Knife Children
Knife Children is in fantasy-novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. De titel betsjut: "Messebern", en ferwiist nei de titel fan 'e romansearje The Sharing Knife ("It Dielmês"), dêr't it in ferfolch op is. It boek fertelt it ferhaal fan 'e Marrinner Barr Foxbrush, dy't ûntdekt dat syn healbloeddochter, mei wa't er noch nea kontakt hân hat, syn boppenatuerlike krêften urven hat. De novelle waard yn 2019 publisearre as e-boek en yn 2020 yn in beheinde hardcoveredysje by de útjouwerij Subterranean Press, yn Burton (Michigan).
Knife Children | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2019 (e-boek) 2020, Burton | |
oarspr. útjwr. | Subterranean Press | |
rige | ||
rige | The Sharing Knife | |
● foarich diel | The Sharing Knife: Horizon | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 59 60 69 541 |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe haadpersoan fan Knife Children, Barr Foxbrush, is in jongeman dy't ta de Marrinners heart, in mei boppenatuerlike krêften bejeftige semy-nomadyske etnyske groep dy't tawijd is oan it patrûljearjen fan 'e wrâld op 'e siik nei saneamde kweawillichheden, in soarte fan demoanen. Kweawillichheden binne fan natuere ûnstjerlik, mar se kinne dochs deade wurde as se stutsen wurde mei in saneamd 'dielmês', dat 'laden' is mei it ferstjerren (eins de selsmoard) fan in Marrinner (yn 'e regel immen dy't deadlik ferwûne of terminaal siik wie). It dielmês 'dielt' dan it ferstjerren mei de kweawillichheid, mei as gefolch dat dy daliks dea rekket. Alle minsken dy't gjin Marrinners binne, wurde (lykfolwat harren eigentlike berop ek wêze mei) oantsjut as 'boeren'.
Knife Children iepenet as Barr nei twa jier yn it noardlike efterlân Luthlia patrûljearre te hawwen, weromkeard nei hûs yn Oleana. Troch in misse set dy't er as jonge fan achttjin jier begie, hat er in dochter oanset by in boerefanke yn it doarp Hackberry Corner. Foar him wie it net mear as in nacht fan wille, en hy wie him alhiel ûnbewust fan 'e gefolgen oant er trije jier letter wer ris troch it doarp kaam en dêr itselde fanke, Bluebell, mei in dochterke fan krapoan trije jier tsjinkaam. Hoewol't er mei syn boppenatuerlike jeften yn ien eachopslach gewaarwaard dat it bern sines wie, makke Bluebell him op net mis te fersteane wize dúdlik dat se him net ferjûn hie foar it feit dat er har sitte litten hie, en ek dat se neat mear mei him te krijen hawwe woe. Se wie no troud mei in man dy't miende dat it bern, Lily, syn eigen dochter wie, en Barr koe om har wol deafalle.
Sûnt keart Barr Foxbrush om 'e pear moannen werom nei it boerespultsje fan Fid en Bell Mason yn Hackberry Corner, dêr't er út in strategysk sitewearre bosk wei temûk it opgroeien fan syn dochter yn 'e rekken hâldt. Syn lêste die foar't er nei Luthlia ta ôfsette, wie om dêr oan te gean, en no't er op 'e weromweis is, giet er ek as earste dêr eefkes del. Mar yn twa jier kin der in protte feroarje, en as Barr by de pleats fan 'e Masons arrivearret, is dy oan 'e grûn ta ôfbaarnd, wat sa te sjen in pear moanne lyn bard wêze moat. As er by de pleatslike smid oanstekt en nonsjalant nei de Masons ynformearret, wurdt him ferteld dat der brân west hat dy't feroarsake waard trochdat de bern in brânende oaljelampe yn it hea omskopten. Lily sei dat it har broer Edjer wie dy't it dien hie, mar Edjer hold fol dat it Lily wie. It hiele gesin wist op 'e tiid út 'e hûs te kommen, hoewol't Fiddler Mason slimme brânwûnen oan syn hannen oprûn. Mar Edjer kaam letter te ferstjerren oan 'e gefolgen fan reekynhalaasje.
