Boereprotesten yn Nederlân (2019-no)

De boereprotesten wiene aksjes fan Nederlânske boeren dy't fan 1 oktober 2019 ôf plakfûn. De boeren fregen omtinken foar harren rôl yn de maatskippij. De aksje waard organisearre troch Agractie en Farmers Defence Force. LTO Nederlân en syn regionale ôfdielings stipen de aksje.

Trekker mei protestboerd yn De Haach

In foarstel fan D66-parlemintslid Tjeerd de Groot om it feebeslach mei de helte te ferminderjen, nei oanlieding fan de stikstofkrisis en it dêropfolgjende advys fan de kommisje-Remkes, wie de streekrjochte oanlieding fan de protesten. Ek joech de foarman fan LTO-Nederlân, Marc Calon, oan, dat mei it besetten fan in bargepleats yn Boxtel 'de lont fan it grutte ferset yn it krûdfet stutsen waard'.

It protest waard benammen rjochte op:

  • De te faak feroarjende regeljouwing op it mêd fan bistewolwêzen, easken fan de kwaliteit fan produkten en stikstofreduksje.
  • It negative byld dat der oer it boerebedriuw ferspraat wurdt troch politisy, media en milieu-aktivisten.
  • De berekkenings fan de RIVM, dy't úthâldt dat de feehâlderij ferantwurdlik is foar 46% fan it útstjitten fan stikstof. Farmers Defence Force hie dêroer sterke twivels , en ek oer harren metoaden fan mjitten[1]. Hja fine dat de oerheid de boeren as grutte fersmoargers sjocht en oare grutte fersmoargers frij gean lit. De RIVM en de oerheid seine lykwols dat dy metoaden goed binne, mar woene fierders gjin útlis jaan hoe't hja de mjittings dogge[2].
  • Fragen oer de útfinings fan de kommisje-Remkes. Boeren miene dat de sektor ammoniak al mei 65 persint ferlege hat[3].
 
Trekkers lûke De Haach yn

Tûsenen boeren lutsen yn de moarns betiid mei trekkers nei De Haach. Dat soarge foar de grutste drokte op de Nederlânske wegen mei 1136 km file yn totaal[4]. Benammen it ferkear om De Haach hinne lei plat. Op it Malieveld fûn in demonstraasje plak. De doetiidske boargemaster Pauline Krikke joech tastemming foar 75 trekkers op it Malieveld. De oare trekkers koene by it stadion fan ADO De Haach en it strân by Skeveningen steane. Dêrwei koene boeren mei pindelbussen nei it Malieveld brocht wurde.

De kommunikaasje tusken de organisaasje en it gemeentebestjoer rûn lykwols min, neffens Agractie. De boeren rieden troch nei it Malieveld, dat foar it ferkear yn it sintrum fan De Haach yn trewyn lei. Guon trekkers rieden it Malieveld op en brutsen troch ôfsettings, wêrby't stekken en de berm fernield waarden[5][6]. Neitiids hawwe boeren oanbean mei te helpen de skea op te helpen[7]. Minister Carola Schouten fan Lânbou spruts de boeren op it Malieveld ta, en sei ta dat de helte ferminderjen fan it feebeslach ûnder har ministerskip net barre soe[8]. De wyks dêrfoar advisearre de kommisje-Remkes it kabinet lykwols om it feebeslach in ein te ferminderjen fanwegen de stikstofkrisis dy't ûntstie nei in útspraak fan de Rie fan Steat[9].

Yn Fryslân hawwe dy deis ek aksjes plakfûn. Boeren dy't net nei De Haach gean koene, sammelen harren ûnder oaren by Easterwâlde op de Venekoterwei. Hja kamen dêr mei 150 minsken, mar se giene de N381 net op, en dat late dus net ta gefaarlike situaasjes. Hja hiene spandoeken mei en lieten sjen dat se de boeren, dy't nei De Haach gien binne, stypje[10].

