Abû Bakr al-Bagdadi

Abû Bakr al-Bagdadi (Arabysk: أبو بكر البغدادي‎, folút: Abû Bakr al-Bagdadi al-Koeraisji, sekuere transliteraasje: Abū Bakr al-Baġdadi al-Qurayši), wiere namme: Ibrahim Awad Ibrahim Ali Mohammed al-Badri al-Samarrai (Arabysk: إبراهيم عواد إبراهيم علي محمد البدري السامرائي‎, sekuere transliteraasje: Ibrahīm ‘Awad Ibrahīm ‘Alī Muḥammad al-Badrī al-Samarraī), (Samarra, 28 july 1971Barisja, 27 oktober 2019) wie in Iraaksk terrorist dy't de selsbeneamde "kalyf" wie fan 'e saneamde "Islamityske Steat yn Irak en Syrje" (ISIS). Hy kaam yn juny 2014 oan 'e macht en hie de lieding oer de ekspânsje fan 'e oerhearsking fan syn terroristyske organisaasje oer grutte dielen fan noardwestlik Irak en noardeastlik Syrje. Dêrby wied er ek ferantwurdlik foar de Jezidyske Genoside tsjin 'e Jezidys, in etnysk-religieuze minderheid yn it noarden fan Irak, en de seksuele slavernij fan tûzenen Jezidy-froulju en -famkes. Nei de ûndergong fan ISIS as territoriale macht yn it neijier fan 2017 doek Al-Bagdadi ûnder en liet er net folle mear fan him hearre. Ein oktober 2019 waard syn skûlplak ûntdutsen en binnenfallen troch Amerikaanske kommando's, wêrnei't Al-Bagdadi himsels opblies om finzenskip te ûntrinnen.

Abû Bakr al-Bagdadi
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Iraaksk
berne 28 july 1971
berteplak Samarra (Irak)
stoarn 27 oktober 2019
stjerplak Barisja (Syrje)
etnisiteit Arabysk
reg. identiteit Iraaksk-soennitysk
wurkpaad
berop/amt geastlike, teolooch
aktyf as terrorist
jierren aktyf 20032019
reden
  bekendheid
selsbeneamde "kalyf" fan 'e
   saneamde "Islamityske Steat"

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Al-Bagdadi waard yn 1971 as Ibrahim Awad Ibrahim Ali Mohammed al-Badri al-Samarrai berne yn 'e stêd Samarra yn sintraal Irak. 'Abû Bakr al-Bagdadi' wie in nom de guerre dy't er letter oannaam, en dy't ferwiisde nei Abû Bakr, de pleatsferfanger fan 'e profeet Mohammed en de earste kalyf fan it Islamityske Ryk yn 'e sânde iuw. De efternamme "al-Bagdadi" betsjut inkeld "fan Bagdad". Hy wie de trêde fan fjouwer soannen yn 'e hûshâlding fan Awad al-Badri, in sjeik fan 'e Al-Bû Badri, in Arabyske stamme mei ferskate substammen wêrûnder de Koeraisjiten, dêr't de profeet Mohammed ta heard hie. Al-Bagdadi hold letter út dat er sels ek in Koeraisjyt wie en dat er dêrom fan 'e profeet ôfstamme, hoewol't er dêr gjin inkeld bewiis foar oanfierde. Hy pleatste simpelwei de stamme-oantsjutting 'al-Koeraisji' efter syn oannommen efternamme 'al Bagdadi'.

Neffens in semy-autorisearre biografy dy't Abid Hûmam al-Atari oer Al-Bagdadi skreau, soe syn pake, sjeik Hadj Ibrahim Ali al-Badri, 94 jier wurden wêze en it begjin fan 'e Amerikaanske besetting fan Irak noch meimakke hawwe. Syn heit, sjeik Awad, wie tige behelle yn it religieuze libben fan syn stamme en soe Al-Bagdadi syn ierste godstsjinstûnderwiis jûn hawwe. De namme fan syn mem is net bekend. Ien fan syn omkes wurke foar de feilichheidstsjinsten fan 'e Iraakske diktator Saddam Hoessein, en twa fan syn bruorren tsjinnen yn it Iraakske Leger. Ien fan harren sneuvele yn 'e Iraansk-Iraakske Oarloch, wylst de oare opklom ta in ofsiersrang.

