2019
jier
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2014 | 2015 | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2019 MMXIX |
Ab urbe condita | 2772 |
Armeenske kalinder | 1468 ԹՎ ՌՆԿԸ |
Etiopyske kalinder | 2011 – 2012 |
Hebriuwske kalinder | 5779 – 5780 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2074 – 2075 |
- Shaka Samvat | 1941 – 1942 |
- Kali Yuga | 5120 – 5121 |
Iraanske kalinder | 1397 – 1398 |
Islamityske kalinder | 1441 – 1441 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4715 – 4716 乙戌 – 丙亥 |
2019 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2019.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- jannewaris
- 1 - Eastenryk fiert it homohoulik yn.
- 1 - Katar seit syn lidmaatskip fan 'e OPEC op.
- 1 - By de containerramp mei de MSC Zoe slane op 'e Noardsee fuort benoarden it Waad op it containerskip de MSC Zoe teminsten 345 seekonteners oerboard. Om't in grut tal fan dy containers yn stikken brekke, soarget dat foar in ûnbidige miljeuramp, wêrfan't de gefolgen noch jierren te fielen wêze sille.
- 1 - De Fryske gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân fúzjearje ta de nije gemeente Noardeast-Fryslân.
- 1 - De Grinslânske gemeenten Bedum, Iemsmûn, De Marne en in diel fan Winsum fúzjearje ta de nije gemeente It Hegelân (Het Hogeland).
- 1 - De Grinslânske gemeenten Gruttegast, De Like, Mearum, Súdhorn en in diel fan Winsum fúzjearje ta de nije gemeente Westerkertier (Westerkwartier).
- 3 - De Sineeske romtesonde Chang'e 4 lânet as earste troch de minske makke objekt op 'e efterkant fan 'e moanne.
- 5 - Patriarch Bartoloméus I fan Konstantinopel skinkt de Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke ûnôfhinklikheid fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke.
- 7 - Yn Gabon fynt in mislearre steatsgreep plak troch in diel fan 'e striidkrêften.
- 10 - De troch de opposysje dominearre Nasjonale Assimblee fan Fenezuëla ferklearret it presidintskip fan Nicolás Maduro ûnrjochtlik en set tsjin him in ôfsettingsproseduere yn gong. Dit is it begjin fan 'e Fenezolaanske Presidintskipskrisis.
- 17 - By in terroristyske bomoanslach yn Bogotá, de haadstêd fan Kolombia, fine 21 minsken de dea en reitsje 68 oaren ferwûne.
- 18 - As brânstofdieven yn Meksiko by Tlahuelilpan in ierdoaljepiiplieding lekslane, komme by de dêropfolgjende ûntploffing teminsten 124 minsken om, wylst 22 oare ferwûne reitsje.
- 21 - Underweis fan Nantes, yn Frankryk, nei Cardiff, yn Wales, stoart boppe It Kanaal in Piper Pa-45 Malibu-priveefleantúch del. De ynsittenden, piloat David Ibbotson en stjerfuotballer Emiliano Sala, komme om. Harren stoflike omskotten wurde op 7 febrewaris burgen.
- 23 - Yn it ramt fan 'e Fenezolaanske Presidintskipskrisis fine op ferskate plakken yn it lân grutte demonstraasjes plak tsjin 'e sittende presidint Nicolás Maduro. Ferskate minsken komme om. Opposysjelieder Juan Guaidó lit himsels ynswarre as interim-presidint, en kriget stipe fan 'e ynternasjonale mienskip. Presidint Maduro ferbrekt de diplomatike bannen mei de Feriene Steaten.
- 25 - By de Daambrek fan Brumadinho brekt by Brumadinho yn 'e Brazyljaanske steat Minais Gerais in daam by in izermyn troch, mei as gefolch dat in grut gebiet ûnder de giftige blabze strûpt. Teminsten 206 minsken fine hjirby de dea, wylst noch 102 oaren fermist reitsje.
- 27 - By in bomoanslach op 'e katedraal yn Jolo, yn 'e Filipinen, komme teminsten 20 minsken om, wylst mear as 100 oaren ferwûne reitsje.
- 28 - It Amerikaanske Iepenbier Ministearje klaget it Sineeske telekommunikaasjebedriuw Huawei oan foar ferskate gefallen fan fraude. Dêrtroch boazje de spannings tusken de Feriene Steaten en de Folksrepublyk Sina fierder oan.
- febrewaris
- 3 - Paus Fransiskus bringt in besyk oan 'e Feriene Arabyske Emiraten, en wurdt dêrmei de earste paus fan Rome dy't it Arabysk Skiereilân oandocht.
- 5 - By in útslaande brân yn in flatgebou yn Parys komme 10 minsken om en reitsje nochris 36 oaren ferwûne.
- 12 - De Republyk Masedoanje neamd himsels om ta de Republyk Noard-Masedoanje. Dêrmei komt in ein oan in tsientallen jierren duorjend skeel mei Grikelân oer it gebrûk fan 'e namme 'Masedoanje'. De wei is no foar Noard-Masedoanje frij om lid te wurden fan 'e Jeropeeske Uny en de NATO.
- 13 - By in oanslach yn súdeastlik Iraan komme teminsten 27 leden fan 'e Iraanske Revolúsjonêre Garde om.
- 14 - By in oanslach yn 'e Yndiaaske dielsteat Djammû en Kasjmier komme teminsten 40 Yndiaaske plysjereservisten om. It is de bloedichste oanslach yn Kasjmier yn trije desennia.
- 20 - By in grutte brân yn 'e Bingaalske haadstêd Dhaka komme teminsten 78 minsken om.
- 21 - It Israelyske bedriuw SpaceIL lansearret de Beresheet, wrâlds earste private romtesonde nei de moanne.
- 23 - By ferkiezings yn Nigearia wint de sittende presidint Muhammadu Buhari in nije termyn.
- 23 - De Fenezolaanske presidint Nicolás Maduro ferbrekt yn it ramt fan 'e Fenezolaanske Presidintskipskrisis de diplomatike relaasjes mei buorlân Kolombia nei in (mislearre) besykjen om út Kolombia wei humanitêr helpguod oan te fieren foar de needlijende Fenezolaanske befolking.
- 26 - De Yndiaaske loftmacht fiert út wraak foar de de oanslach fan 14 febrewaris l.l. bombardeminten op Pakistaansk grûngebiet út. Dit is it begjin fan 'e Yndiaask-Pakistaanske grinsskermutselings (2019).
- 27 - Pakistan slacht werom nei de Yndiaaske bombardeminten fan in dei earder, en fiert bombardeminten op Yndiaask grûngebiet út. In Yndiaaske strieljager wurdt boppe Pakistan delsketten en de piloat wurdt finzennommen. Op 1 maart wurdt er oerdroegen oan Yndia.
- 27-28 - De Noardkoreaansk-Amerikaanske topmoeting yn 'e Fjetnameeske haadstêd Hanoi, tusken de presidinten Kim Jong-un en Donald Trump, mislearret folslein en beide lieders keare foartidich werom nei hûs sûnder wat bedijd te hawwen.
- maart
- 6 - Yn it ramt fan 'e Fenezolaanske Presidintskipskrisis wiist presidint Nicolás Maduro fan Fenezuëla de Dútske ambassadeur Daniel Kriener út, om't dy him bemuoid hawwe soe mei ynterne Fenezolaanske saken.
