A.J. Applegate, echte namme ûnbekend (Massapequa (New York), 23 septimber 1989), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Dútsk-Italjaansk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol stavere as AJ Applegate of soms as Ajay Applegate, en yn it ferline hat hja ek wol gebrûk makke fan 'e skûlnamme Kaylee Evans. Applegate sette yn 2012 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films. Yn 2015 wûn se in AVN Award, en se hat noch foar in stik as tsien oaren nominearre west.

A.J. Applegate
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
AJ Applegate, Ajay Applegate,
Kaylee Evans
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 23 septimber 1989
berteplak Massapequa (New York)
etnisiteit Dútsk
Italjaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 20122021
offisjele webside
teamapplegate.com (deade link)

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Hoewol't in protte boarnen hawwe wolle dat har berteplak New York wie, hat Applegate sels yn 2013 yn in fraachpetear oanjûn dat se yn 1989 berne is yn Massapequa, yn 'e steat New York. Hja is fan mingd Dútsk-Italjaansk etnysk komôf en groeide op yn 'e steat Konnektikut. Op 'e middelbere skoalle hearde se ta it cheerleaderstiim, en letter wie se in skoftke profesjoneel dûnseresse en cheerleader, en teffens wurke se as dûnsleararesse.

Pornokarriêre

bewurkje seksje

Yn 2008, doe't se 19 jier wie, waard Applegate stripper yn 'e Gold Club, in stripklub yn Hartford (Konnektikut). Letter wurke se ek as neakenmodel en fetysjmodel. Yn 2012 makke se mei 22 jier har har debút yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, wêrby't se yn 't earstoan gebrûk makke fan 'e skûlnamme Kaylee Evans. Har earste sêne makke se foar de webside I Know That Girl fan Mofos.com, en hie as titel Big Butt Bouncing. Doe't se lykwols gewaar waard dat sawol de foarnamme Kaylee as de efternamme Evans yn 'e pornoyndustry rûnom foarkamen, neamde se harsels om ta A.J. Applegate, 'A.J.' om't se foarnammen moai fynt dy't sawol manlik as froulik wêze kinne, en 'Applegate' om't har gauris ferteld wurdt dat se op Hollywoodstjer Christina Applegate liket.

 
A.J. Applegate yn 2015.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Applegate ein 2016 yn mear as 320 pornografyske films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Evil Angel, Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Hustler Video, Elegant Angel, Digital Playground, Adam & Eve, Diabolic Video, Digital Sin, New Sensations en Devil's Film. Dêrnjonken hat se ek wol wurke foar minder bekende filmstudio's, lykas Girlfriends Films, Pure Play Media, Mile High Media, Metro, West Coast Productions en Third Degree Films. Fierders hat Applegate ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Nei eigen sizzen is Applegate fan doel om sa lang mooglik yn 'e pornoyndustry aktyf te bliuwen en úteinlik milfpornografy te meitsjen. Yn 2015 wûn se in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste groepsekssêne, en dêropta hat se noch foar in stik as tsien oare AVN Awards nominearre west. Fierders wûn se yn 2014 en 2016 in XRCO Award. Njonken har aktearwurk hat Applegate yn 2016 foar de studio Girlfriends Films ek in pornofilm regissearre, mei as titel AJ's Angels. Hja hat oanjûn dat hja hopet yn 'e takomst in eigen produksjestudio begjinne te kinnen. Fierders folge se fan 2013 ôf in oplieding ta fitnesstrener, dy't se yn 2014 mei goed gefolch ôfrûne.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

A.J. Applegate is blank, mei blauwe eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 54 kg, en in natuerlike kupmaat 34B. Behalven trije piercings troch elts fan har earen hat se ek in nâlpiercing. Fierders hat se op har rjochterheup in tatoeaazje besteande út in pear reade roazen mei de tekst Ballo D'Amore, wat yn it Italjaansk "Leafde foar de Dûns" betsjut.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2014 AVN Award nominearre bêste P.O.V.-sêne (mei Tim von Swine) Elastic Assholes 11
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
NightMoves Award nominearre bêste lichem n.f.t.
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
XRCO Award wûn bêste nije stjer n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste solo/striptease-optreden Gangbang Me
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Bruce Venture) Silhouette
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Ramón Nomar en Toni Ribas) Internal Damnation 7
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn bêste groepsekssêne (mei Mick Blue, James Deen, Erik Everhard, Jon Jon, Ramón Nomar, Mr. Pete en John Strong) Gangbang Me
NightMoves Award nominearre bêste froulike artyst n.f.t.
wûn bêste kont (redakteurskar) n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Carter Cruise) Fucking Girls 8
wûn bêste sekssêne yn in feature-film (mei Mr. Pete) Shades of Scarlet
XRCO Award nominearre orgastysk analiste n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2016 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Aidra Fox en Kenna James) Girls Kissing Girls 17
nominearre bêste triosekssêne m/m/f (mei Alex Jones en Mr. Pete) Sexaholics
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
NightMoves Award nominearre bêste kont n.f.t.
nominearre bêste froulike artyst n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Abella Danger en Alexis Texas) Big Booty Tryouts
nominearre bêste sekssêne yn in film mei pearkestematyk (mei James Deen) The Swinger 6
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wûn orgastysk analiste n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch ûnder: References, op dizze side.