Al-Bagdadi folge middelber ûnderwiis oan in skoalle yn Samarra, dêr't er in kear sakke foar syn eineksamens en it lêste jier oerdwaan moast. Inkele moannen nei't er slagge wie, waard er ôfkeurd foar militêre tsjinst omreden fan syn minne eagen. Om't syn eksamensifers te leech wiene om, sa't er woe, rjochten of ûnderwiiskunde oan 'e Universiteit fan Bagdad te studearjen, skreau er him ynstee yn oan 'e Islamityske Universiteit fan Bagdad, dêr't er de islamityske wet en de Koraan bestudearre. Neffens in rapport fan Amerikaanske en Iraakske ynljochtingetsjinsten út 2014 hie Al-Bagdadi ek in (teologysk) doktoraat foar islamityske stúdzjes dat er behelle hie oan 'e Saddam Universiteit yn Bagdad. Oare boarnen hâlde út dat er it doktoraat behelle oan 'e Universiteit fan Bagdad of de Islamityske Universiteit fan Bagdad.

Iere jierren

bewurkje seksje

Neffens guon berjochten soe Al-Bagdadi al yn syn jonkheid, ûnder it rezjym fan Saddam Hoessein, in islamistyske revolúsjonêr wurden wêze trochdat er him by de Moslimbruorskip joech. Under de Amerikaanske ynfal yn Irak, yn 2003, wied er foar 't neist as soennitysk geastlike ferbûn oan in moskee. Doe't de Amerikaanske besetting fan Irak oanhold, wie Al-Bagdadi belutsen by de formaasje fan 'e militante fersetsgroep Djamaät Djaysj Ahl al-Sûnnah wa-l-Djamaäh. Hy hie yn dy organisaasje de funksje fan foarsitter fan it komitee oangeande de sjaria (islamityske wet).

Op 2 of 4 febrewaris 2004 waard Al-Bagdadi yn 'e neite fan Fallûdja troch de Amerikanen arrestearre, wêrnei't er finzenset waard yn 'e beruchte Abû Graib-finzenis en dêrnei yn Kamp Bucca. Neffens guon lêzings fan syn biografy soe dêr ûnder ynfloed fan mei-finzenen en de minne behanneling fan 'e sipiers syn radikalisearring ta gewelddiedige ekstremist plakfûn hawwe. Neffens ynformaasje út 'e argiven fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje waard Al-Bagdadi fêstholden as in "boargerlik finzene" ûnder de namme "Ibrahim Awad Ibrahim al-Badry", mei as berop sekretarieel meiwurker.

Op 8 desimber 2004 waard er frijlitten as in finzene dy't de muoite fan it fêsthâlden net wurdich achte waard. Berjochten yn beskate kranten en fan beskate tillefyzjestjoerders wolle ynstee hawwe dat Al-Bagdadi fan 2005 oant 2009 yn Kamp Bucca ynternearre wie. Dy berjochten binne basearre op in fraachpetear mei kolonel Kenneth King, in eardere kommandant fan Kamp Bucca, en wurde net ûnderstipe troch de gegevens fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje.

Nei syn frijlitting

bewurkje seksje

Nei syn frijlitting sleat Al-Bagdadi him yn 2006 mei syn groep Djamaät Djaysj Ahl al-Sûnnah wa-l-Djamaäh oan by de Mûdjahediin Sjoera Ried, dy't datselde jiers noch omneamd waard ta Islamityske Steat yn Irak (ISI). Al-Bagdadi krige yn 'e nije organisaasje op 'e nij it tafersjoch oer de sjaria. ISI wie ek wol bekend as Al-Qaida yn Irak, en wie in ûnderdiel fan 'e wrâldwide terroristyske organisaasje Al-Qaida. Nei de dea fan Abû Omar al Bagdadi, de lieder fan ISI, waard Al-Bagdadi op 16 maaie 2010 ta nije lieder útroppen. Yn dy hoedanichheid wied er einferantwurdlike foar, en belutsen by de planning en fasilitearring fan, in grut tal terroristyske oanslaggen. Yn maart en april 2011 allinnich al easke ISI de ferantwurdlikheid op foar 23 oanslaggen yn súdlik Irak.

 
Fierste útwreiding fan it grûngebiet fan 'e saneamde "Islamityske Steat yn Irak en Syrje" (werjûn yn lila-eftich griis) yn maaie 2015. (Koerdysk gebiet yn gielgrien, gebiet ûnder behearsking fan it Iraakske regear yn pears, gebiet ûnder behearsking fan it Syryske regear yn rôze, gebiet yn 'e hannen fan Syryske opstannelingen yn ljochtgrien.)

Nei de dea fan Osama bin Laden, de lieder en oprjochter fan Al-Qaida, op 2 maaie 2011 by in oanfal troch Amerikaanske kommando's op syn gebouwekompleks yn it Pakistaanske Abbottabad, liet Al-Bagdadi in boadskip útgean wêryn't er mei gewelddiedige ferjilding drige. Dat makke er wier mei in weach fan selsmoardoanslaggen op 15 augustus fan dat jier, dêr't mear as 70 deaden by foelen. Op 22 desimber 2011 waard Bagdad troffen troch in rige koördinearre bomoanslaggen wêrby't teminsten 63 minsken omkamen en nochris 180 ferwûne rekken.