- 10 - Ethiopian Airlines-flecht 302, in Boeing 737 MAX ûnderweis fan Addis Abeba, yn Etioopje, nei Nairobi, yn Kenia, stoart koart nei it opstiigjen del, wêrby't alle 157 ynsittenden omkomme. Om't dit fleantúchûngemak sterk liket op dat fan Lion Air-flecht 610, op 29 oktober 2018 yn Yndoneezje, wurde neitiid wrâldwiid alle Boeings 737 MAX oan 'e grûn holden.
- 12 - It frachtskip de Grande America sinkt yn 'e Golf fan Biskaje, sa'n 200 km foar de kust fan Frankryk, nei't it op 10 maart yn brân rekke wie. Troch it sinken fan it skip lekt 2.200 ton oalje yn see.
- 13 - Yn Austraalje wurdt de roomske kardinaal George Pell ta seis jier finzenisstraf feroardiele foar it seksueel misbrûk fan twa jonges yn 1996.
- 15 - By terroristyske oanslaggen troch deselde dieder op twa moskeeën yn Christchurch, yn Nij-Seelân, komme 50 minsken om en reitsje 50 oaren ferwûne.
- 15 - De sykloan Idai komt oan lân yn Mozambyk, wêrby't teminsten 1.073 deaden falle en in ûnbidich grut gebiet derûnder strûpt.
- 19 - Noersûltan Nazarbajev tsjinnet nei 29 jier syn ûntslach yn as presidint fan Kazachstan. Hy wurdt opfolge troch Kassym-Jomart Tokajev.
- 20 - Astana, de haadstêd fan Kazachstan, wurdt ta eare fan 'e ôftreden presidint Noersûltan Nazarbajev omneamd ta 'Noer-Sûltan'.
- 20 - By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten komt yn Nederlân it Foarum foar Demokrasy (FvD) as grutte winner út 'e bus.
- 20 - De Jeropeeske Uny leit de Amerikaanske ynternetgigant Google in boete fan € 1,49 miljard op om't it bedriuw op syn eigen websiden konkurrinten út 'e online-advertinsjesektor bûtendoar holden hat.
- 21 - By in ûntploffing yn in gemysk fabryk yn Xiangshui, yn Sina, komme teminsten 78 minsken om en reitsje mear as 600 oaren ferwûne.
- 23 - De stêd Al-Bagûz Fâkani (ek bekend as Bagûz), yn Syrje, wurdt as lêste diel fan 'e saneamde Islamityske Steat befrijd troch Koerdyske troepen.
- 24 - In út fjouwer siden besteande gearfetting fan it ûndersyk ûnder lieding fan Robert Mueller nei de kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings (2016) fan presidint Donald Trump wurdt publisearre troch de Amerikaanske minister fan Binnenlânske Saken William Barr. Dêryn stiet dat der gjin bewiis is foar gearspanning fan 'e Trump-kampanje mei Ruslân om 'e útslach fan 'e ferkiezings te beynfloedzjen. Oer mooglike obstruksje fan de rjochtsgong hat Mueller lykwols gjin konklúzje berikke kinnen.
- april
- 2 - Nei wikenlange en wiidfersprate demonstraasjes yn Algerije treedt presidint Abdelazyz Bûteflika ôf.
- 4 - De Libyske opstannelingelieder generaal Chalifa Haftar set mei syn Libysk Nasjonaal Leger (LNA) in ferrassingsoffinsyf yn tsjin 'e haadstêd Tripoly, dy't yn 'e hannen is fan it ynternasjonaal erkende Regear fan Nasjonaal Akkoart.
- 9 - By parlemintsferkiezings yn Israel wurdt it Likûdblok fan premier Benjamin Netanyahu, nei wa't ferskate ûndersiken op it mêd fan korrupsje rinne, de grutste partij, sadat Netanyahu premier bliuwe kin.
- 10 - Wittenskippers fan it Event Horizon Telescope-projekt publisearje de earste foto ea fan in swart gat.
- 10 - Troch de fynst fan fossile resten yn 'e Callao-grot yn 'e Filipinen komt it bestean fan 'e minskesoarte Homo luzonensis oan it ljocht, dy't ferneamd wurdt nei it eilân Luzon.
- 11 - Nei moannenlange demonstraasjes tsjin syn bewâld wurdt de Sûdaneeske presidint Omar al-Basjir, dy't al tritich jier oan 'e macht is, ôfset by in steatsgreep troch it leger.
- 11 - Yn 'e Britske haadstêd Londen wurdt WikiLeaks-oprjochter Julian Assange arrestearre, nei't er him sân jier lang beskûl holden hat yn 'e ambassade fan Ekwador.
- 15 - By in grutte brân wurdt yn Parys de mear as tûzen jier âlde katedraal de Notre-Dame foar in grut part ferwuostge.
- 17 - By in ûngemak mei in autobus komme op Madeara teminsten 28 toeristen om.
- 17 - By presidintsferkiezings yn Yndoneezje ferslacht de sittende presidint Joko Widodo syn útdager Prabowo Subianto.
- 18 - Yn 'e Feriene Steaten wurdt in sinsurearre ferzje publisearre fan it 448 siden tellende rapport fan it ûndersyk ûnder lieding fan Robert Mueller nei de kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings (2016) fan presidint Donald Trump.
- 21 - By de Peaske-oanslaggen fan 2019 (op Peaskesnein) wurde terroristyske oanslaggen útfierd op acht plakken yn Sry Lanka, wêrûnder trije tsjerkegebouwen, fjouwer hotels en in appartemintekompleks. Der komme teminsten 258 minsken om, wylst mear as 500 oaren ferwûne reitsje.
- 21 - By presidintsferkiezings yn 'e Oekraïne ferslacht de komyk Volodymyr Zelensky de sittende presidint Petro Porosjenko.
- 28 - By parlemintsferkiezings yn Spanje boekt de sosjalistyske PSOE fan premier Pedro Sánchez ûnferwachts in oerwinning.
- 30 - Keizer Akihito fan Japan docht ôfstân fan 'e troan. It is de earste kear yn hast twa iuwen dat in Japanske keizer net oan syn ferstjerren ta oan it bewâld bliuwt.
- 30 - Yn it ramt fan 'e Fenezolaanske Presidintskipskrisis besiket opposysjelieder Juan Guaidó in algemiene rebûlje út te lokjen tsjin it bewâld fan presidint Nicolás Maduro. Dat mislearret lykwols jammerdearlik as de striidkrêften oan 'e kant fan Maduro stean bliuwe.
- maaie
- 1 - Naruhito wurdt kroane as de nije keizer fan Japan. Hy folget syn heit Akihito op, dy't in dei earder troansôfstân dien hat.
- 1 - Kening Vajiralongkorn fan Tailân ferrast syn lân troch sûnder warskôging foarôf te trouwen mei syn liifwacht Suthida Tidjai, dy't fan sljochtwei komôf is. Hja wurdt dêrtroch de keninginne-gemalinne fan Tailân.
- 3 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) makket bekend dat yn 'e Demokratyske Republyk Kongo al mear as 1.000 deaden fallen binne troch de ebola-útbraak fan Kivu.
- 3-6 - Tusken Palestinen yn 'e Gazastripe en Israelyske troepen brekken skermutselings út, wêrby't troch Israelyske bombardeminten 20 Palestinen omkomme, ûnder wa in pjut en in frou dy't swier wie.
- 4-6 - Kroaning fan kening Vajiralongkorn fan Tailân.
