Once Upon a Time in Hollywood

Once Upon a Time in Hollywood is in Amerikaansk-Britsk-Sineeske histoaryske swarte komeedzjedramafilm út 2019 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino. De haadrollen waarden fertolke troch Brad Pitt en Leonardo DiCaprio, mei Margot Robbie yn 'e wichtichste byrol as Sharon Tate. De titel betsjut "Der Wie ris yn Hollywood". It ferhaal spilet yn it Hollywood fan 1969, oan 'e ein fan it tiidrek dat wol omskreaun wurdt as Klassyk Hollywood. De film folget Rick Dalton, in akteur mei in ynsakjende karriêre, en syn maat en stunt double Cliff Booth, dy't besykje wurk te hâlden yn 'e fluch feroarjende Amerikaanske filmyndustry en tillefyzjesektor, wylst op 'e eftergrûn jimmeroan de driging fan 'e Tate-moarden wankt. Once Upon a Time in Hollywood waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn maaie 2019. De film krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Once Upon a Time in Hollywood wûn twa Oscars, trije Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje), in BAFTA, trije Saturn Awards, in Satellite Award, in Screen Actors Guild Award en ferskate oare wichtige prizen. Yn 2021 skreau Tarantino by syn debút as auteur in ferboeking fan 'e film. Op 't heden (2023) is er dwaande mei de echte ûntwikkeling fan 'e westernsearje Bounty Law, dy't yn 'e film de fiktive tillefyzjesearje is dêr't Rick Dalton namme mei makke hat.

Once Upon a Time in Hollywood
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Quentin Tarantino
produsint Quentin Tarantino
David Heyman
Shannon McIntosh
senario Quentin Tarantino
kamerarezjy Robert Richardson
muzyk gearstald tr. Quentin Tarantino
filmstudio Columbia Pictures
Bona Film Group
Heyday Films
Visiona Romantica
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Brad Pitt
Leonardo DiCaprio
voice-over Kurt Russell
byrollen Margot Robbie
Margaret Qualley
Austin Butler
Dakota Fanning
Kurt Russell
Julia Butters
Emile Hirsch
Al Pacino
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
Sina
premiêre 26 july 2019
foarm langspylfilm
sjenre histoarysk komeedzjedrama
taal Ingelsk (ek in bytsje Spaansk en
   Italjaansk)
spyltiid 161 minuten
budget en resultaten
budget $95 miljoen
opbringst $374,6 miljoen
prizen 2 × Oscar
3 × Golden Globe
1 × BAFTA
3 × Saturn Award
1 × Satellite Award
1 × SAG Award

Yn febrewaris 1969 is Rick Dalton in akteur yn Hollywood, waans bêste freon syn stunt double Cliff Booth is. Dalton is oarspronklik ferneamd rekke troch syn haadrol as de ûnmeilydsume preemjejager Jake Cahill yn 'e westernsearje Bounty Law, út 'e 1950-er jierren. Op it hichtepunt fan syn rom betanke er lykwols foar in nij seizoen fan dy searje om't er trochbrekke woe as filmakteur. Hoewol't er in pear goed ûntfongen films makke hat, wêrûnder de oarlochsfilm The 14 Fists of McClusky, is it lykwols mei syn filmkarriêre op 'e non rûn. Tsjintwurdich ûnderhâldt er himsels foar it meastepart mei gastrollen yn tillefyzjesearjes, wêrby't er stiiffêst de smjunt spilet.

Dalton is der sa njonkelytsen fan oertsjûge rekke dat it hast dien is mei syn wurkpaad as akteur, eat dat er mar min ferkropje kin. It feit dat er alkoholist is, helpt dêrby net. Hy is yn in fisieuze sirkel fersyld rekke: om 'e steat fan syn karriêre te ferjitten bedrinkt er him, wat ta mindere aktearprestaasjes liedt, sadat it noch minder giet mei syn karriêre, wat him oanset om mear te drinken, en sa fierder. Om't Dalton fanwegen riden ûnder ynfloed syn riidbewiis kwytrekke is, lit er him op 't heden oeral hinne ride troch Booth. Sa ek nei in moeting mei ympressario en casting director Marvin Schwarz, dy't him oanrikkemandearret om it ris te besykjen mei rollen yn spagettywesterns yn Itaalje. Dat foarstel rekket Dalton noch mear deprimearre fan, mei't er spagettywesterns beskôget as it lêste stasjon foar akteurs dy't folslein útranzjearre binne.

Booth is in feteraan út 'e Twadde Wrâldoarloch dy't yn 'e filmyndustry fan Hollywood as stuntman wurket. Hy wennet yn in steancaravan mei syn pitbullterriër Brandy, mar hoewol't er in folle earmoediger bestean liedt as Dalton, dy't in filla mei in eigen swimbad yn 'e Hollywoodheuvels bewennet, liket er ridlik tefreden mei syn libben. Hy hat muoite om wurk as stuntman te finen fanwegen oanhâldende geroften dat er syn frou Billie fermoarde hat, wat foar in protte lju yn 'e filmyndustry reden is om net mei him wurkje te wollen. (It wurdt nea opheldere oft er har no yndie fermoarde hat of net.) Dêrom linet er swier op syn maat Dalton om as syn stunt double te wurkjen. Dêrnjonken fungearret er as Dalton syn sjauffeur en as syn hantsjemuoisfeint.