Rest fan Nederlân

bewurkje seksje

Ek op oare plakken yn Nederlân wiene der aksjes. Yn Grins parkearren boeren harren trekkers by it treinstasjon[11]. Op de A28 tusken Hoogeveen en Swol fûn in stadichoanaksje plak. Dêrby blokkerarren boeren de dyk, troch't se yn in pear oere tiid stadichoan fan Hoogeveen rjochting Swol rieden en doe wer tebek[12]. Yn it Media Park yn Hilfertsom protestearren in stikmannich boeren by it gebou fan de NOS, om't politisy, media en miljeu-aktivisten de boeren in te negatyf byld jouwe[13].

Sa'n 200 trekkers út de provinsje Fryslân lutsen nei it sintrum fan Ljouwert nei it provinsjehûs. Hja easken dat de provinsje de earder naam maatregels oer de stikstofreduksje wer weromdraait. Justjes letter liet deputearre Johannes Kramer in seal fol boeren witte dat de provinsje de maatregel wer ynlûkt en dat de provinsje tegearre mei de boeren nei in oplossing sykje sil. Hy ûnderstreke nettsjinsteande dat der wol in stikstofprobleem is[14].

Ek foar it provinsjehûs fan Noard-Brabân yn De Bosk kamen sa'n 250 minsken om by de diskusje oer stikstofreduksje oanwêzich te wêzen. Boere-organisaasje ZLTO ropte boeren op net mei trekkers te kommen, dochs kamen der lykwols 30 trekkers by it provinsjehûs[15].

Ek yn oare provinsjes fûnen der ferskate aksjes plak by provinsjehûzen, lykas dy fan Drinte, Oerisel, Gelderlân, Grinslân en Noard-Hollân. De provinsjebestjoeren fan Drinte, Oerisel en Gelderlân lutsen harren beslút yn neifolging fan Fryslân ek yn. Yn Grins waard de doar fan it provinsjehûs mei in trekker ynriden, nei't it provinsjebestjoer besletten hat de maatregel net yn te lûken en de foet stiif te hâlden[16]. Ek rekke der ien ferwûne tusken in lytse rebûlje tusken boeren en de plysje, doe't boeren it provinsjehûs yn gean woene. LTO Noard hat dy aksje al feroardiele[17].

Ek yn Noard-Hollân en Seelân lutsen boeren nei de provinsjehûzen yn Haarlim en Middelburch, mar dy provinsjes lutsen harren stikstofmaatregel ek net yn. Wol fregen de Provinsjale Steaten oan it regear yn De Haach foar dúdlikens fan it lanlike belied.

Yn Limboarch protestearje boeren by it provinsjehûs yn Maastricht. Yn Seelân binne de boeren yn petear mei de provinsje ynstee fan te protestearjen. At de provinsje net harkje wol nei harren, soe der likegoed noch protestearre wurde[18].

 
It leger waard ynset yn De Haach

Op 16 oktober waarden der nije protesten organisearre troch Farmers Defence Force. De aksje begûn by it gebou fan de RIVM yn Bilthoven. Letter gie men nei De Haach, dêr't it leger ynsetten waard om tefoaren te kommen dat boeren op it Binnenhôf komme soene. De boeren mochten ynearsten op de Koekamp demonstrearje, mar al gau stiene boeren ek by it Sintraal Stasjon, dat flakby de Koekamp stiet, en blokkearren se in trambaan. De plysje stjoerde se fuort en doe lutsen der in soad boeren nei it Malieveld ta. Der wie ûndúdlikens wêr't boeren parkeare koene. De sfear op it Malieveld wie smûk. It ferkear om De Haach hinne rûn al fêst[19]. Ek rieden boeren it sintrum fan De Haach yn, dêr't it ferkear folslein fêstrekke. Guon plakken, wêrûnder it Binnenhôf, waarden folslein ôfsletten troch it leger. Dêrtroch koene boeren de stêd ek slim wer út. Guon boeren hawwe besletten en oernachtsje op it Malieveld. Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force fûn dat it kabinet op in boargerkriich út wie, mei harren ynsetten fan it leger, en se neamde dat kabinetsleden te lef wiene en praat mei de boeren[20].

Likernôch 300 boeren binne yn de nacht fan 16 op 17 oktober sliepen bleaun op it Malieveld yn De Haach. Moarns betiid fersoargen de boeren oan ynwenners fan De Haach in boerebrochje as in ferûntskuldiging fan de oerlêst. Dêrnei makken de boeren noch in omgong troch De Haach by in stik as wat belutsen ynstânsjes del en binne om it middeisoere hinne wer werom nei hûs gien[21].