Islamityske Steat in Irak en Syrje

bewurkje seksje

Al-Bagdadi bleau de lieder fan ISI oant dy organisaasje útwreide nei Syrje, dat op dat stuit ferskuord waard troch de Syryske Boargeroarloch. ISI neamde himsels sadwaande op 8 april 2013 om ta de Islamityske Steat yn Irak en Syrje (ISIS) (soms ek út it Arabysk oerset as "Islamityske Steat yn Irak en de Levant", ISIL). Tagelyk dêrmei makke Al-Bagdadi bekend dat ien fan 'e faksjes yn 'e Syryske Boargeroarloch, Djabhat al-Nûsra, no yn ISIS opgean soe. De lieder fan Al-Nûsra, Abû Mohammed al-Djûlani, spriek dat daliks tsjin en frege stipe fan 'e nije lieder fan Al-Qaida, Ayman al-Zawahiri. Dyselde joech dêrop in ferklearring út wêryn't er stelde dat er ISIS opheft hie en dat ISI syn aktiviteiten ta Irak beheine moast.

Al-Bagdadi lei dat beslút yn april 2013 njonken him del en briek dêrmei mei Al-Qaida. Hy naam it befel oer 80% fan 'e bûtenlânske striders fan Al-Nûsra oer en ferdreau dy organisaasje yn jannewaris 2014 út 'e Syryske stêd Rakka. Dyselde moanne fûnen der fûleindige gefjochten plak tusken ISIS en Al-Nûsra yn it Syryske gûvernemint Deir ez-Zor, wêrby't hûnderten striders sneuvelen. Neffen ferskate Westerske boarnen waarden Al-Bagdadi en ISIS foar harren striid tsjin Al-Qaida en Al-Nûsra finansierd troch Saûdy-Araabje en Katar, en koe ISIS oan nije striders komme troch benammen yn Saûdy-Araabje te rekrutearjen.

Begjin juny 2014 sette ISIS lykwols útein mei in offinsyf tsjin regearingstroepen yn noardlik Irak, mei as bedoeling om 'e haadstêd Bagdad yn te nimmen en it troch sjiïten dominearre regear fan premier Noeri al-Maliki ûnder fuotten te heljen. Ta ûntsetting fan alle waarnimmers sakke de wjerstân fan it Iraakske Leger frijwol fuortendaliks yn en koene de ISIS-striders hast sûnder slach of stjit de grutte stêd Mosûl ynnimme. Fan gefolgen ynterveniëarren de Feriene Steaten en in koälysje fan Westerske en Arabyske bûnsgenoaten op 13 juny mei loftoanfallen yn 'e striid en setten útein mei de Oarloch tsjin ISIS.

Op 29 juny 2014 kundige ISIS de oprjochting fan in wrâldwiid kalifaat ôf, wêrby't Al-Bagdadi ta kalyf útroppen waard. ISIS stie fan dy tiid ôf bekend as de Islamityske Steat (IS), mei't dy net mear ta Irak en Syrje beheind wie. Dy beslissing krige út 'e hiele Arabyske wrâld in protte krityk, mei't neffens islamityske rjochtslearden in kalyf inkeld troch de hiele islamityske leauwensmienskip (ûmma) oanwiisd wurde koe, en net troch in lyts groepke ekstremisten. Dêr loek Al-Bagdadi him neat fan oan; ynstee liet er in ferklearring útgean wêryn't er oankundige dat er opmarsjearje soe nei "Rome" (ornaris ynterpretearre as pars pro toto-oantsjutting foar it Westen, mei't Rome as de sit fan 'e paus fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke yn 'e belibbing fan in protte moslims it sintrum fan 'e Westerske wrâld is). Op 5 novimber stjoerde er ek in boadskip oan Al-Zawahiri, fan wa't er easke dat dy trou swarre soe oan him as kalyf. Al-Zawahiri die dat net.

Begjin augustus late de opmars fan IS yn noardlik Irak ta de Jezidyske Genoside, wêrby't Al-Bagdadi ferantwurdlik wie en nei alle gedachten opdracht joech ta de útrûging fan 'e etnysk-religieuze Jezidyske minderheid. Allinnich al by it Bloedbad fan Sindjar foelen fan 3 oant 13 augustus likernôch 3.500 deaden doe't IS de Jezidyske eklave by de stêd Sindjar oanfoel. Dêrnjonken waarden 4.200 oant 10.800 Jezidyske froulju en famkes troch IS ûntfierd om as seksslavinnen brûkt en ferhannele te wurden. Nochris 50.000 Jezidys sochten beskûl yn it Sindjarberchtme, dêr't se sûnder iten en drinken fêst kammen te sitten doe't IS-striders harren dêre belegeren. Amerikaanske bombardeminten en in offinsyf troch Koerdyske pesjmerga's fan 'e PKK en de YPG brieken lang om let troch de besingeling hinne en sadat it meastepart fan 'e flechtlingen fia in feilige korridor rêden wurde koe.