Fuort njonken Dalton is koartby aktrise Sharon Tate kommen te wenjen mei har man, de Poalsk-Frânske regisseur Roman Polanski. Hoewol't de beide filla's himelsbreed mar inkele tsientallen meters útinoar steane, is de maatskiplike kleau tusken de súksesfolle Tate en Polanski mei harren opgeande wurkpaad, en Dalton, dy't syn bêste tiid hân hat, suver ûnoerbrêgber. Op in jûn, wylst Booth yn syn steancaravan mei Brandy nei de tillefyzje sjocht, en Dalton op in luchtbêd yn syn swimbad mei in koptillefoan op syn dialooch leart foar in gastrol dy't er de folgjende dei yn 'e westernsearje Lancer hat, geane Tate en Polanski nei in feest yn 'e Playboy Mansion, de filla fan Playboy-oprjochter Hugh Hefner. Dêre hawwe se gedoente mei oare wiidferneamde lju as akteur Steve McQueen en sjongsters Michelle Phillips en Mama Cass fan The Papas & the Mamas.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare deis wurdt Dalton troch Booth ôfset op 'e set fan Lancer. Booth freget him oft er in goed wurdsje foar him dwaan kin by de stuntkoördinator, mar Dalton antwurdet dat er dêr net iens oan hoecht te begjinnen, om't dat Randy Boyd is. Ynstee freget er Booth oft dy ris nei syn tillefyzje-antenne sjen wol, dy't loskommen en omfallen is. Wylst Booth letter op it dak fan Dalton syn filla mei de antenne oan 'e gong is, hellet er oantinkens op oan 'e lêste kear dat er foar Randy Boyd wurke, op 'e set fan 'e tillefyzjesearje The Green Hornet. Dêr trof Booth de Hongkongske akteur en fjochtsportekspêr Bruce Lee, mei wa't er slaande deilis rekke. By de slaanderij smiet er Lee tsjin in parkearre auto oan, mei as gefolch it ûntstean fan in mânske dûk. It die bliken dat it de auto wie fan Boyd syn frou Janet, dy't Booth dochs al net lije mocht om't se befreone west hie mei syn frou Billie. Fan gefolgen waard Booth troch Boyd ûntslein.

Wylst Booth op it dak dwaande is, komt by Tate en Polanski in hippy-eftige keardel oan 'e doar dy't himsels "Charlie" neamt. Hy is op 'e siik nei muzykprodusint Terry Melcher, dy't earder yn 'e filla wenne, mar de hierstylist Jay Sebring, in hûsgast en eardere frijer fan Sharon Tate, fertelt him dat Melcher ferhuze is. "Charlie" jout him dêrop sûnder wat bedijd te hawwen ôf. Letter dy deis giet Tate om in boadskip. Se komt by it Fox Bruin Theater lâns, in bioskoop, dêr't har film The Wrecking Crew draait. Se beslút de film te sjen en wit de stêf fan 'e bioskoop derfan te oertsjûgjen dat se yn 'e film meispilet, sadat se sûnder te beteljen nei binnen mei. Wylst se de film sjocht, hâldt se de reäksjes fan 'e oare bioskoopbesikers goed yn 'e rekken, en as dy laitsje as har personaazje wat komysk docht of seit, is se tefreden.

Op 'e set fan Lancer rekket Dalton oan 'e praat mei syn achtjierrige tsjinspylster Trudi Frazer, in famke dat suver folwoeksener is as hysels. Letter, by de opnamen, hat er muoite om him syn dialooch tebinnen te bringen. As der skoftholden wurdt, stoart er as gefolch dêrfan yn 'e privacy fan syn trailer suver yn. Hy wit himsels lykwols te werpakken en leveret neitiid yn 'e sêne mei Trudi troch in stikje ymprovisaasje in sterke aktearprestaasje ôf, dêr't er foar komplimintearre wurdt troch Trudi en yndruk mei makket op 'e regisseur, Sam Wanamaker.

Nei't er de antenne reparearre hat, giet Booth in eintsje te riden yn Dalton syn auto. Hy sjocht op Hollywood Boulevard in oantreklike jonge liftster oan 'e kant fan 'e wei stean, mei wa't er al twaris earder eachkontakt makke hat: ienris doe't se mei in kloft oare hippyfammen oerstiek by in krúspunt doe't er mei Dalton ûnderweis wie en in kear doe't se in lift socht dy't foar him de ferkearde kant útgie. Diskear pikt er har op. Hja neamt harsels "Pussycat" en moat nei Chatsworth, dêr't se mei har freondinnen ferbliuwt op 'e Spahn Ranch, in eardere filmranch. Booth riidt har dêrhinne. Underweis biedt se oan om him ôf te sûgen, mar ta har teloarstelling slacht hy dat oanbod ôf om't er ornearret dat se noch minderjierrich is.

Op 'e Spahn Ranch oankommen, sjocht Booth dat it dêr optilt fan 'e hippys (eins de leden fan 'e sekte om "Charlie" hinne, mar dat wit Booth net). Hy fertelt dat er hjir acht jier lyn op 'e set fan Bounty Law as stuntman wurke hat en wol witte hoe't it mei de eigner is, de âlde George Spahn. "Pussycat" en de oare "hippys" jouwe him ûntwikende antwurden dêr't er erchtinkend fan wurdt, dat tsjin harren geduerige besykjen om him dêrwei te hâlden yn giet er nei de wente fan Spahn ta. Dêr wurdt er opwachte troch "Squeaky", ien fan 'e liedsters fan 'e groep. Hja fertelt him dat Spahn no tachtich jier en frijwol blyn is en dat er him net sjen kin om't de âldman sliept nei't se him dy moarns útput hat mei seks. Booth leaut der neat fan, dat hy kringt it hûs binnen en giet nei de sliepkeamer, dêr't er Spahn lykwols yndie sliepend op bêd oantreft. Hy makket de âldman wekker, dy't him Booth net mear tebinnenbringe kin. It blykt allegearre te wêzen krekt sa't de "hippys" al seine.

Booth, dy't him no wat ûnnoazel fielt, ferlit de wente en kriget in beskrobbing fan "Pussycat", mei't er har yn ferlegenheid brocht hat foar har freonen oer. Werom by Dalton syn auto docht bliken dat ien fan 'e "hippys", dy't "Clem" hjit, in bân lek stutsen hat. Booth lit him soks net barre, dat hy jout "Clem" in flink wan bruien, wêrnei't er him twingt om 'e lekke bân te ferfangen foar de reservebân. Underwilens wurdt ien fan 'e fammen derop útstjoerd om "Tex" te heljen, dy't by ôfwêzigens fan "Charlie" de lieding oer de groep hat. Mar dy is fier fuort, en as er úteinlik arrivearret, is er krekt op 'e tiid om te sjen hoe't Booth fuortriidt.