Op 25 oktober kamen boeren út Noard-Brabân yn aksje by it provinsjehûs tsjin it provinsjale stikstofbelied. De provinsje besleat dochs en fier de maatregels yn. Hja kamen mei Fryske flaggen oan en setten sels in Fryske flagge op it provinsjehûs om't Fryslân syn maatregel al weromdraaid hie. Hja ferbaarnden de Brabânske flagge en seine dat se net mear grutsk op harren provinsje wiene[22][23].

Tagelyk waard der aksje fierd tsjin it belied fan de suvelsektor, dy't ûnder oaren út FrieslandCampina, NZO en ZuivelNL, foarnaam wie. It bestjoer fan Farmers Defence Force fersprate de tillefoannûmers fan direksjelju fan de suvelûndernimmingen. Ek blokkearren se it haadkantoar fan FrieslandCampina yn Amersfoart. De suvelbedriuwen joechen ta, en seine dat der te min draachflak foar wie[24].

Op moandei 11 novimber wiene der aksjes fan boeren by it provinsjehûs fan Noard-Hollân yn Haarlim. Der wiene sa'n 200 boeren op 'en paad nei Haarlim. Hja soargen foar in file moarns by Uitgeest en yn de Wijkertunnel. Hja beane ek in petysje oan de provinsje: it plattelân fan Noard-Hollân woe him fan Amsterdam en Haarlim ôfskiede en him by de provinsje Fryslân foegje, om't dêr al nei de boeren harke wurdt. Hja hiene 5400 ûndertekenen[25]. Guon boeren rieden de Ofslútdyk op en kamen harren Fryske kollega's op healwei temjitte dy't harren de Fryske flagge oerlangen[26].

 
Boereprotest op de Dam, 13 desimber

Boeren fersoargen in boer-boargeraksje op de Dam yn Amsterdam, dêr't hja ûnder kreamen farsk iten besoargen oan it públyk. Dy aksje waard organisearre troch Agractie. Deselde deis lykwols organisearre Farmers Defence Force in blokkade fan it Fleanfjild Eindhoven mei trekkers[27].

Farmers Defence Force hie oankundige dat op 18 desimber wer aksjes plakfine soene. Dêrby moasten distribúsjesintrums fan supermerken platlein wurde. Yn Fryslân soe it gean om de distribúsjesintrums fan de Aldi yn Drachten, de Lidl yn It Hearrenfean en de Poiesz yn Snits. It Sintraal Buro foar Libbensmiddelshannel (Nederlânsk: Centraal Bureau voor Levensmiddelenhandel, ôfkoarte ta CBL) spande dêr in koart pleit oan. De rjochtbank Midden-Nederlân yn Lelystêd joech harren gelyk en ferbea de boeren de distribúsjesintrums te blokkearjen. Der stie 100.000 euro boete de oertreding foar oer[28].

Ek jûns op 17 desimber fûnen der ûnderhannelings plak yn De Haach tusken it Lânbou Kollektyf en it regear. Der ûntstie betizing doe't minister Carola Schouten fan Lânbou by de behanneling fan de haastwet stikstof yn de Earste Keamer neamde, dat der in akkoard berikt waard. Dêrnei públisearre it ledeblêd fan LTO Nederlân, Nieuwe Oogst lytse ûnderdielen fan dat plan. Neitiids waard dat troch ferskate partijen, lykas Farmers Defence Force fan it Lânbou Kollektyf tsjin sprutsen. Der wie noch gjin akkoard berikt, dochs wol ôfspraken makke[29].

