Springe nei ynhâld

The Karate Kid Part II

Ut Wikipedy
The Karate Kid Part II
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John G. Avildsen
produsint Jerry Weintraub
senario Robert Mark Kamen
kamerarezjy James Crabe
muzyk Bill Conti
filmstudio Delphi V Productions
distribúsje Columbia Pictures
spilers
haadrollen Ralph Macchio
Pat Morita
byrollen Tamlyn Tomita
Yuji Okumoto
Nobu McCarthy
Danny Kamekona
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 20 juny 1986
foarm langspylfilm
sjenre sportdramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 113 minuten
budget en resultaten
budget $13 miljoen
opbringst $115,1 miljoen (Noard-Amearika)
filmsearje
filmsearje The Karate Kid
● foarich diel The Karate Kid
● folgjend diel The Karate Kid Part III

The Karate Kid Part II is in Amerikaansk sportdrama oer karate út 1986, ûnder rezjy fan John G. Avildsen. De haadrollen waarden fertolke troch Ralph Macchio en Pat Morita. It is it twadde diel fan 'e Karate Kid-filmsearje en as sadanich it ferfolch op 'e súksesfolle film The Karate Kid, út 1984. It ferhaal folget Daniel LaRusso as er syn karatelearaar, menear Miyagi, beselskippet op in reis nei it Japanske eilân Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen, dêr't Miyagi syn heit op syn stjerbêd leit. Ferskate aspekten út syn ferline dy't Miyagi 45 jier earder efter him litten tocht te hawwen, komme him en syn learling dêr oer it mad. The Karate Kid Part II krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. In trêde film yn deselde rige, The Karate Kid Part III, kaam út yn 1989.

Fuort nei de oerwinning fan 'e jonge Daniel LaRusso yn it All-Valley Karate-toernoai fan 1984 yn Los Angeles ûntstekt op it parkearterrein John Kreese, de learmaster fan Johnny Lawrence, dy't troch Daniel yn 'e finale ferslein is, yn grutte grime. Hy komt Johnny fysyk tenei, mar menear Miyagi, Daniel syn learmaster, grypt yn weeft mei Kreese ôf sûnder him oan te reitsjen. As de man troch eigen tadwaan warleas rekke is, driget Miyagi him dea te slaan, mar ynstee knypt er him even yn 'e noas en lit him dan fierder yn syn eigen sop gearsiede. Johnny en syn maten ferlitte Kreese syn Cobra Kai-dojo no't se foar it ferstân krigen hawwe hoe'n aaklike keardel oft er eins is.

In healjier letter makket Daniel syn faam Ali Mills de ferkearing mei him út, wylst syn mem foar de simmer nei Fresno moat foar har wurk. Daniel hat gjin oare kar as om mei, dêr't er alhiel gjin sin oan hat, mar menear Miyagi beävensearret dat er ynstee by him útfanhûzje kin. Dat plan rint lykwols op 'e non as Miyagi koarte tiid letter in brief út Japan kriget mei it boadskip dat syn heit tige yn 'e minnichte rekke is. Miyagi beslút dat der neat oars op sit as om werom te kearen nei Tomi, it doarpke op it eilân Okinawa yn 'e Rjûkjû-eilannen dêr't er wei komt. Daniel freget oft er mei mei, en Miyagi stimt dêrmei yn.

