Ford v Ferrari, yn in protte Jeropeeske lannen útbrocht as Le Mans ’66, is in Amerikaanske sportdramafilm út 2019 ûnder rezjy fan James Mangold, mei yn 'e haadrollen Matt Damon en Christian Bale. De titel betsjut "Ford tsjin Ferrari". It ferhaal folget de op wiere foarfallen berêstende rivaliteit tusken de Amerikaanske Ford Motor Company en it Italjaanske automerk Ferrari foarôfgeande en ûnder de edysje fan 1966 fan 'e 24 Oeren fan Le Mans. Ien en oar wurdt beljochte út it eachpunt fan Ford wei, yn 't bysûnder dat fan auto-ûntwerper Carroll Shelby en autokoereur Ken Miles. Ford v Ferrari waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride. De film krige in oer it algemien poerbêste resinsjes fan 'e filmkritisy en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Ford v Ferrari wûn twa Oscars, in BAFTA en fiif Satellite Awards en waard nominearre foar ferskate oare prizen, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film.

Ford v Ferrari
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur James Mangold
produsint Peter Chernin
Jenno Topping
James Mangold
senario Jez Butterworth
John-Henry Butterworth
Jason Keller
kamerarezjy Phedon Papamichael
muzyk Marco Beltrami
Buck Sanders
filmstudio Chernin Entertainment
TSG Entertainment
Turnpike Films
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Matt Damon
Christian Bale
byrollen Jon Bernthal
Caitríona Balfe
Tracy Letts
Josh Lucas
Remo Girone
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 15 novimber 2019
foarm langspylfilm
sjenre sportdrama
taal Ingelsk
spyltiid 152 minuten
budget en resultaten
budget $97,6 miljoen
opbringst $225,5 miljoen
prizen Oscar
BAFTA
Satellite Award

Yn 1963 stelt Lee Iacocca, de adjunkt-direkteur fan 'e Amerikaanske Ford Motor Company, oan algemien direkteur Henry Ford II foar om 'e yn jildneed sittende Italjaanske sportautofabrikant Ferrari oer te nimmen. Hy ornearret dat Ford de ferkeap fan auto's yn 'e Feriene Steaten oanfiterje kin troch fia de dielname fan Ferrari de 24 Oeren fan Le Mans te winnen, in romrofte autosportwedstryd dy't in etmiel duorret. Ferrari-eigner Enzo Ferrari brûkt it bod fan Ford lykwols om in lukrativere deal te sluten mei de Italjaanske autofabrikant Fiat, werby't er sels it folsleine eigendom hâldt fan Scuderia Ferrari, it raceteam fan it bedriuw.

Troch Ford oan it lyntsje te hâlden en dan publyklik foar gek te setten, mislediget Ferrari witten en mienen sawol de Ford Motor Company as Henry Ford II persoanlik. Om wraak te nimmen jout in poerlulke Ford neitiid de racedifyzje fan syn bedriuw opdracht om in auto te bouwen dy't Ferrari by de 24 Oeren fan Le Mans ferslaan kin. Foar dy taak hiert Iacocca auto-ûntwerper Carroll Shelby yn, eardere autokoereur en de eigner fan it bedriuw Shelby American. Dyselde wûn yn 1959 de 24 Oeren fan Le Mans, mar wie letter twongen om op te hâlden mei racen om't er oanhelle rekke mei in hertoandwaning. Shelby hellet syn freon Ken Miles derby, in opljeppende Ingelske koereur en feteraan út 'e Twadde Wrâldoarloch, dy't op dat stuit mei muoite de kost fertsjinnet as monteur.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Shelby en Miles ûntwerpe en teste it prototype fan 'e Ford GT40 Mk I op 'e Ynternasjonale Lofthaven Los Angeles, wêrby't se alle ûntwerpflaters derút helje oant de auto raceklear is. Nei advys fan Ford-direksjelid Leo Beebe, dy't nei in persoanlike rûzje wrok koesteret tsjin Miles, beslút Henry Ford II om ynstee Phil Hill en Bruce McLaren ôf te furdigjen nei de edysje fan 'e 24 Oeren fan Le Mans fan 1965. Sa't Miles al foarsein hie, riidt net ien Ford de race út. As Henry Ford II dat sjocht as in fernederjende tebeksetter, leit Shelby him út dat GT40 Enzo Ferrari benaud makke hat doe't er op it rjochte ein in faasje fan krapoan 351 km/h helle, foar't er mei motorpech útfoel.

Shelby en Miles geane fierder mei de ûntwikkeling fan 'e Ford GT40 Mk II, mar Miles komt op in hier nei om as de auto by in test lêst fan fading kriget, wêrby't de remmen troch oanhâldend gebrûk net mear goed wurkje. Yn 1966 wurdt Leo Beebe oansteld as haad fan 'e racedifyzje. Omreden fan syn rûzje mei Miles is er wisberet om it raceprogramma fuort te setten sûnder him. Shelby wit dat foar te kommen troch Beebe yn syn kantoar op te sluten en Henry Ford II te traktearjen op in ritsje yn 'e GT40 dat de âldman oant triennen ta op it moed komt. Neitiid slút er in weddenskip ôf mei Ford: as Miles foar Shelby American de 24 Oeren fan Daytona wint, mei er foar Ford meidwaan oan 'e 24 Oeren fan Le Mans; as er ferliest, wurdt Ford eigner fan Shelby American.