De folgjende dei fûnen der noch hieltyd aksjes plak troch hiel Nederlân hinne. Om't de aksjes fan de FDF ferbean waarden, lûkte dy him werom, dêrtroch de aksjes, dy't troch pleatslike aksjegroepen organisearre waarden, yn trewyn leine. Njonken ferskate stadichoanaksjes, lutsen ferskate trekkers nei it Media Park yn Hilfertsom, wylst autofabryk VDL Nedcar yn Born en gemybedriuw Sabic yn Bergen op Soom ek doelwyt wiene. Ek sammelen der trekkers by it distribúsjesintrum fan Albert Heijn yn Tilburch, mar waard in oere letter wer ôfsein.
Der waard foar warskôge dat de plysje ditkear hurder optrede soe. Op gongwegen dielde plysjes boeten út, om't it eins ferbean is mei trekkers op gongwegen te riden. Nettsjinsteande rieden der massaal trekkers op de gongwegen en neamde de ANWB dat der moarns om 9 oere 400 km file stie. Ek in grutte groep Dútske boeren kamen nei Nederlân ta om mei te helpen[30].

Ek yn Fryslân waard der aksje fierd. Moarns betiid lutsen trekkers nei Ljouwert ta. Benammen oerheidsynstellings wiene it doel. De Tesselschadestraat rûn alhiel fol en ferkear stie hielendal stil. It gebou fan Wetterskip Fryslân wie ek in doel, om't boeren lilk wiene op it Wetterskip mei de oankommende ferheging fan de wetterskipskosten. Ek it Saailân rekke fol, dêr't boeren de Fryske flagge op it Paleis fan Justysje omheechlutsen. It ferkear yn en om de stêd waard platlein. Middeis betiid lutsen boeren ek nei it gebou fan de NDC Mediagroep, dêr't de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd festige binne. De boeren beskuldigen benammen de Ljouwerter Krante derfan net objektyf genôch te wêzen, itjinge haadredakteur Sander Warmerdam tsjinspruts.

Ek bûten Ljouwert op de A32 en de op A7 waard ferkear tsjinholden en ûntstiene der lange files, benammen by de knooppunten De Jouwer en It Hearrenfean en by Drachten.

Ek lutsen trekkers nei it regiokantoar fan LTO Noard yn Drachten. Trienke Elshoff fan LTO Noard wie ferbjustere wêrom't se dêr hinne giene, mar neffens de boeren hat LTO Nederlân, wêrûnder LTO Noard, net genôch dien foar de boeren.

Letter yn de middei waard it foarstel dien om mei trekkers fan Ljouwert rjochting de Ofslútdyk te gean en dêr op de Kop de dyk te blokkearjen, mar dat waard ôfsein[31].

18 febrewaris 2020

bewurkje seksje

Op 19 febrewaris 2020 rieden der hûnderten boeren fanijs me trekkers nei De Haach. Ditkear waard der oproppen en ryd net mei de trekkers oer de autodyk. Der waarden ferskate boeten útdield oan boeren dy't harren dêr net oan holden.[32] De stipe foar de aksjefierende boeren naam lykwols ûnder de boargers mei 30% ôf.[33]

Protesten tsjin it feefoerfoarstel

bewurkje seksje

Op 6 maaie 2020 makke minister Schouten buorkundich in maksimum aaiwytgehalte yn it feefoer foar molkfee te stellen dat yngean moatte soe op 1 septimber fan dat jier. Doel dêrfan wie om de stikstofútstjit te ferminderjen om sa gau mooglik stikstofwinst te krijen om troch de romte dy't dêrtroch ûntstean soe wenningbou en oare ynfrastrukturele projekten mooglik te meitsjen.[34]

Boeren reagearren dêr lulk oer, om't dat de sûnens fan it fee yn gefaar bringe soe. Dat late ta oankundigings troch Farmers Defence Force fan nije demonstraasjes. Op 3 july lutsen trekkers fannijs massaal nei it Binnenhôf en parkearren trekkers foar de yngong. Ek yn Grins en Assen waard demonstrearre.[35] Yn Fryslân soene boeren mei trekkers nei Ljouwert ta.[36] De provinsje Fryslân stelde op 7 july in trekkerferbod oant 13 july yn omreden de ferkearsfeiligens nei't Grinslân en Drinte dat dien hiene[37]. Nettsjinsteande dat waard der al protetstearre. Trekkers tôgen nei de fleanfjilden yn Lelystêd en Eelde. Op 8 july waard der by de ôffalferwurker yn Wijster yn Drinte demonstrearre dêr't 57 boeren by oppakt waarden.[38]

Op 10 july blokkearren tsientallen trekkers in distribúsjesintyrum fan Albert Heijn yn Swol. Albert Heijn koe dêrtroch tydlik 230 winkels net befoarriedzje. Fierder waarden it haadkantoar fan Jumbo yn Veghel en Eindhoven Airport mei trekkers blokkearre.