- 5 - Der komme 41 fan 'e 78 ynsittenden om as Aeroflot-flecht 1492 in needlâning makket en yn 'e brân fljocht op 'e Ynternasjonale Lofthaven Sjeremetjevo, yn Moskou.
- 10 - De Feriene Steaten ferheegje de ynfiertariven op $200 miljard oan ymportguod út Sina mei 25%, wat soarget foar eskalearjende spannings tusken de beide lannen.
- 12 - By in ynsidint yn 'e Golf fan Omaan reitsje fjouwer oaljetankers slim skansearre troch wat 'sabotaazje' neamd wurdt. Saûdy-Araabje, de Feriene Arabyske Emiraten en de Feriene Steaten wize mei de finger nei Iraan, dat lykwols eltse belutsenens ûntstriidt.
- 13 - By parlemintsferkiezings yn 'e Filipinen wint de partij fan presidint Rodrigo Duterte in absolute mearderheid yn 'e senaat, dy't him oant no ta fersette tsjin 'e ekstreme beliedspunten fan 'e presidint.
- 17 - Taiwan fiert as earste lân yn Aazje it homohoulik yn.
- 18 - De Nederlânske sjonger Duncan Laurence wint mei it ferske Arcade de finale fan it Eurofyzjesongfestival yn Tel Aviv.
- 17 - It skandaal fan 'e saneamde Ibytsa-affêre, wêrby't de fise-kânselier fan Eastenryk, Heinz-Christian Strache, en de twadde man fan 'e populistyske regearingspartij FPÖ, Johann Gudenus, yn 2017 op it Spaanske eilân Ibytsa oerheidskontrakten oanbeane oan in frou dy't harsels foardie as de omkesizzer fan in Russyske oligarch, liedt de fal fan it Eastenrykske koälysjeregear fan 'e FPÖ en de konservative ÖVP.
- 18 - By ferkiezings yn Austraalje wit de regearjende koälysje fan premier Scott Morrison, besteande út 'e Liberal Party of Australia en de National Party of Australia nauwerneed te winnen fan 'e Australian Labor Party.
- 23 - De útkomst fan 'e parlemintsferkiezings yn Yndia, holden tusken 11 april en 19 maaie, wurdt bekendmakke. De hindoe-nasjonalistyske BJP fan premier Narendra Modi hat in grutte oerwinning behelle.
- 23 - Yn Botswana wurdt it ferbod op 'e jacht op Afrikaanske oaljefanten opheft.
- 23-26 - By ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint ferlieze de kristen-demokraten en de sosjaal-demokraten, en winne de liberalen en de grienen.
- 24 - Nei de grutte oerwinning by de Jeropeeske ferkiezings yn it Feriene Keninkryk foar de anty-Jeropeeske Brexit Party fan Nigel Farage en de pro-Jeropeeske Liberaal-Demokraten, en it grutte ferlies fan har eigen Konservativen, kundiget de Britske premier Theresa May oan dat se mei yngong fan 7 juny har amt dellizze sil.
- 26-27 - By it Finzenisbloedbad fan Amazonas fine yn fjouwer finzenissen yn 'e Brazyljaanske dielsteat Amazonas mear as 50 finzenen de dea troch de hân fan oare finzenen.
- 29 - It riviercruiseskip de Hableány wurdt op 'e Donau yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest oanfearn troch in oar skip en sinkt frijwol daliks. Fan 'e opfarrenden (2 Hongaarske bemanningsleden en 33 Súdkoreaanske toeristen) komme 28 persoanen om.
- juny
- 2 - By in referindum yn San Marino stimt in mearderheid fan 'e befolking foar it beëinigjen fan diskriminaasje op basis fan seksuële oriïntaasje en foar in feroaring fan it kiesstelsel.
- 3 - By it Bloedbad fan Kartûm wurde yn 'e Sûdaneeske haadstêd Kartûm mear as 100 minsken deasketten as it leger en de Djandjawiid-milysje it fjoer iepenje op in kampemint fan demonstranten fuortby it militêr haadkertier.
- 5 - By parlemintsferkiezings yn Denemark boekt de sosjaal-demokratyske partij Socialdemokratiet in oerwinning, dy't troch waarnimmers taskreaun wurdt oan 'e hurde opstelling fan 'e partij foar flechtlingen en asylsikers oer.
- 6 - De Afrikaanske Uny skoarret it lidmaatskip fan Sûdaan op fanwegen it Bloedbad fan Kartûm.
- 7 - De Britske premier Theresa May treedt ôf as lieder fan 'e Konservative Partij.
- 7-7 july - It WK fuotbal foar froulju wurdt holden yn Frankryk. De Feriene Steaten winne; Nederlân wurdt twadde en Sweden trêde.
- 9 - Yn Hongkong wurdt troch mear as 1 miljoen minsken demonstrearre tsjin 'e nije útleveringswet dy't it mooglik makket Hongkongsters oer te dragen oan 'e autoriteiten fan 'e Folksrepublyk Sina. Dit is foarearst it hichtepunt fan 'e protesten yn Hongkong (2019).
- 11 - Yn Botswana ferklearret it heechgerjochtshôf alle wetten neatich dy't homoseksualiteit kriminalisearje.
- 12 - Yn Ekwador beslist it heechgerjochtshôf dat de útsluting fan homo's en lesbiënnes fan it houlik tsjin 'e grûnwet yngiet. It homohoulik wurdt dêrom mei direkte yngong yn it hiele lân legaal.
- 13 - By it ynsidint yn 'e Gold fan Omaan wurde by nacht twa oaljetankers yn 'e Golf fan Omaan oanfallen. Neffens de Feriene Steaten is Iraan ferantwurdlik foar de oanfallen.
- 15 - Carrie Lam, de bestjoerster fan Hongkong, kundiget oan dat de kontroversjele útleveringswet tydlik oan 'e kant lein wurdt. De massale demonstraasjes geane lykwols troch, mei't de demonstranten wolle dat de wet hielendal ynlutsen wurdt en dat Lam opstapt.
- 16 - Troch de Súdamerikaanske blackout komme 50 miljoen minsken yn Argentynje, Oerûguay en Paraguay sûnder stroom te sitten.
- 17 - By in trijefâldige bomoanslach yn 'e Nigeriaanske dielsteat Borno komme 30 minsken om en reitsje nochris 40 ferwûne.
- 19 - Yn it ûndersyk nei it delsjitten fan Malaysia Airlines-flecht 17, boppe de Oekraïne, yn 2014, wurde fjouwer manlju yn steat fan beskuldiging steld: trije Russen en in Oekraïner.
- 20 - Yn it Midden-Easten rinne de spannings fierder op as Iraan in Amerikaanske drone delsjit boppe de Strjitte fan Hormûz.
- 21-24 - De Nederlânske swimmer en Olympysk kampioen Maarten van der Weijden besiket foar it twadde jier op rige by syn 11stêdeswimtocht om swimmend de rûte fan 'e Alvestêdetocht ôf te lizzen. Nei't er yn 2018 syn besykjen foartidich ôfbrekke moast, slagget it him diskear om 'e einstreek te heljen.
- 22 - By in mislearre steatsgreep yn 'e Etiopyske regio Amhara wurde regionaal presidint Ambachew Makonnen en generaal Se'are Makonnen, de stêfsjef fan it leger, fermoarde.