Dy jûns wurdt Dalton opskille troch Schwarz, dy't him op basis fan syn aktearprestaasje yn in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje The F.B.I. oan 'e haadrol yn 'e spagettywestern Nebraska Jim holpen hat, fan 'e Italjaanske regisseur Sergio Corbucci. Mei't er beseft dat er sa'n oanbod net ôfslaan kin, set Dalton koart dêrnei ôf nei Rome, dêr't de opnamen foar de film plakfine yn 'e Cinecittà-studio's. Neitiid spilet er dêre ek de haadrol yn noch trije oare films. Hy nimt Booth mei om wer as fan âlds as syn stunt double te tsjinjen. It iten yn Itaalje en it jild dat er mei syn wurk fertsjinnet, befalt Dalton poerbêst, mar de Italjaanske manear fan filmjen is er net wyld fan. In grut diel fan syn salaris giet op oan it lúkse appartemint dat er hiert. In heal jier letter, op 8 augustus 1969, keare Dalton, Booth en Dalton syn nije Italjaanske frou Francesca Capucci werom nei Los Angeles, dêr't Dalton Booth by oankomst fertelt dat er fanwegen syn houlik syn filla ferkeapje moat en de tsjinsten fan Booth net mear betelje kin.

Dy jûns geane Dalton en Booth tegearre út om te drinken by wize fan 'e ein fan harren gearwurking. Se komme stomdronken wer thús yn Dalton syn filla, dêr't Francesca ûnderwilens út 'e wei gien is. Dyselde jûns giet Sharon Tate út mei Sebring en in pear oare freonen fan har, Wojciech Frykowski en Abigail Folger, dy't krekt as Sebring by har útfanhûzje salang't Polanski foar de opnamen fan in film yn Jeropa is. Se keare werom nei hûs om likernôch deselde tiid dat Dalton en Booth wer thúskomme. Wylst Dalton margarita's makket, lit Booth Brandy út, dy't er fuort nei syn thúskomst út 'e kennel helle en by Dalton en Francesca brocht hat. Under it rinnen smookt Booth in sigaret dy't yn LSD dipt is.

"Tex", "Sadie", "Katie" en "Flowerchild", fjouwer leden fan 'e Manson Family, binne dy jûns troch "Charlie" op 'en paad stjoerd om eltsenien yn 'e eardere wente fan Terry Melcher te fermoardzjen. Se arrivearje yn 'e strjitte yn in âld brik fan in auto, dat safolle leven makket dat Dalton der argewaasje fan kriget. Hy komt út 'e hûs, seit harren it mannewaar op en easket dat se opsokkebalje om't dit eins gjin iepenbiere strjitte, mar in dielde oprit is en dus privee-eigendom. "Tex"-en-dy binne sa oerdondere, dat se dogge wat er seit en de auto efterút de strjitte út ride. Pas neitiid kenne se him werom as de akteur dy't Jake Cahill spile yn Bounty Law. Op ynstigaasje fan "Sadie" beslute se om ynstee fan Tate-en-dy Dalton te fermoardzjen, mei't se de irony wurdearje yn it fermoardzjen fan ien dy't op 'e tillefyzje safolle oaren fermoarde hat en dêrmei it publyk leard hat dat der neat mis is mei moardzjen. Dat se geane rinnende de strjitte wer yn. "Flowerchild" lit de oare trije lykwols yn 'e steek troch út te piken mei de auto, mar "Tex", "Katie" en "Sadie" beslute troch te setten.

Yn 'e tuskentiid hat Dalton him op syn luchtbêd yn it swimbad deljûn mei de koptillefoan op, en binne Booth en Brandy wer thúskommen. Wylst er Brandy foer jout, begjint Booth de effekten fan 'e LSD-sigaret te fernimmen. "Tex", "Katie" en "Sadie" brekke by Dalton yn en treffe Booth yn 'e wenkeamer oan, wylst se Francesca fan bêd ôf slepe. Booth ken harren werom fan syn besyk oan 'e Spahn Ranch, in healjier earder, en freget wat se hjir moatte. As "Tex" in revolver foar it ljocht hellet en seit dat er de duvel is en hjir wêze moat foar it wurk fan 'e duvel, jout Booth Brandy in teken om "Tex" oan te fallen, wylst er "Sadie" mei krêft in noch tichtsittend blik hûnefoer yn it gesicht goait. "Sadie" rekket dêrby swier ferwûne en is eefkes bewusteleas. As se dêrnei wer bykomt en him oanfalle wol mei in baas knyft, stjoert Booth Brandy op har ôf, wylst er sels "Tex" fierder ûnder hannen nimt. Francesca ûntkomt oan "Katie" en siket beskûl yn har sliepkeamer. Booth deadet "Tex", mar wurdt dan ûnferhoeds oanfallen troch "Katie", dy't him in grut mês yn 'e heup stekt. Hy slacht har dea, mar ferliest dan troch bloedferlies en pine it bewustwêzen. De swierferwûne "Sadie", dy't tsjin dy tiid heal blyn is mar de revolver fan "Tex" te pakken krigen hat, batst troch it finster nei bûten en knoffelet yn it swimbad, dêr't Dalton foar it earst merkt dat er wat oan 'e hân is. Hy ûntkomt oan har oanfal en hellet út syn berchhok de echte flammewerper foar 't ljocht dy't er as rekwisyt brûkt hat foar de film The 14 Fists of McClusky. Dêr baarnt er "Sadie" mei dea.

Yn 'e neisleep fan alle trelit komt de plysje del om 'e stoflike omskotten fan 'e ynkringers ôf te fieren en tsjûgeferklearrings ôf te nimmen. As dat berêden is, wurdt Booth yn 'e ambulânse nei it sikehûs ta brocht om behannele te wurden foar syn net-libbensbedriigjende ferwûnings. Dalton biedt oan om mei te gean, mar Booth hat leaver dat er op Brandy past. Dat blykt net nedich te wêzen, want de pitbullterriër sliept tenei by Francesca op bêd. Wylst er de ôfsettende ambulânse neisjocht, wurdt Dalton oansprutsen troch Sebring, dy't witte wol wat alle trelit by de buorlju ynhâldt. As Dalton him fertelt wat der bard is, nûget Sharon Tate him út om del te kommen foar in drankje. Mei't Francesca slieppillen nommen hat en goed bewekke wurdt troch Brandy, beslút Dalton op dat oanbod yn te gean (en, nei't men oannimme mei, troch gedoente mei Tate syn eigen karriêre in nije ympuls te jaan).

