Jumanji: The Next Level
Jumanji: The Next Level is in Amerikaanske fantasy-aventoerekomeedzje út 2019 ûnder rezjy fan Jake Kasdan, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson, Karen Gillan, Jack Black, Kevin Hart en Awkwafina. De titel betsjut "Jumanji: It Folgjende Nivo". De film makket diel út fan 'e Jumanji-filmsearje en is as sadanich it direkte ferfolch op Jumanji: Welcome to the Jungle, út 2017. It ferhaal folget de fjouwer teenagers út 'e foarrige film, dy't op 'e nij yn it magyske fideospultsje Jumanji bestrûpt reitsje, diskear yn 'e mande mei de pake fan Spencer en dy syn âlde maat Milo. Foar de twadde kear moatte se it spultsje útspylje om wer nei de echte wrâld weromkeare te kinnen. Jumanji: The Next Level krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In nije ferfolchfilm is anno 2023 yn preproduksje.
Jumanji: The Next Level | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jake Kasdan | |
produsint | Dwayne Johnson Dany Darcia Hiram Garcia Matt Tolmach Jake Kasdan | |
senario | Jake Kasdan Jeff Pinkner Scott Rosenberg | |
kamerarezjy | Gyula Pados | |
muzyk | Henry Jackman | |
filmstudio | Columbia Pictures Seven Bucks Productions Matt Tolmach Production The Detective Agency | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing | |
spilers | ||
haadrollen | Dwayne Johnson Karen Gillan Jack Black Kevin Hart Awkwafina | |
byrollen | Danny DeVito Danny Glover Madison Iseman Morgan Turner Alex Wolff Ser'Darius Blain | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 13 desimber 2019 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | fantasy-aventoerekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 123 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $125 miljoen | |
opbringst | $800,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Jumanji | |
● foarich diel | Jumanji: Welcome to the Jungle |
Plot
bewurkje seksjeTwa jier nei harren nuodlike aventoer yn it magyske fideospultsje Jumanji (sjoch: Jumanji: Welcome to the Jungle) sitte de freonen Spencer Gilpin, Anthony "Fridge" Johnson, Bethany Walker en Martha Kaply net mear op 'e middelbere skoalle yn harren berteplak yn 'e Amerikaanske steat Nij-Hampshire, mar binne se útswaarme nei ferskillende universiteiten ferspraat oer de hiele Feriene Steaten. Wylst Martha, Bethany en Fridge de tiid fan har libben hawwe, slagget it Spencer net om nije freonen te meitsjen oan syn universiteit. Krektoarsom, hy is ûnwennich en fielt him dêr ellindich, en dat er fia de sosjale media op yngeande wize de súksessen fan 'e oare leden fan syn freonegroep folgje kin, makket dat er him noch ellindiger en mear allinne fielt. Fan gefolgen lûkt er him hieltyd fierder yn himsels werom. Hy stelt foar om 'e ferkearing mei Martha mar op in leech pitsje te setten en reägearret noch mar amper op 'e berjochten dy't de oaren him stjoere.
Yn 'e krystfakânsje komme Spencer en de oaren allegearre werom yn Nij-Hampshire. Se hawwe ôfpraat om tiid mei-inoar troch te bringen, mar op 'e earste ôfspraak komt Spencer net opdaagjen. Martha, dy't oer him yn noed sit, en Bethany en Fridge geane nei Spencer syn âldershûs om him te sykjen, mar dêr treffe se inkeld Spencer syn pake Eddie, in âldman dy't tydlik by syn dochter ynwennet om op te betterjen fan in heupoperaasje, en dy syn eardere, fan him ferfrjemde freon Milo. Eddie en Milo dreaune foarhinne tegearre in restaurant, mar se krigen spul doe't Milo mei pinsjoen woe, wylst Eddie mei de saak trochgean woe oant er derby delfoel. It restaurant moast ferkocht wurde om Milo syn pinsjonearring mooglik te meitsjen en Eddie hat him dat nea ferjûn.
