Springe nei ynhâld

Flight (film út 2012)

Ut Wikipedy
Flight
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Robert Zemeckis
produsint Walter F. Parkes
Laurie MacDonald
Steve Starkey
Robert Zemeckis
Jack Rapke
senario John Gatins
kamerarezjy Don Burgess
muzyk Alan Silvestri
filmstudio Parkes + MacDonald Productions
ImageMovers
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Denzel Washington
Kelly Reilly
byrollen Bruce Greenwood
John Goodman
Don Cheadle
Tamara Tunie
Nadine Velazquez
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 2 novimber 2012
foarm langspylfilm
sjenre dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 138 minuten
budget en resultaten
budget $31 miljoen
opbringst $161,8 miljoen
prizen 1 × Satellite Award

Flight is in Amerikaanske dramafilm út 2012 ûnder rezjy fan Robert Zemeckis, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington en Kelly Reilly. De titel betsjut "Flecht"; dat is in wurdboarterij, mei't dat wurd yn it Ingelsk krekt as yn it Frysk sawol "fleanen" as "útnaaien" betsjutte kin. It ferhaal giet oer William "Whip" Whitaker, in ferkearspiloat dy't al jierrenlang syn alkoholisme en drugsferslaving geheim witten hat te hâlden. As syn fleantúch troch min ûnderhâld delstoart, rêdt er troch syn rislút yngripen it libben fan 'e measte ynsittenden. Hy wurdt ynhelle as held, mar neitiid komme by it ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngemak syn geheimen oan it ljocht. Flight krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. De film wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

Ferkearspiloat William Whitaker, byneamd Whip, hat in nacht mei mar in bytsje sliep mar mei nammenste mear drank en seks efter de rêch mei in tsjeppe Latina yn in hotelkeamer yn Orlando (Floarida). De oare moarns, as er noch heal dronken is en lêst hat fan in slimme kater, brûkt er kokaïne om himsels op te peppen. Dêrnei set er ôf nei de pleatslike lofthaven, om't er in ferkearsfleantúch fan loftfeartmaatskippij SouthJet nei Atlanta fleane moat. By it fleantúch oankommen, wurdt er ferwolkomme troch Trina Márquez, deselde Latina mei wa't er de nacht trochbrocht hat, dy't stewardess op deselde flecht blykt te wêzen.

SouthJet-flecht 227 hat lêst fan slimme turbulinsje by it opstiigjen, mar Whip fiert de faasje fan it fleantúch op oant boppe de tastiene mjitte en wit troch it swierwaar dat de turbulinsje feroarsaket hinne te prippen en boppe it wolkedek te kommen. Ko-piloat Ken Evans nimt de kontrôle oer it fleantúch oer wylst Whip de passazjiers tasprekt en ûnderwilens op diskrete wize syn grutte flesse jus d'orange oanlinget mei trije lytse fleskes wodka. Nei't er dêr fuortendaliks in pear flinke swolgen fan nommen hat, docht er yn 'e gesachfierdersstoel eefkes in slûchje fan in healoere. Hy skrikt wekker as it tastel deunby de bestimming hommels in dûkflecht begjint te meitsjen, dy't de beide piloaten net tsjinkeare kinne. It liket net mear foar te kommen dat SouthJet-flecht 227 yn in wenwyk fan Atlanta delstoarte sil.

Whip bliuwt lykwols kalm. Om't it fleantúch inkeld noch nei ûnderen ta stjoere wol, nimt er it noch nea foarkommen beslút om it op 'e rêch te rôljen; as it tastel dan nei 'ûnderen' ta wol, giet it feitliks nei boppen. Op dy wize wit er it fleantúch, mei help fan Evans en haadstewardess Margaret Thomason, dy't er by him yn 'e cockpit ropt, by de stêdekloft wei te fleanen. Underwilens hat Trina Márquez har plak ferlitten om in lyts jonkje te rêden, dat troch it ûnderstboppest kearen fan it fleantúch út syn stoel fallen is. Boppe de greiden fan it plattelân om Atlanta hinne draait Whip it fleantúch wer werom en besiket er in behearske needlâning te meitsjen. Om't de iene wjuk de spits fan in tsjerketoer rekket, wurdt it tastel lykwols út it lykwicht skuort, sadat de oare wjuk it earste diel is dat de grûn rekket. It fleantúch komt del en alles wurdt swart.