Sûnt syn ymmigraasje nei de Feriene Steaten hat Miyagi nea werom west yn syn heitelân. Hy leit út dat er smoarfereale wie op in famke dat Yukie hiet. Dyselde soe lykwols troch har famylje úthylke wurde oan in oare jongeman, de rike Sato. Wat de kwestje noch dreger makke, wie dat Sato de bêste freon fan Miyagi wie, dy't tagelyk mei him fan Miyagi syn heit karate leard hie. Doe't Miyagi oankundige dat er tsjin alle tradysjes yn dochs mei Yukie trouwe soe, dage Sato him út ta in gefjocht oant de dea, om't er dêrmei syn ear besmodzge hie. Om net mei syn bêste freon hoegen te fjochtsjen, ferliet Miyagi doe halje-trawalje it eilân, wêrnei't er úteinlik yn Amearika bedarre. Hy fertelt Daniel dat Sato noch altyd wrokket oer de foarfallen fan 45 jier earder, mei't op Okinawa oantaasting fan jins ear net ferjierret.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As se op Okinawa oankomme, wurde Daniel en Miyagi op 'e lofthaven yn 'e haadstêd Naha ôfhelle troch Chozen Toguchi, by wa't se sûnder euvelmoed yn 'e auto stappe. Hy blykt lykwols in omkesizzer fan Sato te wêzen, en bringt harren net nei Tomi ta, mar nei Sato, dy't nei al dy jierren noch altyd haat tsjin Miyagi koesteret en him útdaget ta it langferwachte gefjocht. Miyagi wegeret dêroan mei te wurkjen. Nei't se úteinlik mei in taksy Tomi berikt hawwe, dat no op it gebiet fan 'e grutste Amerikaanske militêre basis yn 'e Stille Oseaan leit, wurde Daniel en Miyago dêr ferwolkomme troch Miyagi syn âlde flam Yukie en har muoikesizzer Kumiko, dy't tegearre de âlde heit fan Miyagi fersoargje.

It docht bliken dat it houlik tusken Yukie en Sato nea trochgien is mei't Yukie Sato ôfstegere hat út leafde foar Miyagi. Hja is al dy jierren allinne bleaun en hat út respekt foar Miyagi syn swijen nea kontakt mei him opnommen. Syn swijen wie lykwols basearre op 'e ûnderstelling dat Yukie mei Sato troud wie. Underwilens is Sato in rike yndustrieel wurden, waans supertrawlers de see leechfiske hawwe, sadat de oare ynwenners fan Tomi ta earmoede ferfallen binne. Hja binne no twongen om in bestean as lytse bouboerkes te lieden, wêrby't de ikkers dêr't se op plantsje, hierd wurde fan Sato, dy't alle grûn yn it hiele doarp yn besit hat.

Miyagi jout him by syn heit, dy't slim siik is en, sa is dúdlik, net wer better wurde sil. Underwilens komt Daniel better yn 'e kunde mei Kumiko, dy't fan syn eigen jierren is. Hja liedt him rûn op it eilân. Miyagi lit him it geheim fan 'e karate fan syn famylje sjen, in den-den daiko of "hânholden tromme", dy't de trommetechnyk fan karate yllustrearret, in foarm fan blokkearjen en ferdigenjen dy't Daniel daliks begjint te oefenjen. As de heit fan Miyagi lang om let komt te ferstjerren, nei in lêste fergese besykjen op syn stjerbêd om syn soan en Sato mei-inoar te fermoedsoenjen, jout Sato Miyagi trije dagen om te roujen, út respekt foar syn âlde learmaster.

Nei't Daniel by ûngelok de korrupsje fan Chozen by it opkeapjen fan 'e lânbougewaaksen fan 'e doarpelingen oan it ljocht bringt, beskuldiget Chozen him derfan dat er syn ear besmodzge hat, en begjint er him lestich te fallen. By in besyk oan Naha mei Kumiko rint Daniel Chozen en syn trewanten tsjin it liif, dy't him twinge om mei te dwaan oan in weddenskip wêrby't Daniel mei de bleate hân troch seis iislagen hinne slaan moat. As dat Daniel slagget, en Chozen $600 ophoastje moat, boazet it lestich fallen noch fierder oan. De jûns dat de trije dagen ôfrinne dy't Sato oan Miyagi tasein hie, komme Chozen-en-dy del en begjinne it hûs en de tún te fandalisearjen fan wat nei it ferstjerren fan syn heit no Miyagi syn besit is. As Miyagi arrivearret, makket er fluch regaad troch de jongemannen sûnder muoite in wan bruien te jaan oant se útnaaie. Hy en Daniel beslute om 'e oare deis gau-gau werom te kearen nei Los Angeles, foar't de sitewaasje noch fierder út 'e hân rinne kin.