Sadwaande is Miles by de 24 Oeren fan Daytona koereur foar Shelby American. Mar Beebe skriuwt, om in oerwinning fan Miles foar te kommen, foar dy race in team fan Ford yn dat gearwurket mei it top-NASCAR-team Holman-Moody. Wylst it team fan Ford-Holman-Moody fluggere pitstops berêdt, jout Shelby oan Miles tastimming om mei syn auto foarby de reade line fan 7.000 toeren per minút te gean. Dat makket krekt it ferskil, en Miles wint de race. Dat betsjut dat er no foar Ford meidwaan mei oan 'e 24 Oeren fan Le Mans.

By de 24 Oeren fan Le Mans fan 1966 hat de tiid fan Miles yn 'e earste omgong te lijen ûnder in portier dat net goed ticht wol, mar nei't de teammonteur Phil Remington dat euvel ferhelpt troch der mei in hammer op te slaan, begjint er omgongsrekôrs te fêstigjen, wylst er almar tichter nei de Ferrari's ta krûpt. By in twastriid mei Lorenzo Bandini, dy't it nije prototype fan 'e Ferrari 330 P3 riidt, ûnderfynt Miles swierrichheden mei de remmen en lit er by de folgjende pitstop syn hiele remsysteem ferfange. Enzo Ferrari tsjinnet dêr in formeel protest tsjin yn, mar Shelby oertsjûget de officials fan 'e race derfan dat soks binnen de regels falt.

Miles en Bandini krije it op it rjochte ein wer mei-inoar oan 'e stôk, oant Bandini syn motor opblaast, wat Ferrari út 'e race eliminearret. Mei't der no trije auto's fan Ford foaroan yn it fjild lizze, jout Beebe oan Shelby opdracht om Miles ôfremje te litten, sadat de oare beide Fords him byhelje kinne en der in trijedûbele fotofinish plakfine kin foar it each fan 'e media. Miles liket dat earst wol nei fleanen en giet troch mei it fêstigjen fan omgongsrekôrs, oant er yn 'e lêste omgong tastiet dat de oare Fords him byhelje. De trije auto's komme tagelyk oer de einstreek. Uteinlik wurdt McLaren ta winner útroppen op basis fan in formaliteit, mei Miles as twadde en Ronnie Bucknum as trêde. Dat liedt ta in lulke konfrontaasje tusken Shelby en Beebe, mei't Shelby him fan 'e oerwinning bestellen fielt. Miles seit lykwols letter tsjin Shelby dat er tankber is dat er überhaupt oan 'e 24 Oeren fan Le Mans meidwaan mocht.

Twa moannen nei Le Mans, by it testen fan 'e Ford GT40 J-car op it Ynternasjonaal Sirkwy fan Riverside, hat Miles op 'e nij te krijen mei fading. Diskear liedt dat ta in ûngemak wêrby't er omkomt. In healjier letter giet Shelby op besite by Miles syn widdo Mollie en syn soan Peter, wêrby't er Peter in monteurskaai jout dy't Miles him yn 1963 nei de holle smiet doe't de beide mannen spul krigen foar't Miles de SCCA-race op it Ynternasjonaal Autosportpark Willow Springs wûn.

In tekst dy't yn byld komt foar it begjin fan 'e ôftiteling fertelt dat Ford ek yn 1967, 1968 en 1969 de 24 Oeren fan Le Mans wûn. Ken Miles waard yn 2001 postúm ynhuldige as lid fan 'e Motorsports Hall of Fame of America.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Matt Damon.
 
Christian Bale.
 
Caitríona Balfe.
haadrollen
personaazje   akteur/aktrise
Carroll Shelby Matt Damon
Ken Miles Christian Bale


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lee Iacocca Jon Bernthal
Mollie Miles Caitríona Balfe
Henry Ford II Tracy Letts
Leo Beebe Josh Lucas
Enzo Ferrari Remo Girone
Peter Miles Noah Jupe
Phil Remington Ray McKinnon
Roy Lunn J.J. Field
Charlie Agapiou Jack McMullen
Ronnie Bucknum Tanner Foust
Chris Amon Brent Pontin
Bruce McLaren Benjamin Rigby
Lorenzo Bandini Francesco Bauco
Franco Gozzi Corrado Invernizzi
Donald N. Frey Joe Williamson
Ian Ian Harding
John Holman John Holman
Eddie Jonathan LaPaglia

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

By filmstudio 20th Century Fox waard al jierren prakkesearre oer in film oangeande de rivaliteit fan Ford en Ferrari yn 'e midden fan 'e 1960-er jierren. Yn 't earstoan soene de haadrollen spile wurde troch Tom Cruise en Brad Pitt. It oarspronklike senario wie skreaun troch Jason Keller en hie as titel Go Like Hell (frij fertaald: "Flean as de Duvel"). Dy namme wie ûntliend oan it non-fiksjeboek Go Like Hell: Ford, Ferrari, and Their Battle for Speed and Glory at Le Mans ("Flean as de Duvel: Ford, Ferrari en Harren Striid om Feart en Gloarje yn Le Mans") fan A.J. Baime. It projekt rûn lykwols op 'e non om budgetêre redens.