Al-Bagdadi makke himsels neitiid neffens in oerweldigjend tal eachtsjûgeferslaggen, sawol fan slachtoffers as fan oare IS-leden, skuldich oan 'e searjeferkrêfting fan "in stikmannich persoanlike seksslavinnen". Dêrûnder wiene ferskate Jezidyske famkes en ek de Amerikaanske ûntwikkelingswurkster Kayla Mueller. Dyselde soe letter, neffens IS-boarnen, omkommen wêze by in bombardemint dat yn febrewaris 2015 útfierd waard troch de loftmacht fan Jordaanje, mar in Jezidyske eardere seksslavinne tsjûge dat Mueller troch IS-leden ombrocht wie. Njonken oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid makke Al-Bagdadi him ek skuldich oan kulturele misdieden troch opdracht te jaan ta de fernieling fan ruïnestêden út 'e Aldheid dy't yn 'e hannen fan IS foelen, lykas Nimrod en Hatra yn Irak yn maart 2015, en Palmyra yn Syrje yn maaie fan dat jier.

 
De Amerikaanske presidint Donald Trump makket ein oktober 2019 de dea fan Abû Bakr al-Bagdadi bekend.

De bomoanslach yn Suruç, yn Turkije, yn july 2015, late ta Turkske bombardeminten fan IS-posysjes yn Syrje, en yn septimber fan dat jier ynterveniëarre Ruslân oan 'e kant fan 'e diktatuer fan Basjir al-Assad yn 'e Syryske Boargeroarloch en sette útein mei bombardeminten fan û.o. IS. Tsjin 2017 wiene de kânsen keard en moast IS almar mear terrein priisjaan tsjin in meunsterferbûn fan Irak, Iraan, de Koerdyske pesjmerga's, it regear fan Syrje dat stipe waard troch de Russen, en de Westerske koälysje. Op 10 july fan dat jier waard Mosûl befrijd, op 17 oktober Rakka, de haadstêd fan it kalifaat, en op 3 novimber folgen Deir ez-Zor yn Syrje en Al-Kaïm yn Irak. Dêrmei hie IS de striid op it slachfjild ferlern. Mar Al-Bagdadi wie al foar de fal fan Rakka ûnderdûkt en joech de folgjende beide jierren út syn skûlplak wei lieding oan IS-terroristen, dy't oanhâldend oanslaggen begiene yn sawol it Midden-Easten as yn Jeropa en Noard- en West-Afrika. Ferskate kearen brochten de media it nijs dat Al-Bagdadi deade wie, mar hiderkear bliek dat op falske berjochten of op in misferstân te berêsten.

Fan 2011 ôf stie der in preemje fan $10 miljoen op 'e holle fan Al-Bagdadi, útlove troch it Amerikaanske Mininstearje fan Bûtenlânske Saken foar in tip dy't ta syn oanhâlding (libben of dea) liede soe. Yn 2017 waard dat bedrach ferhege ta $25 miljoen. Op 27 oktober 2019 fierden Amerikaanske kommando's fan it 75e Ranger Rezjimint de saneamde oanfal op Barisja út, in geheime operaasje by Barisja, yn 'e Syryske provinsje Idlib, deunby de grins mei Turkije, dy't ta de oanhâlding fan Al-Bagdadi liede moast. Dêrfoar waarden se assistearre troch de Syryske Koerden en krigen se tastimming fan Ruslân en Turkije om troch loftrom te fleanen dat troch dy beide lannen behearske waard.

By de oanfal flechte Al-Bagdadi, dy't yndie op dat plak oanwêzich bliek te wêzen, mei twa bern fan wa't er nei alle gedachten de heit wie, de tunnels ûnder syn wente yn, dêr't yn it nau dreaun waard. Dêrop brocht er himsels en de bern om troch in bomfest ta ûntploffing te bringen. Oan syn stoflik omskot waard letter in seemansgrêf jûn om foar te kommen dat syn grêf in beafeartsoard wurde soe foar syn oanhingers. Op 31 oktober 2019 befêstige IS dat Al-Bagdadi dea wie en makke tagelyk bekend dat syn opfolger Abû Ibrahim al-Hasjimi al-Koeraisji wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.