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Brad Pitt.
 
Leonardo DiCaprio.
 
Margot Robbie.
haadrollen
personaazje         akteur/aktrise
Cliff Booth Brad Pitt
Rick Dalton Leonardo DiCaprio
voice-over Kurt Russell


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Sharon Tate1 Margot Robbie
"Pussycat"2 Margaret Qualley
"Tex"3 Austin Butler
"Squeaky" Dakota Fanning
Randy Lloyd Kurt Russell
Trudi Frazer Julia Butters
Jay Sebring1 Emile Hirsch
Marvin Schwarz Al Pacino
Francesca Capucci Lorenza Izzo
James Stacy Timothy Olyphant
George Spahn Bruce Dern
Bruce Lee Mike Moh
Wayne Maunder Luke Perry
Steve McQueen Damian Lewis
Sam Wanamaker Nicholas Hammond
Abigail Folger1 Samantha Robinson
Roman Polanski Rafał Zawierucha
Wojciech Frykowski1 Costa Ronin
"Charlie"4 Damon Harriman
"Gypsy" Lena Dunham
"Katie"5 Madisen Beaty
"Sadie"6 Mikey Madison
"Clem"7 James Landry Hébert
"Flowerchild"8 Maya Hawke
Janet Lloyd Zoë Bell (cameo)
fisazjiste Sonya Heba Thorisdottir
Michelle Phillips Rebecca Rittenhouse
Mama Cass Rachel Redleaf
Billie Booth Rebecca Gayheart
"Business Bob" Gilbert9 Scoot McNairy
Joanna Pettet Rumer Willis
"Lulu"10 Victoria Pedretti
"Snake" Sydney Sweeney
"Blue" Kansas Bowling
boekhanneleigner Clu Calger
LSD-ferkeapjend hippyfamke Perla Haney-Jardine
Connie Monica Staggs
Curt Mark Warrack
personaazje út Bounty Law #1 Martin Kove (cameo)
personaazje út Bounty Law #1 Michael Madsen (cameo)
personaazje út Bounty Law #1 James Remar (cameo)
Burt Reynolds James Marsden (yn extended cut)

1) Aktrise Sharon Tate en har freonen Jay Sebring (in hierstylist), Abigail Folger (de dochter en erfgenamte fan kofjemagnaat Peter Folger) en har frijer Wojciech Frykowski en Steven Parent (in gast fan hûswarder William Garretson) waarden yn 'e nacht fan 8 op 9 augustus 1969 troch leden fan 'e Manson Family fermoarde. It plak delikt wie de filla oan Cielo Drive yn Hollywood dy't eigendom wie fan Tate en har man, de Poalsk-Frânske regisseur Roman Polanski (dy't op dat stuit yn Jeropa oan in film wurke). Tate wie doe acht en in heale moanne swier en de poppe waard neitiid meirekkene as sechsde slachtoffer fan 'e moard.
2) In personaazje dat gearstald is út twa leden fan 'e Manson Family: Kathryn Lutesinger en Ruth Ann Moorehouse.
3) Wiere namme: Charles Watson, in lid fan 'e Manson Family, feroardiele foar de Tate-moarden en foar de LaBianca-moarden.
4) Eins de searjemoardner Charles Manson.
5) Wiere namme: Patricia Krenwinkel, in lid fan 'e Manson Family, feroardiele foar de Tate-moarden en de LaBianca-moarden.
6) Wiere namme: Susan Atkins, in lid fan 'e Manson Family, feroardiele foar de Tate-moarden.
7) Wiere namme: Clem Grogan, in lid fan 'e Manson Family, feroardiele foar de moard op stuntman Donald Shea.
8) Wiere namme: Linda Kasabian, in lid fan 'e Manson Family. Yn 'e film pykt se út en nimt net diel oan 'e hûsfredebrek, mar yn it echt stie se op 'e útkyk by de Tate-moarden.
9) "Business Bob" Gilbert, spile troch Scoot McNairy, is yn 'e film in personaazje yn 'e tillefyzjesearje Lancer, mar yn it echt kaam dat personaazje ek yn Lancer foar en waard it spile troch in jonge Bruce Dern (dy't yn 'e film de rol fan 'e tachtichjierrige George Spahn fertolket). McNairy spilet dus eins Dern dy't Business Bob spilet.
10) Wiere namme: Leslie Van Houten, in lid fan 'e Manson Family. Feroardiele foar de LaBianca-moarden.

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Once Upon a Time in Hollywood ûntspruet alhiel oan it brein fan Quentin Tarantino, dy't foar de film sawol regisseur, senarioskriuwer as produsint wie. It senario ûntwikkele er stadichoan oer in perioade fan in stikmannich jierren. Hoewol't er al wist dat er it Once Upon a Time in Hollywood ("Der wie ris yn Hollywood") neame woe, om 'e sfear fan in mearke op te roppen, joech er it nei bûten ta de wurktitel Magnum Opus. It senario begûn as in roman, dat Tarantino in goede manear fûn om it ferhaal te ferkennen.