- 30 - De Amerikaanske presidint Donald Trump wipt yn Súd-Koreä by in besyk oan 'e Demilitarisearre Sône eefkes oer de grins om mei de Noardkoreaanske lieder Kim Jong-un te praten. Hy wurdt dêrmei de earste Amerikaanske presidint ea dy't foet op Noardkoreaanske grûn set.
- july
- 1 - Nei in moratoarium fan 30 jier set Japan wer útein mei kommersjele walfiskfeart, nei't it lân him weromlutsen hat út 'e Ynternasjonale Kommisje foar de Walfiskfeart (IWC).
- 1 - Yn it ramt fan 'e protesten yn Hongkong kringe ferskate demonstranten it parlemintsgebou fan Hongkong binnen en rjochtsje dêr fernielings oan.
- 1 - By in brân oan board fan 'e Russyske ûnderseeër Losjarik komme 14 bemanningsleden om.
- 3 - By it bombardemint op it Tadjoera-migrantesintrum yn 'e Libyske haadstêd Tripoly, troch de opstannelingen fan fjildmaarskalk Chalifa Haftar, komme teminsten 53 Afrikaanske migranten ûnderweis nei Jeropa om, wylst 130 oaren ferwûne reitsje.
- 7 - By ferkiezings yn Grikelân lijt it linkse regear fan premier Alexis Tsipras in nederlaach. Winner is de konservative partij Nea Dimokratia (ND), dy't oarspronklik ferantwurdlik wie foar de Grykske Skuldekrisis.
- 8 - It Grûnwetlik Hof fan Ekwador docht de útspraak dat de útsluting fan homoseksuëlen en lesbiënnes fan it houlik yngiet tsjin 'e grûnwet. It homohoulik wurdt dêrom mei direkte yngong legaal yn Ekwador.
- 12 - By in bomoanslach op in hotel yn 'e Somalyske stêd Kismayo komme 26 minsken om (ûnder wa 9 bûtenlanners) en reitsje 56 ferwûne. De islamistyske terroristyske beweging Al-Sjabaab easket de ferantwurdlikens op.
- 16 - It Jeropeesk Parlemint kiest Ursula von der Leyen as de nije foarsitter fan 'e Jeropeeske Kommisje. Hja sil Jean-Claude Juncker op 1 novimber o.s. opfolgje.
- 17 - Yn 'e Feriene Steaten wurd drugsbaas Joaquin Guzmán, byneamd "El Chapo", feroardiele ta libbenslang plus 30 jier.
- 18 - Yn 'e Japanske stêd Kyoto komme 35 minsken om en reitsje mear as 30 oaren ferwûne as immen mei opsetsin brân stiftet yn in tekenfilmstudio. De dieder wurdt oppakt en rjochtfeardiget syn die troch te sizzen dat de studio syn wurk plagiëarre hie.
- 19 - Iraan nimt yn 'e Strjitte fan Hormûz de Britske oaljetanker Stena Impero yn beslach.
- 24 - Boris Johnson folget Theresa May op as de nije premier fan it Feriene Keninkryk nei in ynterne ferkiezing binnen de Konservative Partij.
- augustus
- 2 - De Feriene Steaten lûke har werom út it Intermediate-Range Nuclear Forces-ferdrach (INF) mei Ruslân, dat yn 1987 sletten waard om 'e ûntwikkeling fan nije kearnwapens te beheinen.
- 3 - By in terroristyske oanslach op in Walmart yn 'e Amerikaanske stêd El Paso komme 22 minsken om en reitsje nochris 24 oaren ferwûne. De dieder, dy't oppakt wurdt, hat in rasistysk motyf en woe safolle mooglik Latino's fermoardzje.
- 4 - By in bomoanslach yn 'e Egyptyske haadstêd Kaïro komme teminsten 20 minsken om en reitsje 47 oaren ferwûne.
- 4 - By in sjitpartij yn 'e Amerikaanske stêd Dayton (Ohio) komme 10 minsken om, ynkl. de dieder en dy syn suster, en reitsje nochris 27 oaren ferwûne.
- 5 - It Yndiaaske regear fan premier Narendra Modi en dy syn hindoe-fûnemintalistyske BJP heft iensidich de spesjale status en dêrmei it selsbestjoer op fan 'e regio Djammû en Kasjmier. It hiele gebiet wurdt fan 'e bûtenwrâld ôfsletten.
- 5 - Yn it ramt fan 'e protesten yn Hongkong fynt yn Hongkong de earste algemiene staking plak sûnt 1967.
- 8 - Op in militêre basis yn it Russyske Njonoksa, oan 'e Wite See, fynt in ûngemak plak dêr't in grutte mjitte radioaktive strieling by frijkomt. Der komme teminsten 5 minsken om en teminsten 3 oaren reitsje mei strieling besmet. Neffens ûnbefêstige berjochten waard it ynsidint feroarsake troch in misrûne test fan in nij wapen.
- 10 - Yn Morogoro, yn Tanzania, komme teminsten 89 minsken om en reitsje tsientallen oaren ferwûne as in tankwein mei brânstof ûntploft.
- 10 - De tyfoan Lekima komt oan lân yn Sina en feroarsaket dêr 32 deaden, wylst 1 miljoen lju evakuëarre binne.
- 10-25 - By swiere boskbrannen op 'e Kanaryske Eilannen moatte op it eilân Gran Canaria in stikmannich plakken evakuëarre wurde.
- 12 - Yn it ramt fan 'e protesten yn Hongkong moat de lofthaven fan Hongkong sletten wurde as dy beset wurdt troch de demonstranten.
- 15 - Yn in Twitterberjocht kundiget de Amerikaanske presidint Donald Trump as tongerslach by heldere himel oan dat er Grienlân fan Denemark keapje wol. As yn 'e folgjende dagen dúdlik wurdt dat it him mienen is, liedt it ta ûngerêste reäksjes yn Grienlân. De Deenske premier Mette Frederiksen wiuwt it idee fuort. Trump seit dêrop syn plande steatsbesyk oan Denemark ôf, wêrmei't er it hiele Deenske folk mislediget.
- 21 - De swiere boskbrannen yn it Brazyljaanske Amazônegebiet berikke in rekôrgrutte. De brannen binne oanstutsten troch boeren en bedriuwen dy't lân brûke wolle, dêrby oanfitere troch útspraken en belied fan 'e Brazyljaanske presidint Jair Bolsonaro. Dyselde beskuldiget lykwols miljeu-aktivisten derfan de brannen oanstutsen te hawwen.
- 23 - De Dútske bûnskânselier Angela Merkel en de Frânske presidint Emmanuel Macron beskriuwe op 'e G7-top yn Biarritz de boskbrannen yn it Amazônegebiet as in ynternasjonaal needgefal.
- 31 - By in sjitpartij yn Midland en Odessa, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, komme 8 minsken om (ynkl. de dieder) en reitsje teminsten 19 minsken ferwûne.
- septimber
- 1-3 - De Orkaan Dorian komt oan lân yn 'e noardlike Bahama's as in orkaan fan 'e fyfde (en swierste) kategory fan 'e skaal fan Saffir-Simpson en bliuwt dêr twa en in heale dei hingjen wylst er hiel stadich oer de eilannen tsjocht, dêrby folsleine ferwoastging efterlittend. Fan gefolgen komme 61 minsken om en reitsje mear as 400 fermist.
- 2 - By de (Noardamerikaanske) Kanaaleilannen, foar de kust fan Kalifornje, sinkt de dûkersboat MV Conception nei't der oan board brân útbrutsen is. Der komme 34 minsken om.
