Springe nei ynhâld

Feriene Arabyske Emiraten

Ut Wikipedy
الإمارات العربيّة المتّحدة
Al-Imārāt al-‘Arabīyah al-Muttahidah
Flagge fan Feriene Arabyske Emiraten Wapen fan Feriene Arabyske Emiraten
Flagge Wapen
Lokaasje fan Feriene Arabyske Emiraten
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Abû Dabi
Steatsfoarm Federaasje
Gebiet
% wetter
82.880 km²
0­%
Ynwenners (2000) 12.407.460
Munt Dirham (AED)
Tiidsône UTC +4
Nasjonale feestdei 2 desimber
Lânkoade ARE
Ynternet .ae
Tillefoan 971

De Feriene Arabyske Emiraten is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Abû Dabi en de presidint fan de federaasje is sûnt 2004 Sjeik Khalifa bin Zayed Al Nahayan.

De steat fan Feriene Emiraten leit oan de eastlike kust fan de Arabyske skiereilân, oan de Persyske Golf. It wurdt begrinze troch:

It lân bestiet út lege flakten by de kust dy't oergean yn sândúnen en woastinen fan de Rub-al-Kaly, nei it easten ta wurdt it berchiger en rikt it Al-Hajarberchtme oant 1100 meter. Yn it hite en skrokke klimaat is fegetaasje allinnich mooglik troch yrrigaasje. Trekpleister foar it toerisme is allinnich it emiraat Sjardja

De sân emiraten waarden nei iuwen fan konflikten yn de 19e iuw twongen troch Grut-Brittanje harren definsje en bûtenlânske polityk oan de Ingelsen oer te litten. Nei it fertrek fan de Ingelsen yn 1971 hawwe de emiraten harren ta in federaasje oansletten. Neffens de grûnwet foarme de sân emirs de Opperste Rie en kieze út harren midden in presidint.

Sân emiraten foarmje de uny:

De uny hat gjin demokratysk systeem, mar de libbensstandert is ien fan de heechsten yn de wrâld.

It persintaazje fan lânseigen befolking, meastepart Arabieren fan Bedûynske komôf, is lyts, mar de lân begastet in tige grut tal fan bûtenlânske wurkers, foaral út Aazje.

It machtichste en rykste fan de emiraten is Abû Dabi, wylst Dûbai ferneamd is as in aktyf ynternasjonaal hannelssintrum. De grutte rykdom fan it lân ûntsprút oan de oalje; nei Saûdy-Araabje en Irak binne de Emiraten de grutste produsint fan oalje.