Arianny Celeste (útspr. [æɹi'ɑ:ni sə'lɛst], likernôch: "ê-ry-aany suh-lest"; wiere namme: Penelope López Márquez; Las Vegas, 12 novimber 1985) is in Amerikaansk model fan Latino-komôf. Se is bekend wurden troch har wurk as omgongsdame by de mixed martial arts-kompetysje fan it Ultimate Fighting Championship (UFC). Se wie ek mei-presintatrise fan it autoprogramma Overhaulin’, en hat mei in fotoreportaazje yn it neakenblêd Playboy stien.

Arianny Celeste
model
persoanlike bysûnderheden
echte namme Penelope López Márquez
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 novimber 1985
berteplak Las Vegas (Nevada)
etnisiteit Filipynsk
Meksikaansk
wurkpaad
soarte model glamourmodel
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
www.ariannyceleste.com
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Penelope. De earste efternamme (fan heitekant) is López, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Márquez. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm López of oars López Márquez brûkt wurde.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Celeste waard yn 1985 berne yn Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada. Se is fan mingd Filipynsk en Meksikaansk etnysk komôf. Har wiere namme is Penelope López Márquez; 'Arianny' is in bynamme dy't se as bern krige. Celeste genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Eldorado High School en learde dêrnei fierder oan 'e Universiteit fan Nevada yn Las Vegas (UNLV), dêr't se ôfstudearre yn fitnessmanagement en nutrysje.

Yn 2006 makke Celeste har debút as omgongsdame (Ingelsk: ring girl) by de mixed martial arts-kompetysje fan it Ultimate Fighting Championship (UFC) yn it Hard Rock Hotel and Casino yn Paradise (Nevada). Hja makke in soad yndruk en waard troch it tydskrift Fighter's Only Magazine útkeazen as Omgongsdame fan it Jier 2006.

Yn 2008 waard se by de earste World MMA Awards (MMA stiet foar mixed martial arts) útornearre ta Omgongsdame fan it Jier 2008. In jier letter prolongearre Celeste dy titel troch by de World MMA Awards fan 2009 konkurrintes as Natasha Wicks en Logan Stanton te ferslaan. Neitiid wûn se dyselde titel noch twaris efterinoar, wêrby't se yn 2010 Rachelle Leah en Brittney Palmer fersloech, en yn 2011 op 'e nij Brittney Palmer. Yn 2012 ferlear Celeste op it kantsje ôf fan Palmer, en yn 2013 barde itselde. Yn 2014 fersloech se lykwols Palmer en de jongere konkurrinte Carly Baker, en waard foar de fyfde kear útroppen ta Omgongsdame fan it Jier.

Yn 2015 ferklearre de eardere UFC-kampioene yn 'e bantamklasse Ronda Rousey dat "òf de omgongsdames krije tefolle betelle, òf de fjochters krije net genôch betelle." Neffens de geroften soene omgongsdames fan it UFC $18.000 yn 't jier fertsjinje, wêrby't modellewurk bûten it UFC om net ynbegrepen is. Arianny Celeste kaam foar de omgongsdames op en sei dat it wurk fan in omgongsdame in stik dreger is as dat it foar bûtensteanders liket.

Njonken har wurk foar it UFC hat Celeste mei fotoreportaazjes yn tydskriften as Maxim, FHM en Sports Illustrated stien. Yn maaie 2010 stie se op 'e omslach fan Maxim, dat har útrop ta "meast seksy UFC octagon girl". Yn novimber 2010 stie Celeste mei in fotoreportaazje neaken yn 'e Playboy, en wie se ek op 'e omslach te sjen. Dat wie ien fan 'e bêstferkeapjende edysjes fan it jier.

 
Arianny Celeste by in synjearsesje op it Loftstasjon Miramar fan it Amerikaanske Marinierskorps.

Sûnt ein july 2010 is Celeste presintatrise fan in oer it ynternet útstjoerd programma oer it UFC, mei as titel UFC Ultimate Insider. Yn 2014 en 2015 wie se fierders tegearre mei Chip Foose ien fan 'e presintators fan it autoprogramma Overhaulin’, wêryn't by wize fan ferrassing âlde klassike auto's opknapt waarden foar eigners dy't dêr sels om 'e iene of oare reden net oan ta kamen en in helpende hân fertsjinnen.

Ek hat Celeste te gast west yn ferskate tillefyzjeprogramma's, wêrûnder Tosh.0, mei Daniel Tosh, en The Burn with Jeff Ross, mei komyk Jeff Ross. Se hat lytse roltsjes hân yn films as Here Comes the Boom (2012) en Girl House (2015), en se hat har eigen stim ynsprutsen yn ferskate fideospultsjes dy't basearre binne op it UFC, lykas UFC Undisputed 2010 (2010) en EA Sports UFC (2014).

Goeddiedichheidswurk

bewurkje seksje

Yn septimber 2009 frege de middelbere-skoalle-learling Conner Cordova, in grut fan fan mixed martial arts, Celeste yn in rige fan trije fideo's dy't er publisearre op YouTube, mei út nei it prom (einbal) fan yn skoalle. Celeste stimde dêryn ta as er in maat fan him ree fine soe om mei in freondinne fan har te gean. Troch har smoardrokke wurkskema bliek Celeste lykwols op 'e dei fan it prom net te kinnen, en de dei fan in alternatyf dûnsfeest bliek foar har ek net út te kommen. Dat doe organisearren sy en Cordova harren eigen dûnsfeest, dat tagelyk in benefytjûn waard wêrfan't de opbringst nei de slachtoffers fan 'e swiere ierdbeving fan 2010 yn Haïty gie.

Yn 2013 ferkochten Celeste en mixed martial arts-fjochtsters fan ferskate organisaasjes harren sportbeha's op 'e webside eBay om jild yn te sammeljen foar ûndersyk nei boarstkanker.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.