- 4 - It regear fan Hongkong lûkt yn it ramt fan 'e oanhâldende protesten de omstriden útleveringswet yn dêr't ynwenners fan Hongkong troch útlevere wurde kinne soene oan Sina.
- 7 - De Amerikaanske presidint Donald Trump makket ynienen bekend dat er de plande fredesbesprekkings mei de Afgaanske Taliban yn syn bûten yn Camp David "ôflast" hat yn ferbân mei de bomoanslaggen fan 2 en 5 septimber yn 'e Afgaanske haadstêd Kabul. Der komt in protte krityk dat Trump de Taliban, dy't mei-ferantwurdlik holden wurde foar de oanslaggen fan 9/11, überhaupt yn Camp David útnûge hie.
- 7 - Der fynt in finzeneruil tusken Ruslân en de Oekraïne plak, wêrby't Ruslân de Oekraynske filmmakker Oleg Sentsov en in grut tal oare politike en yllegaal fêstholden lju frijlit yn ruil foar de frijlitting fan etnysk Russyske opstannelingen.
- 14 - By drone-oanfallen op Saûdyske oalje-ynstallaasjes wurdt grutte skea tabrocht oan 'e oaljeproduksje fan 'e Saûdyske steatsoaljemaatskippij Aramco. De Hûty-rebellen yn Jemen easkje de ferantwurdlikheid op. De Feriene Steaten beskuldigje Iraan derfan dat it efter de oanfallen sit, lykwols sûnder dat se mei ek mar it minste bewiis foar dy bewearing komme.
- 17 - Yn Israel wurde foar de twadde kear yn 2019 parlemintsferkiezings holden, nei't der nei de ferkiezings fan april gjin regear foarme wurde koe. Op 'e nij behelje it Likudblok fan Benjamin Netanyahu en de Blau en Wytpartij fan Benny Gantz frijwol likefolle sitten yn 'e Knesset.
- 19 - By in Amerikaanske oanfal mei in drone yn 'e Afgaanske provinsje Nangarhar wurde by fersin 30 Afgaanske nuteboeren deade.
- 21 - Yn it ramt fan 'e oanboazjende spannings tusken de Feriene Steaten en Iraan stjoert de Amerikaanske presidint Donald Trump nochris ferskate hûnderten ekstra militêren nei de Perzyske Golf ta.
- 23 - Thomas Cook, ien fan 'e grutste en âldste reisburo's fan 'e wrâld, giet oer de kop. Dêrtroch komme wrâldwiid 600.000 toeristen fêst te sitten op harren fakânsjebestimmings.
- 23 - Ruslân slút him oan by it Klimaatakkoart fan Parys.
- 24 - It Heechgerjochtshôf fan it Feriene Keninkryk oardielet unanym dat it reses fan it Britske Parlemint, útroppen troch premier Boris Johnson sadat er sûnder ynminging fan 'e parlemintsleden oer de Brexit gear koe, ûngrûnwettich en dêrom neatich is. Dat betsjut dat it reses nea bestien hat en dat it parlemint daliks wer gearkomme moat.
- 24 - It Heechgerjochtshôf fan Spanje beslút unanym dat it stoflik omskot fan diktator Francisco Franco ferwidere wurde moat út 'e Valle de los Caídos, dêr't it sûnt syn dea yn 1975 rêst hat.
- 24 - Yn ferbân mei it Oekraïneskandaal begjint it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen in impeachmentproseduere tsjin presidint Donald Trump, dy't úteinlik ta dy syn ôfsetting liede kin.
- 25 - Oeral op 'e wrâld wurde grutte demonstraasjes holden tsjin klimaatferoaring en de fierstente lakse oanpak dêrfan troch wrâldlieders. Der dogge wrâldwiid 4 miljoen minsken mei. Yn Montreal wurdt de grutste demonstraasje, fan 500.000 minsken, oanfierd troch de jonge Sweedske klimaataktiviste Greta Thunberg en de Kanadeeske premier Justin Trudeau.
- 28 - Orkaan Lorenzo wurdt de meast noardeastlikste orkaan fan 'e fyfde kategory fan 'e skaal fan Saffir-Simpson út 'e skiednis fan 'e mjittings as er by de Azoaren lâns giet dat út nei Ierlân.
- oktober
- 1 - Yn Taiwan stoart de Nanfang'ao-brêge yn. Dêrby komme 6 minsken om en reitsje mear as 20 oaren ferwûne.
- 1 - Yn Nederlân begjinne fûleindige en oanhâldende boereprotesten yn ferbân mei de Stikstofkrisis yn Nederlân.
- 1-7 - By massale demonstraasjes yn Irak wurde yn in wike tiid 91 minsken deasketten troch de plysje.
- 2 - By oanfallen fan islamistyske terroristen op twa legerkampen yn Maly komme 25 soldaten om en reitsje 60 oaren fermist.
- 3 - By in oanfal mei in mês op it haadplysjeburo yn 'e Frânske haadstêd Parys komme 4 plysjes om en rekket in fyfdenien ferwûne. De oanfaller, dy't deasketten wurdt, wie in administratyf meiwurker op it plysjeburo.
- 6 - De Amerikaanske presidint Donald Trump kundiget oan dat er op tige koarte termyn alle Amerikaanske troepen út noardlik Syrje weromlûke sil. It docht bliken dat dat ûnderdiel útmakket fan in hantsjebakken fan Trump mei de Turkske presidint Recep Tayyip Erdoğan. Dyselde hat fan Trump tastimming krigen om it Turkske leger noardlik Syrje binnenkringe te litten, om dêr de Koerdyske striders fan 'e YPG-milysje oan te fallen. Mei't de Koerden bûnsgenoaten fan 'e Feriene Steaten binne, komt dit ferrie Trump op in protte krityk te stean.
- 8 - Troch de gaos dy't mank giet mei oanhâldende en massale protesten yn 'e Ekwadoraanske haadstêd Quito is it regear fan presidint Lenín Moreno twongen en wyk út nei Guayaquil.
- 9 - It Turkske leger kringt binnen yn noardlik Syrje en falt dêr de Koerdyske bûnsgenoaten fan it Westen oan.
- 12 - Tyfoan Hagibis komt oan lân yn Japan. It is de swierste stoarm dy't it lân yn tsientallen jierren rekke hat. Der komme 86 minsken om en nochris 8 oaren reitsje fermist.
- 13 - By parlemintsferkiezings yn Poalen behellet de konservative partij Rjocht en Rjochtfeardichheid (PiS) op 'e nij in grutte oerwinning.
- 14 - It Heechgerjochtshôf fan Spanje feroardielet njoggen Katalaanske lieders ta 9 oant 13 jier finzenisstraf foar opstoking en it ûnrjochtlik brûken fan publyk jild. Yn hiel Kataloanje brekke massale en roerige demonstraasjes út fan hûnderttûzenen minsken dy't easkje dat de politike finzenen frijlitten wurde.
- 17 - Yn Culiacán, yn Meksiko, brekke sjitpartijen út nei de arrestaasje fan Ovido Gumán López, de soan fan drugsbaas El Chapo. Dêrby komme 8 minsken om, wylst 56 finzenen witte te ûntsnappen. Guzmán López wurde frijlitten om mear bloedferjitten foar te kommen.