Spencer liket net thús te wêzen, mar as Martha, Bethany en Fridge in bekend tromroffeljen hearre, begjinne se in fermoeden te krijen wêr't er úthinget. Yn 'e kelder fine se de Jumanji-console, dy't se nei harren eardere aventoer ferneatige tochten te hawwen. No docht bliken dat Spencer it ding neitiid wer opfandele en reparearre hat. De console is dúdlik aktyf, dat de trije freonen beseffe dat Spencer wer yn it spul gien is. Bethany en Martha beprate Fridge om trijeresom efter him oan te gean om him te rêden. De reparaasje is lykwols provisoarysk, dat it spultsje hâldt en draacht him noch nuverder as oars. Ynstee dat se in avatar útsykje meie, wurde se sûnder pardon it spultsje yn sûgd. Dat wol sizze: Fridge en Martha wurde it spultsje yn sûgd, wylst Bethany feralterearre efterbliuwt.
Yn it spultsje is Martha, blykber tafalligerwize, yn har âlde avatar fan 'e krap klaaide froulike kommando Ruby Roundhouse telâne kommen. Fridge wurdt lykwols, ta syn argewaasje, de obese, boekige professor Sheldon "Shelly" Oberon, dy't de lêste kear Bethany har avatar wie. Mar se binne net mei syn twaen, mar mei syn fjouweren. It docht bliken dat pake Eddie en Milo ek it spultsje yn sûgd binne. Eddie is no de grutte, sterke argeolooch en ûntdekkingsreizger dr. Smolder Bravestone (dat earder Spencer syn avatar wie), wylst Milo de lytse soölooch Franklin "Mouse" Finbar wurden is (earder de avatar fan Fridge). Yn 'e echte wrâld besiket Bethany ûnderwilens koartseftich om ek yn it spultsje te kommen. As dat net slagget, giet se út om help.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Nei't Martha en Fridge de sitewaasje en de regels fan it spul ferskate kearen oan pake Eddie en Milo útlein hawwe, komme se it non-player character Nigel Billingsley tsjin, de gids fan it fideospultsje, dy't harren útnûget om by him yn it fleantúch te stappen. Underweis leit er út dat de wrâld fan Jumanji suchtet ûnder in freeslike drûchte. Om it spul te ferlitten, moatte de spilers de drûchte beëinigje troch in magysk halskeatling, it "Falkehert", te bemachtigjen en yn it sinneljocht te hâlden wylst se de namme fan it spultsje sizze. It Falkehert is fan syn rjochtmjittige warder stellen troch kriichshear Jürgen de Brút, in fijân fan dr. Bravestone. Eltse spiler kriget, krekt as earder, wer trije libbens, wêrby't it tal libbens dat noch oer is, as tatoeaazje op 'e earm fan 'e avatar oanjûn stiet. Oan 'e ein fan 'e útlis set Nigel in bommelûk iepen, sadat de fjouwer spilers út it fleantúch falle.
Se komme telâne midden yn in woastyn, dêr't se in autotsjerkhôf fan dunebuggys ûntdekke. Se witte krekt op 'e tiid in pear fan 'e fiertugen oan 'e praat te krijen foar't se efterfolge en oanfallen wurde troch in reuseftige keppel bloedtoarstige strúsfûgels. Nei't se nauwerneed oan 'e dea ûntsnapt binne, witte se in stedsje yn in oäze te berikken, dêr't se Jürgen de Brút foar it earst tsjinkomme. Se moetsje dêr Spencer ek, dy't útleit dat er him sa ellindich fielde oer de stân fan saken yn syn libben, dat er mei opsetsin Jumanji wer aktivearre hat om't er graach wer de dappere, sterke Smolder Bravestone wêze woe, dy't suver barst fan it selsfertrouwen. Ynstee hat it healstikkene spultsje him in nije avatar taparte, dy fan 'e mongoloïde dievegge en ynbrekster Ming Fleetfood. Spencer biedt de oaren syn ûntskuldigings oan foar alles en jout him by harren. Yn 'e echte wrâld giet Bethany nei Alex Vreeke, in âldere Jumanji-spiler dy't tweintich jier yn it spultsje fêstsitten hat (sjoch: Jumanji: Welcome to the Jungle) en freget him om help.