It wichtichste útgongspunt, de freonskip tusken Dalton en Booth, ûntdiek Tarantino yn 2006 by de opnamen fan syn film Death Proof, mei akteur Kurt Russell yn ien fan 'e haadrollen as de antagonist. It die bliken dat Russell al jierren mei deselde stunt double wurke, in John Casino, en hy frege Tarantino om Casino op 'e leanlist te setten, ek al wie der net in protte foar him te dwaan (wat Tarantino die). Tarantino wie fassinearre troch de relaasje tusken de beide mannen, temear om't dy dúdlik op syn ein rûn: beide mannen rekken op jierren, en foar in stuntman is it dan op in stuit ôfrûn. Tarantino skoep alderearst it personaazje fan stuntman Cliff Booth, foar wa't er in ûnbidich eftergrûnferhaal betocht, dat mar foar in lyts part de film helle. Dêrnei skoep er Rick Dalton. Om dat personaazje kennen te learen, skreau er ek de senario's foar fiif ôfleverings fan 'e fiktive westernsearje Bounty Law, wêrmei't Dalton ferneamd waard. Dêrnei besleat Tarantino om fan Dalton de buorman fan Sharon Tate te meitsjen en de film te pleatsen yn 1969, oan 'e foarjûn fan 'e Tate-moarden.

 
Quentin Tarantino.

Tarantino ferwurke ek ferskate eigen ûnderfinings yn 'e film. Sa binne Connie en Curt, it troude pear dat op 'e Spahn Ranch komt om in ein te hynsteriden, basearre op syn mem en styfheit. (De leden fan 'e Manson Family namen ntl. toeristen mei út te hynsteriden om wat by te fertsjinjen.) Neffens Tarantino wiene guon fan dy toeristen syn mem en styfheit en hysels doe't er likernôch seis jier wie. En de sêne wêryn't Sharon Tate it Fox Bruin Theater besiket en it personiel bepraat om har deryn te litten sûnder te beteljen om't se sels spilet yn 'e film dy't se sjen wol, is basearre op in soartgelikens barren yn it libben fan Tarantino, wêrby't er by deselde bioskoop fergees nei binnen mocht nei't er it personiel derfan oertsjûge hie dat hy echt de senarioskriuwer fan True Romance wie.

Yn 't earstoan wie it de bedoeling dat Harvey Weinstein en syn broer Bob by Once Upon a Time in Hollywood belutsen wêze soene as produsinten en distributeurs, krekt as by de measte oare films fan Tarantino. Doe't yn it ramt fan it #MeToo-skandaal it seksueel oer de grins geand gedrach fan Harvey Weinstein bekend waard, ferbriek Tarantino alle bannen mei him en syn bedriuw, The Weinstein Company, en socht er in nije distributeur. Yn novimber 2017 makke Sony Pictures bekend dat sy Once Upon a Time in Hollywood útbringe soene.

Njonken Tarantino wiene ek David Heyman en Shannon McIntosh as produsinten by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Bona Film Group, Heyday Films en Visiona Romantica. Dêrmei wie de film in Amerikaansk-Britsk-Sineeske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $95 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Richardson en de filmmuzyk waard troch Tarantino sels gearstald út besteande muzykstikken.

 
Quentin Tarantino moast lang en taai ûnderhannelje om in sêne filmje te meien yn 'e Playboy Mansion.

De opnamen foar Once Upon a Time in Hollywood setten op 18 juny 2018 útein en duorren oant en mei 1 novimber fan dat jier. Burt Reynolds waard oarspronklik cast foar de rol fan George Spahn, mar hy ferstoar yn septimber 2018, foar't er syn sêne opnimme kinnen hie. Hy waard doe ferfongen troch Bruce Dern. De film waard hielendal op lokaasje yn Los Angeles opnommen. De ynstek fan Tarantino wie dêrby om 'e stêd út 2018 te feroarjen yn 'e stêd út 1969 sûnder special effects te brûken. Om dat te berikken, waarden bgl. âlde neönreklames en úthingbuorden opsocht of reprodusearre en in hiele float âlde auto's ynset. De oandacht fan produksje-ûntwerpster Barbara Ling gie safier, dat yn 'e koarte sêne wêryn't Sharon Tate in besteld eksimplaar fan 'e roman Tess of the d'Urbervilles ôfhellet, alle boeken yn 'e boekhannel út 1969 of fan koart dêrfoar binne.

De sêne fan it feest yn 'e Playboy Mansion, de ferneamde filla fan Playboy-oprjochter Hugh Hefner, hie hiel wat fuotten yn 'e ierde. Tarantino woe beslist dêr filmje, mar it duorre lang ear't er dêr tastimming foar krige, mei't de filla nei de dea fan Hefner yn septimber 2017 oergien wie yn 'e hannen fan in nije eigner, dy't krekt in folsleine renovaasje útfiere liet. Nei lange ûnderhannelings koe it úteinlik heve. Ling die war om safolle mooglik de sfear fan ein jierren '60 op te roppen. It dûnsjen fan Margot Robbie as Sharon Tate waard goreografearre troch Toni Basil, dy't Tate noch kennen hie en koart in relaasje mei Jay Sebring hân hie.

De sênes yn 'e 300  mjittende filla fan Tate en Roman Polanski oan 10050 Cielo Drive waarden dêr net opnommen, mei't it gebou yn 1994 sloopt wie om plak te meitsjen foar in filla fan krapoan seis kear sa grut. Ynstee waarden de sênes op trije ferskillende plakken opnommen: ien plak foar it ynterieur en in oar plak foar de eftertún, beide yn Los Angeles, wylst de sênes mei de ikoanyske dearinnende strjitte/oprit filme waarden earne yn Universal City. De Spahn Ranch, dy't yn 1970 by in natoerbrân folslein útbaarnde, waard op 'e Corriganville Movie Ranch yn Simi Valley yn detail neiboud oer in perioade fan in fearnsjier.

 
It Fox Bruin Theater, de bioskoop yn Hollywood dêr't de sêne opnommen waard wêryn't Sharon Tate in film sjocht dêr't se sels yn spilet (ynspirearre troch in echt foarfal yn it iere libben fan regisseur Quentin Tarantino).

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Once Upon a Time in Hollywood waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures is. De film waard foar it earst fertoand op 21 maaie 2019, op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Op 26 july 2019 iepene Once Upon a Time in Hollywood yn 'e Amerikaanske bioskopen en op 14 augustus ek yn 'e Britske. Yn Sina, it trêde produksjelân, kaam de film lykwols nea út. Shannon Lee, de dochter fan akteur en fjochtsportleginde Bruce Lee wie lulk oer de wize dêr't har heit yn 'e film op werjûn wurdt, en tsjinne in formele klacht tsjin Once Upon a Time in Hollywood yn by de China Film Administration. Op basis dêrfan easke de Sineeske oerheid feroarings oan 'e film, en doe't Quentin Tarantino wegere dêroan mei te wurkjen, waard Once Upon a Time in Hollywood yn Sina ferbean.