- 20 - By ferkiezings yn Bolivia wint de sittende presidint Evo Morales mei in marzje fan 10% in nije termyn. Waarnimmers fan 'e Organisaasje fan Amerikaanske Steaten (OAS) stelle lykwols fêst dat de ferkiezings net earlik ferrûn binne.
- 21 - By federale ferkiezings yn Kanada ferslacht de Liberale Partij fan Kanada fan 'e sittende premier Justin Trudeau mei in lyts ferskil de konservative opposysje.
- 23 - Yn it Ingelske Grays wurde de stoflike omskotten fan 39 yllegale ymmigranten oantroffen yn in ôfsletten kuolcontainer. De plysje mient earst dat it om Sinezen giet, mar letter docht bliken dat it Fjetnamezen binne. In 25-jierrige frachtweinsjauffeur út Noard-Ierlân wurdt arrestearre op fertinking fan moard.
- 27 - De Feriene Steaten meitsje bekend dat Abû Bakr al-Bagdadi, de selsútroppen 'kalyf' fan 'e saneamde Islamityske Steat, omkommen is by in oerfal fan Amerikaanske kommando's op syn skûladres.
- 27 - By ferkiezings yn Argentynje ferslacht de peronistyske presidintskandidaat Alberto Fernández de sittende presidint Mauricio Macri mei 48% fan 'e stimmen. De eardere presidinte Cristina Fernández de Kirchner wurdt fise-presidinte ûnder Fernández.
- 29 - It Filipynske eilân Mindanao wurdt troffen troch in ierdbeving fan 6,6 op 'e Skaal fan Richter.
- 30 - Om in ein te meitsjen oan beynfloeding troch guon lannen fan ferkiezings yn oare lannen ferbiedt it sosjaal medium Twitter mei direkte yngong alle politike reklame op syn webside.
- 31 - By in grutte útslaande brân wurdt it houtene Kastiel Shuri, yn Naha, op it eilân Okinawa, yn Japan, dat op 'e wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO stiet, folslein yn 'e jiske lein.
- 31 - By in treinbrân by Rahim Yar Khan yn Pakistan, feroarsake troch passazjiers dy't mei gasflessen oan it itensieden binne, komme 74 minsken om.
- 31 - Troch swiere rein en de resultearjende oerstreamings komme yn Somaalje en Kenia 32 minsken om en reitsje 229.000 minsken dakleas.
- novimber
- 4 - Yn it noarden fan Meksiko komme by de oanslach op 'e famylje LeBarón njoggen mormoanske Amerikanen om (3 froulju en 6 bern), as leden fan in drugskartel yn 'e wyldernis súdlik fan 'e Amerikaanske grins it fjoer iepenje op in konfoai fan trije auto's dat ûnderweis is nei in brulloft.
- 4 - Minskerjochte-organisaasje Amnesty International komt nei bûten mei de beskuldiging dat yn Bangladesj yn 2018 466 minsken stânrjochtlik eksekutearre binne ûnder de momkape fan in anty-drugskampanje fan 'e oerheid.
- 4 - De Amerikaanske presidint Donald Trump makket syn ûnthjit wier en begjint it proses om 'e Feriene Steaten werom te lûken út it Klimaatakkoart fan Parys.
- 6 - By in oanslach by Fada N'gourma, yn Boerkina Faso, komme teminsten 37 minsken om en reitsje mear as 60 oaren ferwûne as islamistyske terroristen in konfoai auto's oanfalle fan it Kanadeeske mynboubedriuw Semafo.
- 7 - Bosco Ntaganda, in eardere rebel út 'e Demokratyske Republyk Kongo, wurdt troch it Ynternasjonaal Strafhof (ICC) yn De Haach feroardiele ta 30 jier finzenisstraf foar oarlochsmisdieen en misdieden tsjin 'e minsklikheid. Dat is de swierste straf dy't ea troch it ICC oplein is.
- 9 - It Heechgerjochtshôf fan Yndia wiist in hillich plak yn 'e stêd Ayodhya, yn Uttar Pradesh, ta oan 'e hindoes, en wiist in rivalisearjende oanspraak fan moslims ôf. It plak is al desennia lang de ynset fan in heechoprinnend konflikt tusken oanhingers fan it hindoeïsme en de islaam.
- 9 - De sykloan Bulbul treft Bangladesj en it oanbuorjende Yndiaaske West-Bingalen. Der komme 14 minsken om, yn beide lannen 7. Foarôfgeande wiene 2 miljoen minsken evakuëarre.
- 10 - Yn Spanje wurde foar de twadde kear dit jier parlemintsferkiezings holden, nei't it de sosjalistyske PSOE fan premier Pedro Sánchez nei de ferkiezings fan april net slagge wie om in regearingskoälysje te foarmjen. De PSOE en de liberale politike partijen ferlieze licht, de konservative PP wint licht, mar de grutste winst giet nei de iepentlik faksistyske partij Vox.
- 10 - Nei oanhâldende protesten yn Bolivia oangeande de útslach fan 'e presidintsferkiezings fan oktober, treedt de sittende presidint Evo Morales ôf. Hy giet yn ballingskip yn Meksiko en sprekt neitiid fan in steatsgreep.
- 11 - De oanhâldende protesten yn Hongkong ferhurdzje har as op deselde dei in plysjeman in demonstrant fan deunby yn 'e búk sjit, en in man dy't him útsprekt foar Sina en de protesten leechleit, troch demonstranten yn 'e brân stutsen wurdt.
- 13 - Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen begjinne de harksittings yn it ramt fan 'e impeachmentproseduere tsjin presidint Donald Trump.
- 14 - Yn Feneesje wurdt de needtastân útroppen omreden fan oerstreamings fan rekôrnivo.
- 17 - Yn it ramt fan 'e oanhâldende protesten brûkt de plysje fan Hongkong triengas en wetterkanonnen tsjin demonstranten dy't troch de besingeling fan 'e Polytechnyske Universiteit fan Hongkong hinne besykje te brekken, dêr't in soad protestearjende studinten har ferskânze hawwe.
- 21 - De Israelyske premier Benjamin Netanyahu wurdt troch it Iepenbier Ministearje yn syn lân yn beskuldinging steld foar omkeaping, fraude en fertrouwensbrek.
- 23 - By it ûnôfhinklikheidsreferindum yn Bougainville, in autonome regio yn it uterste easten fan Papoea Nij-Guineä, sprekt 98,3% fan 'e befolking him út foar de ûnôfhinklikheid fan it gebiet. It regear fan 'e regio sil no mei it nasjonale regear fan Papoea Nij-Guineä om 'e tafel om oer ûnôfhinklikheid te ûnderhanneljen.
- 24 - By Goma, yn 'e Demokratyske Republyk Kongo, stoart koart nei it opstiigjen in in fleantúch del, wêrby't alle 19 ynsittenden en teminsten nochris 10 minsken op 'e grûn om it libben komme.
- 26 - By in ierdbeving fan 6,4 op 'e skaal fan Richter yn it noardwesten fan Albaanje komme 51 minsken om en reitsje likernôch 2.000 oaren ferwûne.
- 26 - Minskerjochte-organisaasjes Human Rights Watch en Amnesty International uterje swiere krityk op 'e wize dy't de plysje yn Sily hat om om te gean mei de oanhâldende protesten yn it lân. Sa soe der bûtenspoarich geweld brûkt wurde, en soene plysjeminsken geregeldwei net-deadlike munysje, tsjin 'e útdruklike ynstruksje fan 'e produsint yn, ôfsjitte yn it gesicht fan demonstranten, mei as gefolch dat der mear as 200 minsken swier eachletsel oprûn hawwe en mear as 50 oaren sels in each kwytrekke binne.
