Johan Witteveen
Johan Witteveen (folút: Hendrikus Johannes Witteveen; Seist, 12 juny 1921 - Gemeente Wassenaar, 23 april 2019) wie in Nederlânsk VVD-politikus, ekonoom en publisist, dy't fan 1967 oant 1971 ûnder it regear fan premier Piet de Jong fise-premier fan Nederlân wie. Hy hat ek tsjinne as minister fan Finânsjes, lid fan 'e Earste en Twadde Keamer en direkteur fan it IMF. Dêrnjonken skreau er ferskate boeken oer ekonomyske ûnwerpen en it sûfisme, de religy dy't hy oanhinget.
Johan Witteveen | ||
politikus | ||
echte namme | Hendrikus Johannes Witteveen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 12 juny 1921 | |
berteplak | Seist (Utert) | |
stjerdatum | 23 april 2019 | |
stjerplak | Gemeente Wassenaar | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
partij | VVD | |
direkteur fan it Ynternasjonaal Monetêr Fûns | ||
amtsperioade | 1973 – 1978 | |
foargonger | Pierre-Paul Schweitzer | |
opfolger | Jacques de Larosière | |
lid fan de Earste Keamer | ||
amtsperioade | 1971 – 1973 | |
fise-premier fan Nederlân | ||
amtsperioade | 1967 – 1971 | |
Nederlânsk minister fan Finânsjes | ||
amtsperioade | 1967 – 1971 | |
foargonger | Jelle Zijlstra | |
opfolger | Roelof Nelissen | |
lid fan de Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 1965 – 1967 | |
Nederlânsk minister fan Finânsjes | ||
amtsperioade | 1963 – 1965 | |
foargonger | Jelle Zijlstra | |
opfolger | Anne Vondeling | |
lid fan de Twadde Keamer | ||
amtsperioade | juny – july 1963 | |
lid fan de Earste Keamer | ||
amtsperioade | 1958 – 1963 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeWitteveen waard yn 1921 yn Seist berne as de soan fan 'e bekende stêdeboukundige Willem Gerrit Witteveen en dy syn frou Anna Maria Wibaut. Hy is de pakesizzer fan 'e Amsterdamske SDAP-wethâlder fan Siuwsk komôf Floor Wibaut. Witteveen folge de middelbere skoalle oan it Gynasium Erasmianum te Rotterdam. Oanslutend studearre er fan 1939 oant 1946 ekonomy oan 'e Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle, ek yn Rotterdam. Nei't er yn 1947 promovearre wie op 'e dissertaasje Loonhoogte en Werkgelegenheid, waard er oan dyselde hegeskoalle beneamd ta lektor en in jier letter ta heechlearaar ekonomy.
Karriêre
bewurkje seksjeFan 1947 oant 1963 wie Witteveen dêrnjonken as ekonoom ferbûn oan it Sintraal Planburo, in funksje dêr't er fanwegen syn belangstelling foar ekonometry en de reitsflakken tusken ekonomy en polityk ta útnûge waard troch Nobelpriiswinner Jan Tinbergen. Op polityk mêd is Witteveen liberaal en waard er lid fan 'e VVD. Fan 1958 oant 1963 siet er foar dy partij yn 'e Earste Keamer, en fan juny oant july 1963 yn 'e Twadde Keamer. Hy ferliet it parlemint om yn it regear fan minister-presidint Victor Marijnen minister fan Finânsjes te wurden, in funksje dy't er oant de fal fan dat kabinet, yn 1965, ferfolle.
Fan 1965 oant 1967 siet Witteveen op 'e nij yn 'e Twadde Keamer, wêrnei't er yn it kabinet fan premier Piet de Jong (1967-1971) fannijs minister fan Finânsjes en dêropta ek fise-premier waard. Yn dy snuorje naam Witteveen it inisjatyf ta de ynfiering fan 'e btw yn Nederlân. Fan 1971 oant 1973 hied er wer sit yn 'e Earste Keamer, en dêrnei tsjinne er fan 1973 oant 1978 as direkteur fan it Ynternasjonaal Monetêr Fûns (IMF). Oanslutend wied der oant 1985 de earste foarsitter fan 'e yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington D.C. fêstige ekonomyorganisaasje de Groep fan Tritich.
Priveelibben
bewurkje seksjeWitteveen is troud mei Liesbeth de Vries Feijens, mei wa't er fjouwer bern krige. Syn soan Willem Witteveen, dy't ek politikus wie en foar de PvdA yn 'e Earste Keamer siet, wie ien fan 'e passazjiers op 'e needlottige Malaysia Airlines-flecht 17, dy't op 17 july 2014 boppe de eastlike Oekraïne by fersin troch pro-Russyske rebellen delsketten waard. Dêrby kamen Willem Witteveen, syn frou Lidwien Witteveen-Heerkens, syn dochter Marit Witteveen en alle 295 oare ynsittenden om it libben.
Johan Witteveen is fierders in bekend oanhinger fan 'e sûfistyske beweging en hat behalven oer ekonomyske ûnderwerpen ek ferskate boeken oer it sûfisme publisearre. Hy waard yn 1971 bejeftige mei de rang fan kommandeur yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau en waard yn 1979 beneamd ta kommandeur yn 'e Oarder fan de Nederlânske Liuw. Sûnt 1980 is er lid fan 'e Keninklike Nederlânske Akademy fan Keunsten en Wittenskippen. Yn 1982 ûntfong er de Four Freedoms Award foar frijwaring fan brekme.
Ferstjerren
bewurkje seksjeWitteveen kaam op 23 april 2019 yn Wassenaar te ferstjerren yn 'e hege âlderdom fan 97 jier. Ien dei foar syn dea waard yn De Volkskrant noch in fraachpetear mei him ôfprinte. Dêryn joech er syn persoanlike fisy op 'e sin fan it libben, wêrby't er ferwiisde nei it sûfisme.
Wurk
bewurkje seksje- 1947 – Loonhoogte en Werkgelegenheid (dissertaasje)
- 1952 – Conjunctuurtheorie en Conjuntuurpolitiek
- 1960 – Winstaandeel en Economische Groei
- 1995 – Universeel Soefisme: De Weg van Liefde, Harmonie en Schoonheid
- 2001 – Soefisme en Economie (oarspr. yn it Ingelsk útbrocht, as Sufism and Economics)
- 2006 – Tot de Ene: De Weg van het Universeel Soefisme
- 2010 – Soefisme, de Religie van het Hart: Essenties uit het Werk van Hazrat Inayat Khan (skreaun troch Hazrat Inayat Khan, red. en gearstalling troch Witteveen)
- 2012 – De Magie van Harmonie: Autobiografie van H. Johannes Witteveen (mei Saskia Rosdorff)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |