Ilse Starkenburg
Ilse Starkenburg (Dieren, 26 april 1963 - Amsterdam, 11 novimber 2019) wie in Nederlânsk skriuwster. Se groeide op yn Holwert, studearre filosofy yn Grins, en debutearre as dichteres yn 1987.
Starkenburg krige yn 1996 it Charlotte Kohler stipendium fan in sjuery besteande út Neeltje Maria Min, Rob Schouten en Ed Leeflang. Wurk fan har waard oerset yn it Dútsk en Spaansk. Yn 2000 waard se foar in Dútske oersetting nominearre foar de Nord Rhein Westfalen Literaturpreis (in priis foar Dútske, Nederlânske en Flaamske dichters fan ûnder de fjirtich jier).
Starkenburg hearde ek by de Poule des Doods, in groep dichters yn Amsterdam dy't mei in gedicht de lêste eare bewize oan minsken dy't iensum en allinne stoarn binne[1].
Ilse Starkenburg ferstoar hommels thús yn Amsterdam yn de âldens fan 56 jier.
Bibliografy
bewurkje seksje- Verdwaald ontwaken (1990, gedichten)
- Afspraak met een eiland (1995, gedichten)
- De blinde vlek op de kaart (1998, ferhalen)
- In plaats van alleen (2003, gedichten)
- Gekraakt klooster (2007, gedichten)
- Thuisreis (1999, bibliofile útjefte)
- Louis Lehmann als Homo Universalis (essay oer dichter en skipsarcheolooch Louis Lehmann, 2007)
- De boom valt op mij (2017, gedichten)
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelingen om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|