- 27 - De Amerikaanske presidint Donald Trump ûndertekenet de Wet op de Minskerjochten en Demokrasy yn Hongkong, dy't sanksjes yntrodusearret foar Hongkongske en Sineeske oerheidsfunksjonarissen dy't ferantwurdlik binne foar minskerjochteskeinings by it ûnderdrukken fan 'e protesten yn Hongkong. Dizze wet liedt ta in nije diplomatike krisis tusken de Feriene Steaten en Sina.
- 30 - Yn Villa Unión, yn Meksiko, komme 22 minsken (2 boargers, 4 plysjes en 16 drugsdealers) om by in sjitpartij yn it ramt fan 'e Meksikaanske Drugsoarloch.
- desimber
- 1 - Yn 'e Sineeske stêd Wuhan docht him it earste gefal foar in nije firussykte, dy't letter COVID-19 komme sil te hjitten. Dit is it begjin fan 'e koroanafiruspandemy (2019-2020).
- 2 - De Filipinen wurde troffen troch de tyfoan Kammuri. Der komme 12 minsken om, wylst nochris 322 ferwûne reitsje. De skea wurdt rûst om 'e $116 miljoen hinne.
- 2-13 - Yn 'e Spaanske haadstêd Madrid wurdt de Konferinsje fan de Feriene Naasjes oangeande Klimaatferoaring (2019) holden, nei't it oarspronklike gastlân Sily fanwegen oanhâldende ûnrêst ôfsizze moast. De konferinsje mislearret as in tal grutte yndustrylannen (Ruslân, Sina, Yndia, Brazylje, Austraalje en Saûdy-Araabje) dwersleit en foarútgong blokkearret. De Feriene Steaten hiene hielendal gjin offisjele delegaasje stjoerd.
- 5 - In grutte ierdferskowing yn Boerûndy easket de libbens fan teminsten 26 minsken.
- 5 - It Amerikaanske Hûs fan Offurdigen set útein mei it opstellen fan 'e artikels fan impeachment tsjin presidint Donald Trump.
- 8 - By in útslaande fabryksbrân yn it Yndiaaske Delhi komme 43 minsken om en reitsje teminsten 50 oaren ferwûne.
- 9 - It World Anti-Doping Agency (WADA) beslút unanym om Ruslân nochris foar fjouwer jier fan dielname oan ynternasjonale sporteveneminten út te sluten. It lân hat syn dopingbelied noch altyd net op oarder en sabotearret boppedat ûndersyk nei dopingpraktiken út it ferline.
- 9 - By in fulkaanútbarsting op it ûnbewenne eilantsje Whakaari/White Island, foar de noardkust fan Nij-Seelân, komme teminsten 18 toeristen om dy't op dat stuit op it eilân oanwêzich binne. Nochris 29 oaren reitsje ferwûne.
- 9 - By it delstoarten fan in transportfleantúch fan 'e Sileenske Loftmacht, ûnderweis nei Antarktika, komme alle 38 ynsittenden om. It plak fan 'e ramp wurdt op 12 desimber ûntdutsen.
- 10 - De 34-jierrige Sanna Marin wurdt ynsward as de nije premier fan Finlân. Hja wurdt dêrmei de jongste regearingslieder fan 'e wrâld.
- 10 - It Amerikaanske Hûs fan Offurdigen makket de artikels fan impeachment tsjin presidint Donald Trump iepenbier. Hy wurdt oanklage foar machtsmisbrûk en belemmering fan it Kongres. Trump is de fjirde Amerikaanske presidint tsjin wa't artikels fan impeachment opsteld binne (nei Andrew Johnson, Richard Nixon en Bill Clinton).
- 11 - De World Trade Organisation (WTO) kin net mear ynterveniëarje yn hannelsskelen tusken lidsteaten om't de Feriene Steaten de oanstelling fan nije rjochters blokkearje.
- 12 - By parlemintsferkiezings yn it Feriene Keninkryk boek de Konservative Partij fan premier Boris Johnson in grutte oerwinning yn Ingelân en Wales, dêr't de opposisjonele Labourpartij fan Jeremy Corbyn ien fan 'e minste resultaten sûnt de Twadde Wrâldoarloch behellet. De ferkiezings draaiden mar om ien ding: de slepende Brexitkwestje. Johnson ûnthiet om it Feriene Keninkryk einlings en te'n lêsten út 'e Jeropeeske Uny te lieden, en dêrmei wist er benammen yn Wales en it noarden fan Ingelân in protte tradisjonele Labourstimmers oer te heljen him in kâns te jaan. Yn Skotlân is de Skotske Nasjonale Partij fan Nicola Sturgeon de grutte winner, dy't 48 fan 'e 59 Skotske sitten yn it Legerhûs yn 'e hannen kriget. Sturgeon stjoert, as de útslach bekend wurdt, daliks oan op in nij ûnôfhinklikheidsreferindum foar de Skotten. Yn Noard-Ierlân winne de politike partijen dy't foarstanner binne fan oansluting by de Republyk Ierlân foar it earst mear sitten as de foarstanners fan it behâlden fan 'e bân mei Grut-Brittanje.
- 12 - Yn Israel is de politike ympasse kompleet no't der op 'e nij gjin regear foarme wurde kin om't net ien mei de foar korrupsje oanklage premier Benjamin Netanyahu gearwurkje wol, wylst Netanyahu wegeret op te stappen. Der wurdt oankundige dat der op 2 maart 2020 foar de trêde kear yn in jier tiid ferkiezings foar de Knesset holden wurde sille.
- 16 - Paus Fransiskus skaft de pauslike geheimhâlding ôf foar saken fan seksueel misbrûk.
- 18 - It Amerikaanske Hûs fan Offurdigen kart twa artikels fan impeachment tsjin presidint Donald Trump goed, wat him ta de trêde impeachte presdint yn 'e Amerikaanske skiednis makket (nei Andrew Johnson en Bill Clinton).
- 19 - It ynternasjonaal erkende regear fan Lybje aktivearret in gearwurkingsoerienkomst mei Turkije, dy't in Turkske militêre yntervinsje yn 'e Twadde Libyske Boargeroarloch mooglik makket.
- 19 - In sprinkhoannepleach ferwoastget 70.000 ha oan lânbougewaaksen yn Etioopje en Somaalje.
- 20 - Yn 'e Feriene Steaten wurdt de Amerikaanske Romtemacht (United States Space Force) oprjochte as selsstannich ûnderdiel fan 'e Amerikaanske Striidkrêften, mei as foech oarlochfiering yn 'e romte.
- 20 - Hege Ried fan de Nederlannen befêstiget in eardere útspraak fan it gerjochtshôf yn 'e saneamde klimaatsaak fan miljeu-organisaasje Urgenda tsjin 'e Nederlânske steat. Dat betsjut dat de oerheid de útstjit fan koalstofdiokside yn 2020 mei 25% werombringe moat yn ferhâlding mei it nivo fan 1990.
- 23 - Yn Saûdy-Araabje wurde fiif manlju ta de deastraf feroardiele en trije oaren ta finzenisstraffen fan 24 jier, foar harren rollen by de moard op sjoernalist Djamal Chasjokdzji yn it Saûdyske konsulaat yn Istanbûl. De wichtichste ferantwurdlike, kroanprins Mohammed bin Salman, wurdt dêrmei op 'e nij út 'e wyn holden.