Op 13 july waarden de trekkerferbodden yn de noardlike provinsjes opheft en moast der tenei foar de tiid oankundige wurde dat der mei trekkers demonstrearre wurde soe. As dat net dien wurdt, soene de ferbodden fannijs fan krêft gean.

Ek diene minister Carola Schouten fan Lânbou, minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken en keamerlid Tjeerd de Groot, dy't it ferminderjen fan it feebeslach mei de helte foarsteld hie, oanjefte omreden deadsbedriging troch boeren. Minister Schouten sei in wurkbesite mei Siuwske boeren ôf om't oare boeren de autodyk blokkearre hiene. Op 11 july waard FDF-foaroanman Thijs Wieggers arrestearre by in boereblokkade fan it Sintraal Buro Libbensmiddelehannel yn Leidschendam nei't er net yngie op in stopteken fan in plysje-agint en neffens de agint hy op him ynride soe, dêr't de agint syn fjoerwapen by lûke moast. Wiegers keas dêrfoar de saak foar de rjochter komme te litten en krige doe frijspraak.[39]

17 novimber 2020

bewurkje seksje

Op 17 novimber wiene der wer aksjes yn De Haach dêr't it Malieveld skansearre efterlitten waard, in COVID-opfangplak foar dak- en thúsleazen blokkearre waard en in fytser troch in trekker oanriden waard.[40] Twa boeren waarden oanholden.[41]

Desimber 2020

bewurkje seksje

Healwei desimber waarden der protestaksjes holden om't supermerken neffens de boeren te min foar harren produkten betelje en út protest tsjin de stikstofwetjouwing.Op 11 en 12 desimber blokkearren boeren de yngong fan in Jumbo-befoarriedsintrum yn Raalte en by it distribúsjesintrum fan Lidl op It Hearrenfean.[42] Op 12 desimber waard it distribúsjesintrum fan Albert Heijn yn Swol blokkearre.

Op 14 desimber blokkearren tsientallen trekkers seis oere lang it distribúsjesintrum fan Jumbo yn Breda en in tsiental boeren blokkearren ek it hûs fan Jumbo-direkteur Frits van Eerd. Van Eerd hat doe in petear hân mei de aksjefierende boeren.[43]

Demonstraasjes oer rapporten stikstofkrisis 2021

bewurkje seksje

Rapporten fan de stikstofkrisis ferskynden dêr't yn oantrûnd wurdt om boerebedriuwen út it Griene Hert wei te heljen. It Planburo foar de Libbensomjouwing (PLB) die dêr noch in skepke boppe op. Dy wie fan miening dat der mar in soad boeren ferdwine moasten yn Noard-Brabân, Gelderlân en Oerisel.[44] Dat late ta dat der op 7 july 2021 fannijs protestearre waard. Agractie kaam mei trekkers nei it Malieveld yn De Haach. Leden fan FDF protestearren yn de omkriten fan Swol, Assen, Arnhim en De Bosk. Op it Malieveld ferrûn it folle rêstiger as earder. Sels Tjeerd de Groot kaam dêr te sprekken en hie gjin befeiliging nedich. Omreden de oanslach op sjoernalist Peter R. de Vries die Agractie-ôfdieling Flevolân net mei. Oare ôfdielings joegen it al in bytsje omtinken.[45]