Wannear't de fiif spilers besykje út 'e woastyn te kommen, krije se te meitsjen mei nije útdagings en swierrichheden. Sa moatte se in Jumanji-bei plôkje fan in beam dy't middenyn in poel mei grienich gloedzjend wetter stiet. As Martha en Fridge dêryn falle, docht bliken dat it wetter it mooglik makket om fan avatar te wikseljen, mar de oermoedige Fridge falt der as Ruby Roundhouse fannijs yn, sadat er úteinlik wer einiget as professor Shelly Oberon. Underwilens ûntdekt Milo dat er as Mouse Finbar mei bisten prate kin. Hy ûnderhannelet mei in fiiftal kamielen dy't de groep wol nei de râne fan 'e woastyn bringe wolle.
De groep hat problemen mei de taparting fan avatars. Fridge snapt net hoe't Oberon sels mar relevant is foar it spultsje, wylst Spencer syn skrutenens makket dat er de feardichheden fan Ming net folslein benutsje kin. Milo syn gewoante om mei praten by Berltsum om te gean om ta de saak te kommen, makket dat er soölogyske ynformaasje dy't fan libbensbelang is net fluch genôch trochjaan kin. En Eddie syn stiifkoppigens keppele oan 'e oermoed dy't er fielt no't er Smolder Bravestoen is, kostet de groep ferskate libbens. Underwilens kibje Eddie en Milo oan ien wei troch oer it restaurant en hoe't harren freonskip einige is.
Nei't se troch de kamielen ôfset binne oan 'e râne fan in wâld, komme de fiif spilers by in brede, djippe kleau. Dy moatte se oerstekke fia in rige mei wrak plankewurk beleine toubrêgen, dy't ûnôfhinklik faninoar bewege. Wylst se dat dogge, wurde se oanfallen troch in kliber lulke mandrillen (in grutte soarte apen). Nei in protte swierrichheden witte se úteinlik allegear de oare kant fan 'e kleau te berikken, mar dêr reitsje se ynsletten troch de mandrillen. De apen wurde lykwols op 'e flecht jage troch de oankomst fan Jefferson "Seaplane" McDonough, de avatar fan Alex Vreeke, dy't in grutte swarte hynst beriidt. It docht bliken dat de hynst, Cyclone, ek in avatar is en wol Bethany harres. Dat Milo bisten ferstean kin, komt goed út, want no kin er moai tsjinst dwaan as tolk. Wylst se wat bekomme fan it treffen mei de mandrillen, fertelt Milo oan Eddie dat er terminaal siik is. Dat nijs bringt einlings en te'n lêsten in fermoedsoening ta stân tusken de beide âlde freonen.
As de groep de berch Mount Zhatmire benei komt, dêr't Jürgen de Brút syn haadkertier hat, ûntdekke se in rivier mei itselde grienich gloedzjende wetter as yn 'e poel by de Jumanji-beibeam. De spilers brûke it wetter om fan avatar te wikseljen, sadat se in rol krije dy't better by harren past. Spencer wurdt wer dr. Bravestone, Bethany wurdt professor Oberon en Fridge wurdt Mouse Finbar, wylst pake Eddie einiget as Ming Fleetfood en Milo as de hynst Cyclone. Koarte tiid letter wurde Eddie en Milo finzen nommen troch de trewanten fan Jürgen de Brút.
Spencer, Martha, Bethany, Fridge en Alex ynfiltrearje yn twa groepen it fort fan 'e kriichshear, dêr't Alex mei muoite Cyclone út in healwiis swierbewekke stâl wit te befrijen, wylst Martha en Spencer sûnder muoite pake Eddie út in sel helje. Bethany en Fridge dogge har foar as de bruorren Kababik, dy't in bûnsgenoatskip mei Jürgen de Brút slute wolle, en kringe sa troch ta de kriichshear sels om te besykjen it Falkehert te stellen, dat er om 'e hals draacht. Tusken de bedriuwen troch freget Martha oan Spencer wêrom't er de ferkearing mei har útmakke hat. Hy bychtet op dat har súkses yn alles him noch ûnwisser fan himsels makke. Se bringt him yn 't sin dat as se byninoar hearre har súkses ek sines is en dat men krekt it measte ferlet hat fan freonen as men benaud of ûnwis is.
