringen, 1500 hurdrinnen, 400 m horden, Kûgelstjitte, 200 m hurdrinnen, 100 m hurdrinnen, fierspringen, 400 m hurdrinnen, Spearsmite, 800 m hurdrinnen, 200 m horden, diskussmite, 3000 m hurdrinnen.

tweintichkamp

De tweintichkamp bestiet út de folgjende ûnderdielen: 100 m hurdrinnen, fierspringen, 200 m horden, kûgelstjitte, 5000 m hurdrinnen, 800 m hurdrinnen, heechspringen, 400 m hurdrinnen, kûgelslingerje, 3000 m steeplechase, 110 m horden, diskussmite, 200 m hurdrinnen, heechljeppen, 3000 m hurdinnen, 400 m horden, spearsmite, 1500 m hurdrinnen, hink-stap-springe, 10.000 m hurdrinnen


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Athletics fan Wikimedia Commons.