Guus Hellegers
Gustaaf Theodoor Marie (Guus) Hellegers (Teteringen, 30 juny 1937 - Steggerda, 7 febrewaris 2019) wie in Nederlânsk byldhouwer en medaljeur.
Hellegers folge in oplieding oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keusten yn De Haach (1959-1964) en krige dêrnei in beurs foar it Nasjonaal Heger Ynstitút foar Skoandere Keunsten yn Antwerpen. Hy wurket as byldhouwer yn brûns en stien. As medaljeur is Hellegers autodidakt, hy makke ferskate pinningen yn opdracht.
Hellegers wie in oantal jierren (1972-1975) keunstkritikus foar de Ljouwerter Krante. Hy wie dosint oan de Akademy Minerva yn Grins fan 1982 oant 1991.
Hellegers krige ferskate prizen, dêrûnder de Grand Prix fan de Fédération Internationale de la Médaille (Fidem) yn 1996 en de Hannie Mein Keunstpriis yn 2006.
Wurken yn de iepenbiere romte
bewurkje seksjelokaasje | titel/omskriuwing | materiaal | jier |
Eelde, Haadwei 76 | It Bestjoer | brûns | ± 2006 |
Eindhoven | Tandem | brûns | 1982 |
Emmen, Not. Oostingstrjitte | Underweis | brûns | 1987 |
It Hearrenfean | Fedde Schurer | brûns | 1974 |
Ljouwert, Eeskwerd | Hynder mei akrobate | brûns | 1975 |
Utert, Prins Bernhardleane | Twa hannen | brûns | 1987 |
Wolvegea | Aurora | brûns | 1998 |
-
Tandem, Stedspark Eindhoven
-
Clown, Rotterdam, skoalle Van Alkemadestrjitte
-
Zonder titel, Ljouwert