- 23 - Yn it suden fan Sumatra komme 28 minsken om en reitsje 13 oaren ferwûne as harren bus yn in ravyn falt.
- 25 - De Filipinen wurde troffen troch de tyfoan Phanfone. Der komme 20 minsken om en tûzenen oaren reitsje dakleas.
- 27 - As Bek Air-flecht 2100 delstoart yn Alma-Ata, yn Kazachstan, komme 12 minsken om en reitsje 54 oaren ferwûne.
- 28 - By in bomoanslach yn 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû, útfierd troch de islamistyske terreurgroep Al-Sjabaab, komme teminsten 85 minsken om en reitsje mear as 140 oaren ferwûne.
- 29 - De bestjoersrie fan 'e Taliban stimt yn in tydlik sjitferbod yn Afganistan, wat de doar iepenet foar nij ûnderhannelings mei de Feriene Steaten.
- 29 - De Feriene Steaten fiere loftoanfallen yn Irak en Syrje út op 'e sjiïtyske milysje Kataïb Hezbollah. Dêrby komme 25 minsken om. De oanfallen binne in ferjilding fan oanfallen fan Kataïb Hezbollah op Amerikaanske belangen yn 'e regio. It regear fan Irak feroardielet de oanfal as in ynbrek op syn soevereiniteit.
- 31 - Yn 'e Iraakske haadstêd Bagdad wurdt de Amerikaanske ambassade bestoarme troch demonstranten dy't poermâl binne oer de Amerikaansk loftoanfallen fan 29 desimber l.l.
- 31 - It regear fan 'e Folksrepublyk Sina ynformearret de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) oer de útbraak fan it koroanafirus yn Wuhan.
Berne
bewurkje seksjeFerstoarn
bewurkje seksje- jannewaris
- 17 - Windsor Davies, Britsk akteur (* 1930)
- 25 - Eli Asser, Nederlânsk senarioskriuwer en lietsjeskriuwer (* 1922)
- 31 - Johnny Lion, pseudonym fan John van Leeuwarden, Nederlânsk sjonger en akteur (* 1941)
- febrewaris
- 7 - Guus Hellegers, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1937)
- 16 - Bruno Ganz, Switsersk akteur (* 1941)
- 17 - Jelle Kaspersma, Frysk dichter en ûnderwizer (* 1948)
- 20 - Gerard Koerts, Nederlânsk toetsenist (* 1947)
- 23 - Katherine Helmond, Amerikaansk aktrise (* 1929)
- maart
- 10 - Gerrit Offringa, Fryske keunstner en filosoof (* 1943)
- 11 - Janine van Elzakker, Nederlânsk aktrise (* 1945)
- 22 - Frans Andriessen, Nederlânsk politikus (* 1929)
- 28 - Piet van der Wal, Frysk aksjefierder, gemeentepolitikus en dosint (* 1946)
- april
- 6 - Gerrit Stulp, Frysk organist, dirigint en komponist (* 1935)
- 11 - Max van Weezel, Nederlânsk sjoernalist en politikolooch (* 1951)
- 14 - Hessel Miedema, Frysk dichter en keunsthistoarikus (* 1929)
- 17 - Pieter Verhoeff, Frysk regisseur en dokumintêremakker (* 1938)
- 18 - Willem Velema, Frysk heechlearaar nijtestamentyske fakken (* 1929)
- 21 - Arie Oostlander, Nederlânsk politikus en lid fan it Europeesk Parlemint (* 1936).
- 23 - Johan Witteveen, Nederlânsk ekonoom en politikus (* 1921)
- 30 - Peter Mayhew, Britsk-Amerikaansk akteur (* 1944)
- maaie
- 12 - Klara Gûseva, Russysk reedrydster (* 1937)
- 13 - Doris Day, Amerikaansk sjongster, aktrise en diere-aktiviste (* 1922)
- 15 - Zoltin Peeter, byldzjend keunstner út Hallum (* 1942)
- 16 - Bob Hawke, premier fan Austraalje (* 1929)
- 16 - Peer Mascini, Nederlânsk akteur (* 1941)
- 20 - Niki Lauda, Eastenryksk Formule 1-koereur (* 1949)
- 22 - Judith Kerr, Ingelsk berneboekeskriuwster en yllustratrise (* 1923)
- 22 - Cees Schrama, Nederlânsk jazzmuzikant en produsint (* 1936)
- 28 - Berber van der Geest, Frysk ûnderwizer, dichteresse en skriuwster (* 1938)
- 30 - Martine Bijl, Nederlânsk sjongster, aktrise, skriuwster en kabaretiêre (* 1948)
- juny
- 2 - Barry Hughes, Welsk fuotballer, fuotbaltrainer en sjonger (* 1937)
- 23 - Akky van der Veer, Frysk skriuwster (* 1943)
- 25 - Isabel Sarli, Argentynsk aktrise (* 1935)
- july
- 6 - Willem Mook, Frysk tekenlearaar en keunstner (* 1954)
- 19 - Rutger Hauer, Nederlânsk akteur (* 1944)
- 20 - Margaretha Grosser, Sealterfryske skriuwster en oersetter (* 1934)
- 21 - Jelena Grigorjeva, Russysk minskerjochte-aktiviste (* 1978)
- augustus
- 8 - Loek Caspers, Nederlânsk fersetsstrydster (* 1924)
- 12 - Tom van Deel, Nederlânsk dichter, essayist en literatuerkritikus (* 1945)
- 16 - Christina fan de Nederlannen, Nederlânsk prinsesse (* 1947)
- 16 - Felice Gimondi, Italjaansk hurdfytser (* 1942)
- septimber
- 6 - Robert Mugabe, Simbabwaansk presidint (* 1924)
- 9 - Pier van Gosliga, Frysk politikus (* 1926)
- 26 - Jacques Chirac, Frânsk presidint (* 1932)
- oktober
- 11 - Robert Forster, Amerikaansk akteur (* 1941)
- 12 - Hevrîn Xelef, Syrysk-Koerdysk politika (* 1984)
- 22 - Til Gardeniers-Berendsen, Nederlânsk politika (* 1925)
- 27 - Abû Bakr al-Bagdadi, Iraaksk terrorist (* 1971)
- 29 - Jelle Zwart, Frysk dichter (* 1926)
- novimber
- 2 - Sigge Ericsson, Sweedsk reedrider (* 1930)
- 11 - Ilse Starkenburg, Nederlânsk skriuwster (* 1963)
- 13 - Raymond Poulidor, Frânsk hurdfytser (* 1936)
- desimber
- 18 - Marron C. Fort, Amerikaansk taalkundige (* 1938)
- 24 - Fred Emmer, Nederlânsk nijslêzer en skriuwer (* 1934)
Literatuer
bewurkje seksje- romans
- Jack Campbell, The Genesis Fleet: Triumphant
- Patricia Briggs, Storm Cursed
- Anne Bishop, Wild Country
- novelles
- Lois McMaster Bujold, Knife Children
- Lois McMaster Bujold, The Orphans of Raspay
- ferhalebondels
- Shawn Speakman (red.), Unfettered III
Films
bewurkje seksje
Muzyk
bewurkje seksje- singles
Tillefyzje
bewurkje seksje
Jierren: | 2014 | 2015 | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|