De oare moarns ferskynt Sato lykwols yn it doarp mei in bulldozer, en driget it hiele doarp, dat ommers fan him hierd wurdt, mei de grûn lyk te meitsjen as Miyagi fêsthâldt oan syn wegering om mei him te fjochtsjen. Dêrmei hat er lang om let wat fûn dêr't Miyagi net by wei rinne kin, dat dyselde stimt einlings yn mei it gefjocht. Hy stelt dêrby lykwols as betingst dat Sato it eigendom fan it doarp foargoed oerdrage moat oan 'e doarpsbewenners, sadat Tomi bestean bliuwe sil al hoe't de útkomst fan it gefjocht ek wêze mei. Sato wol dêr earst neat fan witte, mar stimt dermei yn as Miyagi him yn 't sin bringt dat soks ommers in "lytse priis" is om te beteljen foar syn ear.

De deis fan it gefjocht komt der lykwols in tyfoan oer Okinawa. Daniel, Miyagi, Kumiko en Yukie sykje mei de oare doarpelingen beskûl yn in heal ûndergrûnske bunker dy't noch datearret út 'e Twadde Wrâldoarloch, mar Sato rekket beknypt ûnder de brokstikken as de dojo fan syn famylje troch de stoarm platsmiten wurdt. Miyagi en Daniel komme fanwegen om him te rêden en skuorre him los. Neitiid docht bliken dat it jonge famke dat de alaarmbel let hat, fêst kommen is te sitten yn 'e klokketoer. Daniel giet deropta om har te rêden en Sato oarderet Chozen om him te helpen. Chozen wegeret lykwols om't er net nei bûten doar, wêrnei't Sato, nettsjinsteande syn ferwûnings, der sels wer út giet om Daniel by te stean. Neitiid ûntervet er Chozen foar syn leffens, dy't dan breinroer fan razernij de stoarm yn draaft.

Nei de stoarm keart Sato mei syn bulldozers werom yn Tomi, mar diskear om te helpen by de weropbou fan it doarp. Hoewol't it gefjocht nea plakfûn hat, draacht er it eigendom fan it doarp oer oan 'e bewenners, en ek fermoedsoenet er him mei Miyagi. Daniel en Kumiko, dy't ûnderwilens ferkearing krigen hawwe, freegje Sato oft it oankommende O-bonfestival ek yn 'e ruïnes fan it kastiel holden wurde kin (dat ek eigendom fan Sato is), no't it doarp yn pún leit. Sato stim dêrmei yn op betingst dat Daniel ek oan 'e fiering meidwaan sil.

Op it feest fiert Kumiko in seremoniële dûns út, mar har optreden wurdt brút ûnderbrutsen as in wraaksuchtige Chozen har yn gizeling nimt en sa in gefjocht oant de dea mei Daniel ôftwingt. Nei in yntins karategefjocht wurdt Chozen Daniel hast oermânsk, oant Daniel de nije trommetechnyk tapast dy't er oan it learen is en sa dochs noch mei him ôfweeft. As er de fersleine Chozen freget oft dy libje of stjerre wol, kiest Chozen foar de dea, mar de karateslach dy't Daniel op syn hals docht, is mar sabeare. Ynstee knypt er Chozen yn 'e noas en lit him fierders oan syn lot oer, krekt sa't Miyagi earder mei Kreese die. Daniel omearmet Kumiko wylst Miyagi, Sato, Yukie en de oare doarpelingen goedkarrend tasjogge.