Demonstraasjes stikstofplannen fan minister Van der Wal

bewurkje seksje

Op 10 juny 2022 makke minister Christianne van der Wal (VVD) fan Natoer en Miljeu de nije stikstofplannen buorkundich, dy't ynholden dat it útstjitten fan stikstofyn 131 gebieten tichteby kwestbere natoer mei 70% fermindere wurde moast. Dat betsjut dat der boeren ophâlde moatte mei harren bedriuw. De minister skode de útfiering fan it plan nei de provinsjes ta dy't in jier de tiid krigen om de plannen útfiere te moatten. Agractie en FDF fersmieten de plannen en kundigen nije aksjes oan foar 22 juny. Ek de provinsjes wiene net wiis mei it plan. Der ûntstie by in soad boeren in soad ûngewissens. Op 22 juny waard yn it Gelderske Stroe in grutte protestaksje holden dêr't wol likernôch 40.000 minsken op ôf kamen. Ek op oare plakken waard aksjefierd en autodiken waarden blokkearre troch trekkers.[46] Yneaesten soe der aksjes plakfine yn De Haach, mar waard nei Stroe ferpleatst om in postivere demonstraasje te fieren. De Nasjonale Koördinator Terrorismebestriding joech de keamerleden Thom van Campen (VVD), Tjeerd de Groot (D66) en Derk Boswijk (CDA) de oanrekommandaasje net te gean om't dy harren feiligens net garandearje koe. Van Campen en De Groot lieten it doe ôfwitte, wylst Boswijk al gie. Nettsjinsteande de oprop fan LTO en gean net mei de trekkers, barde dat lykwols al en ûntstiene grutte files en waard in trekker troch in frachtwein op de A12 oanriden.

Ek protestearren in tal boeren fan aksjegroep Voll Gass by de wente fan minister Van der Wal, dy't mei de boeren in heal oere yn petear gie. Deselde dei blokkearren oare boeren in buorkerij yn Snelrewaard dêr't minister Henk Staghouwer fan Lânbou mei guon amtners op besite wie. De minister sels wie krekt fuort, mar guon amtners waarden troch de boeren tsjin holden. By de A28 by Hoogeveen sammelden boeren dêre tsjin de plannen.

Op 27 juny blokkearren boeren mei trekkers en heapakken guon autodiken. Heapakken waarden yn 'e brân stutsen. Ek by de provinsjehûzen yn Noard-Brabân, Grinslân en Drinte waard aksjefierd.[47]

Op 28 juny wiene der fannijs protesten. Der wiene guon boeren mei twa kij nei it Binnenhôf ta tôge. De jûns wiene der ek wer protesten by de wenten fan minister Van der Wal en keamerlid Derk Boswijk[48].

De plannen fan it kabinet soe yn Fryslân gefolgen hawwe foar boeren yn de omkriten fan ûnder oaren by de marren, De Alde Feanen, de Fochtelerfean en it Drintsk-Frysk Wâld. Deputearre Klaas Fokkinga liet witte yn elts gefal gjin boeren ûnteigenje te litten.[49] Op 15 juny fûn der yn Ljouwert oerenlang in demonstraasje plak foar it Provinsjehûs. Deputearre Fokkinga stie harren te wurd en sei dat de provinsje de plannen fan De Haach net útfiere wol. Dat gie de boeren net fier genôch en easken foar in brief fan de provinsje dêr't yn stiet dat de provinsje net meiwurkje sil oan de stikstofplannen. Sa fier woe it kolleezje net gean.[50]

Op 26 juny wie der in groep demonstranten nei Wâldsein, it wenplak fan Tjeerd de Groot, gien mei in spandoek.[51]

Op 27 juny hawwe aksjefierende boeren de A7 by Fryske Peallen mei trekkers ôfsletten. Dêr ûntstie in kilometers lange file.[52]

Op 28 juny waard der fannijs foar de stoepe foar it Provinsjehûs demonstrearre. Deputearren Klaas Fokkinga en Douwe Hoogland stiene harren te wurd. De boeren woene dat se de ferklearring ûndertekenen dy't sei dat de provinsje de stikstofplannen fan it kabinet net ûtfiere sil. De deputearren woene dat net ûndertekenje en seine de boeren ta dat de provinsje syn eigen plan hie. De boeren wiene teloarsteld dat se letter in stikmannich beammen foar de yngong foar it Provinsjehûs skoden. Dêrnei giene de boeren fuort. It hie net folle langer duorje moatten, want oars hie de plyske oerwage de Mobile Ienheid yn te setten.[53]