Underwilens stiet de heroïneferslaafde masseuze Nicole Maggen yn Atlanta op it punt om út har appartemint set te wurden om't se de hier al in skoft net opbringe kinnen hat. Hoewol't se al langere tiid clean is, kriget se in weromfal. Om oan har ellindige sitewaasje en har stikkene libben te ûntsnappen, beslút se de heroïne yn te nimmen dy't se fan in freon krigen hat. Hoewol't er har warskôge hat dat it te sterk spul is om te spuitsjen, en dat se it inkeld smoke kin, spuitet se it dochs yn, mei as gefolch dat se bewusteleas rekket fan 'e oerdoazis. Har hierbaas, dy't om 'e hier komt, treft har sa oan en skillet in ambulânse. Wylst de ferpleechkundigen har op in brankaar út har appartemint ride, fljocht boppe harren SouthJet-flecht 227 ûnderstboppest foarby.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Whip wurdt wekker yn in sikehûs yn Atlanta. Hy hat by de needlâning mar lichte ferwûnings oprûn en wurdt begroete troch syn âlde kammeraat Charlie Anderson, in âld-piloat dy't no fertsjintwurdiger fan it fakbûn fan piloaten is. Hy fertelt Whip dat er mei syn aksje 96 fan 'e 102 ynsittenden fan it fleantúch it libben rêden hat, en dat er troch de media útroppen is ta in held. De seis deaden binne fjouwer passazjiers en de beide stewardessen dy't harren yn 'e romp fan it fleantúch befûnen: Cami Satou en Trina Márquez. Ko-piloat Evans leit yn koma. Whip, dy't skieden is en net folle kontakt mei syn eks-frou en soan hat, lit klean en sigaretten yn it sikehûs besoargje troch de joviale drugsdealer Harling Mays, mei wa't er troch de jierren hinne befreone rekke is. Mays wol him ek wol drank en drugs tahawwe, mar mei it each op it ûndersyk dat de National Transportation Safety Board (NTSB) nei it delstoarten fan it fleantúch ynsteld hat, sjocht Whip dêrfan ôf. As Whip dy jûns fuortglûpt om yn it treppehûs in sigaret te smoken, moetet er dêr Nicole, dy't yn itselde sikehûs opbetteret fan har oerdoazis heroïne, en ek it treppehûs útsocht hat as gaadlik plak om te smoken.

De oare moarns wurdt Whip út it sikehûs ophelle troch Mays, dy't him nei de lofthaven ta bringt, dêr't syn auto noch stiet. Om't syn hûs yn Atlanta belegere wurdt troch de media, lûkt Whip him werom op it boerespultsje op it plattelân bûten de stêd, dat fan syn heit silger wie. Dêr smyt er alle drank en drugs fuort dy't er dêr hat. As Whip in dei letter in moeting hat mei Charlie Anderson en syn abbekaat Hugh Lang, leit Lang him út dat de NTSB al bloed fan him ôfnommen hat doe't er noch bewusteleas yn it sikehûs lei. Whip begrypt dat al syn foarsoarchsmaatregels sinleas wiene. Lang befêstiget dat út 'e drugstest bleken is dat Whip ûnder de flecht sawol dronken as ûnder ynfloed fan kokaïne wie. Hy hat der lykwols alle fertrouwen yn dat er de test ûnjildich ferklearje litte kin omreden fan foarmflaters. It earste dat Whip nei it petear docht, is nije drank ynslaan. Op 'e weromweis nei it boerespultsje giet er oan by Nicole, dy't op dat stuit krekt har appartemint ûntrommet. Se wit noch net wêr't se hinne sil en har auto docht it net, dat Whip biedt har oan om by him te útfanhûzjen oant se har libben wer op oarder hat.