It by de film hearrende soundtrackalbum ferskynde op 27 july 2019 by platemaatskippij Columbia Records. Once Upon a Time in Hollywood kaam op 22 novimber 2019 beskikber as digitale download en waard op 10 desimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Historisiteit

bewurkje seksje

Yn Once Upon a Time in Hollywood sitte frijwat histoaryske foarfallen, mar faak krekt wat oars as se yn wurklikheid barden. Inkele foarbylden:

Akteur en fjochtsportekspêr Bruce Lee stie derom bekend dat er him by opnamen net ynhold en geregeldwei stuntlju ferwûne. Yn reäksje dêrop naam stuntman Gene LeBell Lee op 'e set fan 'e tillefyzjesearje The Green Hornet ris yn 'e hâldgreep om him in leske te learen. Yn Once Upon a Time in Hollywood befjochtet Cliff Booth Lee op 'e set fan The Green Hornet.

Clem Grogan, in lid fan 'e Manson Family, waard feroardiele foar de moard op stuntman Donald Shea, dy't er op 'e Spahn Ranch ferskate kearen mei in metalen buis slein hie. Yn 'e film wurd Grogan sels op 'e Spahn Ranch yninoar slein troch stuntman Cliff Booth, nei't er in bân fan syn auto lek stutsen hat.

En dan is der fansels it grutte barren fan 'e Tate-moarden, dêr't de film nei ta liket te wurkjen om op it lêste stuit fansiden te wiken. Yn 'e nacht fan 8 op 9 augustus 1969 waarden aktrise Sharon Tate, har freonen Jay Sebring, Abigail Folger en Wojciech Frykowski en de tafallige omstanner Steven Parent op bisteftige wize fermoarde troch trije leden fan 'e Manson Family, de sekte/binde fan Charles Manson. Dat wiene Charles Watson ("Tex"), Patricia Krenwinkel ("Katie") en Susan Atkins ("Sadie"), wylst in fjirdenien, Linda Kasabian, op 'e útkyk stie. Mei't Tate acht in heale moanne swier wie, waard har ûnberne soan letter oanmurken foar it sechsde moardslachtoffer. Yn 'e film heart Rick Dalton de lûdroftige auto fan 'e moardners lykwols op 'e strjitte en komt er út 'e hûs om harren it mannewaar op te sizzen. Dat jout de moardners it idee om ynstee fan Tate-en-dy him te fermoardzjen. Troch de oanwêzigens fan Cliff Booth en syn pitbullterriër Brandy einiget de konfrontaasje lykwols yn 'e dea fan 'e bindeleden.

Fan 'e filmkritisy krige Once Upon a Time in Hollywood oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film as "in briljante en soms skandalige fantastyske griemmank fan echte foarfallen en persoanen mei klearebare fiksje." Hy joech Once Upon a Time in Hollywood 4 fan 4 stjerren. De foaroansteande ynternetfilmkritikus James Berardinelli parte de film 31/2 fan 4 stjerren ta. Neffens him wie Once Upon a Time in Hollywood in film "makke troch in filmleafhawwer foar filmleafhawwers, en sels dyjingen dy't net ta dy groep hearre, kinne har der noch aldertigenst mei fermeitsje." Yn The Hollywood Reporter neamden Trilby Beresford en Katie Kilkenny de film "Tarantino's leafdesbrief oan 'e sechtiger jierren".

 
Regisseur Quentin Tarantino en aktrise Margot Robbie yn 2019 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

Peter Bradshaw fan 'e Ingelske krante The Guardian joech Once Upon a Time in Hollywood 5 fan 5 stjerren. Yn syn resinsje priizge er it aktearjen fan Brad Pitt en Leonardo DiCaprio en neamde er de film "Tarantino's tûzelsinnige ferlossingsliet op Los Angeles". Yn it Amerikaanske tydskrift Rolling Stone krige de film fan Peter Travers 41/2 fan 5 stjerren. Hy skreau: "Alle akteurs, yn rollen grut en lyts, spylje yn dizze film op it toppunt fan harren kinnen. Twa oeren en fjirtich minuten kin foar guon lju lang lykje [mar] ik soe [oan dizze film] gjin frame feroarje." Katie Rife fan The A.V. Club omskreau Once Upon a Time in Hollywood as Tarantino syn "nostalgyske midlifekrisisfilm" en joech him in 91/2 op in skaal fan 1 oant 10.

Mylde krityk wied er fan Owen Gleiberman, dy't de film yn Variety omskreau as: "in nei de holle stiigjende, meislepende kollaazje fan in film, mar úteinlik gjin masterwurk." Folle negativer waard Once Upon a Time in Hollywood beoardiele troch Richard Brody yn it blêd The New Yorker, dy't it in "obseen regressive blik op 'e sechstiger jierren" neamde, dy't "de stjerrestatus (en de sizzenskip efter de skermen) fan blanke manlju fiert yn it neidiel fan alle oaren." Party resinsinten hiene fierders in probleem mei it geweld yn 'e film. Sa skreau Caspar Salmon yn The Guardian: "Tarantino's filmografy lit in regisseur sjen dy't op 'e sneup is nei almar grousumer settings om syn wraakfantasijen en […] moardsuchtigens te rjochtfeardigjen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Once Upon a Time in Hollywood in heech goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 576 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't de film spannend ûnbehearske en dochs knaphandich makke is, bedimmet Once Upon a Time in Hollywood Tarantino's provokative ympulzen mei de helderheid fan it ynsjoch fan in folwoeksen filmmakker." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Once Upon a Time in Hollywood in goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 62 resinsjes.