Ralph Macchio (2018).
Pat Morita (2002).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Daniel LaRusso Ralph Macchio
menear Miyagi Noriyuki "Pat" Morita


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Kumiko Tamlyn Tomita
Chozen Toguchi Yuji Okumoto
Yukie Nobu McCarthy
Sato Danny Kamekona
Toshio Joey Miyashima
Taro Marc Hayashi
John Kreese Martin Kove
Johnny Lawrence William Zabka
Jimmy Tony O'Dell
Bobby Ron Thomas
Tommy Rob Garrison
Amerikaanske soldaat by iisbrekweddenskip Clarence Gilyard
jonge dy't Daniel en Kumiko útnûget foar dûnsfeest B.D. Wong

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tariedings foar de produksje fan The Karate Kid Part II setten fuortendaliks útein nei't yn 1984 bliken die hoe'n grut súkses de foargeande film The Karate Kid wie. Nei't de úteinlike ferzje fan it senario troch senarioskriuwer Robert Mark Kamen ynlevere wie, fûn de casting foar The Karate Kid Part II plak fan maaie oant july 1985. De film waard, krekt as syn foargonger, regissearre troch John G. Avildsen. As produsint wie Jerry Weintraub by it projekt belutsen foar de filmstudio Delphi V Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $13 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan James Crabe, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Bill Conti.

De opnamen foar The Karate Kid Part II setten op 23 septimber 1985 útein en duorren oant en mei 20 desimber 1985. De iepeningssênes fan 'e film slute naadleas oan op 'e ein fan The Karate Kid, en wiene eins oarspronklik as ein fan dy film bedoeld, oant regisseur Avildsen dêrfan ôfseach. Se waarden lykwols pas opnommen nei't de produksje fan 'e ferfolchfilm úteinset wie.

It begjin fan 'e film waard, lykas syn foargonger, opnommen yn Los Angeles. De sênes op Okinawa, dy't it meastepart fan 'e film beslane, waarden lykwols filme op it noardeastlike part fan it Hawaïaanske eilân Oahu, op grûn dy't privee-eigendom wie. De eigner, in pinsjonearre dokter, stie de filmproduksje op syn gerjochtichheid ta. Dêrta waarden sân autentike Okinawaanske wenten neiboud en mear as trije acres lânbougewaaksen oanplante. Ek waarden fyftich Hawaïanen fan Okinawaansk etnysk komôf as figuranten ynset.

De distribúsje fan The Karate Kid Part II waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 20 juny 1986 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum waard yn 1986 tagelyk mei de film útbrocht en wie it lêste album dat ferskynde by platemaatskippij United Artists Records. It befette it liet The Glory of Love fan Peter Cetera, dat in nûmer 1-hit waard yn 'e Feriene Steaten fan ferskate oare lannen.

Fan 'e filmkritisy krige The Karate Kid Part II mingde resinsjes. Der wie lof foar de nije setting, it reälistysk neibearde Okinawa, en fral ek foar de aktearprestaasje fan Pat Morita as menear Miyagi, mar der kaam krityk op beskate eleminten fan 'e plot, de 'boardkartonnene' antagonisten en inkele as ûnreälistysk beskôge aksjesênes. De foaroansteande resinsint Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times rikkemandearre de film oan, mar syn freon en kollega Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune die dat net.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Karate Kid Part II in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 31 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Lykas ûntelbere ferfolchfilms besiket [dizze film] it ferhaal noch grutter en spannender te meitsjen sûnder al te fier fan 'e formule [fan 'e orizjinele film] ôf te dwalen – en kriget dêrtroch te lijen ûnder de wet fan 'e ferminderjende mearopbringsten." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Karate Kid Part II in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 9 resinsjes.

The Karate Kid Part II brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $115,1 miljoen op. Hoewol't net dúdlik is wat de opbringst wrâldwiid bedroech, behelle de film dêrmei, ôfset tsjin it budget fan $13 miljoen, al in winst fan $102,1 miljoen. Hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte, wie The Karate Kid Part II sadwaande in grut kommersjeel súkses en ien fan 'e meast opbringende films fan 1986.

The Karate Kid Part II waard yn 1987 nominearre foar de Oscar yn 'e kategory bêste orizjinele liet foar Glory of Love fan Peter Cetera. Komponist Bill Conti wûn foar syn filmmuzyk in ASCAP Award.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Karate Kid (filmsearje)
The Karate Kid (1984) • The Karate Kid Part II (1986) • The Karate Kid Part III (1989) • The Next Karate Kid (1994) • The Karate Kid (2010)