Op it boerespultsje krije Whip en Nicole al rillegau in seksuele relaasje, mar as Whip him wer oerjout oan drank en drugs, botst dat mei Nicole har stribjen om diskear foargoed ôf te kicken. Whip giet nei de begraffenis fan Trina, dêr't er haadstewardess Margaret Thomason emosjoneel ûnder druk set om foar him tsjin 'e NTSB te ligen. Hy besiket ek ko-piloat Ken Evans, dy't ûnderwilens út syn koma kommen is. Mar syn skonken en bekken binne by de needlâning ferbrizele, en hy sil nea wer fleane kinne. Sterker noch, hy mei yn 'e hannen knipe as er ea wer rinne kinne sil. Hoewol't er lulk is op Whip, hat er tagelyk foar it ferstân dat er mei in oare piloat it delstoarten fan SouthJet-flecht 227 hielendal net oerlibbe hawwe soe. Mei't er in fûnemintalistyske kristen is, hat er besletten dat Whip troch God stjoerd west hawwe moat. Dêrom sil er de NTSB net fertelle dat er de dranklucht rûke koe sadree't Whip de moarns fan 'e flecht yn 'e cockpit kaam.

Nei ferskate konfrontaasjes mei Whip oer syn hâlden en dragen, wêrby't er by heech en by leech ûntstriidt dat er in alkoholist is om't er, sa beweart er, samar ophâlde kinne soe fan drinken as er dat woe, beslút Nicole by Whip wei te gean. Koarte tiid letter ûntdekke de media Whip syn ûnderdûkersplak op it boerespultsje. Om't it lêste dat er wol, is om 'e media te wurd te stean, naait er út yn 'e auto en riidt drinkendewei werom nei Atlanta. Tajaand oan in ympuls giet er healdronken oan by syn eks-frou en soan, dy't dêr gjin nocht oan hawwe. Om't er wegeret fuort te gean, skillet syn eks-frou de plysje op. Tsjin 'e tiid dat dy arrivearret, hawwe de media it hûs ek fûn en wurdt Whip foar it each fan 'e kamera's fan it hiem ôf eskortearre. Neitiid meldt er him by Charlie Anderson thús, om't er nearne oars mear hinne kin. Charlie is dêr net wiis mei, mar Whip smeket him om him dêr bliuwe te litten oant de harksitting fan 'e NTSB. Charlie jout ta, mar drukt him op it hert dat er ab-so-lút neat drinke of brûke mei. Whip ûnthjit dat en de njoggen dagen dat er by Charlie útfanhûzet, slagget it him om fan 'e drank en drugs ôf te bliuwen.

De jûns foarôfgeande oan 'e harksitting bringe Charlie en Hugh Lang Whip ûnder yn in hotelkeamer yn itselde hotel dêr't de oare moarns de harksitting holden wurde sil. Der stiet in bewekker by him foar de doar, sabeare om foar te kommen dat er steurd wurdt troch de media, mar eins om foar te kommen dat er útgiet om drank of drugs. Yn 'e minybar yn 'e hotelkeamer stiet inkeld frisdrinken. Whip is ûngeduerich, mar alles giet goed, oant er ûndekt dat de tuskendoar nei de njonkenlizzende hotelkeamer los is. Dy hotelkeamer blykt leech te wêzen, mar de minybar is dat net. Nei in koarte wrakseling mei himsels begjint er de fleskes drank efteroer te slaan. De oare moarns wurdt Whip troch Charlie en Hugh yn syn hotelkeamer bewusteleas en sa dronken as in kroade oantroffen op 'e badkeamerflier. Se bringe him by, mar sitte mei de hannen yn it hier. Whip hjit harren om Harling Mays op te skiljen, dy't delkomt en him troch it tatsjinjen fan kokaïne wer oansprekber makket.

Op 'e harksitting makket Ellen Block, de liedster fan it NTSB-ûndersyk, bekend dat it delstoarten fan SouthJet-flecht 227 feroarsake waard troch in fersliten skroef yn it hichteroer, dy't moannen earder al ferfongen wurde moatten hie. Se lovet Whip foar de moed, kalmte en bekwamens wêrmei't er de libbens fan 96 fan 'e ynsittenden rêden hat. Se fertelt ek dat de NTSB de omstannichheden neibeard hat yn in flechtsimulator, en dat it gjin inkele oare piloat slagge om SouthJet-flecht 227 te rêden fan it delstoarten mei ferlies fan alle libbens.

Dêrnei giet Block oer op 'e kwestje fan twa lege wodkafleskes dy't yn it jiskefet fan it fleantúch fûn binne (de trêde is blykber by de needlâning weiwurden), wylst der omreden fan 'e turbulinsje oan it begjin fan 'e flecht oan board gjin drank skonken waard. Dat betsjut dat inkeld leden fan 'e bemanning tatong ta de wodka hiene. Mei't Whip syn toksikologytest om foarmflaters net talitten is, wie Trina Márquez it iennichste (oare) bemanningslid dat ûnder ynfloed fan alkohol wie. Block wol no fan Whip witte oft er tinkt dat sy de beide fleskes wodka lytsman makke hat. Mei in simpel "ja" soe Whip, troch Trina de skuld op 'e lea te skowen, fan it hiele spul ôf wêze. Mar Block hat tsjin Whip syn ferwachting yn it iene ûnderwerp fûn dêr't er net oer lige wol, út respekt foar de neitins oan Trina en om't er blykber wier fan har hold. Nei in lange stilte brekt er en bekent dat er de deis fan 'e crash en alle dagen dêrfoar dronken en ûnder ynfloed fan drugs wie, en dat er dat no ek is, mei't er in alkoholist en in drugsferslaafde is.

Yn in epilooch fertelt Whip trettjin moannen letter oan in stipegroep fan oare alkoholistyske feroardielden yn 'e finzenis dat er bliid is dat er dy deis op 'e harksitting de juste beslissing nommen hat. Hoewol't er dêrtroch letter ta seis jier selstraf feroardiele is om't er sa lang op eltse flecht de libbens fan syn passazjiers yn gefaar brocht hie, is er no yn elts gefal nofter, wat er foartiid al withoelang net mear west hie. Hy fertelt dat er oan al dejingen dy't er troch syn dieden teneikommen is, syn ûntskuldigings oanbean hat. Guon hawwe dy akseptearre, en guon sille dat nea dwaan, en dat is ek wat dêr't er mei leare moatte sil te libjen. Yn syn finzenis hingje foto's fan Nicole, dy't him blykber àl ferjûn hat. De film einiget as Whip besyk kriget fan syn soan.

Denzel Washington.
Kelly Reilly.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
William "Whip" Whitaker Denzel Washington
Nicole Maggen Kelly Reilly


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Charlie Anderson Bruce Greenwood
Harling Mays John Goodman
Hugh Lang Don Cheadle
Margaret Thomason Tamara Tunie
Trina Márquez Nadine Velazquez
Ken Evans Brian Geraghty
Avington Carr Peter Gerety
Ellen Block Melissa Leo
Deana Coleman Garcelle Beauvais
Will Whitaker jr. Justin Martin
hierbaas Conor O'Neill
kankerpasjint James Badge Dale
himsels Piers Morgan (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flight waard regissearre troch Robert Zemeckis nei in senario dat skreaun wie troch John Gatins. It wie de earste live-actionfilm dy't Zemeckis makke nei Cast Away en What Lies Beneath, beide út 2000, en it wie syn earste film dy't troch de Amerikaanske sensuer bestimpele waard foar boppe de achttjin jier sûnt Used Cars, út 1980. Gatins lei yn 2012 yn in fraachpetear mei de Los Angeles Times út dat er it delstoarten fan it fleantúch yn Flight loskes basearre hie op it delstoarten fan Alaska Airlines-flecht 261 yn 2000, dat feroarsake waard troch in brutsen skroef. By dat ûngemak wiene gjin oerlibbenen.

As produsinten wiene Walter F. Parkes, Laurie MacDonald, Steve Starkey, Jack Rapke en Zemeckis sels by de film belutsen, foar de studio's Parkes + MacDonald Productions en ImageMovers. Foar Flight wie in relatyf beheind budget beskikber fan $31 miljoen. Neffens Zemeckis wie dat (as men korrizjearre foar ynflaasje) syn lytste filmbudget sûnt 1980. Hy koe dermei ta om't hysels en haadrolspiler Denzel Washington fan harren gebrûklike salaris ôfseagen en de Amerikaanske steat Georgia, dêr't de film opnommen waard, by wize fan subsydzje frijwat koarte op 'e belesting.