It bedroch fan Bethany en Fridge komt al rillegau út, en Jürgen de Brút jout opdracht om harren dea te meitsjen. Martha, Spencer en pake Eddie rêde harren lykwols, wêrnei't der algemiene slaanderij útbrekt. Spencer ûntdekt dat Jürgen as iennichste ymmún is foar de klappen fan dr. Bravestone, mar ek dat Jürgen syn iennichste swakke punt de Jumanji-bei is dy't Bravestone noch altyd yn 'e bûse hat. Jürgen de Brút besiket te ûntkommen yn in loftskip, mar Spencer efterfolget him, klimt oan board en ferslacht him mei de Jumanji-bei. Dêrnei nimt er him it Falkehert ôf foar't er him te pletter falle lit. It docht bliken fat Cyclone net samar in hynst is, mar in pegasus. As pake Eddie op 'e rêch fan it fleanende hynder nei Spencer ta fljocht, smyt dy him it Falkehert ta. Milo fljocht boppe it wolketek út, sadat it juwiel fan it halskeatling yn it sinneljocht holden wurdt, en Eddie sprekt it wurd "Jumanji" út, wêrmei't de spilers it spultsje foltôge hawwe.
It Falkehert wurdt oerdroegen oan Nigel, dy't it werombringe sil nei it plak dêr't it thús heart. Spencer, Martha, Fridge, Bethany, Alex en pake Eddie keare dêrop werom nei de echte wrâld, mar Milo beslút yn 'e foarm fan Cyclone yn it spultsje te bliuwen, mei't him yn 'e echte wrâld inkeld de dea wachtet. Wer thús bringt Spencer mear tiid troch mei syn pake en leart er de âldman om fideospultsjes te spyljen. Jûns geane se nei it restaurant Nora's, dat foarhinne Milo & Eddie's hiet, dêr't se Martha, Fridge en Bethany treffe. Spencer en Martha binne no wer in pearke. Mei de smeulende blik dy't er oernommen hat fan syn avatar Smolder Bravestone wint Eddie de belangstelling fan 'e nije eigner Nora. It docht bliken dat sy ferlegen sit om in bedriuwslieder mei ûnderfining, en net ien dy't safolle ûnderfining hat as pake Eddie.
Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, komt in monteur by Spencer syn mem del om 'e ferwaarming te reparearjen, dy't de hiele tiid al stikken wie. Yn 'e kelder ûntdekt de man, dy't in grut fan fan fideospultsjes blykt te wêzen, de console fan Jumanji. Koarte tiid letter wurde Spencer en syn freonen by Nora's opskrikt as de in keppel strúsfûgels foar de ruten lâns draaft.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
dr. Smolder Bravestone, de avatar fan pake Eddie en letter fan Spencer | Dwayne Johnson |
Ruby Roundhouse, de avatar fan Martha | Karen Gillan |
prof. Shelly Oberon, de avatar fan Fridge, en letter fan Bethany | Jack Black |
Mouse Finbar, de avatar fan Milo en letter fan Fridge | Kevin Hart |
Ming Fleetfoot, de avatar fan Spencer en letter fan pake Eddie | Awkwafina |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
pake Eddie Gilpin | Danny DeVito |
Milo Walker | Danny Glover |
Bethany Walker | Madison Iseman |
Martha Kaply | Morgan Turner |
Spencer Gilpin | Alex Wolff |
Anthony "Fridge" Johnson | Ser'Darius Blain |
Seaplane McDonough, de avatar fan Alex Vreeke | Nick Jonas |
Janice Gilpin, Spencer syn mem | Marin Hinkle |
frou fan Switchblade | Dania Ramirez |
Jürgen de Brút | Rory McCann |
Alex Vreeke | Colin Hanks |
Nigel Billingsley | Rhys Darby |
Nora Shepherd | Bebe Neuwirth (cameo) |
Switchblade | Massi Furlan |
Cavendish, butler fan Jürgen de Brút | John Ross Bowie |
bewekker yn lift | DeObia Oparei |
ferwaarmingsmonteur | Lamorne Morris |