Famyljeleden fan 'e ôfbylde persoanen

bewurkje seksje

Der ûntstie frijwat kontroverse om 'e ôfskildering hinne fan ferskate bekende persoanen yn Once Upon a Time in Hollywood, yn 't bysûnder foar wat akteur en fjochtsportekspêr Bruce Lee, aktrise Sharon Tate en de Manson Family oanbelange.

Oangeande Bruce Lee

bewurkje seksje

Der kaam frijwat krityk op 'e ôfskildering fan Bruce Lee, net inkeld fan fans en lju dy't him kend hiene, mar ek fan syn beskermeling Dan Inosanto en syn dochter Shannon Lee. Dy lêste omskreau syn portrettearring yn 'e film as "in arrogante kloat dy't ien en al wyn en blast is". Hja sei dat "it net nedich wie om him te behanneljen op deselde wize dêr't blank Hollywood him op behannele doe't er noch libbe." Neffens Lee syn learling en freon, basketballer Kareem Abdul-Jabbar wie de ôfskildering fan Lee troch Quentin Tarantino "sleau en min ofte mear rasistysk". Shannon Lee tsjinne in formele klacht yn tsjin Once Upon a Time in Hollywood by de China Film Administration. Dêrop waard fan Tarantino easke dat er de portrettearring fan Lee yn 'e film feroare. Doe't er dat wegere, waard Once Upon a Time in Hollywood yn Sina ferbean.

Tarantino reägearre mei te sizzen dat Lee "eins bêst wol in arrogante keardel" wie. De bewearing fan Lee yn 'e film dat er Muhammad Ali ferslaan koe, helle Tarantino út it boek Bruce Lee: The Man Only I Knew (1975) fan syn widdo Linda Lee Cadwell. Dêryn helle sy in sitaat oan fan in filmkritikus dy't sein hawwe soe: "Wa't him sjoen hie, soe der in weddenskip oer ôfslute dat Lee Cassius Clay [= Muhammad Ali] bewusteleas slaan soe as se tegearre yn in keamer stoppe waarden en te hearren krigen dat der gjin regels wiene."

 
De neibesteanden fan 'e fermoarde aktrise Sharon Tate giene akkoart mei har portrettearring yn Once Upon a Time in Hollywood.

Wat de fierdere ôfskildering fan him yn Once Upon a Time in Hollywood oanbelange, hie Lee, neffens syn freon en stuntman Gene LeBell, in reputaasje foar "yninoar slaan fan stuntlju. Se koene him mar net oan it ferstân krije dat er it tuike-oan dwaan koe en dat it der dan op film noch altyd geweldich útsjen soe." Lee syn biograaf Matthew Polly skreau yn syn boek Bruce Lee: A Life (2018) dat Lee it foar de moade hie om lju op 'e set fan 'e tillefyzjesearje The Green Hornet te traktearjen op in fleanende skop. Neffens Lee syn tsjinspiler Van Williams hold dat pas op doe't er by in setûntwerper de ûnderkaak út it potsje skopte. Williams sei: "[De stuntlju] […] wegeren [op in stuit] om noch mei te wurkjen oan 'e searje. Se hiene der har nocht fan om hieltyd ferwûne te reitsjen." LeBell krige de taak om "Bruce te kalmearjen" en naam him dêrta yn 'e hâldgreep.

Oangeande Sharon Tate

bewurkje seksje

Quentin Tarantino naam yn 't foar gjin kontakt op mei Roman Polanski, de widner fan Sharon Tate, of mei har oare djipdrôven, oer har portrettearring yn Once Upon a Time in Hollywood. Nei't him lykwols trochdien wie dat Polanski fan it filmprojekt heard hie en deroer yn noed siet, nûge Tarantino in fertsjintwurdiger fan him út om it senario te lêzen en Polanski derfan te bewissigjen dat er nearne oer yn hoegde te sitten. Dêrmei lieken de soargen fan Polanski delbêde te wêzen, hoewol't Polanski syn hjoeddeistige frou Emmanuelle Seigner Tarantino nei de premiêre fan 'e film bekritisearre foar it brûken fan 'e likenis fan Polanski.

Debra Tate, de suster fan Sharon, wie yn 't earstoan op 'e film tsjin, dy't neffens har eksploitatyf wie foar har suster oer en ûnwierheden útdroech. Se sei: "Om moardners en it tsjusterste diel fan 'e maatskippij te fieren as soe dat seksy of akseptabel wêze op lykfol hokker manear dan ek is gewoan it yn stân hâlden fan it minste part fan ús kultuer." Nei't Tarantino kontakt mei har opnaam en har it skript lêze liet, loek se har wjerstân tsjin 'e film lykwols yn mei de wurden: "Dizze film is net wat je derfan ferwachtsje soene as je de nammen fan Tarantino en Manson kombinearje." Se karakterisearre Tarantino doe as "in tige oprjochte keardel". Wylst de opnamen geande wiene, besocht Debra Tate de filmset, dêr't se ûnder de yndruk wie fan Margot Robbie (dy't de rol fan Sharon Tate fertolke), sasear sels dat se har foar de rol in part fan Sharon Tate har juwiellen en parfum liende.

 
De haadrolspilers fan Once Upon a Time in Hollywood. F.l.n.rj.: Brad Pitt, Margot Robbie en Leonardo DiCaprio.

Nei de premiêre frege sjoernaliste Farah Nayeri oan Tarantino wêrom't Robbie mar sa'n bytsje dialooch hie yn 'e film. Tarantino reägearre dêrop troch te sizzen: "Ik fersmyt jo hypoteze." Robbie sels heakke dêroan ta: "Ik fyn dat de mominten yn 'e film dy prachtige kanten fan [Tate] sjen litte dy't prima sûnder praten takinne." Tarantino gie fierder: "I tocht dat it sawol op it moed kommend as om fan te genietsjen wêze soe, en ek drôf en melankelyk, om in bytsje tiid troch te bringen mei [Tate] wylst se gewoan bestiet."