De kamerarezjy fan Flight wie tabetroud oan Don Burgess, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Alan Silvestri. De opnamen setten mids oktober 2011 yn Atlanta útein en duorren 45 dagen. Denzel Washington waard yn Flight weriene mei ferskate akteurs mei wa't er earder al ris gearwurke hie: Don Cheadle (mei wa't er yn Devil in a Blue Dress spile hie), John Goodman (mei wa't er te sjen wie yn Fallen), en Bruce Greenwood (mei wa't er gearwurke hie yn Déjà Vu).

De distribúsje fan Flight waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 14 oktober 2012 op it Filmfestival fan New York. Hy iepene op 2 novimber 2012 yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Flight ûntfong foar it meastepart positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Fral it aktearjen fan Denzel Washington waard rûnom love. Sa skreau Todd McCarthy yn The Hollywood Reporter dat de film "Denzel Washington foarsjocht fan ien fan syn […] meast komplekse rollen, dêr't er mei fuortfljocht." Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 4 fan 4 stjerren. Hy omskreau de aktearprestaasje fan Washington as "ien fan syn alderbêsten", en neamde Flight "suver sûnder lek of brek". Doe't de film yn 2013 net nominearre waard foar de Oscar foar Bêste Film, agearre Ebert tsjin dy beslissing, mei't er fûn dat Flight beslist in nominaasje foar dy priis fertsjinne. It tydskrift Entertainment Weekly skreau: "[Washington] syn optreden as in alkoholistyske ferkearspiloat dy't troch syn eigen heldhaftigens yn 'e fâle rint, is op-en-út epysk."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Flight in heech goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 220 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Robert Zemeckis makket in triomfantlike weromkear yn 'e live-actionsinema mei Flight, in ta neitinken stimmende en provokative karakterstúdzje dy't oandreaun wurdt troch in oangripende aktearprestaasje fan Denzel Washinton." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Flight in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 40 resinsjes.

Der kaam lykwols, sa't te ferwachtsjen wie, frijwat dalje op 'e film út 'e hoeke fan 'e (echte) ferkearspiloaten, dy't it reälisme fan Flight yn 'e kiif stelden. Dêrby gie it benammen om it útgongspunt dat in piloat sa lang syn alkoholisme en drugsferslaving geheim hâlde kinne soe. De Air Line Pilots' Association (ALPA) liet in offisjele parseferklearring útgean wêryn't steld waard dat Flight in ynkorrekt byld joech fan in fleantúchbemanning en dat in "spannend teltsje" net betize wurde moast mei "it wiere ferhaal fan it útsûnderlike […] profesjonalisme fan ferkearspiloaten". Yn The Daily Beast liet ferkearspiloat Patrick Sith witte dat "in echte Whitaker it noch gjin twa minuten folhâlde soe by in loftfeartmaatskippij". Hy skreau ek dat "alle ferkearspiloaten […] har belastere fiele moatte soene troch [Washington] syn walchlike karikatuer." Fierders wie der ek krityk op 'e relaasje tusken de piloat en de ko-piloat, sa't dy yn 'e film ôfskildere wurdt, Whitaker syn beslút om by swierwaar de faasje fan syn fleantúch op te fieren, en de sêne wêryn't Whitaker syn fleantúch omrôlet om in skoft ûnderstboppest te fleanen.

Flight brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $93,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $68,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $161,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $31 miljoen betsjut dat in winst fan $130 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dat makke Flight ta in kommersjeel súkses dat der wêze mocht.

Denzel Washington waard yn 2013 foar syn rol yn Flight nominearre foar sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste akteur. Hy waard yn deselde kategory ek nominearre foar in Satellite Award, in Screen Actors Guild Award en in Australyske AACTA International Award. Hy wûn de NAACP Image Award foar treflike akteur. Robert Zemeckis wûn foar Flight op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs de priis foar regisseur fan it jier. John Gatins waard nominearre foar de Oscar en de Satellite Award foar bêste orizjinele senario. John Goodman waard foar syn optreden as de joviale drugsdealer Harling Mays nominearre foar in Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur. Flight waard ek nominearre foar de Satellite Awards foar bêste filmmontaazje en bêste lûd, en wûn de Satellite Award foar bêste special effects.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.