Nijsgjirrich

bewurkje seksje
  • De lêste grutte boere-opstân foar dizze protesten yn Nederlân wie it ikkerbouprotest yn 1990. Dat protest wie benammen doeld op de sakjende nôtprizen.
  • As reaksje op it ûntsteane stikstofprobleem en oanskerpe PFAS-noarm, hold ek de bousektor in bouprotest. Fanwegen it stikstofprobleem lizze ek in soad bouprojekten stil.
  • Der fûnen op 22 oktober massale boereprotesten yn Dútslân plak, dêr't 2000 trekkers en 6000 boeren nei it Ministearje fan Lânbou yn Bonn kaam wiene. Ek nei Berlyn wiene in soad trekkers hinne, dêr't se de Brandenburger Tor blokkearren. Ek yn oare stêden fûnen demonstraasjes plak[54].
  • By in stakingsaksje fan leararen fan de basisskoallen op woansdei 6 novimber, hiene se by it Binnenhôf lytse boartersguodtrekkers delsetten, as in ferwizing nei de boereprotesten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://amp.nos.nl/artikel/2306007-weer-een-week-vol-boerenprotest-een-overzicht-van-de-acties.html
  2. https://www.boerenbusiness.nl/financieel/artikel/10884558/stikstofclaim-eist-opheldering-van-rivm
  3. https://www.omropfryslan.nl/nijs/908864-lto-noord-soad-undudlikheden-yn-rapport-remkes
  4. https://www.nu.nl/binnenland/6001029/anwb-drukste-ochtendspits-ooit-1136-kilometer-file-door-boerenprotest.html
  5. https://nos.nl/artikel/2304144-trekkers-breken-door-afzetting-malieveld-burgemeester-roept-driehoek-bijeen.html
  6. https://www.gelderlander.nl/ede/edese-initiatiefnemer-boerenprotest-tevreden-afgesloten-a12-is-enige-kleinigheidje
  7. https://www.ad.nl/binnenland/boeren-willen-schade-op-malieveld-herstellen
  8. https://nos.nl/artikel/2304179-schouten-tegen-protesterende-boeren-geen-halvering-van-veestapel.html
  9. https://nos.nl/artikel/2304179-schouten-tegen-protesterende-boeren-geen-halvering-van-veestapel.html
  10. https://www.omropfryslan.nl/nijs/909376-grutte-dielname-boereprotest-easterwalde-spanning-yn-hushaldens
  11. https://www.dvhn.nl/groningen/Protesterende-boeren-parkeren-hun-trekkers-bij-Hoofdstation-in-Groningen
  12. https://www.destentor.nl/zwolle/boeren-blokkeren-a28-volledig-tussen-hoogeveen-en-zwolle
  13. https://www.gooieneemlander.nl/cnt/dmf20191001_81954772/boeren-protesteren-ook-bij-gebouw-nos?utm_source=google&utm_medium=organic
  14. https://www.omropfryslan.nl/nijs/914619-deputearre-kramer-set-streek-troch-stikstofmaatregels
  15. https://nos.nl/artikel/2305647-friesland-trekt-stikstofmaatregel-in-na-boerenprotest-in-provinciehuis.html
  16. https://www.nrc.nl/nieuws/2019/10/14/ook-provincie-drenthe-schort-stikstofregels-op-na-boerenprotest-a3976663
  17. https://www.nu.nl/binnenland/6004098/lto-noord-veroordeelt-incident-boerenprotest-groningen-zaak-voor-politie.html?redirect=1
  18. https://amp.nos.nl/artikel/2306007-weer-een-week-vol-boerenprotest-een-overzicht-van-de-acties.html
  19. https://nos.nl/artikel/2306357-boeren-rijden-trambaan-op-malieveld-staat-vol-met-trekkers.html
  20. https://nos.nl/artikel/2306398-uittocht-boeren-uit-den-haag-leidt-tot-grote-drukte-kleine-groep-blijft-slapen.html
  21. https://www.omropfryslan.nl/nijs/915864-day-after-yn-den-haag-oernachtsjende-boeren-biede-brochje-oan
  22. https://www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/brabant-zwicht-niet-voor-massaal-boerenprotest-stallen-moeten-al-in-2022-voldoen-aan-strengere-stikstof-eisen