Mei't de smid Barr ferteld hat dat de Masons foarearst by de Tamaracks ynlutsen binne, riidt Barr nei de pleats fan Jay Tamarack en dy syn frou, Bell har suster Iris. Dêr wurdt him troch Jay frege om mei te sykjen nei de fjirtjinjierrige Lily, dy't útnaaid is. It docht bliken dat it fanke en har mem slim spul krigen hawwe oer de brân, mei't har mem de ferzje fan 'e ferstoarne Edjer leaut, wylst Lily by heech en by leech úthâldt dat sysels gjin skuld hie oan it útbrekken fan 'e brân. As Jay Barr deryn nûget, kenne Bell en Iris him daliks wer, mar Fid en Jay hawwe dúdlik gjin idee wa't er is. Barr bewarret Bell har geheim en docht him foar as in Marrinner dy't tafallich krekt foarby kaam. Wylst de Masons en de Tamaracks de omkriten fan Hackberry Corner nei Lily ôfsykje, set Barr, nei in petear mei Lilly har kammeraatske Meggie Smith, ôf yn 'e rjochting fan 'e stêd Glassforge.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Inkele dagen letter hellet er Lily net fier bûten Glassforge yn. Mei in brief dat Fid Mason him meijûn hat, oertsjûget er har fan syn goede bedoelings. It plan wie om har wer thús te bringen sûnder dat immen der aan fan kriget dat Barr de biologyske heit fan it fanke wie, mar dat kin skrast wurde as bliken docht dat Lily nei him útskaait en oer de boppenatuerlike talinten fan 'e Marrinners beskikt. Dy binne it lêste healjier stadichoan yn har ta ûntwikkeling kommen, en Lily, dy't der gjin idee fan hie wat der mei har barde, siet al dy tiid yn noed dat se gek oan it wurden wie. Barr kin har wat dat oangiet gerêststelle. Hy beslút har mei te nimmen nei Clearcreek, dêr't freonen fan him wenje: de Marrinner Dag en dy syn boerefrou Fawn. Hy ornearret dat dy wol witte sille wat er no mei Lily oan moat.
Ek dat plan komt neat fan op 'e hispel as Barr en Lily ûnderweis op in kweawillichheid stjitte, wylst Barr op dat stuit gjin dielmês by him hat. De regel is om yn sokke gefallen as in hazze út te naaien nei it tichstby leine Marrinnerskamp, en dêr alaarm te slaan. It tichtstby leine kamp is op dit stuit Pearl Riffle, Barr syn thúskamp. Dat is it lêste plak dêr't er Lily hinne bringe wol, mei't dan it geheim fan syn âlderskip sûnder mis útkomme sil. Der is lykwols gjin ferwin op, dat Barr set mei Lily yn 't sok nei Pearl Riffle ta, dêr't se let dy jûns nei in ûnmeilydsume rit arrivearje. Ier de oare moarns set dêrwei de reservepatrûlje, dêr't elts Marrinnerskamp oer beskikt, ôf om mei de kweawillichheid ôf te weven.
Underwilens hat Lily ûntdutsen dat Barr har biologyske heit is, trochdat Yina Mink, ien fan 'e genêzers fan it kamp, dat sûnder euvelmoed oan har útbrocht hat. Barr nimt Lily mei om yn 'e kunde te kommen mei syn mem Kiska, syn suster Shirri en syn beppe Nura. Hja wurdt rûnlaat troch it kamp troch har nicht Raki, de dochter fan Shirri, en troch har leafde foar hynders rekket se al rillegau befreone mei de fammen dy't foar de patrûljehynders soargje. Barr en Lily skriuwe tegearre in brief oan har âlden, sadat dy net mear om har yn noed hoege te sitten, mar om Bell har geheim te bewarjen kinne se net safolle sizze. Yn 'e folgjende dagen fynt Lily ta opluchting fan Barr hast sûnder help fan him har plak yn it kamp. Teffens begjint se te learen hoe't se mei har jeften omgean moat. As Barr syn heit Oris weromkomt fan patrûlje, in foarfal dêr't Barr flink tsjin opsjoen hat, nimt dy Lily sûnder problemen as pakesizzer oan.
Nei in goed wike komme lykwols Fiddler Mason en Lily har jongere healbroer Reeve yn Pearl Riffle oan, mei de bedoeling om Lily op te heljen en mei nei hûs te nimmen. Dan moat it hege wurd derút. It docht lykwols bliken dat Fid al lang wist dat er net Lily har biologyske heit wie, om't er, sa seit er sels, "wol oan njoggen ta telle kin." Dat Lily har heit in Marrinner is, komt foar him lykwols as in ferrassing. As útlein wurdt dat Lily middenmank Marrinners wenje moat om te learen hoe't se mei har jeften omgean moat, sjocht Fid dêr de needsaak wol fan yn. Net dat Lily trouwens oars mei him nei hûs wollen hie, want it spul mei har mem sit har noch altyd heech. Nei't Fid syn ferbrânde hannen behannele binne troch Verel Owlet, de haadgenêzer fan Pearl Riffle, ride hy en Reeve sûnder fierder wat bedijd te hawwen wer nei hûs.
- Epilooch
Twa jier letter is Lily ree om foar it earst mei op patrûlje. As lêste tarieding dêrfoar kriget se in mei har ferbûn dielmês, dat se, as se sa slim ferwûne rekket dat it fataal is, 'lade' kin mei har eigen ferstjerren. Patrûljelieder Barr, dy't ûnderwilens troud is mei Yina Mink, giet de grize oer de grouwe as er dêroan tinkt, en dat jout him ûnferwachts ynsjoch yn 'e ûnderfinings fan syn eigen âlden doe't hy it mei him ferbûne dielmês krige. Hy hat der lykwols alle fertrouwen yn dat it no fierders wol goed komme sil mei Lily, dy't by de Marrinners it libben fûn hat dêr't se foar bedoeld wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Sharing Knife | |
---|---|
The Sharing Knife: Beguilement • The Sharing Knife: Legacy • The Sharing Knife: Passage • The Sharing Knife: Horizon • Knife Children |