It senario fan Keller waard letter bewurke troch de bruorren Jez en John-Henry Butterworth foar in minder djoere film. Under de titel Ford v Ferrari waard dy regissearre troch James Mangold. As produsinten wiene Mangold sels, Peter Chernin en Jenno Topping by it projekt belutsen foar de filmstudio's Chernin Entertainment, TSG Entertainment en Turnpike Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $97,6 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Phedon Papamichael, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Marco Beltrami en Buck Sanders.

De opnamen foar Ford v Ferrari setten op 30 july 2018 útein en duorren oant en mei 5 oktober fan dat jier. Der waard filme yn op ferskate plakken yn Kalifornje; yn New Orleans (Louisiana); yn Atlanta, Savannah en Statesboro (Georgia); en yn Le Mans (Frankryk). De race yn Daytona (Floarida) waard eins opnommen op 'e Auto Club Speedway yn Fontana (Kalifornje); ferskate oare racesênes waarde filme op testsirkwys fan Honda yn Antelope Valley (Kalifornje) en fan Porsche yn Carson (Kalifornje). De tribunes, pits en garaazjes fan it sirkwy fan Le Mans waarden neiboud yn it Agua Dulce Airpark yn Agua Dulce (Kalifornje). De sênes yn 'e hangaars dêr't de auto's fan Ford ûntwikkele waarden op 'e Ynternasjonale Lofthaven Los Angeles, waarden eins filme op 'e Ynternasjonale Lofthaven Ontario yn Ontario (Kalifornje).

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Ford v Ferrari waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride yn Colorado, op 30 augustus 2019. Ford v Ferrari wie op 9 septimber fan dat jier ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Op 15 novimber 2019 iepene de film yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 15 novimber 2019 by platemaatskippij Hollywood Records. Ford v Ferrari kaam op 28 jannewaris 2020 beskikber as digitale download en waard op 11 febrewaris fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Ford v Ferrari oer it algemien tige positive resinsjes. Sa joech Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle de film 4 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Ford v Ferrari hie gewoan in sportferhaal wêze kind dat in ynteressant haadstik út 'e autosportskiednis beljochte, en dat hie bêst west. Mar troch sjen te litten hoe't Ford en syn hantlangers har oan ien wei troch bemuoie mei it tawijde wurk fan Miles en Shelby, wurdt dizze film fan James Mangold in ferhaal oer sielen dy't tsjin 'e sielleazen stride." Peter DeBruge, fan it tydskrift Variety, priizge de racesênes en de aktearprestaasjes fan Christian Bale en Matt Damon. Hy skreau: "De bêste sportfilms geane net iens sasear oer de sport as wol oer de persoanlikheden, en dizze beide geane hielendal los mei harren aktearwurk."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Ford v Ferrari in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 353 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] leveret alle prachtich yn byld brocht auto-aksje dy't it publyk ferwachtsje sil en bringt dat yn lykwicht mei genôch oangripend minsklik drama om ek lju tefreden te stellen dy't net fan autosport hâlde." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Ford v Ferrari in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 47 resinsjes.

Ford v Ferrari brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $117,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $107,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $225,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $97,6 miljoen betsjut dat in winst fan $127,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2020 waard Ford v Ferrari by de Oscars nominearre foar prizen yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste film en bêste lûdsmixing. De film wûn 2 Oscars, foar bêste filmmontaazje en bêste lûdsmontaazje. By de Golden Globes waard Ford v Ferrari allinne mar nominearre foar de priis foar bêste akteur yn in dramafilm (Christian Bale). De film waard ek nominearre foar 3 BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, wêrûnder dy foar bêste kamerarezjy en bêste lûd. De iene BAFTA dy't wûn waard, wie dy foar bêste filmmontaazje.

Ford v Ferrari waard ek nominearre foar 10 Satellite Awards, û.m. yn 'e kategoryen bêste kamerarezjy, bêste orizjinele senario, bêste orizjinale filmmuzyk, bêste special effects en bêste artdirection en produksje-ûntwerp. De film wûn 5 Satellite Awards, foar bêste dramafilm, bêste rezjy, bêste akteur yn in dramafilm (Christian Bale), bêste filmmontaazje en bêste lûd. Ford v Ferrari waard fierders nominearre foar 2 Screen Actors Guild Awards, 5 Critics' Choice Movie Awards en de Australyske AACTA Award foar bêste ynternasjonale akteur (Christian Bale).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.