  23. https://www.omropfryslan.nl/nijs/916115-fryske-flaggen-yn-noard-braban-want-boeren-der-binne-jaloersk-op-boeren-hjir
  24. https://www.ad.nl/binnenland/stikstofplan-ingetrokken-na-felle-acties-van-boeren~a0815b9d/
  25. https://www.haarlemsdagblad.nl/cnt/dmf20191111_55924028/zo-n-honderd-boeren-bij-provinciehuis-haarlem?utm_source=nl.wikipedia.org&utm_medium=referral&utm_content=/wiki/Boerenprotest_2019
  26. https://www.omropfryslan.nl/nijs/916698-friezen-oerlangje-fryske-flagge-oan-noard-hollanske-boeren-op-ofslutdyk
  27. https://www.boerenbusiness.nl/financieel/artikel/10885036/burger-neemt-graag-de-producten-van-boer-aan
  28. https://www.omropfryslan.nl/nijs/927303-boeren-meie-befoarrieding-supermerken-net-platlizze-fdf-yn-heger-berop
  29. https://www.boerenbusiness.nl/artikel/10885085/landbouw-collectief-geen-akkoord-wel-afspraken
  30. https://www.boerenbusiness.nl/rss/nieuwsbrieven/artikel/10885080/landelijk-boerenprotest-kent-chaotisch-verloop?utm_source=Nieuwsbrief-daily_akker-10781-155&utm_medium=email&utm_campaign=daily_akker&idhash=5146e6d19dc56d2f8b24601cc0e525d1
  31. https://www.omropfryslan.nl/nijs/927392-liveblog-boeren-fiere-aksje-yn-fryslan
  32. Boeren toch met trekker op snelweg RTL/ANP oproppen op 19 febrewaris 2020
  33. Stipe foar aksjefierende boeren nimt ôf Omrop Fryslân 18 febrewaris 2020
  34. Schouten maximeert ruw eiwitgehalte krachtvoer Boerenbusiness 6 maaie 2020
  35. Voermaatregel houdt stand, boerenprotest groeit Boerenbusiness 3 july 2020
  36. Boere-aksjes yn Fryslân oer feefoerfoarstel minister Omrop Fryslân 2 july 2020
  37. Boerenprotesten in de straat en de media Boerenbusiness 7 july 2020
  38. Boeren protesteren met trekkers bij afvalverwerker ondanks verbod NRC Handelsblad 8 july 2020
  39. Vrijspraak boer Thijs Wieggers voor bedreigen motoragent die hem onder schot hield, de Gelderlander, 7 febrewaris 2021. Oproppen op 21 augustus 2021.
  40. Boze boeren laten in den Haag opnieuw hun sporen achter, mensen voelden zich geïntimideerd AD oproppen op 20 novimber 2020
  41. Twee aanhoudingen tijdens boerenprotesten in Den Haag Omroep West 17 novimber 2020
  42. Boeren fiere aksje by distribúsjesintrum Lidl op It Hearrenfean Omrop Fryslân 11 desimber 2020
  43. Blokkades supers onmacht boeren goed te begrijpen Boerenbusiness 14 desimber 2020
  44. En volgend rapport pleit voor exodus boeren Boerenbusiness 5 july 2021
  45. Nieuw boerenprotest, landbouw in bepaalde gebieden verder in het nauw NOS 8 july 2021
  46. Terugblik op boerenprotest in Stroe Boerenbusiness 22 juny 2022
  47. [1]
  48. CDA-kamerlid Boswijk blijft thuis na protest boeren bij zijn gezin NOS 29 juny 2022
  49. Deputearre Fokkinga: we sille yn alle gefallen gjin boeren ûnteigenje Omrop Fryslân 10 juny 2022
  50. Groep boeren fiert oerenlang aksje mei trekkers foar it Provinsjehûs yn Ljouwert Omrop Fryslân 15 juny 2022
  51. Boeren protestearje by Provinsjehûs. De takomst is fuort, sa kin it net mear Omrop Fryslân 28 juny 2022
  52. Boeren lizze ferkear ek yn fryslân stil, lange file op de A7 Omrop Fryslân 27 juny 2022
  53. Boeren protestearje wer by Provinsjehûs yn Ljouwert tsjin stikstofplannen Omrop Fryslân 28 juny 2022
  54. https://www.boerderij.nl/Home/Nieuws/2019/10/Massaal-Duits-boerenprotest-verliep-gemoedelijk-488776E/