Bedum (gemeente)
Bedum is in doarp en eardere gemeente yn de provinsje Grinslân. Der wenje 10.465 minsken (2008). De gemeente hat in oerflak fan 44,96 km². It leit op de grins fan de goaen Fivelgoa en Hunzegoa.
Plakken
bewurkje seksjeBedum (doarp), Ellerhuzen, Keningsleechte, Menkewar, Noardwâlde, Underdedaam, Underwierrum, Platteburch, Readwâld, Sint Annerhúskes, Ter Lean, Westerdykshoarn, Willemstreek en Súdwolde.
Skiednis
bewurkje seksjeDe rivieren Fivel en Hunze streamden sawat oant it jier 1000 stadich troch it gebiet wat hjoed de dei ta de gemeente Bedum rekkene wurdt. Yn de 6e iuw foar Kristus sette de earste minsken har yn Fivelgoa en Hunzegoa ta wenjen. Yn 1808 waard de gemeente Bedum oprjochte.
Yn de sechtiger jierren komme der hieltyd mear fasiliteiten yn de gemeente en dat lûkt minsken út de stêd Grins om har yn de gemeente Bedum nei wenjen te setten.
By de gemeentlike weryndieling fan 1990 soe de gemeente Bedum gearfoege wurde mei Ten Boer. Lang om let is der in oare kar makke. Mei de tiid hat de Gemeente Bedum in part fan syn grûn ferlern oan de Gemeente Grins. Per 1 jannewaris 2019 sille de gemeenten Bedum, De Marne, Iemsmûn en Winsum fúzjearje ta de nije gemeente It Hegelân (Het Hogeland).
Ferkear
bewurkje seksjeIt spoar fan Grins nei Delfsyl rint troch de gemeente Bedum. Allinnich yn it haadplak Bedum is in treinstasjon. De busline 61 ferbynt ferskillende plakken yn de gemeente mei de stêd Grins. De wichtichste autodyk is de N 46.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Gemeente Bedum Nederlânsk
- Ynternetkrante fan Bedum Nederlânsk