fanke | Lucy DeVito |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeJumanji: The Next Level waard regissearre troch Jake Kasdan nei in senario fan himsels, Jeff Pinkner en Scott Rosenberg. As produsinten wiene Kasdan, haadrolspiler Dwayne Johnson, Dany Darcia, Hiram Garcia en Matt Tolmach by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Seven Bucks Productions, Matt Tolmach Production en The Detective Agency. Foar de film wie in budget beskikber fan $125 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Gyula Pados, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Henry Jackman.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Jumanji: The Next Level setten op 21 jannewaris 2019 útein duorren oant en mei 11 maaie fan dat jier. De binnendoarsênes waarden filme yn 'e Blackhall Studios yn 'e neite fan Atlanta. Oare opnamelokaasjes wiene: Nij-Meksiko, Calgary, Hawaï, it Fortress Mountain Resort yn 'e Rocky Mountains fan Alberta en de Algodonesdunen yn Kalifornje. Haadrolspiler Dwayne Johnson fertsjinne neffens de geroften $23,5 miljoen mei syn fertolking fan dr. Smolder Bravestone.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Jumanji: The Next Level waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures. De film gie op 13 desimber 2019 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Jumanji: The Next Level kaam op 3 maart 2020 beskikber as digitale download en waard op 17 maart fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Jumanji: The Next Level oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e Britske krante The Guardian skreau Peter Bradshaw dat "it folgjende nivo fan Jumanji wakker befrediget". Yn it tydskrift Rolling Stone wie Peter Travers posityf oer it "remixen" fan personaazjes en avatars, dat neffens him "grutte foardielen op it mêd fan komeedzje" hie. Hy ferwolkomme fierders de tafoeging fan Awkwafina oan 'e cast. De plot fûn er dreech te folgjen, mar neffens him wiene it de grappen en de special effects wêr't it om gie.
Yn it blêd Variety skreau Peter Debruge dat "kaskreakers dy't it hawwe moatte fan special effects […] ornaris dommer wurde neigeraden dat de filmsearje útwreide wurdt, mar Jumanji: The Next Level betinkt guon grappige ideeën om it spul farsk te hâlden." Wol hied er inkele punten fan krityk. Sa fûn er de imitaasje fan Danny DeVito troch Dwayne Johnson "ûnbedoeld hilarysk" en de plot op plakken "sloardich", mar it "kollektive garisma fan 'e cast" makke dat neffens him mear as goed.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jumanji: The Next Level in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 246 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Lykas in protte klassike fideospultsjes behâldt Jumanji: The Next Level de wichtichste ûnderdielen fan wat earder súkses hie, wylst dêr genôch nije brokjes oan tafoege wurde om it spul bespylber te hâlden." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jumanji: The Next Level in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 37 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeJumanji: The Next Level brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $320,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $479,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $800,1 miljoen. Dat hie heger wêze kinnen as it úteintsje fan 'e bioskoopfertoanings fan 'e film, yn maart 2020, net ôfknypt wie troch de lockdowns en oare beheinings yn ferbân mei de koroanapandemy. Ofset tsjin it budget fan $125 miljoen betsjut de opbringst in winst fan $675,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Jumanji: The Next Level de op njoggen nei meast opbringende film fan 2019. Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan 'e film op $236 miljoen.
Prizen
bewurkje seksjeJumanji: The Next Level waard nominearre foar de Saturn Award foar bêste fantasyfilm, de AACTA International Award foar bêste special effects en de Kids' Choice Award foar favorite film. Sawol Dwayne Johnson as Kevin Hart waarden fierders nominearre foar de Kids' Choice Award foar favorite filmakteur; dy priis gie nei Johnson.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Jumanji: The Next Level
- (in) Ynformaasje oer Jumanji: The Next Level yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Jumanji (filmsearje) | |
---|---|
Jumanji (1995) • Zathura: A Space Adventure (2005) • Jumanji: Welcome to the Jungle (2017) • Jumanji: The Next Level (2019) |