Oangeande de Manson Family

bewurkje seksje

Wat de Manson Family oangiet, de binde anneks sekte fan Charles Manson, krige Tarantino krityk om't er nearne yn Once Upon a Time in Hollywood nei de Helter Skelter-teory ferwiist. Dat wie in teory fan ofsier fan justysje Vincent Bugliosi dat it Manson te dwaan wie om it útlokjen fan in apokalyptyske rasse-oarloch, dy't er "Helter Skelter" neamde, nei it liet mei deselde namme. Muzikant en filmmakker Boots Riley en Lorraine Ali fan 'e Los Angeles Times wiene guon fan 'e lju dy't dêroer stroffelen en har argewaasje oer de kwestje buorkundich makken. Te gast yn 'e podcast The Joe Rogan Experience ferwarde Tarantino him tsjin dy krityk troch te sizzen dat er de teory fan Bugliosi "bullshit" fûn en fêst leaude dat de Tate-LaBianca-moarden neat mei ras te krijen hiene, mar inkeld mei de geastlike steurdheid fan Manson en syn folgelingen.

Once Upon a Time in Hollywood brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $142,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $232,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $374,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $95 miljoen betsjut dat in winst fan $279,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Neffens it blêd The Hollywood Reporter moast de film lykwols $400 miljoen opbringe om kyt te spyljen.

Yn 2020 waard Once Upon a Time in Hollywood by de Oscars nominearre foar prizen yn 10 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste akteur (Leonardo DiCaprio), bêste orizjinele senario, bêste kameraregisseur, bêste lûdsmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste kostúmûntwerp. De film wûn 2 Oscars, foar bêste byrol fan in akteur (Brad Pitt) en bêste produksje-ûntwerp (Barbara Ling en Nancy Haigh). By de Golden Globes waard Once Upon a Time in Hollywood nominearre foar 5 prizen, wêrûnder bêste regisseur en bêste akteur yn in filmmusical of komeedzjefilm (Leonardo DiCaprio). De film wûn 3 Golden Globes: foar bêste film (musical of komeedzje), bêste byrol fan in akteur (Brad Pitt) en bêste filmsenario.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Once Upon a Time in Hollywood nominearre yn 10 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste rezjy, bêste akteur (Leonardo DiCaprio), bêste byrol fan in aktrise (Margot Robbie), bêste orizjinele senario, bêste casting, bêste filmmontaazje, bêste produksje-ûntwerp en bêste kostúmûntwerp. De film wûn inkeld de BAFTA foar bêste byrol fan in akteur, dy't nei Brad Pitt gie. By Australyske AACTA International Awards foar net-Australyske films waard Once Upon a Time in Hollywood nominearre yn 5 kategoryen. De film wûn de prizen foar bêste ynternasjonale regisseur en bêste ynternasjonale byrol fan in akteur (Brad Pitt). Om utens waard de film ek nominearre foar de Gouden Palm op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en in priis op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno.

By de Amerikaanske Saturn Awards waard Once Upon a Time in Hollywood nominearre foar prizen yn 7 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste rol fan in jongere akteur (Julia Butters), bêste filmmontaazje en bêste kostúmûntwerp. De film wûn de Saturn Awards foar bêste fantasyfilm, bêste senario en bêste produksje-ûntwerp. By de Satellite Awards waard Once Upon a Time in Hollywood ek nominearre foar 7 prizen, wêrûnder bêste regisseur, bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm (Leonardo DiCaprio), bêste byrol fan in akteur (Brad Pitt), bêste orizjinele senario, bêste artdirection en produksje-ûntwerp en bêste lûd. De film wûn inkeld de Satellite Award foar bêste film (komeedzje of musical).

Once Upon a Time in Hollywood waard ek nominearre foar de Grammy Award foar bêste kompilaasjesoundtrack foar fisuele media. By de Screen Actors Guild Awards waard Once Upon a Time in Hollywood nominearre foar 4 prizen, wêrûnder bêste cast, bêste akteur (Leonardo DiCaprio) en bêste groep stuntlju. De film wûn de Screen Actors Guild Award foar bêste byrol fan in akteur (Brad Pitt). Fierders waard Once Upon a Time in Hollywood ek nominearre foar 12 Critics' Choice Awards, wêrfan't er 4 wûn: foar bêste film, bêste byrol fan in akteur (Brad Pitt), bêste orizjinele senario en bêste produksje-ûntwerp. Ek waard de film noch nominearre foar 3 People's Choice Awards.

Besibbe projekten

bewurkje seksje

Quentin Tarantino hie it senario foar Once Upon a Time in Hollywood oarspronklik skreaun yn 'e foarm fan in roman, om't dat him better by steat stelde de personaazjes en ideeën dy't er hie te ferkennen. Yn novimber 2020 sleat er in kontrakt mei útjouwerij HarperCollins, dy't ein juny 2021 de roman Once Upon a Time in Hollywood útbrocht. De audioboekferzje dêrfan waard foarlêzen troch aktrise Jennifer Jason Leigh, dy't earder in haadrol spile hie yn Tarantino syn westernfilm The Hateful Eight. Neffens Tarantino fertsjintwurdige de roman in op 'e nij besjen fan it hiele ferhaal fan 'e film, mei ferskate haadstikken dy't hielendal net yn 'e film foarkomme, benammen oer de eftergrûn fan stuntman Cliff Booth, hoe't Rick Dalton neitiid syn karriêre nij libben wit yn te blazen en it krewearjen fan Charles Manson om troch te brekken as muzikant.

By it útkommen fan 'e romanferzje fan Once Upon a Time in Hollywood makke Tarantino bekend dat er fan doel is noch in twadde boek te publisearjen, mei as titel The Films of Rick Dalton. Dy publikaasje jout ynformaasje oer alle films en tillefyzjesearjes dêr't Dalton yn syn karriêre yn spile, oft se no echt of fiktyf binne. Fieders wurket Tarantino oan it ferwurklikjen fan 'e fiktive westernsearje Bounty Law, wêrmei't Rick Dalton trochbriek as akteur. As tarieding op 'e film skreau er al fiif hiele ôfleverings en yn 2019 makke er bekend nochris trije skriuwe te sillen. Hy wol der in folsleine imitaasje fan westernsearjes út 'e 1950-er jierren fan meitsje, mei swart-wytbylden en ôfleverings fan in healoere it stik.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.